Kaatsen.nl

Sjanet Wijnia: Hoe faak krije je san kns!
Door admin - datum: 2017-10-31 00:43:21





Op in moaie tiisdeistemoarn yn oktober skik ik oan by Sjanet Wijnia fan Wommels dyt yn de lste wike fan augustus mear as ien kear yn it nijs kaam. De Frouljus-PC winne wie ien ding, mar wat drnei op har fkaam wie slimmer. It winnen fan de Frouljus-PC hie yn Wommels mar ek dr bten hiel wat los makke.. (Foto: Henk Bootsma).

Winne makket hiel wat los...

No, krapoan twa moanne letter as it keatsen op ien ear leit sjoch ik mei Sjanet werom op in winst dyt net ferwachte wie mar drnei hiel wat los makke hat en miskien noch wol docht.

Sjanet Wijnia is yn oplieding foar Medische Beeldvorming en radiotherapeutische techniek en sit yn it twadde jier fan har oplieding. Yn gewoane minske taal leartsy foar radiologe.

Sjanet is noch mar 18 jier mar hat al in waskguodlist oan prizen wn. Alle bnswedstriden hat sy al ien of meardere kearen wn. Allinnich de bn foar froulju ntbrekt noch op har listje. Dat wurdt de kommende jierren dan ek it doel om dy priis noch ris te winnen want dat soe betsjutte dat sy dan ek yn it besit komt fan de Wimpel. Foar alle ddlikheid: je krije de Wimpel as je de Ald-Meiers Partij, De Jong Famme Partij, de bond en de Frouljus-PC op je namme skreaun ha. Fenna Zeinstra, Sjoukje Visser en Aukje van Kuiken binne har hjir yn foar gongen mar de kns dat dizze lste skeakel ek noch oan de ketting komt is in hiel rele. Wommels hat mei Anna-Brecht Bruinsma en Martzen Deinum en Sjanet in partoer dat fan eltsenien winne kin. Mar dat is foar letter.

No sjogge wy werom op de winst op de Frouljus-PC fan 2017.

Sjanet keatste yn 2017 mei Louise Krol fan Ie en Imke van der Leest fan Easterein. Hja wienen dan wol ien fan de knshawwers mar mear ek net. De partoeren fan Ilse Tuinenga en dat fan Anne Monfils wienen faak in maatsje te grut. Mar dat it der wol yn siet lieten de frouljus sjen yn Penjum wrt sy de winst pakten en yn Huzum wrt it feitlik net mear mis gean koe mar op 5-5 en 6-6 dochs noch barde.

Wy hienen de winst yn de hannen doet Louise de bal net foar de keats hlde koe. Mar sa giet dat faak. It gelok is faak dan ek noch mei it sterkere partoer. Mar yn Huzum hie it kinnen en it hie feitlik ek moatten mar heit soe wol sizze: t bliuwt keatsen.

Mar goed jimme wisten dat by in geunstich lot der wol wat mooglik wie.

Mar dat foel goed tsjin. Wy kamen yn it earste blokje fan fjouwer hiele sterke partoeren te sitten. Wy moasten daliks tsjin it partoer fan Joukje Kuperus, Maaike Osinga en Iris van der Veen en as wy in omloop fierder komme soenen moasten wy f tsjin Anne Monfils f tsjin Ilse Tuinenga. No, dr wienen wy net bliid mei. Wy hienen graach yn it lste blokje sitten. Mar ja, lot is lot. Je moatte it der mar mei dwaan.

Foardat ik nei Wommels ta ried hie ik noch efkes nei it ferrin fan de earste omloop sjoen. It wie in knikker op e kant. Der komt in dikke keats efter de stuiten en dan is it oan jimme. Oan de kant sizze wy dan: as hja noch wat wolle dan moat dizze bal oer it kleedsje. Wat ik der dan ek noch by sis: Sjanet moat him net ha. Mar ik hear it de frouljus al sizzen: je ha de bal net oan in toutsje en it is wol 5-5 en 6-6. No, de ein is bekend. Do reagest de bal oer alles hinne en jim meie drnei oan de bak tsjin it absolute favorite partoer fan Ilse Tuinenga.

Hienen jim der wat betrouwen yn?

Ja, beslist. As it hjoed koe dan moast it hjoed ek. Wy hienen dan wol dreech keatst mar itselde koe sein wurde fan it partoer fan Ilse Tuinenga. Sy moasten ek aardich oan de efterste poat lke om in omloop fierder te komen.

Mar jim binne feitlik noait yn de problemen west. Do wiest geweldich yn it efterperk en oan de stuit hiesto se der ek goed foar. Boppedat makken Louise en Imke harren paadsje goed skjin.

Ja, wy hienen der alle betrouwen yn en ddlik wie ek dat Manon Scheepstra net har bste partij keatste. Op sokke wedstriden stiet altyd mear op it spul as earne oars. De ferwachtings binne grut en de spanning is folle grutter. Dat is no ien kear sa. It gie my wol aardich of.

Meist wol size ja. Kaam by dat Ilse jim ek wol in hantsje holpen hat. Sy hie it dy woansdei yn augustus net.

Fansels dat kaam s goed t en boppedat makken wy mar in bytsje flaters en dan binne je al in hiel ein. Der is altyd spanning mar as it wol, dan hast der minder lst fan.

De ein wie wol aardich fanselsis it net?

Ja, ik sloech trije ballen der oer hinne. Dan witte je ek dat de oerwinning wol hiel ticht by komt.

Ja, dy heale finale wie in partij fan neat. Sy wienen bliid dat se sa fier kommen wienen en jimme hoechden net it nderste t de kanne te heljen.

Wier, dat kaam s doe wol goed t!

Hast ek oer de finale ynsitten?

Net echt. Sjoch, wy hienen noch net ien kear fan Marije van der Meer en-dy ferlern. Dat jout wol betrouwen. Mar it bliuwt in finale mei in soad taskgers oan de kant. Dat binne wy ek net wend.

Mar de slach op 2-1 en 6-6 makke alles ddlik is it net?

Ja, doe wie it klear. Dan krije je fleugels en dan ha je der ek gjin muoite mear mei. As de lste slach dan faltja dan bart der wol wat. Je winne in partij wat je net foar mooglik hlden hienen. Ik fn it geweldich. Dat ik ek noch keningin waard wie in kers op e taart.

Hoe hasto it drnei allegearre belibbe. Want winne is ien mar it feest en de drokte drnei is twa fansels.

Ja, ik wie pas op healwei fjouweren ths. Martzen hat s ths brocht. Louise sliepte by s yn Wommels. De nacht wie koart, hiel koart want om goed healwei snen wie ik al wer fan t bd f. Kaam by dat ik de oare moarn om acht oere as faknsje help wer oan de slach moast by de lderein.

Mar der barde en spile fansels noch folle mearfertel!

No, it wie tsjin in oere as tsien healwei alven dat Nynke Sijbrandij my op e lije side kaam en de fraach del lei: Wolsto takom jier by Marrit en my foarynse wurde! No, dat oerfoel my wol. Ik siet noch fol mei adreline en moast no yn ien kear skeakelje nei wat dellein wie troch Nynke. Boppedat wie it hiel ngemaklik want Louise hie drekt wol yn de gaten wat der spile. Komt by dat wy, foar dat wy yn Weidum oan de slach gongen, fpraat hienen dat wy yn 2018 ek wer mei elkoar keatse soenen. Wy kinne goed mei syn trijen troch ien doar en dat is no ek noch sa. Der is fansels oer praat mar in soad tiid hie ik net om der oer nei te tinken omdat ik moarns wer nei de lderein moast om harren yn de klean te helpen.

Hiest efkes wat oars oan de holle?

Ja, absolt en dat wie ek geweldich. Hoet eltsenien mei my meilibbe hat. Yn Ien wurd geweldich. Ik kaam by in man yn Spannum en dy wie noch nei de bakker yn Winsum west en hie in taartsje mei in kroantsje foar my meitsje litten. Ik fyn soks geweldich. Mar ek by de oare minsken haw ik de hiele wike oan it gebak sitten. Dat ferjitte je dochs noait wer.



It bewuste gebakje...moai toch!

Mar de tam tam hie fansels syn wurk al dien. Der waard praat: Wat docht Sjanet. Bliuwt se of giet se nei Nynke en Marrit. De dei nei Weidum wie der in huldiging yn Wommels.

Ja, mar wat de measte minsken miskien net wisten wie it feit dat ik nei myn wurk fsette moast nei Snits. Want hoe kin it sa ml, mar de training by it follybal wie wer t ein set. Ik spylje yn it twadde fan Snits en der waard ferwachte dat ik wol te trainen kaam. Dat begn om seis oere en duorre oant acht oere. Dan soe ek de huldiging t ein sette. Ja, hoe betinke je it. Mar goed alles is noch op syn poatsjes telne kommen. Wer in moai feest en in soad fragen fan hoe en wat. Ik tink net dat ik op bd west ha en dat wienen der mear en dat kaam de froulju ek wer net goed t om dat wy freeds wer yn Bitgum keatse moasten. Feitlik wie dat in brge te fier. Mar goed it is sat it is. Lit ik sa sizze: yn Bitgum wie ik net goed gench foar in priis!

Mar it ferhaal Nynke en Marrit is dan t de wrld?

Ja, wy soenen by elkoar bliuwe. It wie in hiel gedoch mar klear!

Dat tinksto mar in wike nei de lste slach op de Frouljus-PC giet it echt los.

Ja, meist wol sizze! Yn it begjin fan de jn waard ik skille troch Ilse Tuinenga. Sy hie earst myn suske oan de telefoan mar se wie op syk nei my.

De fraach wie: Wolsto takom jier keatse mei Manon en my! Ik hearde dat Ilse senuweftich wie mar dat wie ik ek. Wa rekkenet hjir no op. Mar troch dat Wiljo nei Nynke en Marrit gong, kaam der in plak frij by Ilse en Manon. Ja, it oerfoel my en wat dogge je dan. Ik haw har sein dat ik der in nacht oer sliepe woe en dat ik har de oare moarn tsltsel jaan soe. Dat wie goed mar doe begn it pas. Ik waard hinne en wer slingere. Doch ik it wol of doch ik it net! Ik hie in fspraak mei Louise en Imke mar ik wist ek dat Imke der nei 2018 mei ophlde soewat dogge je dan. Heit Jappie wie tsjinmar ik hie myn twifels. Komt der ea wer san kns lns. Wy ha der hjir ths oant djip yn de nacht oer praat. Wol of net mei alle gedoch derom hinne. Eintsje beslt haw ik it dochs dien. Louise snapte it wol en ek Durk van der Leest, s trainer, hie der wol begryp foar. Moast dwaan sei hy! Wie ik wol bliid om.

Do komst no yn in team dat tige profesjoneel is. Past dy jas dy wol?

Ik tink dat it allinnich mar foardielen hat. Der wurdt in soad foar je regele en dat is moai. Sjoch, Puur Passie begjint yn jannewaris al mei de tarieding en training foar it nije seizoen mar dr sil ik net oan meidwaan.

Ik folleybal by Snits en moat trije kear yn de wike traine. Dat is moandeis, tiisdeis en tongersdeis en boppedat is der ek noch krachtraining op woansdeis. Dat wurdt him dus net mar mei myn kondysje sit it wol goed en boppedat begjint it seizoen mei fdielingspartijen en trochinoarlotterspartijen. Nee, dat komt wol goed. Ik haw der in soad sin oan. Wy sille efkes oan elkoar wenne moatte en ik moat wenne oan it plak foaryn, mar ik tink dat dat wol goed komt. Foar 2018 haw ik in pear geweldige maten. Wa hie dat ea tinke kinnen!



Dit nieuws werd verzorgd door Acquisitie- en advertentiebureau Boppeslach
http://www.kaatsen.nl

De URL voor dit artikel is:
http://www.kaatsen.nl/article.php?sid=13519