Kaatsen.nl

Doekle Yntema: 1922-2017
Door admin - datum: 2017-09-24 17:43:25





Snein, 24 septimber kaam der dochs noch nferwachts in ein oan it libben fan Doekle Yntema. Doet ik it fan 'e moarn yn de Ljouwerter lies waard ik der klt fan. Doekle wie der al sa lang yn myn libben. Je tochten der net oan dat der ea in ein oan komme koe. Yntema wie in sn man. In piltsje foar dit of dat dat koe hy net. No ja, in nije knibbel der wie it dan wol by bleaun. Yntema, ik koe noait Doekle sizze, dat woe gewoan net. Hoe faak hy dat ek tsjin my sei: sis mar Doekle mar ik krige dat net oer myn lippen. Yntema rint as in reade tried troch myn keatsers libben. Jierren ha wy gearwurke oan de WIS-YN en boppedat koe ik altyd op him rekkenje as der wer ris in hier yn 'e sop siet. Hy wie krekt sa ngeduldich as ik wie mar ja wie ja en nee wie nee. Der siet neat tusken. (Foto: Boppeslach).

Op de frouljus-PC hie ik noch mei him sprutsen. Nei no blykt is dat it lste petear west wat ik my him hie. Dat docht frjemd oan. As de maaitiid der wer oan kaam dan troffen wy elkoar wer op it keatsfjild. Sjoch, Doekle waard fansels wol lder mar der siet net folle sleet op. Ik bin fan it selfde boujier as Roel Hoekstra hie hy my faak witte litten. Yn jannewaris 2017 wie hy 95 jier wurden en ik hie wol ris tsjin him sein dat hy de hndert wol helje soe.

Mar yn Wytmarsum hie hy my al witte litten dat hy efkes t de tiid west wie. Der skrok ik freeslik fan mar Doekle wie der hiel rstich nder. It wie ek nij foar him. Mar hja soenen der ynkoarten efkes nei sjen. Ik hie der noch efkes mei ld-foarsitter Jaap Jilderda fan Wytmarsum oer. Hy swoargje der altyd foar dat der noch wat kunde wie dyt t de tiid fan Doekle kaam. Dan kinne hja it noch efkes oer eartiids ha. Want Yntema miste noait op de resepsje foar fgeand oan de partij. Mar op snein 24 septimber hat Doekle dochs de holle dellein moatten. Hy sil der frede mei ha sa goed koe ik him wol. Ik ha in prachtich libben hn liet hy my faak witte. 67 jier hat Tjitske oan syn side stien. Dat wie in grut foarrjocht en Doekle stuts dan nea nder stuollen of banken. Hy wie der grutsk op. Mei syn Tjitske koe Doekle werom sjen op in wurksum libben wryn it klear stean foar de mienskip altyd in wichtich plak ynnommen hat.

Doekle Yntema waard berne yn Penjum, it doarp fan keningkeatser Jan Reitsma. Doet Doekle twa jier ld wie gong it gesin Yntema te wenjen nei Wytmarsum, it wenplak fan wer in ferneamde keatser, Taede Zijlstra. Heit, dyt eartiids as boerefeint syn brea fertsjinne by Lammert Scheltes Hilarides, waard yn 1924 beneamd as dykwurker by de gemeente Wnseradiel, mei Wytmarsum as stnplak. Oant 1947 hat Doekle yn Wytmarsum wenne. Sa as sa folle oaren hat hy de twadde wrldoarloch fan hiel tichtby mei makke. Yn 1944 waard Doekle oppakt. Yn in petear dat ik hie mei him op syn 90ste jierdei fertelde hy der wiidweidich oer.

It wie yn april 1944. Op in sneintemoarn kaam der in sydspan mei twa Dtsers oan de doar. It wie de SS. Mitkommen wie it paroal. Ik hie wol in Ausweis mar dr lutsen de mannen harren neat fan oan. Tegearre mei Tjipke, de soan fan de direkteur fan Gemeentewurken, waard ik oppakt. Wy belnen yn in plysjesel yn Harns. De oare deis binne wy op transport setten nei Ljouwert. As wiere kriminelen sieten Tjipke en ik oanelkoar fst. We ha trije dagen yn it hs fan Bewaring yn Ljouwert trochbrocht. Catrinus Werkhoven, de ld-keatser, wie yn dy tiid boargemaster fan Wnseradiel. Hy hat him doe fan syn goeie kant sjen litten en hat s wer t it hs fan Bewaring krigen. Mei dit ferskil dat wy no op frijwillige basis te wurk steld waarden. Tjipke en ik belnen yn Bunde, fjouwer kilometer fan Nieuweschans. Ik ha dr wurke by in partikulier dyt hannele yn beane, rogge, earte en sa fierder. De hiele dei sekken sjouwe. It wie swier wurk mar fierders ha wy dr in goeie tiid hn. Yn safiere dat je wol je frijheid kwyt wienen mar dat je libben nea yn gefaar west hat. Yn 1945 bin ik rinnende thskommen. It wie fiif dagen rinnen fan Bunde nei Wytmarsum. Oer myn tiid yn Bunde ha ik letter noch in boekje skreaun mei de tapaslike titel Bn yn Bunde. By thskomst wie it feest, grut feest.....kinst dy wol foarstelle.

As de oarlochsjierren foarby binne wurdt it gewoane libben wer oppakt. Doekle wurdt yn 1947 eksport-korrespondint by Halbertsma yn Grou. Oant syn pensjonearring yn 1982 is hy by dizze wurkjouwer bleaun. Nei de pensjonearring hat Doekle de hannen frij foar oare saken en dat binne der net te min.

Keatsen en turnjen wienen myn sporten, drnjonken mocht ik hiel graach reedride en aaisykje. Yn 1941 ha ik de Alvestdetocht riden en triden. It is ek by dy iene kear bleaun. Wist wrom? Ik koe der net tsjin as oaren my foarby riden. Nei de tocht fan 1941 ha ik noch seis moanne nder behanneling west fan ld-keatser Frans van der Vliet dyt ik koe fan myn tiid yn Wytmarsum. Hy wie gymmestyklearaar en ek masseur. Myn hiele lea hie te folle op e bealch hn moast mar tinke. Nee Jan, by dy iene kear is it bleaun. Myn aard siet my yn t paad.



Doekle wie wiis mei syn kast fol prizen

Keatsen mocht ik graach dwaan. Dat koe ek hast net oars. Ik bin opgroeid yn in tiid dat der rnom keatst waard. Oant 1932 wie ik de fste oanmerker by s heit as dy op sneintemiddei mei syn freonen oan it keatsen wie. Dat wie fste prik. Heit keatste altyd mei kunde en ik wie dan oanmerker. Dat ha ik ek dien as hjir ledepartijen wienen en fansels op de grutte Merkepartij. Der wie ek net folle oars. Kaam noch by dat hjir in soad goeie, sis mar poerbste keatsers wienen mei Taede Zijlstra fansels as de grutste keatser dyt der miskien ea west hat. Ja, Taede hie in fin mear as in bears. Ik tink dat ik der ek by wie doet Taede yn 1939 foar de lste kear de PC wn hat. Hy die dat doe mei nder oaren IJnze Kuperus, san boupakket t Winaam. As ik de eagen ticht doch dan sjoch ik him noch stean. Taede wie in in hiele rstige man. Hy wie op himsels, dat kinst wol stelle, in stille yntroverte man. Mar wat koe hy keatse. Ik ha nea wer in keatser sjoen dyt de ballen sa pleatse koe as Taede. Hy hie it daliks yn e gaten as de achterynse in pear stappen nei foaren die. Hy leppele de bal dan moai oer de achterste man hinne. Lis mar in keats, hear ik him noch sizzen, dan bring ik de partij wol ths.

O jonge, wat koe hy in smoarge bal jaan. Moai yn it hoekje fan de krite. It wie fansels ek altyd feest as Taede wer in grutte partij wn hie. It korps stie dan foar de homeie fan Jan Kooistra al klear om Taede op te fangen. Faaks gong de reis dan daliks nei de herberch. Jan, sa gong dat. Dooitzen de Bildt wie ien fan de keatsers dyt ek by Taede ths kaam. Dooitzen wie fan de blauwe knoop mar hy koe goed mei Taede opsjitte. Dooitzen wie foarynse en in hiele rstige man. Dooitzen en Taede pasten elkoar wol. As hy hjir te keatsen kaam dan gong de reis moarns earst nei Frnskje, de frou fan Taede. Dooitzen hie ek faak de soarch oer Taede as hy efkes te lang sitten hie. Dooitzen die dan alle war om Taede wer goed ths te krijen. Se ha Taede ek wolris oan de kant fan de dyk fn as hy fan in partij werom kaam. Taede wie it paad dan efkes kwyt. Frans van der Vliet tocht ek wol om Taede en soarge dat hy wer goed ths kaam. Klaas Kuiken wie in hiele oare man. Ast gjin fouten maakst kinst oek niet ferlieze, sei De Kuik in kear tsjin my. Wy hienen doe noch nea fan Johan Cruijff heard.

Mei Doekle gean ik mei grutte stappen troch de tiid. Jo ha yn prinsipe alle grutte keatsers foarbykommen sjoen. Wa binne njonken mannen as Taede, Dooitzen en de Kuik dyt ta de ferbylding sprutsen ha en noch dogge?

Ik mocht de Haantsjes graach keatsen sjen. Foaral omdat dy mannen sa moai tslaan koenen. Jan Rodenhuis wie myn man wat de opslach oanbelanget. Hy wie wis, dr hld ik wol fan. Marten van der Leest, ferrekte fl! Theun de Bruin, syn wize fan opslaan. Arp Hiemstra, troch syn keatsen en wat hy yn it maatskiplik libben berikt hat. Fansels Sake Saakstra, Piet Jetze Faber en Johannes Brandsma. De Brand is foar my de
bste keatser t de keatshistoarje mei yn syn fuotspoar Piet Jetze Faber en Hotze Schuil.

Doekle Yntema hat sels oant hege leeftyd noch keatst. Jo wienen dus in echte leafhawwer.

Ja wis. Ik ha it altyd graach dwaan mochten. As jonge ha ik foar keatsferiening Pim Mulier mei dien oan de Freulepartij. Yn 1935 ha ik foar de ULO fan Wytmarsum mei de tredde priis wn op de Lytse PC op it Sjkeln yn Frjentsjer. Dat wie in wedstriid foar skoaljonges. Dy partij bestiet no net mear. By de priistrikking frege Master Klaas Bijlsma oft Rients Doekle Yntema, dyt fiif kear de PC wn hat ek famylje wie. Ja, yn de fierte wol. Hy wie in omke fan myn pake Doekle. Foar Grou ha ik in kear meidien oan de Bond foar senioaren. Ik keatste doe mei Keimpe Koldyk en Durk Ganzinga. Wy moasten tsjin it sterke Weidum mei nderoaren Folkert Hiddinga en Frans Monsma. Wy wnen dy partij. Yn Weidum waard Folkert Hiddinga doe oansprutsen. Binne jimme der no al f? Ja, sei hy. Wy ha it fan dy boeren t Grou ferlern. In omloop fierder gongen wy der tsjin Tsjummearum f mei nder oaren Leo Vogels yn it partoer. Dat bliuwt je altyd by. Oant 2000 ha ik sels noch keatst.

Mar it bleau net allinne by it aktyf keatsen. Doekle hat him ek ynsetten foar ferskate oare saken. Sa hat hy it jubileumboek, ien fan de allerbste jubileumboeken, fan de hndertjierrige keatsferiening Pim Mulier skreaun. It boek stiet, no 25 jier letter, noch altyd as in hs. Doekle wie ek ien fan de gearstallers fan it jubileumboek fan de KNKB, Kaatsen lange traditie, levende sport. Mar it bleau net allinne by it keatsen want ek foar de gymmestykferiening SSS t Grou, wrfan hy 23
jier foarsitter west hat, hat Doekle it jubileumboek skreaun. Fierder is er ien fan de fjouwer dyt keatsferiening It Wetterln oprjochte hat.

Yn 1985 wie Doekle mei Leendert Ferwerda en Klaas Vellinga de gearstaller fan it Offisjele Orgaan fan de KNKB. Fn 1991 f hat Doekle tsien jier lang in sit hn yn de redaksje fan WIS-IN it bnsbld fan de KNKB. Fierders wie hy fiif jier lid fan de Museumkommisje fan de KNKB. It is te folle om allegearre op te neamen. Keatsen, fgelwacht, gymmestyk, wr hat de man net yn sitten. Hy hat ddlik in fin mear as in bears. It koe ek allegearre omdat Doekle nea pleage is troch slimme syktes. In nije knibbel, no ja dat wie it dan ek, lit Doekle wer rinne as in ljip. Lang om let krige Doekle yn 2006 ek noch in keninklike nderskieding.

Dr hiest wol in bytsje op rekkene is it net?



Doekle hie him noch gau efkes ferstrpt. Flnr: De jubilaris, syn frou Tjitske en mevrouw Schadd, burgemeester van de gemeente Boarnsterhim.

No ja, doet ik mei it jubileumboek fan SSS dwaande wie hie ik al ris wat heard dat der wurk fan makke waard. Mar it kaam Tjitske en my noch wol oer it mad hear. Tjitske wie de ierpels oan it skilen en ik siet yn myn gewoane klofje yn e keamer. Op in stuit seagen wy wol wat minsken oankommen mar it kwartsje foel doe noch net. Op it lst bin ik nei boppe sketten en ha my noch gau ferstrpt. Wy ha noch in moaie dei hn.

Troch it wat minder mobyl wzen fan Tjitske binne de besites oan it keatsen fnommen.

Ja jong sa giet dat. De boat is ferkocht, dat koe net mear. No sykje ik de wedstriden wat t. Hearrenfean en Minnertsgea begjinne moai op de neimiddei sadat ik net de hiele de fan hs bin. As jo mantelsoarch ha kin dat net mear. Fansels komme Tjitske en ik ek noch altyd yn Penjum en Wytmarsum. De PC gean ik no allinne hinne, dat is te beswierlik foar Tjitske. It wurdt allegearre wat krapper mar wy bliuwe leafhawwer. Je meie it keatsen fan hjoed net fergelykje mei eartiids. It is oars, flugger. It smke is fuort, minder gesellich. Jachtiger sat de hiele tiid no is, mar keatsen bliuwt moai. Sa lang wy sn bliuwe sille wy by it keatsen komme. It keatsen sil bliuwe, de nammen binne allinne oars.



Dit nieuws werd verzorgd door Acquisitie- en advertentiebureau Boppeslach
http://www.kaatsen.nl

De URL voor dit artikel is:
http://www.kaatsen.nl/article.php?sid=13510