Welkom op de website van www.kaatsen.nlFrythermoYour DJ
Home  ·  Nieuwsarchief  

   Menu
Home
Nieuwsarchief
Web Links
Spelregels
Parturen 2017
Gastenboek

   Websponsors
Middelsee schilders
Your-DJ
Laanstra en Roersma
Opel Deinum Franeker
Copy service
Van Smeden IJzerwaren en Gereedschappen
Bouwbedrijf Bruinsma
Nijholt

   Agenda
  Ma Di Wo Do Vr Za Zo
> 02 03 04 05 06 07 08
> 09 10 11 12 13 14 15
> 16 17 18 19 20 21 22
> 23 24 25 26 27 28 29
> 30 31          



Agenda deze week:

Zaterdag, november 18
10:00 - 14:00 Zaalkaatsen FBA
Maandag, november 20
Evenement start om 09:00 WK-kaatsen
Dinsdag, november 21
Evenement start om 09:00 WK-kaatsen
Woensdag, november 22
Evenement start om 09:00 WK-kaatsen
Donderdag, november 23
Evenement start om 09:00 WK-kaatsen



Zoek agenda door op...



Agenda van vandaag:

Geen events vandaag

Webalizer web stats

Taeke Triemstra: fiif kear earste yn in tiidrek fan seis jier!
Gepost op Zaterdag 15 oktober @ 09:19:22
Afdrukbare Versie 
Bijdragen Jan Braaksma


Mei de lęste klap op de Aldehoupartij foel yn septimber it doek oer it keatsseizoen 2016. Wie it no wol of net in goed seizoen. Dęr kinne je hiel wat fan sizze. Wy beheine ús ta de klassemintswinner fan 2016, Taeke Triemstra, en sette syn behelle punten fan hjoeddedei ôf tsjin de man dy’t 50 jier lyn it jierklassemint wűn, Gerrit de Jong fan Snits. Utgongspunt binne de 54 punten dy’t De Jong yn 1965 behelle tsjinoer de 44 dy’t de Sintjabuurtster no yn 2016 byelkoar keatst hat. Dęrby de fraach: hoe wie it doe en hoe is it no. (Foto: Henk Bootsma).


Taeke Triemstra moast fan fier komme nei de earnstige skouderblessuere dy’t him hast mear as in jier parten spile hat. Feitlik is it noch mar sa koart lyn dat hy dei út dei yn fan septimber 2014 oant feitlik no dwaande west hat om dat sa wichtige űnderdiel wer oan de praat te krijen. ‘Bloed, zweet en tranen’ hat it koste mar de beleaning is dat hy nei in ferspile jier (2014) wer hielendal werom is. Fansels moat der noch it nedige űnderhâld dien wurde mar Taeke Triemstra hat ek dit jier wer sjen litten dat de ein noch net kommendeweis is. Foar de leafhawwers is dat in moai foarútsjoch. Nei it ophâlden fan Johan van der Meulen, Jan Dirk de Groot, Cornelis Terpstra en Daniël Iseger moat keatsend Fryslân bliid węze dat Taeke der noch altyd foar giet. Syn honger nei sukses is noch lang net foarby. Guon leafhawwers hienen dat net mear ferwachte en hienen der in swiere holle yn of wy de Sintjabuurtster wol wer werom sjen soenen en as hy syn hege nivo fan eartiids wol wer helje soe. Gelokkich is alles noch op syn poatsjes telâne kommen.

Taeke Triemstra waard dit jier klassemintswinner en dat wie al wer foar de seisde kear. Yn 2006 pakte hy foar de earste kear it jierklassemint mei 55 punten. Nei tredde plakken yn 2007 en 2010 en in twadde plak yn 2008 wie hy yn 2011, 2012, 2013 en 2015 de man mei 62, 60, 58 en 45 punten. Mei syn seisde oerwinning yn it jierklassemint komt Taeke op de selde hichte as Jehannes Brandsma en Chris Wassenaar. De seisde oerwinning betsjutte wol dat hy de âlde krigers Klaas Kuiken en Sjouke Helfrich no efter him lit. It bysűndere fan Sjouke Helfrich wie dat dizze it jierklassemint fiif kear efterelkoar wist te winnen. Dat hie Taeke miskien ek wol opręden, mar doe kaam dy aaklike skouderblessuere om ‘e hoeke sjen.

Sjouke Helfrich is dęrmei de iennige keatser dy’t dat ea presteard hat. Is seis kear winne al geweldich, der lizze foar ús Sintjabuurster noch wol wat útdagingen. Bygelyks Hotze Schuil en Jan Reitsma sr. wűnen it klassemint mar leafst sân kear. Boppedat waard de Harnzer noch fjouwer kear twadde en trije kear tredde. Jan Reitsma sr. fan Penjum waard noch trije kear twadde en fjouwer kear tredde. Dat binne allegearre saken węr’t je as leafhawwer stil fan wurde.

Taeke behelle dit jier 44 punten. Dat liket miskien net sa folle as je de oare jierren der by pakke, mar is dat wol sa? Oars as yn 2015 liet de Sintjabuurster nochal wat punten lizze op partijen dy’t sa foar it oppakken wienen. Wy tinke dan oan de ôfdielingswedstriden fan Weidum en Tsjummearum. Dan lizze je gau efterop. Taeke keatste 34 partijen. Pakte ien punt op de ôfdielingswedstriden, njoggen op de trochinoarlotterspartijen en 34 punten op de frije gearstalling. Fan de 34 spile partijen keatste hy him 21 kear yn de prizen. Yn persintaazjes útdrukt is dat 61,76%. Dat is gewoan hiel goed. It puntenoantal fan hjoeddedei wurdt ek foarme om’t der no ek wat minder punten te fertsjinjen binne. Want in tredde priis is der by wedstriden fan acht partoer net mear by. Yn it gefal fan Taeke meie je útgean fan in punt as twa, trije. Yn dat ramt sjoen hie hy wer op rom fyftich punten útkomme kinnen. Ferjitte moatte wy net dat de earnstige skouderblessuere fan 2014 net samar fuort te poetsen is. Wy binne dan wol krapoan twa jier fierder mar it hat der by Taeke Triemstra wol ynhakt fansels. De soarch om it skouder sil der altyd bliuwe salang hy noch keatst. It is dan no ek goed dat dit wichtige gewricht wer efkes yn ‘e ręst kin.

As je it puntenoantal fan Taeke ôfsette tsjin de punten fan Gerrit de Jong út 1966 dan falt it op dat Gerrit 37 wedstriden keatst hat en dat der noch om in tredde en fjirde priis keatst waard. Gerrit behelle yn 1965 trije punten op de ôfdielingswedstriden, 16 punten op de útnoegingspartijen en ek hy pakte mei 35 punten de measte punten op de frije formaasjepartijen. Gerrit syn frije formaasjepartoer wűn yn 1966 sân kear in wedstriid. Fiif kear barde dat tegearre mei Rienk de Groot en Durk Talsma en twa kear mei Piet IJsbrandij as efterynse en Rienk de Groot. Dęr sit dus gjin ferskil yn mei it partoer fan Taeke Triemstra dy’t ek ta sân krânsen kaam.

Gerrit de Jong keatste him fan de 37 partijen 23 kear yn de prizen. Te witten: 11 earste, 9 twadde en 3 lytse preemjes. Yn persintaazjes útdrukt is dat 62,16. Yn goed 50 jier is der dus net folle feroare….
 

Copyright © Acquisitie- en advertentiebureau Boppeslach 2002-2017
Alle rechten, waaronder het auteursrecht, zijn aan Acquisitie- en advertentiebureau Boppeslach voorbehouden.
Gehele of gedeeltelijke overname, plaatsing op andere sites, verveelvoudiging op welke andere wijze dan ook en/of commercieel gebruik van deze informatie is niet toegestaan, tenzij hiervoor uitdrukkelijk schriftelijke toestemming is verleend door Boppeslach of tenzij aan de onderstaande voorwaarden wordt voldaan. Het is, behoudens de terzake wettelijk verankerde rechten, niet toegestaan teksten of beeldmateriaal over te nemen
c.q. te publiceren zonder toestemming van Acquisitie- en advertentiebureau Boppeslach.

Nieuwsberichten, vragen en opmerkingen kunt u richten aan jbraaksma@planet.nl of telefoon 0517 - 39 68 20