Kaatsen.nl

Yme Braaksma: In grutte partij dan ek de bste keatsers
Door admin - datum: 2016-12-10 09:39:07





Yme Braaksma wennet al syn hiele libben yn Niawier. Hy wie jierrenlang in baas keatser by de CFK, en tsjintwurdich it thingboerd foar alles wat mei Niawier te krijen hat. En fansels it boechbyld fan keatsferiening Niawier-Mitselwier-Easternijtsjerk. Yme hat yn de 67 jier dat hy hjir omstapt al hiel wat t de wei set en is noch lang net klear. Hy is in doarpsman yn ieren en sinen. Je kinne it net sa gek betinke of der wurdt wol in berop op Yme dien. (Foto: Henk Bootsma).

It keatsen is foar Yme noch altyd in geweldich stik fan syn libben. Hy is en ademt keatsen. Dat begn al op jonge leeftiid en no op syn 67ste is der noch gjin sleet op kommen. Yme is grut brocht yn de rijen fan it eartiidse CFK en wie in baas keatser. Fan de jeugd f oant syn fskie op 20 juny 1990 wie Yme in keatser dyt der boppe t stts. 22 jier lang hat hy foarbst opslein by de earsteklasse fan it CFK. Hy stie rom hndert kear yn in finale en wn mear as de helte oan earste prizen. Boppedat waard hy tweintich kear kening fan de partij.

Alles wat der yn dy tiid te winnen wie, hat Yme wol ris in kear wn. Hichtepunt foar Yme wie de winst op de bnspartij fan de CFK yn 1978. Mei broer Bauke en Arie van der Weide liet it partoer grootverdieners as Berltsum en Moarre-Ljussens efter harren. Nei de preemje yn 1979 en fjouwer lytse preemjes yn de jierren 1974, 1976, 1981 en 1982 wie de hage dan dochs foar de jonges fan Niawier. Moai wie fansels ek de winst yn 1978 yn it jierklassemint. Yme syn plak wie efter yn de krite mar op syn tritichste jierdei krige hy te meitsje mei in onwillig skouder. Alles hat hy t de kast helle om de blessuere de baas te wurden mar eintsje beslt wie dat hy fan efterynse opslagger wurden is. Dat wie in dikke streep troch de rekkening want Yme wie tk op in plak yn de krite.

Yn in petear mei de krante lit hy optekenje dat hy de tslach de helte fan it spul fn. Ik krige der de kribels fan. In boppeslach is it selde as in meitsjen fan in goal. Dat meitsjen fan goals koe Yme ek wol want hy is mar leafst 22 jier fuotballer west fan de Ropta Boys.

Tidens it petear merkbyt ik dat de Yme fan hjoeddedei noch neat oan belutsenheid ferlern hat. Wie hy eartiids al in man dyt him freeslik oer guon saken opwine koe, dat is no anno 2016 noch presys gelyk. As bestjoerder rint hy no tsjin saken oan dy hy wol begripe kin mar wrt hy grutte muoite mei hat.

Keatsen wie in geweldich stik fan myn libben. Dat wie eartiids sa doet ik noch folop meidie en dat is not ik oan de oare kant fan de tafel sit noch altyd sa. Ik wol sa graach dat it keatsen wer dat plak krijt wat it fertsjinnet.

Sjoch, eartiids as keatser rn ik ek tsjin bepaalde saken oan. Wy moasten sels wol blokjerinne en in oare kear wie der op in partij gjin tillegraaf. Foaral by partijen dyt om itenstiid begnen wiene de minsken net by de itenstafel wei te brnen. Ik ha my dr wol duvelsk oer makke. Fansels, it koe wol oars mar it wie doe yn de Dongeradielen mear gewoan as tsndering. Ik ha der folle mear oan dien en woe der ek folle mear foar dwaan. Ik woe better wurde. Dat koe allinne troch der fol foar te gean. Traine dus. Der foar libje. Altyd en ivich besykje om better te wurden.

Hoe sjochsto der no tsjin oan?

Ja, fansels alles is oars. Je kinne de tiid fan doe net mear fergelykje mei de tiid doet ik keatste. Dat is apels mei parren fergelykje, mar hjoeddedei sjoch en merkbyt ik noch gench saken dyt wol better kinne. Ik ha sels besocht om alles t myn mooglikheden te heljen. Ik koe wol in aardich baltsje slaan mar dy wienen der wol mear. Allinne hat de ien der mear foar oer as de oar. Komt by dat ik yn in tiid keatste dat keatsen noch sport nmer ien wie. Foaral yn dizze omkriten. Der komt tsjintwurdich sa folle oars op de bern f. Boppedat moatte der ek sinten fertsjinne wurde om yn it wykein t te kinnen. De jeugd seit wol ris tsjin my: Wy wolle sneon wol foar de keatsferiening fuort te keatsen mar dan moatte jimme wol de oeren betelje dyt ik dan net wurkje kin

Do wiest ek de man dyt yn 1973 de oerstap makke nei de KNKB. Ik ha de kranteferhalen der noch ris bypakt en dan merkbite je dat dy stap dy net yn tank fnommen is.

Asto der no nei mear as fjirtich jier op werom sjochst fynst dan noch altyd datst it by it rjochte ein hiest?

Ik woe hiel graach in kear keatse op de PC. Dat wol dochs eltse keatser. Dat woe ik ek. Mar wy keatsten foar it CFK en wy koenen omdat wy net lid wienen fan de KNKB net tkomme op de PC. De stap dyt ik yn 1973 nommen ha kaam net t de loft fallen. Dr is tiden oer praat, praat en nochris praat. Guon CFK-keatsers woenen harren wol ris mjitte mei de top fan de KNKB. Der wienen gench jonges dyt de stap wol nei de KNKB makke hienen mar dat lei hjir yn de Dongeradielen net sa maklik. Foar my sels wie ik der wol t. Ik wie wat tsjoen op it keatsen yn it CFK. Foar my soe der ek net safolle feroarje omdat ik dochs net op snein keatse soe.

As je no keatse foar it CFK op sneon of je keatse foar de KNKB op sneon. Ik seach it ferskil net. Sjoch, dat ik teinlik allinne de oerstap makke ha kaam omdat broer Bauke en Broer Grovenstein it teinlik net dienen.

Foar my feroare der wol wat fansels. Ek by de leafhawwers dyt altyd nei jo kamen te sjen. Sjoch, lit ik mar net te fier fan hs gean. Nim s mem. Doet ik by it CFK keatste lei mem alles foar my klear as ik sneon earne hinne moast. Broekje, bloeske en swarte sokken en in sekje wrt alles yn moast. Alles altyd kreas strutsen. Dat die hja salang ik al keatste. As ik dan sneon wer yn Niawier werom kaam dan stie heit al op e brge my op te wachtsjen. Dat waard oars doet ik de oerstap nei de KNKB makke hie. Der lei neat mear foar my klear en heit stie my net mear yn it sicht op te wachtsjen. Hy seach stiekum wol as der ek wer in krnse oan de muorre hong mar feitlik woe hy dat net wze. It wie de tol dyt ik der foar betelje moast. Hja snapten net dat ik hegerop woe mei myn keatsen. No, ja ik ha ien PC keatst en dat is myn grutste teloarstelling wurden. Ik keatste mei Rein Ferwerda en Wilco Kolthof en dat wie in partij fan neat. Wy kamen samar mei trije earsten efter en doe ha ik efkes it plak fan Rein oernommen. Dat pakte goed t en wy kamen werom nei 3 om 2. Doe easke Rein syn plak yn de krite wer op en dat hie nea moatten. Mar ik wie te bleu om hjir wat fan te sizzen. No nei mear as fjirtich jier ha ik der noch altyd spyt fan. Soks giet noait oer. Apart h!

Mar goed no bist de man fan Niawier-Mitselwier-Easternijtsjerk. Ik neam dy it boechbyld fan it keatsen.

Sjoch Jan, ik bin it hjir net allinne dyt de saken hjir regelt mar ik bin der wol altyd. Harold Wiersma is sikretaris en fierder docht eltsenien wol mei as ik in berop op harren doch. Sinteraasje is ek noait in probleem. De minsken stean altyd iepen foar as der wat barre moat.

Dan moat it ferrekte sear dwaan dat jimme yn 2017 gjin haadklassepartij organisearje kinne.

No, dat kinsto wol sizze. Sjoch, je begjinne earne oan en dan wolle je it ek fmeitsje. Ik foaralkomt ek noch by dat it hjir gjin jildkwestje is. Doet wy de partij krigen woenen wy dat perfoarst foar trije jier dwaan. Nei san tiid kinne je der in oardiel oer jaan. Wolle je der mei fierder of is it ho. No, doet Easternijtsjerk der by kaam koe it wze. De earste wedstriid foel s as bestjoer net tsjin. Der wie moai wat folk en alles koe gelokkich troch gean hoewol it yn it foar geweldich reind hie. It klearmeitsjen fan it fjild en de bemanning dr fan rp ek gjin problemen op. Wy woenen en koenen wol fierder. It jier drnei heakke it mei it tawizen fan in datum. Op de datum dat de bond it woe wie hjir wat oars en koe de keatsferiening net beskikke oer it fjild. Der binne doe hiel wat wurden oer sein mar eintsje beslt stienen wy mei lege hannen. Dr kin ik hiel bot lst fan ha. Blykber belibje ik it keatsen noch altyd oars as de gemiddelde leafhawwer. Ik ha der wekker fan lein dat de partij net hlden wurde koe.

Dan giet nei 2015 wer mis en is der by jimme gjin draachflak mear. Hoe kin soks?

Jan, ik wol altyd dat it troch giet mar in grut part fan de leden en de frijwilligers stean der net mear efter. Sjoch, hja redeneare as folgt: As Niawier hjir in haadklasse partij krijt dan wolle de minsken ek dat wy de bste keatsers hjir krije. By in grutte partij hearre ek grutte keatsers. It kin net sa wze dat je oan de willekeur fan de keatser oerlevere binne. Te folle keatsers litte it fwitte en dat wurdt hjir yn Niawier net mear pikt. It moat net in veredelde earsteklas wedstriid wurden. It kost moai wat sinten, ha wy der best foar oer, mar dan wolle wy ek dat it bste wat keatsend Frysln s te bieden hat hjir komt te keatsen. Dr giet it mis. Je kinne dat de keatsers feitlik net kwea f nimme omdat de bond hja de frijheid jn hat.

Dy frijheid fan wol of net tkomme op in trochinoarlotterspartij docht s hjir de das om. Selde ferhaal is fan tapassing op it hawwen fan in blessuere. Hjir sizze wy dan: sneon net keatse dan snein ek net! Sjoch it hie noch wol oars kinnen, dan hienen wy in frije formaasje wedstriid ha moatten. Dr ha wy ek om frege mar blykber is dat in brge te fier. Wy sizze hjir dan wrom Ljouwert, Arum, Sint Anne, Sint Jabik om der mar in pear te neamen wol altyd in frije formaasje partij en wy net. Kin net oan de prizenpot lizze want dy is by s altyd goed fuld. Sjoch, dat wringt hjir yn de Dongeradielen. Dan ha je gau it idee dat je op it fuottenein sitte. Bekijk het maar wurdt der dan op in gearkomst sein. Hld ek mar op mei de fdracht oan de bond. Hld dy 1200 euro mar yn e kas. Sjoch, dat is koart om e hoek mar it spilet wol fansels. Ik kin it net allinne ek al soe ik noch sa graach wolle. Ik ha stipe nedich fan de leden en de frijwilligers. As hja it net mear wolle is it einde ferhaal. Foar 2018 sil ik it wer ynbringe want myn wurk is hjir noch net f. No, giet de partij nei Anjum. Moai foar Anjum mar spitich foar s. Mar Anjum rint straks tsjin de selfde problemen oan as wy.

Sjoch, hjir yn de Dongeradielen wurdt almachtich keatst. Wy ha goed 250 leden wrfan in dikke tachtich jeugdleden. Op de ledewedstriden ha wy noch gench flecht op e koai. De winners komme altyd mei moaie prizen ths. Boppedat binne der mar in bytsje ferplichtings. Frijheid blijheid dat wol eltsenien wol oan. Net te folle regel sus en regel sa. Dat wol de hjoeddeiske minske net mear. Keatsen is prima mar dan wol sa as hja dat wolle. Sjoch nei de frijgesellepartij dyt syn woartels hat yn Easternijtsjerk. It fjild rint fol as wy dizze partij organisearje. It giet my oan it hert. By my stiet it keatsen foarop mar hjir draait it foaral om lekker ite en de wrld oan fersnaperingen. Hja ha by wize fan sprekken it pilske yn de kontbse. Lang leve de lol. Dat lste stiet sa fier fan my mar as de mearderheid dat wol dan sille je as bestjoer der ek gehoor oan jaan moatte.

Jimme bestean yn 2017 75 jier. Boppedat ha jimme de bond foar skoalfamkes tadield krigen. Binne jimme dr gelokkich mei?

Dat wy 75 jier bestean is prachtich fansels. Mar om earlik te wzen hienen wy graach de bond foar pupillen hjir ha wollen. Wy ha hjir in hieleboel jonges en famkes yn dizze klasse dus wy hienen graach dizze bond ha wollen. No gean dizze wedstriden nei Harns en It Fean. Moai foar harren mar it hie s mear past.

Ik sjoch nei Yme en ik sjoch dat him dat hiel wat docht!

Jan, ik wol sa graach mar it brekt my de lste tiid te folle by de hannen omt f. Mar wy gean troch, drfoar is it spul my noch fierstente leaf. Wy binne striders en dy litte it net gau fwitte!



Dit nieuws werd verzorgd door Acquisitie- en advertentiebureau Boppeslach
http://www.kaatsen.nl

De URL voor dit artikel is:
http://www.kaatsen.nl/article.php?sid=13013