 |
Menu |
 |
|
|
|
 |
Websponsors |
 |
|
|
|
 |
Agenda |
 |
|
 |
|
Ma |
Di |
Wo |
Do |
Vr |
Za |
Zo |
> |
|
|
|
|
|
01
|
02
|
> |
03
|
04
|
05
|
06
|
07
|
08
|
09
|
> |
10
|
11
|
12
|
13
|
14
|
15
|
16
|
> |
17
|
18
|
19
|
20
|
21
|
22
|
23
|
> |
24
|
25
|
26
|
27
|
28
|
29
|
30
|
Agenda deze week:
Zoek agenda door op...
Agenda van vandaag:
|
|
 |
|
|
|
|
 |
Ilse Tuinenga: ‘Leonie hat my by de hân nommen’ |
 |
 |
Gepost op Zaterdag 08 oktober @ 00:33:04
|
 |
|
 |

 Yn Berltsum praat ik mei Ilse Tuinenga, winner fan it jierklassemint by de froulju haadklasse. It jier 2016 wie foar de pas 18-jierige opslager in jier om nea wer te ferjitten. Want gean mar nei: winst yn it sa ferneamde jierklassemint, winst op de bond, Frouljus-PC en de verneamde Van Aisma partij. Boppedat waard hja ek noch keninginne op de PC. Dat hie in jier earder ek wol kinnen mar doe keas de kommisje noch foar maat Manon Scheepstra. Net dat Ilse dêr noch mei sit, mar sy fûn it no wol moai dat de kar op har foel. Fansels hie se it maat Sjoukje Visser ek wol gund, mar ja der kin mar ien keninginne wêze. (Foto: Henk Bootsma).
De keatskarriêre fan Ilse Tuinenga is net ien út it boekje. Ilse komt dan wol út in famylje wêr’t fûleindich keatst waard mar dat wol net sizze dat jo dat dan ek samar oppakke. Sa wurket dat no ien kear net. Mar mei it keats ‘dna’ sit en siet it wol goed. Pake Corrie Tuinenga wûn de bond foar senioaren by it doetiidse CFK mar leafst trije kear. Syn behelle prizen pronkje noch altyd oan de muorre fan it âlderlik hûs fan Ilse. Mem Annette de Koe koe by de froulju ek aardich meikomme en pakte ek har prizen. Ilse krijt de guit pas te pakken as hja frege wurdt om opslagger te wurden by it ôfdielingspartoer fan Berltsum. Leonie van der Graaf en Harmke Siegersma binne op syk nei in betûfte opslagger en de kar falt op de pas 14-jierige Ilse. It sil de oanset wêze ta wat moais. ,,Ja, dat kinne je wol sizze. Sjoch, ik koe by de skoalfamkes en famkes ek wol goed opslaan, allinne de ballen fleagen noch te folle alle kanten út. It wie mear fan fjouwer sitballen en seis bûten. De perken wienen foar my te koart en net breed genôch. Dat feroare doe’t ik by de haadklasse kaam. Ik hie daliks it goeie gefoel. Bin noait senuweftich west. Dat bin ik trouwens noait mar doe ek net doe’t ik foar it earst yn de haadklasse kaam. Dat kaam ek troch Leonie van der Graaf. Hja hat my by de hân nommen. Ik fielde my by har fertroud. Leonie strielde safolle rêst út. Je kinne sizze: Leonie hat de oanset west ta wat ik no berikt ha. It rûn daliks al goed. Maaie 2012 pak ik mei Berltsum yn Frjentsjer de preemje en goed fiif dagen letter is der de earste oerwinning op de haadklasse.’’ De ferneamde partij yn De Ryp is de earste yn ’e rige. Jimme winne yn datselde jier ek noch de bond foar froulju.

Winst op de Jong Famme Partij yn 2012. (Foto: Henk Hempenius). Flnr: Ilse Tuinenga, Harmke Siegersma en Anke Zwart
,,Ja dat koe net moaier. Ik ha de bond dêrnei noch trije kear wûn. Mar miskien wie de oerwinning op de Jong Famme partij fan 2012 noch wol mear bysûnder. Sjoch, Berltsum wie bepaald net favoryt. Dat wienen Easterein, Frjentsjer en Boazum folle mear. Wy hienen dat jier ek noch neat wûn. Mar op de dei sels pakte it geweldich út. Ik wit noch goed dat wy tsjin Wommels moasten. Wommels mei Anna-Brecht Bruinsma krige mar ien boerdsje. Dêrnei hienen wy in steand nûmer en moasten yn de tredde omloop tsjin Easterein mei Marije Hiemstra, Martine Tiemersma en Anke Marije Pompstra. In bêst partoer. Mar wy keatsten goed. Ik stie foaryn en sloech foarbêst op. Harmke efteryn en foarminst en Anke Zwart wie ús balkearder. Wy ha nea efter stien en pakten op 5-3 en 6-4 de winst. Nei Easterein wachte Frjentsjer mei Iris van der Veen, Marit Kuperus en Manon Scheepstra. Dat wie it te kloppen partoer mar dat wûnen wy ek. Yn de finale wie Boazum mei de suskes Nynke en Wiljo Sijbrandij de tsjinstanner en hja wienen ek favoryt. Mar ek dit ha wy oprêden. It wie in knikker op ‘e kant mar op 5-5 en 6-4 siet de Jong Famme partij yn’ e knip. Nei de partij koe ik gjin pap mear sizze. Ik wie kapot.’’ Nei it seizoen 2012 is it fluch gongen. Yn 2013 en 2014 wiesto in fêste wearde yn it partoer fan Berltsum. Dyn namme wie festige. ,,Ja, dat kinne je wol sizze. As ik net frege wie troch Leonie en Harmke dan witte je noait hoe it fierder gongen wie. Op de ôfdielingswedstriden pakte ik de nedige punten en wy wûnen trije kear efterelkoar de bond foar froulju. Dat helpt wol fansels.’’ Yn 2012 hast op ‘e rol stien om op de Frouljus-PC te keatsen. Dat it net trochgong moat foar dy in teloerstelling west ha. ,,Absolút! Lisette Wagenaar wie blesseard en Leonie van der Graaf en Fenna Zeinstra hienen my frege as ik wol op de PC keatse woe. No dêr hie ik wol earen nei fansels. Mar sa as je witte kaam der hiel wat gedonder fan. Lang om let mocht it net en is Harmke Siegersma noch yn de twadde omloop by Leonie en Fenna kommen. Ik bin der wis fan as ik meidwaan mochten hie, dan wie de kâns dat wy de Frouljus-PC wûn hienen grut west. Mar goed dat is letter wol goed makke.’’ Yn 2014 wurdsto frege troch Sjoukje Visser en Manon Scheepstra om by harren opslager te wurden. As ik it goed ha bart dat yn Huzum. Do moast it plak ynnimme fan Iris van der Veen. Hoe gong dat? ,,No, dêr ha ik wol efkes oer neitinke moatten. It wie healwei it seizoen. It wie net sa fan: dat doch ik. Want der spile fansels wol it ien en oar. Tusken de partoeren fan Puur Passie en dat fan Leonie en Fenna wie der bytiden wol it nedige gedoch. Geseik soenen je no sizze. Dat wist ik en dat wie net altyd leuk. Dat kaam foaral troch it omsittend laach…De keatssters koenen der sels mar in bytsje oan dwaan. De ‘folgers’ stookten it fjoerke bytiden op. Dus doe’t ik sei dat ik yn 2015 mei Sjoukje en Manon keatse soe, sil der yn myn omjouwing wol efkes nuver sjoen wêze. Ik kaam no yn in oar kamp…Leonie snapte wol dat ik keas foar Sjoukje en Manon. Dat is dan wer moai. Earst keatste ik mei har en doe waard ik har tsjinstanner. Boppedat siet der ek wat rûs op ‘e line trochdat it ôfsizzen fan Iris net je fan dat wie. Mar dat is ek keatsen.’’ Mar goed troch it goeie opslaan op de ôfdielingswedstriden komsto yn in baas partoer. Sjoukje Visser en Manon Scheepstra: froulju om U tsjin te sizzen. Hoe giet dat? ,,De earste wedstriid yn dizze gearstalling wurdt daliks ferlern. Yn Kimswert fleane wy der yn de earste omloop ôf. Mar dêrnei pakke wy it goed op en winne in moai oantal partijen. Nee, 2015 waard in geweldich jier. Mei winst op njoggen partijen en ek noch winst op de Frouljus-PC. Dat ik net keninginne waard, dêr hie Manon noch it measte lêst fan.’’ Dan hearre jimme dat Manon oan de ein fan it seizoen 2015 ûnder it mes moat. Dat is skrikken nim ik oan. Hoe no fierder. ,,Ja fansels. Dêr is wiidweidich oer praat. Us coach fan doe, Afke Hijlkema, seach it net sitten dat Manon yn de twadde syklus al wer ynstappe soe. Hja wie der op tsjin en seach leaver dat wy in oar fregen. Sjoukje woe wachtsje op Manon en ik ek. Doe ha wy Wiljo foar de earste syklus frege mar it betsjutte wol dat Afke no mei ús net fierder woe as coach. Dat wie spitich omdat Afke wol in hiele betûfte coach wie dy’t it spul goed seach. Douwe Wierstra is doe ynstapt en dat is ek goed ferrûn. Sjoch, it wie ôfwachtsjen fansels mar Manon hat der alles oan dien om yn july wer klear te wêzen. Hja is slagge mei in tsien. Nee, geweldich.’’ Foar 2017 wurdt Wiljo Sijbrandij de nije foarynse by jimme. Sjochst dat wat sitten? ,,Ja absolút. Wiljo is in kanjer. Se is geweldich ynfallen foar Manon en ek as minske past Wiljo goed by ús. It moat ek wat passe is it net. Nee, dat komt wol goed. Manon en ik ha al út de gek sein: wy moatte mar sa lang mei elkoar keatse oant dat wy der beide mei ophâlde. Dat soe ik wol wolle.’’ Mar op dit stuit hast wer wat oars by de kop. Fuotbalje meisto ek graach dwaan. Botst dat net mei it keatsen.? ,,Ja en nee. Op dit stuit ha ik in blessuere. By it strjitkeatsen yn Snits ha ik in middenfuotsbonkje kniesd. Ja hoe dom kinne je wêze mar hawar it is net oars. Ik kom no krekt by Jelle Eijzenga wei en as ik freed gjin pine ha dan soe ik sneon fuotbalje kinne. Sjoch ik moat wol trene oars wol de trener my net opstelle. Dan te witten dat ik der yn it ôfrûne seizoen 40 ynsketten ha. Hy hat it der oer dat ik gjin wedstriidritme ha as ik net treen…Ofrûne jier binne wy kampioen wurden yn de tredde klasse dus sitte wy no in klasse heger. Moatte no ek de kant fan Drinte út om te spyljen. Spitich is wol dat de seizoenen yn elkoar oer rinne. Mar it keatsen is foar my nûmer ien en dan komt it fuotbal. Dat wol ik graach sa hâlde.’’ |
|
|
 |
 |
|
 |
|
|
|