Kaatsen.nl

Sieb Vegter: It is sat it is!
Door admin - datum: 2017-11-21 02:12:24





Tongersdei 17 novimber 2017 wie in dei mei twa gesichten. Oan de iene kant wie der de blidens foar it keninklike lintsje mar oan de oare kant wie der ek de grutte soarch oangeande de snens fan hja dyt it lintsje opspjelde krige. Je koenen in spjeld fallen hearre doet Sieb troch har dochter Aukje de seal yn riden waard. In part fan de genoadigden setten de hn fan alteraasje foar de mle. (Foto: Kollumerland c.a.).

It byld fan Sieb yn e rllstoel die sear. Ferrekte sear. Wie dat de frou dyt ik koartlyn noch sprutsen hie oan har favorite plakje oan de keukenstafel yn Kollumerpomp? Doe like it knap mei har te gean. Wy wisten beide hoet de flagge der foar hong mar dat wie it dan ek. Der wie safolle wat ek bepraat wurde moast.

No, trije dagen letter sko ik wer oan op de Soensterdyk nmer 5. Sieb is wer aardich by de pinken mar ddlik is wol dat sy mear as in jas t dien hat. It oantal blomstikken yn de gong jout wol oan dat in soad minsken mei har begien binne.

Hoe is it mei dy? It is in iepen doar yntraapje fansels mar dochs

No, net goed fansels. In hiel lyts bytsje better as ofrne tongersdei mar doe siet ik ek wol op it djiptepunt. Mar wat wolle je ek: dy ferrekte medisinen en de chemo hawwe aardich om har hinne slein. Ik haw in soad lst fan de neuropaty. Yn gewoane minsketaal: de senuwen en it spierenstelsel hawwe in geweldige klap hn. Ek de morfine spilet hjir net swak by. Mar it is sat it is. Ik kin der op it stuit net folle oan feroarje!

Sieb sit no yn in sitewaasje dyt sy al ris earder mei makke hat, mar omdat har kondysje no folle minder is komt de klap twa kear sa hurd oan.

Wy gean efkes werom yn de tiid. It is desimber 2010. Sieb giet mei Jaap en de bern Balling en Aukje nei Lanzerote om it feit te fieren dat sy yn dy moanne 25 jier troud binne. Op ien fan dy dagen falt it Aukje op dat mem muoite hat om de heuveltsjes in bytsje knap te nimmen. Is der wat mei dy? freget se.nee, sei Sieb, mar Aukje hie wol gelyk. It rinnend wurk fan Sieb heakket wol ris wat. Werom yn Frysln wurdt in besite brocht oan de dokter en syn ferfanger wol dochs dat der fotos naam wurde. Al rillegau blykt dat der mear oan de hn is as sljochtwei. It hege wurd komt der dan t!

Sieb hat kanker en de foartsichten binne net goed! Wy prate dan oer jannewaris 2011.

De dokter hat it oer goed njoggen moanne dyt noch foar ha oerbliuwe... Ik haw yn myn libben al gench foar de kiezzen hn mar hjir skrikke je dochs fan. Kinst ek sizze: de grn sakket dy nder de fuotten wei. Wie dit it dan tinke je! Mar ik bin net ien dyt de holle gau hingje lit dus bin ik der foar gongen. Moai wie foaral dat de chemos goed oansloegen en ik rillegau wer de fuotten nder it gat hie. As it heal koe haw ik der ek net folle om litten. Ik wit wol dat ik, neit ik in behanneling fan de chemo hn hie, dochs noch wol deselde dei nei in keatspartij west haw wrt Aukje yn de finale stie.

It moat Wommels west hawwe. In partij dyt troch it minne waar letter tkeatst waard. Oft dat ferstannich wie? Lit ik sa sizze: Ik haw dat dien. As ik wat yn e holle haw dan moat dat ek barre. Dat is no ien kear it aard fan it bistke. Kinst ek sizze dat ik somtiden knap eigenwiis bin.

Mar goed do knaptest rillegau wer op en it gie sat it altyd gong. Simmers nei it keatsen en yn de winter nei Thialf want it hert leit op it iis.

Ja, ik haw mar in bytsje wedstriden oerslein wrt ik foar riderij yn al syn fasetten wze moast. Dat hat my ek wol goed dien. Under de minsken. Saken dwaan dyt je o sa nei lizze. It wie foar my it bste medisyn.

Mar dan binne wy der noch net want yn 2014 moastest wer nder it mes. No yn it Antoni van Leeuwenhoek sikehs yn Amsterdam. Ik hie lst fan in kyste. Sy tochten oan de grutte fan in aai mar yn wurklikheid hie de kyste de grutte fan in knappe rugbybal. Tiisdeis nei it sikenhs en snein wie ik wer ths yn Kollumerpomp. Ek dat krihe ik rillegau wer op e rit. Ik fielde my hieltiid better en de lea sputtere ek net tsjin.

Dan wurdt it septimber 2017.
Sjoch, je fiele wol ris wat mar dat wie ik wol gewoan. Je wenne oan bepaalde saken. Je witte san bytsje wat wol en wat net kin. Mar ein septimber krige ik lst fan de lea. It wie oars as oars. De rch spile op mar ik tocht dat dat kaam troch de spanning doet orkaan Irma oer Sint Maarten raasde. Jo witte dat Aukje dr wurket en wy koenen net kontakt krije mei har en as dat lang duorret dan helje je as lder alles yn e holle. Lokkich krigen wy nei oeren wachtsjen dochs in teken fan libben fan har mar de pine bleau en it waard net better mar slimmer. No, dan witte je it wol: Mar wer nei dokter en wer de nedige ndersiken.

Nei krapoan trije wike krije je dan it berjocht dat je net hearre wolle mar dat al dy tiid wol meispilet. Wy binne wer werom by af. De klap is hurd, snoeihurd, mar ik tink dan daliks: Hoe no fierder. Je witte dat it wer in swiere wei wurde sil mar je hawwe gjin oare kar. Dus haw ik op freed 11 novimber wer myn earste chemo hn en dy hat der geweldich ynklapt. It wie frne tongersdei sa slim dat ik my opnimme litte woe. Ik woe sa net fierder mar doe kaam it hege wurd der t.

Mem moat it as it heal kin noch efkes folhlde want mem krijt oan it ein fan de dei in lintsje. It hie stil hlden wurde moatten mar it koe net oars. No, ik haw de kapper oan hs komme litten en haw alles wat ik op dat momint hie byelkoar skarrele en sa haw ik de dei folbringe kinnen. It wie it beklimmen fan in hiele grutte bult mar mei de stipe fan myn neisten haw ik it oprde kinnen.

Wiest ek ferbaast datsto riddere waarst? Do wiest dochs net sa ien fan in lintsje is it net?

Klopt, myn famylje oan de kant fan heit en mem binne feitlik net minsken fan in lintsje. Ik ha muoite mei lintsjes dyt trikt wurde as je pakem beet 12,5 jier yn de rie sitten ha. Dat is moai fansels mar je wurde der foar betelle dus dan hoecht in lintsje net. Mar ik bin wol grutsk dat ik no wol in lintsje krigen haw. It is dochs in bekroaning fan it feit dat ik dochs wol wat betsjutten haw foar bygelyks it reedriden en it keatsen.



Sljocht fan it reedriden

Ik bin as famke by it reedriden kommen en it hat my noait wer loslitten. Doet ik op de MULO siet mocht ik mei nei Ynzell. Ik bin der twa kear west. Tsien dagen lang mei de Eskimos t Frjentsjer. Ik wit noch wol dat Frieda Miedema-Wieringa in bytsje op my passe moast. Nei skoalle hie ik graach nei it CIOS wollen mar doe siet de lea my ek al dwrs. Letter doet wy te wenjen kamen yn Wierum bin ik yn oanrekking kommen mei it keatsen en it spultsje yn al syn foegen hat my nea wer loslitten.



Yn Doanjum by it haadklasse keatsen as karmaster
(Foto: Martin de Jong).

Mar dochs bliid datsto riddere bist?

Ja, fansels. It wie in nettsjinsteande alles in prachtige dei. Alles wat my leaf wie, wie der! Nei de trikking binne wy noch fset nei de Pater yn Dokkumer Nijesilen en dr hawwe wy noch in noflike tiid trochbrocht. Drnei hawwe se my nei hs brocht en hawwe wy de dei, ik op bd en de famylje derom hinne, noch ris trochnommen. Dat hat my freeslik goed dien.

Hoe no fierder?

Ja, hoe no fierder. It foartsjoch is beheind. Mar dat seinen hja yn 2011 ek al en ik bin der noch altyd. Ik hoopje dat ik straks wer mear mobyl bin. Dat ik wer selsstannich saken oppakke kin en dat ik net fan in oar fhinklik bin. No is dat noch net sa fier. Ik ha no bytiden it gefoel dat ik op weagen rin. Dat de flier nder de fuotten op en del giet. Sjoch, de morfine fan de lste wiken moast ek net nderskatte.

It koe doe net oars mar as it heal kin lit ik de pillen stean. Allinne fan de lichtste morfine pleister meitsje ik noch gebrk. Dan krij ik ek wer mear stjoer oer myn libben. Ik bin altyd in selsstannige frou westdan komt it no noch hurder oan mar jo moatte sa mar tinke: it is sat it is. Dr kin ik op dit stuit neat oan feroarje it is net oars!





Dit nieuws werd verzorgd door Acquisitie- en advertentiebureau Boppeslach
http://www.kaatsen.nl

De URL voor dit artikel is:
http://www.kaatsen.nl/article.php?sid=13528