Kaatsen.nl

Murk de Jong: Ik fyn it spultsje noch sa moai!
Door admin - datum: 2016-11-19 10:05:31





Yn it lste part fan novimber skik ik oan by Murk de Jong. Op Grytmanshof 22 sjoch ik werom en foart mei de Sintannebuurtster. Murk is snt koart Operationeel manager by Qbuzz. Yn gewoane minsketaal oanstjoerder fan de planners en teamleiders fan Qbuzz. Wrt dan wer 450 sjauffeurs nder hingje. (Foto: Henk Bootsma).

Jenco Sieperda en Murk yn Arum: de put sit der wer op!

,,Hjoed sit ik yn Emmen, moarn yn Winschoten en in dei letter wer earne oars. De wekker giet moarns ier en betiid mar ik ha myn plakje wer fn, sa seit Murk en dat nei in roerige tiid wryn syn libben aardich op e kop stien hat. It libben laket him no wer ta en Adrinne syn nije freondinne komt foar him graach De Dyk oer. Murk waard 49 jier lyn berne yn Frjentsjer wrt syn heit tbater wie fan de ferneamde Koornbeurs. Hy brocht de earste tolve jier fan syn jeugd troch yn de Fryske Akademiestd.

Nei in tuskenstop yn Drachten waard koers set nei Beekbergen wrt de famylje njoggen jier wenje soe. Heit wie in grut keatsleafhawwer en dy leafde foar it spultsje dielt hy mei syn heit. Murk waard lid fan keatsferiening Jan Bogtstra en koe by de jongste jeugd hiel aardich meikomme. As ik de kranten fan dy tiid der op neislaan dan kom ik by de keatstslagen syn namme gauris tsjin. Ien fan de hichtepunten t dy tiid is fansels de oerwinning by it sa ferneamde Lanenkaatsten yn Harns. By it tritichjierich bestean is de oerwinning foar him mei de Harnser Anton Kuipers dyt ek kening wurdt en de Frjentsjerter Willy Herrema. It stiet Murk noch goed foar eagen. As jonkje fan tolve de priis winne en boppedat ek noch acht sulveren tientsjes mei nei hs nimme. Dat kaam omdat it in jubileumpartij wie. Drnei komt it keatsen op in leech pitsje te stean want de famylje ferhuzet nei Beekbergen. Keatsen yn Frysln is der dan net mear by, mar Murk makket yn de jierren 1981 en 1982 wol namme by de FBA. Hy wint ek noch in kear it jierklassemint. As it keatsen stadich minder wurdt tinkt Murk der oan skiedsrjochter te wurden. It liket him wol wat. Je binne der efkes t en boppedat je binne efkes san dei goed yn beweging. Want troch it wurk komt dat der net altyd fan. Murk komt op in kursus fan de FBA.

Wy skriuwe 1998 en Berend Smit fan Hoorn en Anneke Wijnalda fan Hilversum binne in pear fan dy minsken dyt tagelyk mei Murk op kursus gean.

Yn ien kear slagge nim ik oan?

,,Ja, yn ien kear slagge. As ik it noch goed foar eagen ha, krigen wy doe les fan Anne Tienstra, Auke Spijkstra en Durk Houtsma. Myn earste wedstriid wie yn Holwert en it gong om in fdielingswedstriid. Meindert de Haan wie myn begelieder. Je hienen doe noch allegearre kategorien fan A oant F ta. Je moasten yn prinsipe al dy klassen troch om heger op te kommen. Nei 2004 bin ik der in moai oantal jierren tuskent west. Ik rekke wer oan de stdzje en ha doe bewust in stapke werom dien. Yn 2012 ha ik it wer oppakt.

Sjoch, ik kaam fansels wol by it keatsen en die ek noch wolris wat. De foarsitter fan Sint Anne Trije Spul is Ut Teun de Jong hat my der feitlik wer bylutsen. Hy frege my om skiedsrjochter te wzen op in partij fan de feriening en dat gong my goed f. Ik hie daliks wol wer it goeie gefoel. Lieuwe Brandsma hat my it lste setsje jn. Hy sei: Kom werom. Doe wie der ek al in brek oan skiedsrjochters mar sa gek as it hjoeddedei is, wie it doe noch net. Ik ha de tiid noch meimakke dat de boppeseal fan De Bogt grtfol siet as wy s jierlikse byienkomst hienen mei alle skiedsrjochters.

Moast der doe wol op e tiid by wze oars moast op e tomme sitte. Doe in man as fjirtich of mear en no sit der krapoan in ploechje fan heecht fyftjin man om e tafel. It sil wol in teken fan de tiid wze. Ik wol it net oer de fergoeding ha mar der sil ynkoarten wol wat barre moatte oars giet it op e kop ferkeard. Der binne no noch acht A-skiedsrjochters mar fan dy acht wolle perfoarst in oantal de PC net dwaan. Boppedat sille wy dyt der no noch binne mear wedstriden tabedield krije oars kinne de wedstriden op senioaren nivo en jonges-en famkes net mear bemand wurde. Boppedat fyn ik wol dat by al dizze wedstriden wol in skiedsrjochter heart. De minske is bot feroare en je moatte der wol om tinke dat it net by jo weiglidet.

Doet ik werom kaam ha ik wol tsjin Lieuwe sein dat ik werom komme woe yn de kategory doet ik der in punt efter setten hie. Jeugdwedstriden wol ik perfoarst net mear dwaan. No, dat wie goed!

Fynst dat it muoiliker wurde is?
,,Muoilikerit is oars. De minske is mondiger wurden. Wy holden s mear stil en de akseptaasje wie grutter. Der binne no faak te folle dyt harren earne mei bemuoie wolle. Dat mei wol, mar de skiedsrjochter is noch altyd de baas op it fjild. Mar dat hoecht net mei de nedige bombary te barren fansels. In sporter mei tuurlik wol wat sizze en as hy it oars sjoen hat as ik mei hy dat wol sizze fansels. Mar it moat wol binnen de perken bliuwe. Ien kear wat tsjin my sizze mei mar in twadde thaal wurdt net akseptearre. Mar de measten ha dat wol yn de gaten. Sport is emoasje en dat moat ek sa bliuwe want dat makket it keatsen ta wat it is. Allinne binne de tlittingen wol folle mear vilein wurden. De humor hat plakmakke foar misledigingen. Dat fyn ik tige spitich.

Wat ik dan foaral mis is dat it keatsen as iennige sport it fenomeen fan oanfierder mist. Ik soe graach op it fjild in oansprekpunt ha yn de foarm fan in oanfierder. Dan hienen je de skorsing fan it partoer fan Jan Durk de Groot op de Van Aismapartij fan 2015 foarkomme kinnen. Hans Wassenaar wie al rom yn it foar op it fjild en hy hie as oanfierder der foar soargje kinnen dat syn oare twa maten op e tiid op it fjild wze moatten hienen. Stel dat hy de oanfierder west wie dan hie Henk van der Zee him yntiids oansprekke kinnen.

Dat soe foar beide partijen in goeie saak wze. Ek as it yn in bepaalde partij tusken twa keatsers begjint te knipen. Dan soenen je de beide oanfierders der efkes by belke kinne om de rs fan de lijn te heljen. Ik fyn alles wat je yn feite foarkomme kinne soenen, je as bond dwaan moatte. Nim it gefal fan de skorsing yn Huzum en de blauwe kaart yn Skearnegoutum. Allebeide fertsjinje net de schoonheidprijs. Dr moat de bond ek fan leareWant litte wy earlik wze: it keatsen is tin, hiel tin!

Sa te hearren hasto der noch wol nocht oan. Giet it dy maklik f?

,,Jan, litte wy earlik wze. Je moatte as je it goed dwaan wolle wol de nedige vlieguren meitsje oars giest geheid de bitebult op. Je kinne net yn ien kear fan de flier nei de souder ta. It is in learproses. Ik woe ek te fluch omheech. Je tinke dat kin ik ek wol mar it hat wol tiid nedich. De iene hat natuerlik oerwicht en de oare moat dat op in oare wize dwaan. Boppedat fyn ik persoanlikheid wichtiger as je it hiele regelboekje t de holle kinne. Ik ha it boekje altyd by my en sjoch altyd yn it foar fan in partij noch efkes nei dy saken dyt wichtich wze kinne. Ik sis as je mar witte wrt it stiet. Dat is moai gench. Boppedat hat de ien mear tiid nedich om yn de top te kommen as in oar. Je moatte wol earlik nei je sels wze. Sjoch, in keatser moat skerp wze mar dat jildt ek foar de skiedsrjochter.

Hy moat witte wrt hy it bste stean kin en moat betrouwe kinne op in goed stel karmasters. Goed by de les wze en as je it net sjoen ha dat gewoan sizze. Ik sjoch ek net alles en de opslagger hat ek net alle ballen yn de krite. Je kinne net alles sjen en dat hoecht ek net. Ik lied de wedstriid yn de geast fan de partij. Dat fyn ik wichtich. Mar it falt en stiet mei in stel goeie karmasters. As dat goed is dan hasto as skiedsrjochter in makkie. Selfde is fan tapassing op it keatsfjild en de brkte linen. As it gers goed koart is dan kinne je de linen ek better sjen. Boppedat soe it moai wze as de linen wat breder waarden. Dan sakje dy selde linen minder de grn. Want litte wy earlik wze, as ik op it midden fan it fjild de linen net sjoch dan sjocht de opslagger dy linen ek net. Ik soe graach wolle dat der mear tafersjoch op wie.

Keatsen is ek in spul wrt gench noch mis giet. Mar ik fyn wol dat de keatser de skiedsrjochter wol yn syn wearde litte moat. Wy binne gjin minsken wrt mar tsjin oan skopt wurde kin. Alles hat syn grinzenwant tink derom it ploechje moat net lytser wurde. Der falle hjoeddedei safolle skiedsrjochters fuort. De ien wol in jier frij omdat hy syn hs ferbouwe wol en de oar wol oan de stdzje en in tredden hat de freondinne tasein dat hy it wykein op de bern passe sil sadat hja har wykeintsjinsten ek draaie kin. It bliuwt fansels leafdewurk en ld papier!

Do hiest it sa krekt oer in rapport dat nei oanlieding fan in partij oer dy opmakke wie. Hoe siet dat presys?

,,Ik ha dit jier de bond hn. Hartstikke moai fansels. Wa wol no net de grutte bnspartij ha. Nei oanlieding fan dy wedstriid krige ik in wike drnei in rapport wryn steld waard dat ik te folle mei it publyk prate soe. No, dr wie ik it net mei iens. Wat wie it gefal: ik wie troch de ballen hinneja, wat dogge je dan! Dan moatte je efkes nei de kant fan it fjild om ien oan te sprekken dyt oer de ballen gietIk kin soks net fan it midden fan it fjild regelje. Ik ha dus ek daliks beswier tsjin de bewuste rapportage makke. Dat hie foarkommen wurde kinnen as hja dyt foar dit putsje ynhierd wiene my dit efkes frege hienen. Dan hie ik it hoe en wrom fertelle kinnen. Bytsje mear iepenheid is noait wei is it net?

Do wiest ek de man fan de earste reade kaart is it net?

,,Ja, dat is wier. It wie yn Damwld. As ik it goed ha wie dr in trochinoarlotterspartij foar jonges. Op in stuit stean der trije jonges yn it perk en net ien woe der t. Ik sei: Jimme ha noch efkes de tiid om te besluten wat t it perk giet. As ik in slach makke ha dan moat it klear wze. No, doet ik werom kaam wie Hille Saakstra, ja de soan fan, al op wei nei de klaaiboks. Snder wat te sizzen hie hy de kuierlatten nommen. Ja, dat betsjutte de reade kaart!

Yn Menaam ha ik op in partij foar earsteklassers ien kear in blauwe kaart jn. Slachtoffer wie Bauke Dijkstra fan Easterein. Hy wie it net iens mei myn beslissing. Dat mei. Mar nei de partij kaam hy noch altyd yn alle staten werom t de klaaiboks en doe wie ik der klear mei

Hasto noch winsken?

,,Ja, fansels! Ik soe graach de PC noch ris dwaan wolle en it selfde jildt foar de Freule. Mar de Ryp en de snein fan Bitgum lykje my ek wol wat. Yn e koets en dan nei it Sjkeln. Ik ha it as jonkje sa faak sjoen dat de kening t de Koornbeurs sa yn e koets stapte. Dat soe ik ek noch wol ris wolle. Ik ha tiid gench want de leeftiid fan stopjen as skiedsrjochter is troch de bond fskaft.



Dit nieuws werd verzorgd door Acquisitie- en advertentiebureau Boppeslach
http://www.kaatsen.nl

De URL voor dit artikel is:
http://www.kaatsen.nl/article.php?sid=13006