Kaatsen.nl

Jan Wagenaar 1940-2017
Door admin - datum: 2017-11-20 05:19:00





Tiisdei 21 novimber 2017 kaam der dan dochs noch hommels de ein oan it libben fan Jan Wagenaar fan Winsum. Jan Wagenaar waard berne yn Gau mar hat it grutste part fan syn libben troch brocht yn Winsum.

Jan wie miskien dan net in grut keatser mar in grut leafhawwer wie hy seker. Syn grutste prestaasje is wol it winnen fan it skoalkeatsen fan de gemeente Baarderradiel.

Oan de side fan nder oaren Tinus Santema en Sjerp Wassenaar wint hy dat kampioenskip. Jan is altyd frij feint bleaun en der troch hie hy gench tiid om nei syn grutste leafhawwerij ta te gean. Derby hie hy in swak foar it frouljuskeatsen.

Jierrenlang hat hy sponsor west fan keatsfereining Winsum en harren frouljuspartij. Jan mocht der graach by wze. Mar ek doet hy net mear hoegde te wurken wie hy hiel lang fste dielnimmer by de 50 plus. Doet it keatsen net mear woe wie hy noch faak te gast by de manlju yn sporthal de Trije of op de fjilden wr t de lde garde dan besocht foarbst op te slaan.

Ek foar VVO de fuotbalklub t Easterlittens is Jan jierrenlang yn it spier west. Alvetal-lieder, flaggenist of lotto-toto opheller Jan wie nearne te grut foar. Jan wie in noflike maat werby de wille fan it spultsje foarop stie. Jan Wagenaar mocht 77 jier wurde.



Dit nieuws werd verzorgd door Acquisitie- en advertentiebureau Boppeslach
http://www.kaatsen.nl

De URL voor dit artikel is:
http://www.kaatsen.nl/article.php?sid=13526