Welkom op de website van www.kaatsen.nlFrythermoYour DJ
Home  ·  Nieuwsarchief  

   Menu
Home
Nieuwsarchief
Web Links
Spelregels
Parturen 2017
Gastenboek

   Websponsors
Middelsee schilders
Your-DJ
Laanstra en Roersma
Opel Deinum Franeker
Copy service
Van Smeden IJzerwaren en Gereedschappen
Bouwbedrijf Bruinsma
Nijholt

   Agenda
  Ma Di Wo Do Vr Za Zo
>     01 02 03 04 05
> 06 07 08 09 10 11 12
> 13 14 15 16 17 18 19
> 20 21 22 23 24 25 26
> 27 28          



Agenda deze week:

Zaterdag, mei 27
Evenement start om 10:00 Dames eerste klasse vrije formatie
Evenement start om 12:00 Dames hoofdklasse vrije formatie
Evenement start om 11:00 Heren eerste klasse vrije formatie
Evenement start om 12:00 Heren hoofdklasse vrije formatie
Evenement start om 11:00 Heren tweede klasse vrije formatie
Evenement start om 10:00 Jongens d.e.l. A-klasse
Evenement start om 10:00 Jongens d.e.l. B-klasse + verl. ronde
Zondag, mei 28
Evenement start om 10:00 Dames eerste klasse d.e.l.
Evenement start om 11:00 Dames hoofdklasse d.e.l.
Evenement start om 11:00 Heren 50+ d.e.l. + verliezers ronde
Evenement start om 10:00 Heren eerste klasse vrije formatie
Evenement start om 12:00 Heren hoofdklasse vrije formatie
Evenement start om 10:00 Meisjes d.e.l. A-klasse
Evenement start om 10:00 Meisjes d.e.l. B-klasse + verl. ronde
Evenement start om 10:00 Pupillenjongens d.e.l. A-klasse
Evenement start om 10:00 Pupillenjongens d.e.l. B-klasse + verl.
Evenement start om 10:00 Pupillenmeisjes d.e.l. A-klasse
Evenement start om 10:00 Pupillenmeisjes d.e.l. B-klasse + verl.
Evenement start om 10:00 Schooljongens afdelingswedstrijd
Evenement start om 11:00 Schooljongens d.e.l. + verliezers afd.
Evenement start om 10:00 Schoolmeisjes afdelingswedstrijd
Evenement start om 11:00 Schoolmeisjes d.e.l. + verl. afdeling
Evenement start om 10:00 Welpen jongens d.e.l. A-klasse
Evenement start om 10:00 Welpen jongens d.e.l. B-klasse + verl.
Evenement start om 10:00 Welpen-meisjes d.e.l.



Zoek agenda door op...



Agenda van vandaag:

10:00
Evenement start om 10:00 Jongens d.e.l. B-klasse + verl. ronde
Evenement start om 10:00 Jongens d.e.l. A-klasse
Evenement start om 10:00 Dames eerste klasse vrije formatie
11:00
Evenement start om 11:00 Heren eerste klasse vrije formatie
Evenement start om 11:00 Heren tweede klasse vrije formatie
12:00
Evenement start om 12:00 Heren hoofdklasse vrije formatie
Evenement start om 12:00 Dames hoofdklasse vrije formatie

Webalizer web stats

Werom yn de tiid mei Sytse Vijver
Gepost op Zaterdag 22 oktober @ 08:41:49
Afdrukbare Versie 
Bijdragen Jan Braaksma


Der binne keatsers dy’t je mear oansprekke as sljochtwei. Dat is altyd sa west en dat sil ek wol sa bliuwe. Meastentiids binne dat keatsers dy’t je sels meimakke ha mar dat hoecht net perfoarst. Der binne omstannichheden dat it dwaan en litten fan in keatser je sa oansprekke dat it saak is om der wat djipper op yn te gean. Sa’n keatser is en wie Sytse Vijver fan Frjentsjer. (Foto: Keatsmuseum).


Vijver waard berne op 1 maaie 1877 en stoar op 22 maart 1941. Hy waard krekt gjin 65 jier. Hy keatste fan 1894 oant 1912 en sloech in dikke 333 punten byelkoar wat noch altyd goed is foar in 64ste plak yn it klassemint fan alle tiden. Vijver wie mar lyts fan stik mar it wie yn syn tiid gjin lytse jonge. Stie 118 kear yn in finale en wûn dêr 71 fan. Boppedat pakte hy ek noch 26 lytse preemjes. Trije kear waard Vijver útrôpen ta kening fan de dei. Mar der hong ek altyd wat om de los wurkman fan Frjentsjer hinne. Der waard sein: Vijver nimt it net sa krekt as it op eare of sinten oankaam. Dat soe samar kinne mar hja dy’t dat seinen koenen dat faak net wiermeitsje. Vijver libbe no ien kear yn in tiid wêr’t de sinten net foar it opskeppen lei. Yn syn jonge jierren wurke hy as los wurkman op de Tichelwurken. Letter doe’t dat wurk minder waard, kaam hy te wurkjen by ferskate boeren. Vijver wist hiel goed dat der mei it keatsen mear wie te fertsjinjen.

Op 13 juny 1893 kom ik Vijver foar it earst tsjin by in útslach yn de krante. By in jongespartij yn Winaam pakt hy in lytse preemje wat goed is foar ien gûne. Letter yn it jier, op moandei 7 augustus, pakt it better út foar him want út in list fan 20 partoeren wint hy de priis mei Jacobus Visser en Cornelis Cannegieter beide fan Wytmarsum. De mannen meie 27 gûne ferdiele, aardich wat mear dan hy as jongfeint op de Tichelwurken fertsjinne. It sil de opmaat wêze nei in moaie keatskarriêre mei ek de nedige reuring.

Vijver is op jonge leeftiid al hielendal gek fan it spultsje en dat docht letter ek bliken as hy op de dei dat hy yn de grutte hier giet, in healoere letter al mei de hûnekarre ûnderweis is nei in keatspartij wêr’t hy ek noch de priis winne sil. It plak: de Ryp. It koe allegearre krekt. Trouwe op snein barde folle mear. Tiid: tsien oere en de partij op de Ryp begûn om alve oere. Ja, dat wienen nochris tiden!

Oer dy bewuste trouwerij lit Vijver noch optekenje dat de taspraak fan de amtner him tige oansprutsen hie. Derom woe it yn it begjin fan de partij ek foar gjin meter keatse. Nei in efterstân fan 5 om 1 moast Vijver efkes út de broek…Dat soe samar kinne, mar Sytse nimt ek noch in pear slokjes earne fan en krijt dan ynienen de guit wol te pakken. Oan de ein fan de dei is de priis mei de sulverlingen foar syn partoer!

Seis kear stie hy yn de finale fan in PC en seis kear moast hy belies jaan. It begjint yn 1897 en dêrnei stiet hy yn 1900, 1902, 1903, 1905 en 1907 yn de finale fan de PC. Dat sil fêst net altyd suvere kofje west ha.

Dat hienen de leden fan keatsferiening Jan Bogtstra ek yn de gaten want hja kamen yn augustus 1899 al mei in brief om de keatser Sijtse Vijver út de feriening te setten.

Yn de bewuste brief skreaunen hja: ‘Alreeds geruimen tijd heeft bij ons de overtuiging vasten voet gekregen dat het lidmaatschap van Sijtse Vijver de vereeniging meer tot oneer dan tot eer zal strekken en dat de van hem gekoesterde verwachtingen op niets anders dan groote teleurstellingen zullen uitloopen en een maal voor de vereniging een onoverkomelijke zal zijn te noemen.
Zijne bekende en verdachte houding op verschillende kaatspartijen met betrekking tot het delen van prijzen waardoor de ernst en de degelijkheid van het spel zeer wordt geschaad niet alleen maar ook de uitvoerende Directiën het bijwonende publiek en de medespelende maten in hoge mate worden bedrogen.’

Boppedat skynt Vijver ferskate leden fan Jan Bogtstra misledige te hawwen. Komt der op del dat hja Vijver leaver kwyt as ryk binne. De bewuste brief wurdt troch tsien leden fan Jan Bogtstra ûndertekene wêr ûnder: Yme Schuitmaker en Cees van der Stal.

Wat der mei dizze brief dien is wurdt net dúdlik. It sil wol mei in sisser ôfrûn wêze want Sytse Vijver sil dêrnei noch ferskate kearen foar keatsferiening Jan Bogtstra útkomme op de bûnspartij. Mei Abe Baanstra en Simon Bollema wint hy yn 1903 noch in lytse preemje.

Yn in petear mei Jan van der Mei fan Pitersbierrum komt Vijver der ek noch op werom. ‘As ik goed keatste dan seinen de minsken: Der is net ien better as Sytse. Mar as it dan wat minder gong dan waard der al gau sein: Sjochst wol hy hat de partij wer ferkocht’…Dat kaam foaral troch it seis kear ferliezen fan in PC-finale. Yn de jierren 1896 en 1897 wie hy de keatser mei de measte punten yn dat jier mar sukses op de PC: ho mar! Soks, ferjitte je nea wer. Ik hie it graach nochris oerdwaan wollen. Minsken is raar guod, sa lit Vijver Van der Mei dan fierder witte. Mar dat der yn dy tiid parten waard wie algemien bekind. It mocht wol net mar der mocht sa folle net…

Vijver makke syn debút op de PC fan 1894. Hy is krekt 17 jier en keatst dy dei mei de santjinjierrige Eelke Botma fan Mitslawier en de 35-jierige Meindert Geerts Kooistra fan Harns. Kooistra komt út de ferneamde Kooistra famylje en sjocht wol wat yn de jonge Vijver. Vijver stiet foaryn en as wy de krantejonges fan dy tiid leauwe meie hat Sytse syn plakje mear dan skjinmakke. Vijver slacht maklik boppe. Hy hat der gjin muoite mei. Yn ’e kroech sille de minsken letter sizze: Sytse slaat de ballen fan Doanjum nei Boer. Hja keatse trije omlopen en moatte yn de tredde omloop belies jaan tsjin it partoer fan Jan Reitsma mei Wiebren Tseard Kooistra en Uilke Geerts Kooistra. Dat is gjin skande, hja binne ien fan de favoriten om de PC te winnen. Yn de heale finale tsjin it oare kânspartoer fan Hemke Elzinga, Meindert Tseard Kooistra en Douwe Jongsma is it tige spannend. By fiif earsten gelyk gean de mannen efkes yn petear. Hja prate ôf dat hja de sinten diele sille en dat hja allinne noch keatse foar de eare. Hja gean der ommers beide fan út dat ien fan harren de PC winne sil. De kommisje op ‘e tinte kin harren dêr wol yn fine… It partoer fan Jan Reitsma komt yn de finale en hja moatte it dan opnimme tsjin Jehannes Bierma fan Sint Jabik, Arjen de Vries fan Bitgum en Klaas Leeuwen fan Sint Jabik. De lêste hat lêst fan de lea en docht foar spek en beane mei. Yn de finale wurdt hy noch ferfongen troch Auke Sijbrandij fan Berltsum. Dochs wint it partoer tsjin alle ferwachtings yn de priis en Bierma wurdt troch it lot ta kening fan de dei makke.

Sytse Vijver docht alve kear mei oan de PC en stiet seis kear yn de finale. Yn 1899 pakt hy noch in lytse preemje. It hat fêst net altyd oan de maten lein want de Frjentsjerter hie faak bêste maten, mar om ien of oare reden hat hy it nea fierder skoppe kinnen as in preemje. Hy pakte de preemjes mei ûnder oaren Jan Reitsma en Jan Kuperus fan Wytmarsum, mei Jan Kuperus en Jehannes Anema fan Skingen, mei Minze de Vries en Jan Kuperus en mei Minze de Vries en Eelke Groeneveld fan Bitgum. Mar ek yn 1903 hie hy in baas fan in partoer mei Sytse Abeles Kooistra en Catrinus Werkhoven. Yn 1907 stie hy foar de lêste kear yn de finale fan de PC. Vijver is dan noch mar tritich mar hy is al yn it ôfgean. Mei Hesselius van der Heide en Hendrik van Haitsma, beide fan Frjentsjer, moat hy dan ek wer belies jaan. It is foar Vijver trouwens in finale om gau te ferjitten want syn partoer bliuwt stean op mar acht punten. Twa kear skjinne seis en fjouwer kear 6-2. Tseard Wiebren Kooistra, Sytse Abeles Kooistra en Meindert Helfrich wienen doe net te bekeatsen. Tseard Wiebren waard kening fan de dei. Dat koe doe ek!

Wie it winnen fan de PC foar Vijver in brêge te fier, yn Boalsert koe hy wol út de fuotten. Trije kear stiet hy yn de finale fan dizze grutte partij. Yn Boalsert wie like folle jild te fertsjinjen as op de PC. De partij yn Boalsert stie heech oanskreaun. Vijver wint him yn 1898, 1899 en pakt de preemje yn 1900. Yn 1899 wurdt hy ek noch kening fan de partij.

Op 9 juny 1912 komt der in ein oan de keatskarriêre fan Sytse Vijver fan Frjentsjer. Op de trochinoarlotterspartij yn Doanjum pakt hy noch ien kear in preemje mei Sikke de Vries fan Harns en Nanning Staalstra fan Frjentsjer.
 

Copyright © Acquisitie- en advertentiebureau Boppeslach 2002-2017
Alle rechten, waaronder het auteursrecht, zijn aan Acquisitie- en advertentiebureau Boppeslach voorbehouden.
Gehele of gedeeltelijke overname, plaatsing op andere sites, verveelvoudiging op welke andere wijze dan ook en/of commercieel gebruik van deze informatie is niet toegestaan, tenzij hiervoor uitdrukkelijk schriftelijke toestemming is verleend door Boppeslach of tenzij aan de onderstaande voorwaarden wordt voldaan. Het is, behoudens de terzake wettelijk verankerde rechten, niet toegestaan teksten of beeldmateriaal over te nemen
c.q. te publiceren zonder toestemming van Acquisitie- en advertentiebureau Boppeslach.

Nieuwsberichten, vragen en opmerkingen kunt u richten aan jbraaksma@planet.nl of telefoon 0517 - 39 68 20