Kaatsen.nl

Kweapraat (159)
Door admin - datum: 2018-06-09 17:28:22





Goeie mannen, bytsje bekommen fan alle drokte fan frne wike?

Och Sake, dat foel wol ta hear. Hoewol de eagen stean jo dan nei safolle partijen keatsen wolris rjocht yn e nekke. Wat wolle je ek: tongersdei bin ik efkes nei de Lanen west yn Harns, freed stienen de froulju al wer klear yn Stiens. Sneon gong de reis nei ien fan myn favorite keatsdoarpen Damwld en snein woenen de haadklassers graach foarbst opslaan mar dat hie der bytiden wol oan. It wie bytiden mear in kwestje fan hoe komme wy by de ein. Dat jildt ek foar in stikjeskriuwer dyt de saken graach beneamt. Dat falt net altyd by eltsenien yn de goeie ple. Mar dat heart der ek in bytsje by. Boppedat witte wy as gjin ien as je de holle boppe it maaifjild tstekke dat der op je sketten wurde kin. (Cartoon: Peter Vassilev).

De keatswrld is in aparte wrld wrt eltsenien oer alles en noch wat in miening hat, mar dr yn it iepenbier net graach foar tkomt. Dan komt it te tichteby. Wy komme elkoar moarn ek wer tsjin wurdt der dan faak sein. No, dat soe wat. Wy libje wol yn 2018 hear. Fan dat achterbakse gedrach moatte Fokke en ik neat ha. Wy sizze wat wy tinke en wy besykje dat altyd te nderbouwen mei arguminten.

Dat in oantal leafhawwers dr muoite mei hat, is spitich mar dat wol net sizze dat wy s no ynhlde moatte om it eltsenien nei t sin te meitsjen. Dat leit net yn s aard en sille wy ek noait dwaan. Saken beneame sat se binne en net om de hite brij hinne draaie. Gewoan, as it moat, de finger op it seare plak lizze. Wy hlde bepaalde minsken in spegel foar en dat kin konfrontearend wze. No, sa!

Wy gean oer ta de oarder fan de dei. Yn Harns waard wer om raak keatst op de Lanen. Keatse sat it ea bedoeld is. Op de Lanen mei en kin in soad mar je moatte wol in bytsje balje kinne as je oan de ein fan de wike op it bordes stean wolle. Mei de kop keatse dat moat foaral op de Lanen. Slim wze wint it faak fan grof geweld. Mei der ferrekte graach nei sjen. Je moatte as je net t Harns komme altyd in foet mear fersette om fierder te kommen. De karmasters dogge foar eigen folk noch wolris in eachje ticht. Mar dat is al 69 jier sa en dat moat ek moai sa bliuwe. Oan de ein wint doch faak hy of sy dyt gewoan de bettere keatser is. Bliid dat dit keatsen noch sa libbet yn Harns.

Yn Stiens seach ik freed dat Manon Scheepstra dit jier alle froulju san bytsje de baas is. Op en t stek hja der fier boppe t. Dat hja dan ek wer wint is frij normaal mar it moat wol altyd efkes dien wurde fansels. Hja lst it spultsje as de bste. Docht gjin gekke dingen mear en makket dertroch ek noch mar in bytsje fouten. Yn dizze foarm sil hja noch in soad as earste foar de tinte komme. Yn Stiens die ek wer blyken dat de froulju bytiden de krite ek min fine kinne. Jonge, jonge wat waard der freed yn Stiens omraak knoffele. Falt wol ta hear ik dan.

Froulju hawwe hast noait ien btenno ik wist wol dat it oars wie en nei freed waard it my noch wer ddliker. Partijen fan mear as 18 missers oan de stuit komt faker foar as hja tinke dyt noflik ndert sake oan de kant sitte. Dan docht ek blyken dat it keatsen by de froulju ferrekte tin is. Dan stean der froulju op de list dyt harren sels mear yn it paad sitte as goed foar harren is. As bond soenen je dan tinke kinne oan net acht mar seis partoer. Je ha mear kwaliteit en der komt dan ek mear striid. Je soenen ek tinke kinne: ien earsteklasser by twa haadklassers. Is ea sa west mar letter fan e tafel feegt. De bsten woenen dit net en de doetiidse TC gong hjir yn mei.

Yn Stiens hearden wy ek it ferhaal oer de pilot fan it hjoeddeiske skiedrjochter wzen. Skiedsrjochter wzen is hjoeddedei in hnebaan. Of it is net goed of it doocht netdit is wol koart troch de bocht mar der sit in soad wierheid yn. Guon keatser besykje it bloed nder de neil te heljen. Dat mei mar oan de skiedsrjochter om dat yn goeie banen te lieden. Anno 2018 binne der noch mar in pear dyt gench kont yn e broek ha om de bytiden omheech fallen mantjes en frouen efkes op harren plak te setten. Dat kin best mar dan moatte dizze minsken wol it idee ha dat as it stoarmet hja ek yn de rch dekt wurde troch bygelyks de strafkommisje en fierderop de beropskommisje. As dat net it gefal is dan ha wy oer pakem beet fiif jier gjin skiedsrjochters mearnet sizze dat bart net. No, ik wit wol betterwy libje net nder in stien!

Mar goed no is der wer wat nijs betocht! Dat is net slim want as je net mear neitinke hoet dan wol moat dan kinne je de tinte no alfst op slot dwaan. Minsken in it bn ha betocht dat TEAM KUIPERS by it fuotbaljen miskien ek wol wat foar it keatsen wze kin. Dus is der no in team, sis mar partoer, fan trije minsken dyt mei syn trijen nei in keatspartij gean. Twa oan de kant en yn op it fjild. Net laitsje want sa is it net bedoeld. Ek mei de gedachte dat de jeugd net mear in dei fan 10 oant fiif oere op it fjild stean wolIn pear oerkes kin dan noch woljns yn de tinte makket net hoe lang it duorret mar dat is in oar ferhaal.. Ik tink dan hoe fier binne wy sa njonkenlytsen fan hsin pear oerkes soe noch kinne! As de ien yn it fjild stiet kin de oare efkes in blokje ombakje dwaanmiskien efkes t de broek of bygelyks efkes sjen hoet it stiet by Rjochtt tsjin Slachom en dat alles fia de app fansels. Ja, der wurdt wat betochten dat alles foar de priis fan ien want der is mar ien fergoeding. Tel uit je winst! Komt seker in ferfolch opmoai wurk foar it safolste wurkgroepke! Want der is it keatsen sterk yn. No, sa!

Wat seker ta neitinken jout is it feit wat der op dit stuit bart by keatsferiening Sjirk de Wal fan De Ryp. De Ryp hat plannen dyt de bond yn swier waar bringe kin en dyt foar de oare ferienings in soad pine jaan kin. De Ryp, sis mar Siebe Groothoff, ea grutte freon fan de KNKB, hat betocht dat De Ryp it wol mei folle minder fdracht nei de bond dwaan kin. Hy, dyt ea foarop rn om de bond te stypjen, hat noch sa folle lst fan ld sear, dat hy de bond no wol efkes in loer draaie wol. Hy hat betocht dat fan de krapoan 400 leden fan de Ryp mear as trije koart net mear yn oanmerking komt foar fdracht nei de bond.

Sis mar hja dyt noch keatse, sis mar in lytse hndert man/frou der sil Sjirk de Wal noch foar betelje mar foar de oare 300 man/frou bliuwt de Rypster knip op e beurs. De oare leden wurde donateur fan Sjirk de Wal en fan donateurs hoecht de feriening gjin kwartsje nei de bond of te dragen. Sjoch, it giet wol om 16,54 de man/frou. Omdat it hast allegearre senioaren binne giet it dan om pakem beet in lytse 5.000 euro op jierbasis. Sjoch, dat docht de bond fansels sear mar de pine giet foaral nei de oare ferienings dyt dat gat yn de begrutting no opfange moatte. Want de bond sil linksom of rjochtsom dochs har jild op it kleed krije moatte.

Sjoch, it wurdt pas in echt probleem as oare ferienings dit ek dwaan gean want dan binne wy echt fan God los. Dan te witten dat dizze aksje fan Sjirk de Wal foar 99% yn jn wurdt troch rankune

Sneon wienen wy te gast by Nut en Nocht yn Damwld. Damwld is in plak wrt wy graach komme. It fielt as thskomen. Alles dik foar elkoar..gjin nee te keap en boppeal leit der oan de ein fan de dei 1.800 euro klear foar de winnende partoeren. Dat binne der mar in bytsje ferienings dy dat op it kleed krijewat spitich tink dan dat sokke ferienings by it ferdielen fan de bnswedstriden faak te faak oan it koartste ein lke. Dat jildt fansels ek foar de minsken fan Warber Bliuwe yn Moarre. Dongeradiel en Dantumadiel it binne gemeentes wrt it keatsen noch libbebet as in hert. Je soenen dat as bond folle mear beleane moattewant sa faak sjogge wy yn dizze kontreien ek gjin fertsjinwurdiger fan it hjoeddeiske HB omspringender wurdt dan gau seinit is te fier foar dizze man/frou. Wy leauwe dat net mar as je noait ien sjogge soe dat ek samar wier wze kinne. Spitich!

'Sake, oant in oare kear.



Dit nieuws werd verzorgd door Acquisitie- en advertentiebureau Boppeslach
http://www.kaatsen.nl

De URL voor dit artikel is:
http://www.kaatsen.nl/article.php?sid=13730