Kaatsen.nl

Kweapraat (135).
Door admin - datum: 2017-05-14 05:42:32





Goeie mannen, bytsje bekommen fan alle reuring fan frne wike?

Och Sake, dat foel wol ta hear. As je de holle boppe it meanfjild tstekke witte je yn it foar dat der op je sketten wurde kin.Eltsenien hat in miening en dat moat ek moai sa bliuwe oars is der ek net folle mear oan. Der wurdt my wolris de fraach steld:Is it net hiel ferfelend, om altyd mar wer oer dat keatsen te praten en te skriuwen. Der binne dochs wol wichtiger saken yn s bestean. Fansels binne dy der en se binne faak net te tellen. Mar skriuwe oer keatsen makket de gekste dingen yn in minske los. (Cartoon: Peter Vassilev).

Saken dyt ik hielendal net sa fan belang fyn, binne foar tal fan minsken krekt wol hiel belangryk. In bysaak mei de ympekt fan in haadsaak. In simpel spultsje fan trije tsjin trije, mar faak wol it petear fan de dei. En in protte minsken tinke dat sy it gelyk oan har kant ha. It roppen en razen is it keatsen bepaald net frjemd. Net ien hldt wat fan in partij by, no ien of twa dan, mar eltsenien wit altyd presys hoet de partij ferrn is. Moaie spannende partij en mar in bytsje bten! Sa is it en net oars.

Fokke en ik sei de gek prate dan altyd oer de onderbuik gevoelens dyt by it gros fan de besikers liedend is. Sjoch, en dr giet it faak, of sis mar altd mis mei ien dyt alles wat fan in bytsje belang is optekenet. Wy sizze wat wy tinke en wy nderbouwe dat mei arguminten. Dat in oantal leafhawwers dr muoite mei hat is spitich mar dat wol net sizze dat wy s no ynhlde moatte om it eltsenien nei t sin te meitsjen. Dat leit net yn s aard en dat sille wy ek noait dwaan.

Saken beneame sat se binne en net om de hite brij hinne draaie. Gewoan, as it moat, de finger op it seare plak lizze. Wy hlde bepaalde minsken in spegel foar en dat kin konfrontearjend wze. No, sa!

Wy gean oer ta de oarder fan de dei. Sneon binne wy yn Baard west wrt de froulju haadklassers foarbst opsloegen en snein binne wy fset nei De Ryp wrt de Eise Eisingapartij ferkeatst waard. Fierder komme wy noch efkes werom op de partij fan keatsferiening Winsum dyt fan de aginda moast omdat it fjild der sa beroerd by lei.

Mar wy sette t ein yn Baard. Baard trof it net mei it waar. Dan wer moai, in bytsje moai en dan moast de paraplu wer op. Der is sawol foar keatsters as folgers dan net folle oan. Net dat ik my net fermakke ha mar it praat dat der by de froulju folle mear sprake is fan it sa ferneamde tuskenspul kin wat my oanbelanget no wol efter it behang plakt wurde.

Yn beide heale finales waarden de measte punten behelle mei direkte winst. Boppe, bten, sitbal en kweaslaggen. Yn beide heale finales waard gemiddeld fyftjin kear om in keats keatst. Yn de finale lei dat noch gemiddelde nog leger, nammentlik tsien. Fan de hndert by elkoar sleine punten kamen 80 troch direkte winst. Tsien kear waard der mar om in keats striden. As je de finale fan de manlju yn de Ryp der tsjin oer sette dan skeelt dat mar in pypfol. Fan de 128 ferkeatste punten kamen 56 slagen troch direkte winst. Acht kear wie de keats it einpunt. Witte wy dat ek wer!

Yn Baard wn miskien it op papier net sterkste partoer mar der wie ien famke, frou, dyt der fier boppe t stuts. Dat wie Martzen Deinum fan Wommels. Sy stiet net sa faak as winner foar de tinte mar yn Baard liet sy sjen dat se ferrekte goed keatse kin. Yn de finale reage sy der njoggen ballen oer hinne en dat koe net ien har nei sizze. No, net roppe: Sy koe faak in stapke dwaan. Dat sil wol, mar slaan dy hege ballen mar hast tsien kear oer it kleedsje. Ik jou it jim te dwaan. Martzen dartelde as in jong foaltsje oer de greide. Ddlik wie dat sy gjin druk fielde, dyt der by de oaren wol wie. Moai dat dat dus ek noch kin.

Har maatsje t Wommels Sjanet Wijnia koe it yn de heale finale tsjin de lettere winner net risse mar dat kaam bynammen omdat de ballen dyt Marije Hiemstra graach nei de krite bringe wol, no alle kanten t fleagen. Ja, en dan wurdt it in oar ferhaal en dat nei in 4-1 foarsprong. Nei frin fertelde sy dat se noch mar amper de bal yn e hannen hn hie omdat it foljebal der tuskentroch fytste. Sa lang dat spilet mei Sjanet eins net traine foar it keatsen. Dan sjogge je mar wer dat net allinnich it fuotbal it keatsen dwers sit.

Op De Ryp wienen it net de grutte tenoaren dyt mei de hage nei hs gongen. Erwin Zijlstra wie de man dyt nei frin fan de merkepartij op De Ryp mei de blommen nei Littens mocht. Erwin waard ek kening en dat koe feitlik ek net oars. Syn opslagger Menno van Zwieten koe it net wurde omdat hy te folle bten hie. Renze Pieter ek net, hoewolt hy presys die wrt hy goed yn is. Nee, mei de kar fan Erwin fan Haije en Haukje wie neat mis.

Dat hy mei syn maten de priis noch wn lei ek in bytsje oan it falen op it beslissende momint fan partoer Bauke Triemstra-en-dy. Nei de 3-0 foarsprong wie it wer de opslach dyt harren de das om dwaan soen. Gewoan te folle bten. Yn de finale telden wy wer 27 missers. Net sizze dat is net sa, want it is sat it is. Der waard snein op De Ryp ek wer omraak bten slein. Mei as topper om de preemje of neat tusken de bruorren Triemstra. 28 kear gong de bal bten de linen.

Dat Gert Anne van der Bos-en-dy belies jaan moasten kaam foar my net as in grutte ferrassing. De mannen kinne op De Ryp min t de fuotten en keatse tsjin broer Bauke giet foar Taeke faker mis as goed. Fan de lste fjouwer kear dat sy op De Ryp tsjin elkoar moasten gong Bauke trije kear mei de winst der fan troch. Ddlik waard wol dat it nije partoer noch wat oan elkoar wenne moat. Tjisse moat syn plakje noch wat fine mar dat komt fst goed.

Datselde kin sein wurde fan it partoer fan Marten Bergsma-en-dy. Dat moat allegearre noch wat fster wurde. It is net sa dat yn it foar de prizen al ferdielt wurde. It soe samar sa wze kinne dat der wol fjouwer of fiif partoeren binne dyt it winne kinne.

Op De Ryp seagen wy ek Johan van der Meulen en Danil Iseger wer op e list stean. De mannen wienen frne jier op de Aldehou rom yn it sintsje en de blommen set mar it bloed krpt no ien kear wrt it net gean kin.

De Ryp hie syn saakjes prima foar elkoar. Je kinne it altyd ha oer de tagongspriis fan acht euro. De ien fynt dat it by fiif euro bliuwe moat en de oare hat gjin miening. It soe miskien wol aardich wze om de muzyk in pear decibel minder hurd klinke te litten. As je der op in pear meter fanf sitte kinne je je maat njonken je amper ferstean. Efkes gjin ld om e kop is ek wol ris aardich. It gros fan it keatspublyk komt foar it keatsen.

Der moat noflik oer praat wurde kinne en it kin dochs net sa wze dat it korps of de oare muzyk dat hast nmooglik makket. Gelokkich hie de man fan it korps noch wol it besef om de muzyk efkes stil te setten as de wedstriid derom frege. Je ha ek fan die muzyk mannen dyt krekt ynsette as it 5-5 en 6-6 is.

Doet ik moarns betiid it fjild op De Ryp oprn, kaam ien fan keatsferiening Onder Ons t Littens my noch efkes op e lije side. Jo skriuwe dat der net ien feriening wie dyt de partij fan Winsum oernimme woe, oftewol it fjild beskikber stelle woe. No, ik kin jo ien ding sizze: Der hat s net ien oan west mei de fraach oft wy in fjild beskikber stelle woene. Sjoch, dan wit ik it ek net mear. Fokke seit altyd: Moaie wrld dy keatswrld.

Sake oant in oare kear



Dit nieuws werd verzorgd door Acquisitie- en advertentiebureau Boppeslach
http://www.kaatsen.nl

De URL voor dit artikel is:
http://www.kaatsen.nl/article.php?sid=13092