Kaatsen.nl

Taeke Triemstra: fiif kear earste yn in tiidrek fan seis jier!
Door admin - datum: 2016-10-15 09:19:22





Mei de lste klap op de Aldehoupartij foel yn septimber it doek oer it keatsseizoen 2016. Wie it no wol of net in goed seizoen. Dr kinne je hiel wat fan sizze. Wy beheine s ta de klassemintswinner fan 2016, Taeke Triemstra, en sette syn behelle punten fan hjoeddedei f tsjin de man dyt 50 jier lyn it jierklassemint wn, Gerrit de Jong fan Snits. Utgongspunt binne de 54 punten dyt De Jong yn 1965 behelle tsjinoer de 44 dyt de Sintjabuurtster no yn 2016 byelkoar keatst hat. Drby de fraach: hoe wie it doe en hoe is it no. (Foto: Henk Bootsma).

Taeke Triemstra moast fan fier komme nei de earnstige skouderblessuere dyt him hast mear as in jier parten spile hat. Feitlik is it noch mar sa koart lyn dat hy dei t dei yn fan septimber 2014 oant feitlik no dwaande west hat om dat sa wichtige nderdiel wer oan de praat te krijen. Bloed, zweet en tranen hat it koste mar de beleaning is dat hy nei in ferspile jier (2014) wer hielendal werom is. Fansels moat der noch it nedige nderhld dien wurde mar Taeke Triemstra hat ek dit jier wer sjen litten dat de ein noch net kommendeweis is. Foar de leafhawwers is dat in moai foartsjoch. Nei it ophlden fan Johan van der Meulen, Jan Dirk de Groot, Cornelis Terpstra en Danil Iseger moat keatsend Frysln bliid wze dat Taeke der noch altyd foar giet. Syn honger nei sukses is noch lang net foarby. Guon leafhawwers hienen dat net mear ferwachte en hienen der in swiere holle yn of wy de Sintjabuurtster wol wer werom sjen soenen en as hy syn hege nivo fan eartiids wol wer helje soe. Gelokkich is alles noch op syn poatsjes telne kommen.

Taeke Triemstra waard dit jier klassemintswinner en dat wie al wer foar de seisde kear. Yn 2006 pakte hy foar de earste kear it jierklassemint mei 55 punten. Nei tredde plakken yn 2007 en 2010 en in twadde plak yn 2008 wie hy yn 2011, 2012, 2013 en 2015 de man mei 62, 60, 58 en 45 punten. Mei syn seisde oerwinning yn it jierklassemint komt Taeke op de selde hichte as Jehannes Brandsma en Chris Wassenaar. De seisde oerwinning betsjutte wol dat hy de lde krigers Klaas Kuiken en Sjouke Helfrich no efter him lit. It bysndere fan Sjouke Helfrich wie dat dizze it jierklassemint fiif kear efterelkoar wist te winnen. Dat hie Taeke miskien ek wol oprden, mar doe kaam dy aaklike skouderblessuere om e hoeke sjen.

Sjouke Helfrich is drmei de iennige keatser dyt dat ea presteard hat. Is seis kear winne al geweldich, der lizze foar s Sintjabuurster noch wol wat tdagingen. Bygelyks Hotze Schuil en Jan Reitsma sr. wnen it klassemint mar leafst sn kear. Boppedat waard de Harnzer noch fjouwer kear twadde en trije kear tredde. Jan Reitsma sr. fan Penjum waard noch trije kear twadde en fjouwer kear tredde. Dat binne allegearre saken wrt je as leafhawwer stil fan wurde.

Taeke behelle dit jier 44 punten. Dat liket miskien net sa folle as je de oare jierren der by pakke, mar is dat wol sa? Oars as yn 2015 liet de Sintjabuurster nochal wat punten lizze op partijen dyt sa foar it oppakken wienen. Wy tinke dan oan de fdielingswedstriden fan Weidum en Tsjummearum. Dan lizze je gau efterop. Taeke keatste 34 partijen. Pakte ien punt op de fdielingswedstriden, njoggen op de trochinoarlotterspartijen en 34 punten op de frije gearstalling. Fan de 34 spile partijen keatste hy him 21 kear yn de prizen. Yn persintaazjes tdrukt is dat 61,76%. Dat is gewoan hiel goed. It puntenoantal fan hjoeddedei wurdt ek foarme omt der no ek wat minder punten te fertsjinjen binne. Want in tredde priis is der by wedstriden fan acht partoer net mear by. Yn it gefal fan Taeke meie je tgean fan in punt as twa, trije. Yn dat ramt sjoen hie hy wer op rom fyftich punten tkomme kinnen. Ferjitte moatte wy net dat de earnstige skouderblessuere fan 2014 net samar fuort te poetsen is. Wy binne dan wol krapoan twa jier fierder mar it hat der by Taeke Triemstra wol ynhakt fansels. De soarch om it skouder sil der altyd bliuwe salang hy noch keatst. It is dan no ek goed dat dit wichtige gewricht wer efkes yn e rst kin.

As je it puntenoantal fan Taeke fsette tsjin de punten fan Gerrit de Jong t 1966 dan falt it op dat Gerrit 37 wedstriden keatst hat en dat der noch om in tredde en fjirde priis keatst waard. Gerrit behelle yn 1965 trije punten op de fdielingswedstriden, 16 punten op de tnoegingspartijen en ek hy pakte mei 35 punten de measte punten op de frije formaasjepartijen. Gerrit syn frije formaasjepartoer wn yn 1966 sn kear in wedstriid. Fiif kear barde dat tegearre mei Rienk de Groot en Durk Talsma en twa kear mei Piet IJsbrandij as efterynse en Rienk de Groot. Dr sit dus gjin ferskil yn mei it partoer fan Taeke Triemstra dyt ek ta sn krnsen kaam.

Gerrit de Jong keatste him fan de 37 partijen 23 kear yn de prizen. Te witten: 11 earste, 9 twadde en 3 lytse preemjes. Yn persintaazjes tdrukt is dat 62,16. Yn goed 50 jier is der dus net folle feroare.



Dit nieuws werd verzorgd door Acquisitie- en advertentiebureau Boppeslach
http://www.kaatsen.nl

De URL voor dit artikel is:
http://www.kaatsen.nl/article.php?sid=12998