Welkom op de website van www.kaatsen.nlFrythermoYour DJ
Home    Nieuwsarchief  

   Menu
Home
Nieuwsarchief
Web Links
Spelregels
Parturen 2017
Gastenboek

   Websponsors
Middelsee schilders
Your-DJ
Laanstra en Roersma
Opel Deinum Franeker
Copy service
Van Smeden IJzerwaren en Gereedschappen
Bouwbedrijf Bruinsma
Nijholt

   Agenda
  Ma Di Wo Do Vr Za Zo
> 02 03 04 05 06 07 08
> 09 10 11 12 13 14 15
> 16 17 18 19 20 21 22
> 23 24 25 26 27 28 29
> 30 31          



Agenda deze week:

Zaterdag, oktober 21
10:00 - 14:00 Zaalkaatsen FBA



Zoek agenda door op...



Agenda van vandaag:

10:00
10:00 - 14:00 Zaalkaatsen FBA

Webalizer web stats

Willem Beimers: Ik hie graach fskie nommen op de Aldehou partij
Gepost op Vrijdag 30 september @ 20:33:59
Afdrukbare Versie 
Bijdragen Jan Braaksma


Op in woansdei yn septimber skik ik oan by Willem Beimers fan Wjelsryp. Willem is hikke en tein yn De Ryp mar is no al wer jierren te set yn Wjelsryp wrt hy wennet mei syn Tamara en harren twa lytse bern. Fan beide hat Willem ien! As ik it paad del kom komt Willem krekt werom mei de dochter fan fuotbal trening. (Foto: Henk Bootsma).

Willem: 'Geweldich fan Jan dat ik finale op de Freule dwaan mocht.


Willem Beimers, 50 jier ld, hat rchwei 15 jier skiedsrjochter west by de KNKB, mar sil der takom jier net mear by wze as de wedstriden wer yndield wurde. Oan de telefoan liet Willem witte dat it moai west is. Ja wis, dat soe ik ek sizze as in stikjeskriuwer nei it hoe en wat freget. Mar lang om let meitsje wy dochs in fspraak foar in petear wrt wy alles, no alles noch efkes by it ear pakke.

Yn 2002 kom ik Willem Beimers foar it earst tsjin by in wedstriid fan de KNKB. Wy skriuwe 2 juny 2002. Willem jout lieding oan in trochinoarlotterspartij foar pupillefamkes en dat bart yn Littens. Yn datselde jier sil hy noch fiif kear op it fjild stean.

,,Is dat sa? seit Willem. ,,Soe best sa wze kinne. Fan de wedstriid yn Littens stiet my net sa folle mear by mar ik wit wol dat ik yn Rie west ha foar in partij foar de famkes. Wit wol dat Jan Bruinsma fan Berltsum myn begelieder wie. Dat is dochs dy man fan de iterij? Ja Willem, dat wie sa!

Wrom skiedsrjochter?
,,No dat sit sa. Doet ik skiedsrjochter waard hie ik noch neat oan it hantsje. Ik wie noch frij man en woe net it hiele wykein yn e kroech sitte. Kaam ek by dat it skiedsrjochter wzen net hielendal frjemd foar my wie. Ik kom t de lde CFK en sawol heit as mem ha skiedsrjochter west. Datselfde jildt foar omke Willem. Ik tink dat lde Durk Houtsma my oan west hat om te freegjen as ik ek skiedsrjochter wurde woe. No dat dogge je dan en ik wit noch dat ik op kursus west ha tagelyk mei Astrid Kooistra en Durk Wierstra fan Ljouwert. Hja binne der noch en ik stopje der mei.

,,Sjoch Jan, ik bin no fyftich en ik krij lst fan it fysyk om samar te sizzen. Myn wurk leit bten Frysln. Eltse moarn giet by my om pakem beet healwei fiven de wekker. Ik bin elektrisjn en wurkje yn de omjouwing fan Apeldoorn. Ik sit no foar in klus yn Soesterberg mar myn wurkplak is de omjouwing fan Apeldoorn. Dat is fiif dagen yn e wike en as je lder wurde begjint dat te hingjen. Moast sa mar sjen: skiedsrjochter wze kost dy in hiele dei. Dan is ien dei fan it wykein al wer foarby. Wy ha twa lytse bern en dr wolle je as heit ek wolris mei op t. Sjoch it binne dan miskien mar tsien wedstriden yn it seizoen mar dy sneon of snein is wol beset. Komt by dat it geande de tiid oars wurden is. De tiid is bot feroare en de minske ek.

Hasto muoite mei de hjoeddeiske keatser of binne der oare saken dyt op de eftergrn meispylje om der no mei op te hlden?

,,Nee mei de keatsende manlju en froulju ha ik nea problemen hn. Wat ik wol ferfelend fyn en fn is dat der te folle regels binne. Boppedat as der dan wat feroarje en barre moat dan wurdt de klus net fmakke sadat wy as skiedsrjochters der ek mei t de fuotten kinne.

Do doelst fansels op it skoppen nei de bal wrt gjin regelgeving foar betocht wie?

,,No do seist it. Dat kin fansels net. Wy ha it dr yn s byienkomst mei Peter de Bruin, de hjoeddeiske foarman fan de skiedsrjochters, ek wiidweidich oer hn. Dat makket it wurk der net leuker op. Sjoch, der wurdt altyd en ivich roppen fan it is jimme hobby. Jawis, dat is wol sa mar der wurdt fan de skiedsrjochter fan no folle mear easke. Mar alles falt en stiet mei in goed stel karmasters. As dy je net helpe dan kinst feitlik neat. Je kinne as skiedsrjochter lang net alles sjen. Jo hawwe stipe nedich en dat begjint al mei it meanen fan it fjild. Ik wie dit jier by de Masters en dr wie it gers fierstente heech. Sjoch as ik de linen net lizzen sjoch, dan hoech ik feitlik neat mear te dwaan. In keatser kin wol roppe en raze dat de bal op e line kommen is mar as ik it net sjoch sjocht hy dat hielendal net. Dat is ferrekte spitich want dr kinne je in boel heibel oer krije. Mar dat alles giet bten my om. In goed fjild en in stel goeie en oplettende karmasters, dr begjint it mei. Dikke prizen is moai foar de keatsers mar wy ha leaver dat de omballingen goed binne.

Soe dat ek in reden wze kinne dat der noch mar in nusje skiedsrjochters binne?

,,Ja wa sil it sizze mar ik wit wol doet ik begn san fyftjin jier lyn doe siet de boppeseal fan de Bogt fol as wy s gearkomst hienen. (47 yn 2002 en no in lytse 20. red.)

,,Mar it hat ek te krijen mei de hjoeddeiske minske. Miskien moat der wol te folle. Miskien wolle wy wol oardel liter wetter yn in literse fles jitte. Je witte wol dat dit net kin. Nim no it tdielen fan in blauwe kaart of eartiids as je ien op rapport sette moasten. Do wist net wrt je oan begjinne. It tdielen fan in kaart kost heecht tsien sekonden mar it opmeitsjen fan in rapport kost de wrld oan tiid en dy ha ik net en ik ha der ek gjin nocht oan om dat wurk te dwaan. Boppedat hellet it faak neat t. Dan is dit wer net goed opskreaun en dan is der wer wat oars.

Sjoch Jan, ik wie wat in Ingelske skiedsrjochter. As ik it mei in praatsje dwaan koe dan die ik dat. Sjoch, je komme elkoar letter ek wer oars tsjin. Dr ha ik altyd muoite mei hn. Ik ha ien kear in keatser op rapport setten. It wie yn Wytmarsum en it gong ek noch om myn doarpsgenoat Siebe Greidanus. Siebe kaam te let op it keatsfjild. Tocht dat hy noch net oan bar wie. Siebe die der net muoilik oer, mar ik ha ek noch myn ekskuses oan Siebe oanbean. Ik fn dat tige ferfelend!

Dat is dochs te gek foar wurden Willem.

,,Ja Braaksma, mar san man bin ik.

Te guodlik Willem?

,,Soe sa mar kinne.

,,It moat op in partij by s yn Wjelsryp west ha. Ik wie dan wol noch gjin skiedsrjochter by de KNKB mar ik die wol wurk foar de eigen keatsferiening. Kinst fan alles betinke want der moat gench foar san dei dien wurde. Ik sit op de telegraaf en der wie in wedstriid foar de skoalfamkes. De dochter fan Emile Vogels keatste ek mei, Ant Vogels. No op in bepaald stuit giet it der om as it no 6-4 of 6-6 is. De heit fan Ant makke dr nochal wat drokte om. Der kaam mar gjin ein oan en doe ha ik yn ien haal de telegraaf skjin makke. Koenen se mar wer op e nij begjinne. Dat siet dus ek yn my!

By in fskie heart ek in werom sjen. Hiest der mear fan ferwachte of bist der wol tefreden mei sat it gongen is?

,,Ja ik ha alle wedstriden hn behalve de PC mar dan hie ik miskien noch wol tsien jier troch gean moatten. Nee it is wol goed sa. Ik ha op de wedstriden fan de senioaren bond stien, Frouljus-PC, Freule neam mar op. Ha sels de finale fan de Freule dit jier dwaan mochten. It wie it putsje foar Jan Heida mar hy hat it my gund. Fyn ik geweldich fan Jan. Ha prachtige wedstriden yn de earste klasse hn. Ingelum, Makkum, Reduzum, Hns en Wergea. Ik kaam dr graach en hja seagen my ek graach kommen. Wat wolle je dan noch mear. Ik bin mar twa kear skiedsrjochter op in haadklassenpartij west mar dat fn ik ek wol goed. De earsteklasse lei my better. Ik ha der gjin oanstriid fan hn. Spitich fyn ik wol dat ik net fskie nimme kinnen ha op de Aldehoupartij. Sjoch Jan Heida nam dr ek fskie by de manlju en ik hie dat graach by de froulju dien. Hie wol kinnen want Astrid Kooistra moast de partij werom jaan en no stie Leendert van Wieren op de list. Bin net op de Aldehoupartij west hear mar dat hie ik wol graach wollen
 

Copyright Acquisitie- en advertentiebureau Boppeslach 2002-2017
Alle rechten, waaronder het auteursrecht, zijn aan Acquisitie- en advertentiebureau Boppeslach voorbehouden.
Gehele of gedeeltelijke overname, plaatsing op andere sites, verveelvoudiging op welke andere wijze dan ook en/of commercieel gebruik van deze informatie is niet toegestaan, tenzij hiervoor uitdrukkelijk schriftelijke toestemming is verleend door Boppeslach of tenzij aan de onderstaande voorwaarden wordt voldaan. Het is, behoudens de terzake wettelijk verankerde rechten, niet toegestaan teksten of beeldmateriaal over te nemen
c.q. te publiceren zonder toestemming van Acquisitie- en advertentiebureau Boppeslach.

Nieuwsberichten, vragen en opmerkingen kunt u richten aan jbraaksma@planet.nl of telefoon 0517 - 39 68 20