Kaatsen.nl

Rein van der Kooi: 1933-2017
Door admin - datum: 2017-01-10 20:53:11





Snein 8 jannewaris 2017 is Rein van der Kooi ferstoarn. Van der Kooi wie in bekende namme yn it fermidden fan de KNKB.

Tsien jier wie hy skiedsrjochter en mar leafst 21 jier hat hy in sit hn yn de doetiidse strafkommisje. Van der Kooi waard op 28 april 1933 berne yn Marsum. Van der Kooi wenne yn in doarp wrt in soad keatst waard. Hy sels wie gjin tblinker dat liet hy oer oan syn broer Geart dyt yn 1957 mei Klaas van Wieren en Simon Maill de earste bnswedstriid foar skoaljonges wn.

Van der Kooi wie dan miskien net sa goed as syn broer mar by de atletyk sloech hy wol foar master op. Yn in petear mei Doekle Yntema lit hy witte dat hy op wedstriden ferskatte prizen wn hat. Hy koe goed t de fuotten op middellange fstannen, de 800, 1500 en 3000 meter. It Frysk rekord op de 600 meter wie lange tiid yn besit fan Van der Kooi.

Nij syn trouwen kaam Van der Kooi te wenjen yn Ingelum wrt hy 18 jier lang foarsitter west hat fan keatsferiening Sla Raak. Yn 1961 waard hy op oantrunen fan Bouwe Bokma fan Bitgum skiedsrjochter.

Ik krige in swart jaske en in reglemint en rd dy mar. It wie de tiid dat de measte plakken fste skiedsrjochters hiene, dr kamen jo as nijbakken skiedsrjochter net sa gau tusken. Omdat ik foar myn wurk sneons wurkje moast koe ik allinnich mar op snein skiedsrjochterje. Nei tsien jier sette Van der Kooi hjir in streek troch. Opgroeiende bern en wurk wie de reden om der mei te stopjen. Mar it bloed krpt wrt it net gean kin en dus wie it logysk dat hy yn 1977 doet hy frege waard om sit te nimmen yn de strafkommisje dat ek die.

It wie Klaas Groeneveld dyt Van der Kooi oer de streep luts. Wy hewwe in mantsje te kort yn de strafkommisje, wilst dar ris over denke, dan bel ik dy met in paar dagen wel weer. Ik ha dat doe mar fuort oannommen want ik wie eins ek wol wat nwennich fan de keatserij en fan de gesellige kader-keatsdagen mei al dy kollegas.

Van der Kooi hat yn de tiid wol it ien en oar foar de kiezzen hn. Nim it gefal Durk Talsma yn 1979. Durk krige mot mei de lieding yn Harns. Skiedsrjochter Jolt Oostra hat nei dy wedstriid nea wer skiedsrjochter west. Nim de straf fan Jehannes Brandsma dyt troch yngrippen fan it doetiidse HB dochs noch meidwaan koe oan de PC. It wie doe ek it momint dat der in berpskommisje yn it libben kommen is.

Dan ha wy it noch net oer de fyts fan Jehannes van Dijk en de reboelje mei keatser Henk Vlietstra. Van der Kooi hat it allegearre meimakke. Nei 21 jier fn de doe 65-jierrige Van der Kooi it doe wol moai. Hy stapte der t en liet doe ek noch witte dat hy de earste keatser noch tsjinkomme moast dyt syn ngelyk tajaan soe.

Moandeis 8 jannewaris kaam der in ein oan it libben fan Rein van der Kooi dyt in grut part fan syn libben yn tsjinst steld hat fan it keatsen. Freed 13 jannewarris wurdt Van der Kooi betocht yn syn berteplak Marsum.



Dit nieuws werd verzorgd door Acquisitie- en advertentiebureau Boppeslach
http://www.kaatsen.nl

De URL voor dit artikel is:
http://www.kaatsen.nl/article.php?sid=13020