Welkom op de website van www.kaatsen.nlFrythermoYour DJ
Home    Nieuwsarchief  

   Menu
Home
Nieuwsarchief
Web Links
Spelregels
Parturen 2017
Gastenboek

   Websponsors
Middelsee schilders
Your-DJ
Laanstra en Roersma
Opel Deinum Franeker
Copy service
Van Smeden IJzerwaren en Gereedschappen
Bouwbedrijf Bruinsma
Nijholt

   Agenda
  Ma Di Wo Do Vr Za Zo
>     01 02 03 04 05
> 06 07 08 09 10 11 12
> 13 14 15 16 17 18 19
> 20 21 22 23 24 25 26
> 27 28          



Agenda deze week:

Dinsdag, november 21
Evenement start om 09:00 WK-kaatsen
Woensdag, november 22
Evenement start om 09:00 WK-kaatsen
Donderdag, november 23
Evenement start om 09:00 WK-kaatsen
Vrijdag, november 24
Evenement start om 09:00 WK-kaatsen
Zaterdag, november 25
Evenement start om 09:00 WK-kaatsen



Zoek agenda door op...



Agenda van vandaag:

09:00
Evenement start om 09:00 WK-kaatsen

Webalizer web stats

Ilse Tuinenga: Leonie hat my by de hn nommen
Gepost op Zaterdag 08 oktober @ 00:33:04
Afdrukbare Versie 
Bijdragen Jan Braaksma


Yn Berltsum praat ik mei Ilse Tuinenga, winner fan it jierklassemint by de froulju haadklasse. It jier 2016 wie foar de pas 18-jierige opslager in jier om nea wer te ferjitten. Want gean mar nei: winst yn it sa ferneamde jierklassemint, winst op de bond, Frouljus-PC en de verneamde Van Aisma partij. Boppedat waard hja ek noch keninginne op de PC. Dat hie in jier earder ek wol kinnen mar doe keas de kommisje noch foar maat Manon Scheepstra. Net dat Ilse dr noch mei sit, mar sy fn it no wol moai dat de kar op har foel. Fansels hie se it maat Sjoukje Visser ek wol gund, mar ja der kin mar ien keninginne wze. (Foto: Henk Bootsma).


De keatskarrire fan Ilse Tuinenga is net ien t it boekje. Ilse komt dan wol t in famylje wrt fleindich keatst waard mar dat wol net sizze dat jo dat dan ek samar oppakke. Sa wurket dat no ien kear net. Mar mei it keats dna sit en siet it wol goed. Pake Corrie Tuinenga wn de bond foar senioaren by it doetiidse CFK mar leafst trije kear. Syn behelle prizen pronkje noch altyd oan de muorre fan it lderlik hs fan Ilse. Mem Annette de Koe koe by de froulju ek aardich meikomme en pakte ek har prizen.

Ilse krijt de guit pas te pakken as hja frege wurdt om opslagger te wurden by it fdielingspartoer fan Berltsum. Leonie van der Graaf en Harmke Siegersma binne op syk nei in betfte opslagger en de kar falt op de pas 14-jierige Ilse. It sil de oanset wze ta wat moais.

,,Ja, dat kinne je wol sizze. Sjoch, ik koe by de skoalfamkes en famkes ek wol goed opslaan, allinne de ballen fleagen noch te folle alle kanten t. It wie mear fan fjouwer sitballen en seis bten. De perken wienen foar my te koart en net breed gench. Dat feroare doet ik by de haadklasse kaam. Ik hie daliks it goeie gefoel. Bin noait senuweftich west. Dat bin ik trouwens noait mar doe ek net doet ik foar it earst yn de haadklasse kaam. Dat kaam ek troch Leonie van der Graaf. Hja hat my by de hn nommen. Ik fielde my by har fertroud. Leonie strielde safolle rst t. Je kinne sizze: Leonie hat de oanset west ta wat ik no berikt ha. It rn daliks al goed. Maaie 2012 pak ik mei Berltsum yn Frjentsjer de preemje en goed fiif dagen letter is der de earste oerwinning op de haadklasse.

De ferneamde partij yn De Ryp is de earste yn e rige. Jimme winne yn datselde jier ek noch de bond foar froulju.



Winst op de Jong Famme Partij yn 2012. (Foto: Henk Hempenius). Flnr: Ilse Tuinenga, Harmke Siegersma en Anke Zwart

,,Ja dat koe net moaier. Ik ha de bond drnei noch trije kear wn. Mar miskien wie de oerwinning op de Jong Famme partij fan 2012 noch wol mear bysnder. Sjoch, Berltsum wie bepaald net favoryt. Dat wienen Easterein, Frjentsjer en Boazum folle mear. Wy hienen dat jier ek noch neat wn. Mar op de dei sels pakte it geweldich t. Ik wit noch goed dat wy tsjin Wommels moasten. Wommels mei Anna-Brecht Bruinsma krige mar ien boerdsje. Drnei hienen wy in steand nmer en moasten yn de tredde omloop tsjin Easterein mei Marije Hiemstra, Martine Tiemersma en Anke Marije Pompstra. In bst partoer. Mar wy keatsten goed. Ik stie foaryn en sloech foarbst op. Harmke efteryn en foarminst en Anke Zwart wie s balkearder. Wy ha nea efter stien en pakten op 5-3 en 6-4 de winst. Nei Easterein wachte Frjentsjer mei Iris van der Veen, Marit Kuperus en Manon Scheepstra. Dat wie it te kloppen partoer mar dat wnen wy ek. Yn de finale wie Boazum mei de suskes Nynke en Wiljo Sijbrandij de tsjinstanner en hja wienen ek favoryt. Mar ek dit ha wy oprden. It wie in knikker op e kant mar op 5-5 en 6-4 siet de Jong Famme partij yn e knip. Nei de partij koe ik gjin pap mear sizze. Ik wie kapot.

Nei it seizoen 2012 is it fluch gongen. Yn 2013 en 2014 wiesto in fste wearde yn it partoer fan Berltsum. Dyn namme wie festige.

,,Ja, dat kinne je wol sizze. As ik net frege wie troch Leonie en Harmke dan witte je noait hoe it fierder gongen wie. Op de fdielingswedstriden pakte ik de nedige punten en wy wnen trije kear efterelkoar de bond foar froulju. Dat helpt wol fansels.

Yn 2012 hast op e rol stien om op de Frouljus-PC te keatsen. Dat it net trochgong moat foar dy in teloerstelling west ha.

,,Absolt! Lisette Wagenaar wie blesseard en Leonie van der Graaf en Fenna Zeinstra hienen my frege as ik wol op de PC keatse woe. No dr hie ik wol earen nei fansels. Mar sa as je witte kaam der hiel wat gedonder fan. Lang om let mocht it net en is Harmke Siegersma noch yn de twadde omloop by Leonie en Fenna kommen. Ik bin der wis fan as ik meidwaan mochten hie, dan wie de kns dat wy de Frouljus-PC wn hienen grut west. Mar goed dat is letter wol goed makke.

Yn 2014 wurdsto frege troch Sjoukje Visser en Manon Scheepstra om by harren opslager te wurden. As ik it goed ha bart dat yn Huzum. Do moast it plak ynnimme fan Iris van der Veen. Hoe gong dat?

,,No, dr ha ik wol efkes oer neitinke moatten. It wie healwei it seizoen. It wie net sa fan: dat doch ik. Want der spile fansels wol it ien en oar. Tusken de partoeren fan Puur Passie en dat fan Leonie en Fenna wie der bytiden wol it nedige gedoch. Geseik soenen je no sizze. Dat wist ik en dat wie net altyd leuk. Dat kaam foaral troch it omsittend laachDe keatssters koenen der sels mar in bytsje oan dwaan. De folgers stookten it fjoerke bytiden op. Dus doet ik sei dat ik yn 2015 mei Sjoukje en Manon keatse soe, sil der yn myn omjouwing wol efkes nuver sjoen wze. Ik kaam no yn in oar kampLeonie snapte wol dat ik keas foar Sjoukje en Manon. Dat is dan wer moai. Earst keatste ik mei har en doe waard ik har tsjinstanner. Boppedat siet der ek wat rs op e line trochdat it fsizzen fan Iris net je fan dat wie. Mar dat is ek keatsen.

Mar goed troch it goeie opslaan op de fdielingswedstriden komsto yn in baas partoer. Sjoukje Visser en Manon Scheepstra: froulju om U tsjin te sizzen. Hoe giet dat?

,,De earste wedstriid yn dizze gearstalling wurdt daliks ferlern. Yn Kimswert fleane wy der yn de earste omloop f. Mar drnei pakke wy it goed op en winne in moai oantal partijen. Nee, 2015 waard in geweldich jier. Mei winst op njoggen partijen en ek noch winst op de Frouljus-PC. Dat ik net keninginne waard, dr hie Manon noch it measte lst fan.

Dan hearre jimme dat Manon oan de ein fan it seizoen 2015 nder it mes moat. Dat is skrikken nim ik oan. Hoe no fierder.

,,Ja fansels. Dr is wiidweidich oer praat. Us coach fan doe, Afke Hijlkema, seach it net sitten dat Manon yn de twadde syklus al wer ynstappe soe. Hja wie der op tsjin en seach leaver dat wy in oar fregen. Sjoukje woe wachtsje op Manon en ik ek. Doe ha wy Wiljo foar de earste syklus frege mar it betsjutte wol dat Afke no mei s net fierder woe as coach. Dat wie spitich omdat Afke wol in hiele betfte coach wie dyt it spul goed seach. Douwe Wierstra is doe ynstapt en dat is ek goed ferrn. Sjoch, it wie fwachtsjen fansels mar Manon hat der alles oan dien om yn july wer klear te wzen. Hja is slagge mei in tsien. Nee, geweldich.

Foar 2017 wurdt Wiljo Sijbrandij de nije foarynse by jimme. Sjochst dat wat sitten?

,,Ja absolt. Wiljo is in kanjer. Se is geweldich ynfallen foar Manon en ek as minske past Wiljo goed by s. It moat ek wat passe is it net. Nee, dat komt wol goed. Manon en ik ha al t de gek sein: wy moatte mar sa lang mei elkoar keatse oant dat wy der beide mei ophlde. Dat soe ik wol wolle.

Mar op dit stuit hast wer wat oars by de kop. Fuotbalje meisto ek graach dwaan. Botst dat net mei it keatsen.?

,,Ja en nee. Op dit stuit ha ik in blessuere. By it strjitkeatsen yn Snits ha ik in middenfuotsbonkje kniesd. Ja hoe dom kinne je wze mar hawar it is net oars. Ik kom no krekt by Jelle Eijzenga wei en as ik freed gjin pine ha dan soe ik sneon fuotbalje kinne. Sjoch ik moat wol trene oars wol de trener my net opstelle. Dan te witten dat ik der yn it frne seizoen 40 ynsketten ha. Hy hat it der oer dat ik gjin wedstriidritme ha as ik net treenOfrne jier binne wy kampioen wurden yn de tredde klasse dus sitte wy no in klasse heger. Moatte no ek de kant fan Drinte t om te spyljen. Spitich is wol dat de seizoenen yn elkoar oer rinne. Mar it keatsen is foar my nmer ien en dan komt it fuotbal. Dat wol ik graach sa hlde.
 

Copyright Acquisitie- en advertentiebureau Boppeslach 2002-2017
Alle rechten, waaronder het auteursrecht, zijn aan Acquisitie- en advertentiebureau Boppeslach voorbehouden.
Gehele of gedeeltelijke overname, plaatsing op andere sites, verveelvoudiging op welke andere wijze dan ook en/of commercieel gebruik van deze informatie is niet toegestaan, tenzij hiervoor uitdrukkelijk schriftelijke toestemming is verleend door Boppeslach of tenzij aan de onderstaande voorwaarden wordt voldaan. Het is, behoudens de terzake wettelijk verankerde rechten, niet toegestaan teksten of beeldmateriaal over te nemen
c.q. te publiceren zonder toestemming van Acquisitie- en advertentiebureau Boppeslach.

Nieuwsberichten, vragen en opmerkingen kunt u richten aan jbraaksma@planet.nl of telefoon 0517 - 39 68 20