Kaatsen.nl

Ald-skiedsrjochter Durk Houtsma ferstoarn
Door admin - datum: 2016-11-28 21:22:15





Hjoed is nei in muoilike tiid fan siik wźzen ferstoarn āld-skiedsrjochter fan de KNKB Durk Houtsma. Durk Houtsma waard op 18 maaie 1939 berne yn Seisbierrum. Al jong die bliken dat Durk aardich mei de lytse bal oerwei koe. It begūn mei potsjekeatsen mar al rillegau gong Durk der op śt. Hy wie in betūfte keatser en syn plak wie efter yn de krite. Durk seach net allinne it spul hiel goed mar hy koe him mei de mūle ek wol rźde. Foar de Twa Doarpen hat hy gauris in medalje oan it findel brocht. (Foto: Henk Bootsma).

Nei syn keatskarriźre kaam Durk yn 1975 yn de kunde mei it skiedsrjochter wźzen. Yn Peins waard de sa ferneamde Franekeradeelpartij hālden en Marten de Jong fan Frjentsjer wie skiedsrjochter. It wie dy dei gleonhjit en De Jong woe wol efkes fan it fjild. Durk Houtsma waard frege om efkes ‘op te passen’ en dat befoel blykber sa goed dat rillegau dźrnei waard hy frege om skiedsrjochter te wurden.

Yn 1976 kaam hy op in kursus mei tolve oare oankommende skiedsrjochters. De lieding hie ūnder oaren Piet Kuipers fan Bitgum, Andries van der Kooi fan Ljouwert en…Marten de Jong fan Frjentsjer. De kursus duorre mar trije of fjouwer jūnen, mar dat wie foar Houtsma al oan de lange kant. De bźste learskoalle wie ommers it fjild.

Rom njoggentjin jier hat hy syn bźste krźften oan it keatsen jūn. De PC fan 1987 wie it hichtepunt foar Durk Houtsma. Hoewol hy it net sa op hynders stean hie, gong hy moarns dochs yn de koets. Njonken de oare wedstriden wie dit foar him wol ien fan de grutste hichtepunten.
Nei syn skiedsrjochter wźzen hat hy jierren dźrnei diel śtmakke fan de skiedsrjochterskommisje en hy wie ek noch fjirtjin jier lang ynternasjonaal skiedsrjochter.

Doe’t syn sūnens wat minder waard, hat Houtsma bewust in stap werom dien. Hy folge it keatsen noch wol mar dan op ōfstān. Mei Durk Houtsma ferliest it keatsen wer in ālde kriger dy’t al syn frije tiid jūn hat oan it keatsen dat him o sa leaf wie. Durk Houtsma waard 77 jier āld.



Dit nieuws werd verzorgd door Acquisitie- en advertentiebureau Boppeslach
http://www.kaatsen.nl

De URL voor dit artikel is:
http://www.kaatsen.nl/article.php?sid=13009