Kaatsen.nl

PC set yn op dielname Belgen
Door admin - datum: 2017-01-16 15:15:07





De Permanente Kommisje fan de PC spilet mei de gedachte om in partoer fan Belgen dielnimme te litten oan de kommende 165ste PC. (Foto: Keatsmuseum).

Flnr: George Herphelin, kening August van Lierde en Emile Hoyois winners PC 1917!

Dit jier is it nammentlik hűndert jier lyn dat in Belgysk partoer de PC wist te winnen. August van Lierde, Emile Hoyois en George Herphelin mei de earste as kening wienen de Friezen doe rom de baas. Dat koe doe omdat de Belgen yn dy tiid mear as foar baas opsloegen. It wienen net allinne dy trije Belgen dy’t de PC winne soenen mar der wienen wol in skepnet Belgen dy wat mear koene as de gemiddelde Fryske keatser.

Dat leit no gâns oars. It Fryske spul is floken yn de tsjerke yn België. De Belgen ha folle mear mei it Jeu de Pelote. Der sit oan dielname fan de Belgen nochal wat tűkelteammen. Perfoarst binne hja net lid fan de KNKB en de ranking is foar dielname oan de PC dochs liedend. Dan ha wy it noch net iens oer de keats-off weryn fjouwer Fryske partoeren stride om it 16de plak. Der moat dan ek noch wol efkes wiidweidich oer praat wurde. De Fryske partoeren fan tsien oan te mei 18 of 19 binne op foarhan tsjin. Dat is bęst te snappen. De earste stien partoer sil it woarst węze. Mar moatte je dit wol wolle! As hja in partoer út de earste tsien lotsje soe it yn in lyts kertier dien węze kinne.

Tastânnen sa as by it WK yn 2010 moatte je net wolle. Miskien soe it in idee węze as de bond it tastiet dat de Belgen meidwaan meie om harren meidwaan te litten yn de keats-off. By winst ha hja rjocht op in plakje op de list. Mar safier is it noch lang net. It HB sil earst noch yn petear mei de VVK. Dernei moat it HB in beslút nimme fan wol of net.



Dit nieuws werd verzorgd door Acquisitie- en advertentiebureau Boppeslach
http://www.kaatsen.nl

De URL voor dit artikel is:
http://www.kaatsen.nl/article.php?sid=13022