Kaatsen.nl

Durk de Vries: 1922-2017
Door admin - datum: 2017-01-16 12:01:23





Op 14 jannewaris 2017 kaam der in ein oan it libben fan Durk de Vries. Op 14 desimber hie ik noch mei de fuotten nder de tafel sitten by De Vries. Wa koe tinke dat in moanne letter in ein oan libben fan De Vries komme soe. (Foto: Boppeslach).

Durk de Vries waard berne yn Seisbierrum mar hat it grutste part fan syn libben wenne yn Frjentsjer wrt hy mear as fjirtich jier as boekhlder yn tsjinst wie by de FLC ek wol de Franeker Landbouw Coperatie neamd. Durk de Vries wie noch ien fan die lde krigers dyt noch mei Taede Zijlstra, Klaas Kuiken en Dooitzen de Bildt keatst hat. Doe op dy bewsute woansdei wie De Vries noch fol fjoer en koe hy noch smout fertelle oer syn tiid yn de doetiidse earste klasseme. It rinnende wurk hie hy efter him litten, mar it nthld hat der net nder te lijen hn. De Vries hat net sa lang yn it grutte spul sitten mar hy wie der op jonge leaftiid al betiid by.

Wy wennen hast njonken it keatsfjild dus it koe net oars of wy wienen dr gauris te finen. Sis mar, wy wienen der hast altyd. Der wie fierder ek net folle oars. Gymmestyk en fuotbal mar dat wie it dan ek. Kaam by dat der yn dy tiid folop yn Seisbierrum keatst waard. Sawol by de jonges as by de senioaren sieten hiele bste keatsers. Ik neam Jan, Jasper en Tsjerk Zijlstra, Klaas Goodijk, Jan Uildriks de sweager fan PC-winner Anne Braam, Wijtse Leistra en net te ferjitten Rinze Leistra. Hy waard it kanon fan Seisbierrum neamt en dat wie ek wol terjochte.

Hy koe ferwoestend opslaan allinne wist hy faak net wrt hy de ballen brocht. Ik ha wol mei him keatst en dan duorre it betiden noch al wat foardat hy syn oanrin nam. Hokker kant? sei hy dan. No dat koe hy wol sizze mar dat joech net sa folle want by Rinze koe it ommers alle kanten t. As hy in goeie rite hie dan hienen je in geweldige maat oan him mar dat barde net sa faak. Se fleagen meastentiids alle kanten t behalve rjochtt en dat lste wie wol de bedoeling.

Ja Rinze wie in guodlik man en hy wie sa sterk as in bear. Guon keatsers wienen ek bang fan him. Op ien nei: Barend van der Veen fan Wergea. Dy hat him wol ris goed by it jak hn. Ja, sa giet dat. Je komme altyd je master tsjin. Dat is no sa en dat wie doe ek sa. Neidat ik oan it wurk kaam by de FLC seach ik him noch faak foarby kommen. Ik siet op kantoar en Rinze brocht mei syn grutte GMC de keunstdong nei de boeren ta.

Durk de Vries koe fan beide: opslaan en yn it perk. De measte prizen hat hy wn as opslagger. Ik kom De Vries yn 1936 foar it earst tsjin op in KNKB-partij wrt hy mei de priis nei hs giet. Wy skriuwe 3 septimber 1936. Op de fdielingspartij fan keatsferiening Eendracht yn Harns wint hy foar De Twa Doarpen de priis. Mei Jan Zijlstra en Jelle Hoekstra binne se it Harnzer partoer de baas. Dat sil de Ouwe Seunen net leuk fn ha want hja tochten mei Folly Bouma, Gerrit Braaksma en Frans Helfrich dochs wol it winnende partoer te hawwen. It wie ek net samar in partoer. It wie ommers it partoer dat in moanne earder yn Wommels de Freule wn hie. Mar yn Harns koe De Vries altyd wat mear as earne oars.

Boppedat waard hy ek noch kening fan de partij. Alve jier letter soe hy dat as earsteklasser nochris dwaan. It wie myn earste keningskip en sokke dingen ferjitte je fan je libben net. De Vries koe ir allegearre noch maklik nei boppen helje. No, hat ek De Vries belies jaan moaten. Hy waard krekt gjin 95 jier. Tongersdei wurdt De Vries betocht yn it Utfeartsintrum yn Goutum.



Dit nieuws werd verzorgd door Acquisitie- en advertentiebureau Boppeslach
http://www.kaatsen.nl

De URL voor dit artikel is:
http://www.kaatsen.nl/article.php?sid=13021