Kaatsen.nl

Sieb Vegter riddere foar reedriden en keatsen
Door admin - datum: 2017-11-15 17:47:36





Sieb Vegter fan Kollumerpomp is tongersdei op de neimiddei beneamd as lid yn de Oarder fan Oranje-Nassau. (Foto: Kollumerland c.a.).

Flnr: Balling van Kuiken, frou fan de boargemaster, Jaap van Kuiken, Sieb Vegter, boargemaster Bearn Bilker en Aukje van Kuiken.

Boargemaster Bearn Bilker spjelde har de ūnderskieding op foar al har wurk dat hja yn de lźste fjirtich jier fersetten hat foar sawol it reedriden as it keatsen. Sieb Vegter hat har krapoan 40 jier mei hert en siel ynsetten foar de reedriderij yn alle fasetten fan de sport.

Fan 1977 oant 2017 wie hja frijwilliger by Iisstadion Thialf. Jierrenlang wie hja nasjonaal skiedsrjochter en sjuery lid sawol by de koarte-en langbaan fan it reedridersbūn.

Boppedat wie hja fan 2011 oant 2017 bestjoerslid fan de būn fan IIsklubs Gewest Fryslān.

Ek yn de keatswrāld hat Sieb Vegter har paadsje mear as skjin makke. Hja wie fan 2005 oant 2014 foarsitter fan de keatsferiening De Trochsetters e.o. śt Ie en hat fan 2000 oant 2017 sit hān yn de Technyske Kommisje by de Keatsbūn sawol by de jeugd as de senioaren.



Dit nieuws werd verzorgd door Acquisitie- en advertentiebureau Boppeslach
http://www.kaatsen.nl

De URL voor dit artikel is:
http://www.kaatsen.nl/article.php?sid=13524