Welkom op de website van www.kaatsen.nlFrythermoYour DJ
Home    Nieuwsarchief  

   Menu
Home
Nieuwsarchief
Web Links
Spelregels
Parturen 2017
Gastenboek

   Websponsors
Middelsee schilders
Your-DJ
Laanstra en Roersma
Opel Deinum Franeker
Copy service
Van Smeden IJzerwaren en Gereedschappen
Bouwbedrijf Bruinsma
Nijholt

   Agenda
  Ma Di Wo Do Vr Za Zo
>     01 02 03 04 05
> 06 07 08 09 10 11 12
> 13 14 15 16 17 18 19
> 20 21 22 23 24 25 26
> 27 28          



Agenda deze week:

Geen events deze week


Zoek agenda door op...



Agenda van vandaag:

Geen events vandaag

Webalizer web stats

Kweapraat (131)
Gepost op Maandag 19 september @ 02:38:52
Afdrukbare Versie 
Kweapraat


'Goeie mannen, No, bliid dat it keatsseizoen der wer op sit?

No nee Sake, Fokke en ik meie ferrekte graach nei it keatsen ta en it is foar s mear as in spultsje. Sjoch it keatsen en it praat der oer hldt net op as de lste bal op de Aldehoupartij slein is. Dat giet troch oant it begjin fan it nije keatsseizoen. Dat is altyd sa west en dat sil ek wol sa lang trochgean sa lang wy der noch aardichheid oan hlde. De passy foar it spultsje is noch altyd sa grut dat der moat hiel wat barre ea wy it fwitte litte sille. Der is noch safolle dat wol de nedige kontsjes brke kin. Wy tinke dat wy de bond dr noch wol ta stipe wze kinne. Mei gewoan boereferstn moatte bepaalde saken dochs oplost wurde kinne. Dat is eins foar de wintertiid, no sjogge wy noch efkes werom op it lste keatswykein fan it frne keatsseizoen. (Cartoon; Peter Vassilev).


Mei de lste klap op de Aldehoupartij foel sneon it doek oer it keatsseizoen 2016. De fraach fan wie it no wol of net in goed keatsseizoen is in muoilik ferhaal en je kinne dr hiel wat oer sizze. Tidens it winterskoft komme wy der wiidweidich op werom. Wy wolle s yn dizze lste kweapraat dan ek net beheine ta de ferkeatste Aldehoupartij. Der binne tal fan saken dyt noch wol efkes nei foaren helle wurde moatte. Dan ha wy it oer de ranking dyt om oanpassing freget. It geweldige brek oan skiedsrjochters en yn dat ramt moatte je je de fraach stelle: wrom ferdwine de lste jierren safolle skiedsrjochters fan it keatstoaniel? Dat is folle mear as it drok hawwe, tiid foar wat oars wolle en neam sa mar op. As je lsterje wolle dan merkbite je dat de skiedsrjochters fan hjoeddedei it net langer pikke.

Hja wolle dat der mear foar harren dien wurdt, dat der nei harren lstere wurdt en dat hja net altyd foar in tichte doar steane. Dat je mei elkoar fprate dat je mei syn allen wat dwaan sille tsjin it fuortskoppen fan de bal. Dat as it t de hn rint, dr in blauwe kaart foar lutsen wurde kin en moat. En as je dat dan in kear dogge, dan docht bliken dat de straf net yn it keatsreglemint opnommen is. Wat moatte je mei san tbrocht rapport dan dwaan? Foar it skoppen nei de bal wie neat werom te finen by de strafkommisje. Wol foar nbehoarlik gedrach mar net foar skoppen nei de bal, dr koenen hja mei it fergrutgls sels neat oer fine.

No giet it der net om as ien wol of net straf ha moat foar it skoppen nei de bal, mar as je as bond soks betinke, dan moatte je der ek foar soargje dat je de skiedsrjochters gjin losse flodders mei jouwe. Hja besykje in wedstriid yn goeie banen te lieden en as der dan wat is, dan meie je der dochs wol fan tgean dat je yn de rch dekt wurde troch it reglemint, oars kinne je it better litte en doch de eagen dan mar ticht. Ha jo in maklike middei en binne je fan in soad geseur f. Mar as wy dat net wolle dan sil der in tandje by moatte. Mem soe wol sizze: Wie de schoen past trekke hem aan. No, sa!

Not wy it dochs oer s hieltyd lytser groepke skiedrjochters ha, soe it net sa gek wze om ris goed nei te tinken oer de hjoeddeiske fergoeding dyt sa njonkenlytsen net mear te ferkeapjen is. Wat krije de mannen en frou dyt krapoan acht oant tsien oeren kwyt binne foar al harren krewearjen? Pakem beet goed sechtich euro de man/frou. As je dan witte dat op de PC foar in lytse tsientzen euro oan prizejild oer de tafel giet dan krijt in hynder de hik as hy dan heart dat de man dyt de saak yn goeie banen liede moat mei krapoan sechtich euro nei hs giet.

De keatsers dogge it net foar minder as 1.500 oant 500 euro de man en de skiedsrjochter wurdt fskeept mei fjouwer prosint fan wat de winner wol yn hannen krijt. Sjoch dat begjint te hingjen. No net roppe fan eare en sa want dr kin de kachel net fan barne. It is fansels net allinne de PC, mar sneon ek op de Aldehoupartij, en dat jout skeve gesichten. De mannen en froulju gean mei krapoan in lytse tsientzen euro nei hs en Jan Heida en Leendert van Wieren moatte it dwaan mei in tin slfke en in blomke fan Romke. Yn it fjoer fan it spul krije hja dan ek noch faaks te hearren dat it net om in pot soere hjerring giet.

Dan tink ik wolris: witte jimme wol wat dizze mannen hjoed mei nei hs nimme? Drom it wurdt heech tiid dat der wat dien wurdt oan it behlden fan skiedrjochters. Want der spilet folle mear as: ik ha it wol sjoen, ik wol no wat oars. Ik wol der mei de bern op t en myn freondinne hat oare plannen mei my. Dat lste argumint soe noch in reden wze kinnemar foar de rest sit it folle djipper. It gros fan de mannen en frou fine it hartstikke leuk om te dwaanmar hja wolle wol foar fol oansjoen wurde. Moai putsje foar de wintertiid. Tink net: it falt wol wat ta en it komt wol goed. Dat soe hiel dom wze. It is net mear twa foar tolve mar it is der al rom in kertier oer hinne.

Sneon waard foar de 103de kear de Aldehoupartij ferkeatst en foar de twadde kear barde dat op in sneon. De efterlizzende gedachte wie dat de publike belangstelling dan miskien wol ris grutter wze soe as op de snein. It is it besykjen fansels wurdich mar wy tinke dat it neat tmakket. Ek dat de huldigingen no tagelyk mei de lste partij fan it jier hlden wurde is gjin garnsje dat it folk dan wol manmachtich op komt draven. Wa it wit mei it sizze!

Wat wol ddlik is dat der wat oan de hjoeddeiske ranking dien wurde moat. It vrijblijvende moat der f. Der moatte strafpunten takend wurde as je om in reden dyt neat mei it keatsen te krijen hat, je net oanjouwe foar in haadklasse c.q. earsteklas partij. Wy binne dr foar en dat sille wy by de bond ek oankaarte dat as de keatser him net opjout foar de trochinoarlotterspartij op de sneon hy dan in koarting krijt dyt gelyk is oan de punten dyt hy krijt as hy op in frijeformaasjewedstriid meidocht. Der moat in stok efter de doar want straks binne al dy trochinoarlotterspartijen op de sneon foarby. Dat kin net de bedoeling wze en ik nim ek oan dat de bond dit ek sa sjocht. Op termyn is it de deastek foar de partijen dyt op sneon ferkeatst wurde. Stel dat de bond der neat oan dwaan wol of kin dan soe it samar kinne dat de ferienings op de sneon allinne in frije formaasje partij wolle yn pleats fan in trochinoarlotterspartij. Je kinne der as bond net om hinne.

Want sat no giet raast it oan de protters. Sjoch nei de list fan de mannen en je fine dr stean Aloys Freitag fan Makkum. Aloys hat mear as wat yn de lytse lge sitten en traint hielendal net foar it keatsen. Sa no en dan ris fuort mei wat lde maten om de sinnen wat te fersetten. Snder training blykt dat Aloys noch in aardich baltsje slaan kin en ek noch as winner fan de Lytse PC fan it fjild rint. Betsjut wol dat hy op 37-jierige leaftiid noch syn debt makket op de ferneamde Aldehoupartij.

Wy kinne Aloys wat better as sljochtwei en Aloys liet blike dat dit net moat. Dit mei net barre sei hy tsjin s. Dit is dochs gek oanstekken. Ik ha hjir neat te sykjen en dochs stean ik hjir omdat in skepnet fol goeie keatsers oare saken wichtiger fine as de ein fan it seizoen. Ik stean hjir, sei hy, omdat it nivo fan de hjoeddeiske earste- en twadde klasse nearne op liket. In man dyt wol tweintich kilo te swier is, wint it noch en kin him ek noch pleatse foar de ferneamde Aldehoupartij. Wy tinke dat hjir ek gau wat oan dien wurde moat. De Aldehoupartij is net samar in partij en fertsjinnet in fjild mei de bste keatsers fan keatsend Frysln mar dat jildt ek foar Niawier, Moarre en Dokkum om mar in pear ferienings te neamen. It spilet fansels net allinne by de manlju mar ek by de froulju.

Op de lste partij fan it jier waarden dit jier ek de klassemintsprizen foar alle kategorien trikt. Dat hat fansels wol wat mar bringt ek in soad drokte mei. Sa ek sneon. Doel wie om de jonges en famkes harren medailles foar winst yn de ferskate klasseminten te oerlangjen yn de pauze foar de beide finales. Sjoch, sa wurdt soks betocht en de minsken dyt soks hannen en fuotten besykje te jaan gean der fan t dat beide finales tagelyk begjinne kinne. Dan kin moai de oandacht nei de jeugd is it net sa! Mar ja, de praktyk is altyd oars dan wat je betocht ha.

De froulju gongen as it slydjaget en by de mannen wie it gns dreger. Dus wat krije je dan? Dat de froulju al mei de finale dwaande binne as Geert van Tuinen noch alle war docht om de priiswinnende jeugd efkes yn it sintsje te setten. Omdat it ld nochal troch dreunde krigen de taskgers rnom it fjild it klamme swit yn e hannen, net omdat der sa moai en geweldich keatst waard mar omdat hja harren sels net mear ferstean koenen. Wy wienen der sels tsjge fan. Dat moat de oare kear beslist oarsgelokkich kinne wy hjir ek in jier oer neitinke.

Fansels moatte wy it ek noch efkes ha oer de fskienimmende keatsers en de kening fan de 103de Aldehoupartij. Johan van der Meulen waard kening en dat wie hy noch nea west. It koe net moaier. 2005 winne en alve jier letter der wer stean. Seit wat wat fan de lytse man. Fokke seit altyd: sis noait noait! Wy binne it net faak mei Fokke iens mar wy moatte no tajaan dat wy it in bytsje hoopje wat Fokke net ld opsizze doart
Op de 17de septimber kaam der dan ek in ein oan it regear fan Danil Iseger en Jan Dirk de Groot.

Twa grutte krigers en allebeide masters op harren terrein. Mannen, wy ha fan jimme genoaten en sizze tank foar de moaie mominten en gean der fan t dat wy jimme ek yn de kommende jierren noch wolris yn aksje sjen sille. Ynfalle kin altyd fansels en sjoch mar nei Jacob Wassenaar of syn broer Chris of oars Arie fan Arum. Je binne it net gau ferleard.

By de froulju hat Sjoukje Visser in gat falle litten dat net sa maklik opfuld wurde sil. It is no oan Ilse Tuinenga en Manon Scheepstra om de karre te lken. Dr binne wy net bang foar. Yn Ljouwert waard ddlik dat Manon Scheepstra wer hielendal werom is. Yn Makkum makke hja har debt nei in slimme knibbelblessuere en op de Aldehoupartij pakte hja alwer har tsiende oerwinning fan it seizoen en de seisde efterienfolgende. Dat is in rekr. Moai om hjir mei it jier f te sluten. Dat dogge wy no ek. Kweapraat komt werom oan it begjin fan it nije keatsseizoen.

Mar wy gean net yn de rst. It winterskoft sil fuld wurde mei tal fan saken dyt wy tinke te nijsgjirrich binne om foar s sels te hlden. It plan is om der yn de earste wike fan oktober mei te begjinnen. Ha wy efkes de tiid om de batterij wer op te laden.

Sake, oant maaie 2017!
 

Copyright Acquisitie- en advertentiebureau Boppeslach 2002-2017
Alle rechten, waaronder het auteursrecht, zijn aan Acquisitie- en advertentiebureau Boppeslach voorbehouden.
Gehele of gedeeltelijke overname, plaatsing op andere sites, verveelvoudiging op welke andere wijze dan ook en/of commercieel gebruik van deze informatie is niet toegestaan, tenzij hiervoor uitdrukkelijk schriftelijke toestemming is verleend door Boppeslach of tenzij aan de onderstaande voorwaarden wordt voldaan. Het is, behoudens de terzake wettelijk verankerde rechten, niet toegestaan teksten of beeldmateriaal over te nemen
c.q. te publiceren zonder toestemming van Acquisitie- en advertentiebureau Boppeslach.

Nieuwsberichten, vragen en opmerkingen kunt u richten aan jbraaksma@planet.nl of telefoon 0517 - 39 68 20