Welkom op de website van www.kaatsen.nlFrythermoYour DJ
Home    Nieuwsarchief  

   Menu
Home
Nieuwsarchief
Web Links
Spelregels
Parturen 2017
Gastenboek

   Websponsors
Middelsee schilders
Your-DJ
Laanstra en Roersma
Opel Deinum Franeker
Copy service
Van Smeden IJzerwaren en Gereedschappen
Bouwbedrijf Bruinsma
Nijholt

   Agenda
  Ma Di Wo Do Vr Za Zo
>         01 02 03
> 04 05 06 07 08 09 10
> 11 12 13 14 15 16 17
> 18 19 20 21 22 23 24
> 25 26 27 28 29 30 31



Agenda deze week:

Zaterdag, december 16
10:00 - 14:00 Zaalkaatsen FBA
Woensdag, december 20
Evenement start om 10:00 Zaalkaatsen heren 55+



Zoek agenda door op...



Agenda van vandaag:

10:00
10:00 - 14:00 Zaalkaatsen FBA

Webalizer web stats

Alle Jan Anema: As partoer ha wy te min wn!
Gepost op Zaterdag 29 oktober @ 08:12:41
Afdrukbare Versie 
Bijdragen Jan Braaksma


Yn Reduzum skik ik oan by Alle Jan Anema. Alle Jan is snt 2008 in fste wearde op de Fryske keatsfjilden. Keatste him op 25 maaie 2008 foar it earst yn de prizen op de haadklassenpartij yn Doanjum. Alle Jan wit it noch as wie it de dei fan juster. De priis wie foar Simon Minnesma, Hijlke Bruinsma en Marten Feenstra en de lytse preemje wie doe foar Jan Dirk de Groot, Renze Pieter Hiemstra en Alle Jan. It soe it begjin wze fan in keatskarrire mei de nedige ups en downs. (Foto's: Henk Bootsma).


De downs slaan foaral op in tal slimme blessueres. It troch de knibbel gean op de PC fan 2010 foarop fansels. It hiele jier 2011 stie hy oan de kant. Mar dat leit al wer in moai oantal jierren efter de bliere sportman dyt hikke en tein is yn it plak wrt ek it petear plakfynt, nammentlik Reduzum. Alle Jan is te set by heit Ane Jan dyt in eigen administraasjekantoar hat.

Alle Jan hat de keatsgenen net fan in frjemde. Heit Ane Jan koe ek hiel aardich meikomme en de grutte medaille kast by de yngong fan it lderlik hs is dr it libbende bewiis fan. Wat foaral opfalt is dat de prizen der by lizze of wienen hja juster wn. Alles glimket je temjitte. Hjir wenje echte keatsleafhawwers.

Alle Jan is fan maart 1986 dus hy is no yn de krft fan syn libben. Oer it wurd fskie wolle wy it yn dit petear dan ek net mear oer ha. Je roppe en litte wolris wat yn lytse rnte falle is it net?

De ynstek fan it petear is dat Alle Jan wol 25 punten by elkoar slein hat. Wat oantal oanbelanget it heechste snt hy yn it haadklasse fermidden meidraait mar it besef is der ek dat it miskien noch wol folle better kinnen hie en dat der nderweis nochal wat punten lizzen bleaun binne.

Mar litte wy begjinne by it begjin fan it seizoen 2016. Do hiest steld met Hendrik Tolsma en Thomas van Zuiden. Dat wie net gek want yn 2015 hienen jimme sjen litten dat jimme in gefaarlike klant wze koenen. Sawol yn Menaam as yn Huzum pakten jimme de preemje.

Menaam koe net mar yn Huzum hienen wy winne moatten. Dat binne fan dy partijen dyt je tusken de fingers trochglippe. Freegje net hoet dat kin mar it bart gewoan. Dat is keatsen. Mar goed je geane mei in soad betrouwen de winter yn.

Jimme stelle dan foar 2016

Ja, ik soe mei Hendrik en Thomas de earste syklus keatse. Ein jannewaris krij ik in telefoantsje fan Thomas en hy lit my witte dat hy foar syn oplieding nei Curaao kin. In wike letter wit ik dat hy giet. 20 maaie set hy wer foet op Fryske grn. Ja, wat dogge je dan. Hendrik en ik ha net folle tiid om nei te tinken want healwei febrewaris moasten wy s al opjaan foar de earste syklus fan wedstriden. Ik wie der nei in pear dagen wol t. Ik tink no dan moat it sa mar en dan sjogge wy wol hoet wy dat oprde. Kaam ek by dat Hendrik en Thomas maten wienen. Ut dy hoeke ferwachte ik feitlik neat, mar dan seit Hendrik: Moatte wy ek wat oars? Ja, moatte wy ek wat oars? It wie fansels koart dei. As je noch wat wolle moatte je sykje yn de sub-top. De measte partoeren stienen al lang en breed fst. Doe ha wy (ik) Erwin Zijlstra fan Littens frege. In jonge talintfolle keatser mei in goeie twadde opslach. As hy woe dan wie dat klear. Spitich foar Thomas mar dat is ek keatsen. Je keatse wol om te winnen fansels. De earste fraach fan Erwin wie: Hoe lang stelle wy? Yn prinsipe oant de PC seinen wy mar foar it begjin fan de twadde syklus wie dat ferhaal al wer fan e baan.

Do waardst frege troch Johan van der Meulen?

Ja, Johan frege my en dan gean je wol neitinken fansels. Sjoch, it rn net by harren en yn Sint Anne wie ddlik dat der ek wat barre moast. Ik rin te lang mei en je moatte je eagen der ek net foar slute. Wy keatse allegearre om te winnen. As it mei de ien better giet as mei in oar dan kieze je foar de earste. Dat is foar je maten net altyd even leuk mar ik ha sels te folle meimakke dat ik oan de kant stean bliuw. As je de eagen dr foar slute dan bist faak te let. It is in fst nderdiel fan it keatsen.



Wie it samar rn?

Ja, ik hie de mannen al ris earder frege om mei harren te keatsen mar dat koe doe blykber neat wurde. Punt fan gesprek wie wol hoet wy it dwaan soenen. Ik woe graach foaryn. Hijlke moast dus efteryn en foar minst opslaan. Sa ha wy dat yn it foar fpraat. Dat it letter dan oars giet

Dat is foar letter. Earst komme der in oantal wedstriden wrt jimme partoer mear as foarbst opslacht. De partij yn Frjentsjer is der ien fan. De earste omloop lit ik der mar efkes bten. Dan bliuwe jimme stean en dan moatte jimme opbokse tsjin Gert-Anne-en-dy. Dy mannen keatsten oant dan ta in perfekte wedstriid en jimme hienen net folle sjen litten. Dat pakt geweldich t.

Is wier. Hendrik sloech poerbst op en Erwin sloech ek goed. Ik sels wie de hiele dei al net geweldich, mar wy rinne dochs samar troch nei de winst. Dat wie in moaie opstekker.

Yn de finale tsjin Tjisse Steenstra-en-dy giet it ek as slydjaget. Jimme komme yn in poep en in skeet mei 4 om 1 foar. Hoe kinne jimme dan dy partij noch fuort jaan. Want dat ha jimme dien. Hoe koe dat? Ik ferbaasde my der oer dat Erwin de opslach fan Hendrik net efkes oernaam want dr gong it hielendal mis. Ik hie mear fan dy ferwachte

Ja, wrom ha ik dat net dien. Dat waard my ek al nei frin fan de partij troch Rynk Bosma fan it Friesch Deibld frege. Sat ik al sei, ik wie de hiele dei net geweldich en ik ha ek net yn de gaten hn dat Hendrik nei 4 om 1 safolle bten knoffele hat. Sjoch, ik keatste foar it earst mei Erwin. Je witte dan net wat hy wol of net kin. It wie syn earste grutte partij. It wie foar him ek wennen fansels. Ja, Jan sa giet it dan. As je dr letter nochris der oer nei tinke dan komt faak it besef fan: hoe is it mooglik! Mar goed s start wie goed.

Absolt. Mar Dronryp hienen jimme seker winne moatten. Ik ha de sifers der nochris by pakt en dan sis ik: wr gong it mis yn de finale. Do keatst miskien wol de bste wedstriid fan it seizoen. 27 kear sloechst de bal oer de boppe wrfan tolve kear yn de earste omloop en dat nei in skjinne trije earsten efterstn. Op it spul en seis gelyk komt de bal op e boppe tsjin de kweapeal. Dan tinke je dochs: dit wurdt him hjoed net.



Ja, dat tocht ik ek mar drnei pak ik op 3-0 en 4-6 myn earste boppeslach en dat jout betrouwen. Mannen hlde nbegryplik op my oan en ik reage der tolve ballen oer hinne. Erwin docht ek aardich mei en hy makket de partij op 5-4 en 6-2 mei in boppeslach t.

In omloop letter is it ek noch hlden en kearen mar de snde boppeslach fan Alle Jan op 5-5 en 6-2 bringt gelok.

De heale finale tsjin Gert-Anne-en-dy is fansels ek wer in apart ferhaal. It is stiif partij en jimme pakke alle trije kearen op de seis gelyk it buordsje.

Sjoch, Gert-Anne sloech tidens de partij wolris san bal mei in boogje mar op e seis wie it dochs wer in strakke bal. No, sa goed ik noch wit sla ik sawol op 2-1 en 6-6 boppe en ek op 4-2 en 6-6. Dat binne wichtige slagen.

Yn de finale binne jimme de helte minder as yn de oare partijen. Hoe kin soks? In foarm fan nderskatting?

Nee, dat tink ik net. Sjoch, Dronryp hie ik al ris earder wn mar ik woe dizze partij freeslik graach noch wol ris winne. Mar om ien of oare reden lukt it dan krekt net. By Enno Kingma-en-dy stie Pieter-Jan Plat geweldich t te slaan. Hy sloech de iene nei de oare bal boppe. Hy die wat ik yn de earste omloop die. Dan wol it en makket it net t wrt je de bal reitsje. As it wol dan sit ek alles mei. Dat wie ek sa mei dy bal op 4 om 2 en 6-6. Wol of net kwea? Ik meitsje absolt gjin drokte as ik wol sjoen ha hoet de slach wie mar dit wie oars. Ja, dan is it ferrekte sneu dat san slach dan kwea jn wurdt. It ferlies hat my mear dien as sljochtwei nei in finale partij. Ik ha der wol in trien om litten. Dat moat dan wer efkes syn tiid ha. Dan moat it efkes besinke. Dat hast soms

Yn Holwert keatst dan dyn earste partij mei Johan en Hijlke. Dat waard net daliks in sukses.

It hie sa moai west. Wy hienen nmer tsien en moasten tsjin Bauke Triemstra-en-dy. It wie stiif partij mar op de ein fan de partij stienen wy mei lege hannen.
Berltsum wie net folle better. Gert-Anne sloech geweldich op en wy binne noait oan de bak west. Alles fan Hijlke waard fuortslein en wy makken der as partoer net folle fan. Op wei nei hs tinke je dan giet it de goeie kant wol t.

Yn Boalsert begjint dan foar jimme de sinne te skinen. In plak wrsto wol faker yn de prizen sitten hast.

Ja, yndie yn Boalsert pakke wy s earste krns. Net dat wy no sa geweldich keatsten mar de rest keatste noch minder en dan kinne je samar winne. Ik stie doe al efteryn. Sjoch, dat wie it plan net mar as it net wol dan moatte je wat oars besykje. Wy ruilen gewoan wat faker as oars mar as dat wat opsmyt dan bliuwe je dat dwaan. Moat wol sizze dat Gert-Anne en Danil s wol aardich yn de mjitte kamen want hja hienen der noch wolris in baltsje t. Winne komt net altyd troch goed keatsen. Moast ek wat geluk ha. Mar goed nei Boalsert winne wy ek yn Minnertsgea. Dr wie ek neat mis mei. Minnertsgea leit my ek wol. Yn it jier derfoar wn ik ek, doe mei Johan en mei Danil Iseger.

Huzum silsto ek net gau ferjitte? Of wol soms?

Nee, dr ha ik gjin goeie herinneringen oan. Sjoch, dat wy yn de finale ferlieze dat kin barre. Wy ferlearen net fan de minsten. Tjisse, Jacob en Hans Wassenaar in baas partoer. Mar dat wy letter noch in dikke bon krije omdat wy net it goeie jaske oanhienen by de priistrikking wie der fier by troch. Wy moasten hiel lang wachtsje op de priistrikking en dr kaam noch by dat it gleon hyt wie op it keatsfjild. Dan rinne je net mei in jaske om. Wy binne wier net dwers mar dit leit oars. As ik der noch oan tink dan wurd ik der noch poer om. Ik ha my nei frin ynhlden oangeande it ekspirimint oangeande it tagelyk keatsen fan manlju en froulju en mar hie ik witten dat dit der efterwei komme soe dan hie ik minder freonlik west. Sjoch, manjlu en froulju op ien fjild kin net. Ik sels sloech noch ien tsjin de hd op e boppe. Net wer dwaan dus. Keatse sa as yn Sint Jabik, Minnertsgea, Arum en Seisbierrum, dat is prima mar dit slacht nearne op.

Dan komt de PC. Moai lot. In heale finale moat der dochs yn sitte.

Ja dat tochten wy ek. Mar it rn foar gjin meter. Yn de earste omloop fielde ik it al: dit wurdt neat. Hoet dat kin? Ik soe it net witte mar sawol oan de opslach as yn de krite wie it trije kear neat. Johan hie it net en Hijlke en ik rekken ek gjin bal. Ferlieze fan Hendrik Tolsma-en-dy mei fiif skjinne earsten en dan te begripen dat hja yn Huzum net in buordsje fan s hn ha. Ja, de PC wie in dikke teloarstelling. Mar ek yn oare wedstriden is it s faak by hannen om f brutsen. Derom sis ik ek: wy ha as partoer gewoan te min wn. Nim Menaam: dat koenen wy net ferlieze mar barde dochs. Skeelt dochs mar moai in Gouden Willem! Selde ferhaal yn Bitgum op de Van Aismapartij. Mei net. Bart wol! It seizoen yn fjouwer wurden!

Mar regearen is foart sjen en dat jildt fansels ek foar it keatsen. Der gongen ferhalen dat 2016 dyn lste jier wurde soe mar daliks nei frin fan de PC moast der al wer by wze.

Ja, de dei nei de PC waard ik al om goed tolve oere belle troch Hendrik Kootstra. Wat dochsto yn 2017 frege hy my. Ik sei: wat ik dwaan sil foar 2017? Hendrik jonge dr bin ik noch net mei dwaande. Kaam ek by dat de PC my noch te folle yn de holle siet. Min keatse en te lang sitte en no al tinke oer 2017. Mar it besef dat ik dat net handich oppakt hie makke al rillegau plak foar aksje. In oere letter bekrpte my it gefoel dat ik de fgels miskien wol oer it net fleane litten hie. Dus ha ik daliks de telefoan pakt en ha Bauke Triemstra belle. Ik wol wol mei dy en Patrick keatse. Bauke soe werom belje mar dat duorre noch al even. Ik ha him in pear kear belle en doe woe ik it witte. Patrick woe graach mei Bauke en Hijlke keatse mar dat woe Hijlke net en Bauke woe net by Patrick wei. No lang-om-let is it dochs rn kommen want hoe langer it duorret hoe feier it allegearre wurdt. Moast net te lang wachtsje want dan stiest mei lege hannen.

2017 is noch fier mar

Ik ha der wol sin oan. Tink ek net fierder as 2017. It rint sat it rint. Bin wol bliid dat de hiele bakkerij om is. Allegearre wer nije formaasjes. Dat is goed foar it keatsen en de tiid sil leare wat de goeie kar makke hat en wa net. Dr komme wy yn 2017 gau gench efter. Ik ha al earder mei Bauke keatst en dat hat my skoan foldien. Bauke kin genchwy sille sjen!
 

Copyright Acquisitie- en advertentiebureau Boppeslach 2002-2017
Alle rechten, waaronder het auteursrecht, zijn aan Acquisitie- en advertentiebureau Boppeslach voorbehouden.
Gehele of gedeeltelijke overname, plaatsing op andere sites, verveelvoudiging op welke andere wijze dan ook en/of commercieel gebruik van deze informatie is niet toegestaan, tenzij hiervoor uitdrukkelijk schriftelijke toestemming is verleend door Boppeslach of tenzij aan de onderstaande voorwaarden wordt voldaan. Het is, behoudens de terzake wettelijk verankerde rechten, niet toegestaan teksten of beeldmateriaal over te nemen
c.q. te publiceren zonder toestemming van Acquisitie- en advertentiebureau Boppeslach.

Nieuwsberichten, vragen en opmerkingen kunt u richten aan jbraaksma@planet.nl of telefoon 0517 - 39 68 20