Welkom op de website van www.kaatsen.nlFrythermoYour DJ
Home    Nieuwsarchief  

   Menu
Home
Nieuwsarchief
Web Links
Spelregels
Parturen 2017
Gastenboek

   Websponsors
Middelsee schilders
Your-DJ
Laanstra en Roersma
Opel Deinum Franeker
Copy service
Van Smeden IJzerwaren en Gereedschappen
Bouwbedrijf Bruinsma
Nijholt

   Agenda
  Ma Di Wo Do Vr Za Zo
>         01 02 03
> 04 05 06 07 08 09 10
> 11 12 13 14 15 16 17
> 18 19 20 21 22 23 24
> 25 26 27 28 29 30 31



Agenda deze week:

Zaterdag, december 16
10:00 - 14:00 Zaalkaatsen FBA
Woensdag, december 20
Evenement start om 10:00 Zaalkaatsen heren 55+



Zoek agenda door op...



Agenda van vandaag:

10:00
10:00 - 14:00 Zaalkaatsen FBA

Webalizer web stats

Louise Krol: Miskien wol ik wol te graach!
Gepost op Zaterdag 05 november @ 09:52:54
Afdrukbare Versie 
Bijdragen Jan Braaksma


Yn Ie gean ik op besite by Louise Krol, ien fan de keatssters dyt sljochtwei wat mear kin as de gemiddelde keatsster. Louise pakte har earste puntsje yn it haadklassefermidden op 25 maaie 2013 yn Kimswert. Hja is dan noch mar 14 jier ld en komt noch t by de famkes. Mei Froukje Wolters en Sjoukje Visser pakt se foar de Trochsetters t Ie de lytse preemje. (Foto's: Henk Bootsma).


Op 11 july 2015 komt de earste krnse oan de muorre op de Stienfeksterwei yn Ie. It bart ek noch wol op de jubileumpartij fan de eigen feriening. Mei Nicole Hempenius en Leonie van der Graaf lit hja it partoer mei nder oaren Sjoukje Visser en Manon Scheepstra op in earst stean. Winne yn eigen doarp bliuwt bysnder en de praatsjes oer in moai lot nimme je mar op e keap ta. (Fotos: Henk Bootsma).

Dat is al sa ld as it keatsen is. Meidwaan oan de Frouljus PC fan 2015 mist Louise op trije tsiende punt. Hja kin der noch ml om wurde. 2016 moat dan it jier mar wurde. It begjin kin net better. Op de trochinoarlotterspartij yn Penjum pakt hja daliks de priis. Mar op de frije formaasje partijen wol it net. De iene kear wol en de oare kear giet har partoer der wer fliegend f. It bliuwt in kwestje fan falle en mar wer opstean. Oan de ein fan 2016 liket hja it dan fn te hawwen mei Nicole Hempenius fan Frjentsjer en Sandra Hofstra fan Wjelsryp. Sa flak foar de Frouljus PC fan 2016 lykje dan de puzzelstikjes te plak te fallen. Op de frije formaasjepartij yn Skearnegoutum komme hja mei harren partoer sa mar yn de finale en moatte it dan opnimme tsjin it partoer yn foarm fan Anne Monfils, Nynke Sijbrandij en Marrit Zeinstra.

Mar as hja noch mar krekt yn de finale nderweis binne, giet opslagger Nicole troch de knibbel. It is net samar in blessuere. Nicole moat fan it fjild f en it wurdt al rillegau ddlik dat de kommende wedstriid yn Akkrum en benammen de 40ste Frouljus-PC foar har in brge te fier binne. Al rillegau docht bliken dat foar de bliere Nicole in streek troch it fierdere seizoen kin. Dat de finale teinlik ferlern wurdt docht der dan net mear ta. It praat giet nei frin allinne mar oer: hoe no fierder. Ja, wat no?

Skearnegoutum wie s bste partij fan it seizoen en dan giet Nicole troch de knibbel. De 40ste Frouljus PC soe myn earste PC wurde en dan krije je dit.
As ik fan it fjild rin sjit s heit my daliks oan. Heit is der hast altyd. Mem kin net altyd want hja is ek noch foarsitter fan de keatsferiening hjir. Yn Ie ha se ek wolris in wedstriid fansels. Dat wie ek op de bewuste dei dat ik yn Skearnegoutum de preemje pak. Moast Wiljo belje, sei heit! Net wachtsje mar daliks dwaan. Miskien wol Wiljo wol foar Nicole ynfalle. Punt wie dat Wiljo de telefoan net opnaam. Ik ha doe mem belle want yn Ie wie de grutte Boufakpartij en mem wie op it fjild. Kaam moai t dat Wiljo der ek wie en fia fia ha ik Wiljo te pakken krigen. Hja wie earst fan doel om Nynke oan te moedigjen mar se woe s ek net sitte litte en sei dat se s wol t de brn helpe woe. No, moaier koe it net.

Wie fansels wol in lyts probleemke is it net?

Hoe bedoele jo?

No, ja hoe soe de rolferdieling kommende woansdei wze. Net nbelangryk tink ik?

No, dr wie ik gau gench t. Wiljo is in bettere efterynse as ik bin dus Wiljo moast myn plak ynnimme en dan soe ik foarbst opslaan.

Hoe wie jimme tarieding?

No moandeis binne wy mei s trijen nei de lotting west. Dr waard ik net bliid fan. Wiljo lts nmer alve en doe siet der noch ien nmer yn en dat wie it partoer fan Anne Monfils-en-dy. Foar de earste kear op de PC tkomme en dan moatte je daliks tsjin ien fan de grutte favoriten. De tiisdeis ha wy yn Wjelsryp noch in baltsje slein en dat wie it dan, op nei de woansdei. Wy ha der net folle wurden mear om smoarich makke en sa binne wy ek it fjild opkommen. Fan it begjin oan f wie der wol striid. Sis mar: der barde wol wat. Nynke kin it aardich opsizze mar ik lit de tsiis ek net fan de ble ite. It gong der stevig oan ta. Noas tsjin noas om samar te sizzen. Blykber gong it efkes te ml want doe kaam de skiedsrjochter en liet s witte dat it sa moai gench wie



Mar it begjin wie net geweldich fansels

Ja, de earste twa ballen fleagen oer de boppe en it earste buordsje gong mei skjinne seis ferlern. Wiljo naam al gau oer mar nei earsten gelyk krige ik it betrouwen wer. Wy kamen wer mei in earst efter mar en nei spul gelyk pakten hja de trije earsten.

Doe kaam dyn momint.

Ja, sawol op 2-3 en 6-6 en 3-3 en 6-6 hie ik Nynke te pakken mei in moaie strper. Dat joech s partoer fleugels. Je krije it gefoel dat it feitlik net mear mis gean kin. Nei 5 om 3 giet Marrit Zeinstra ek noch foarbst opslaan mar it siet der foar harren net mear yn en wy winne.

Mar dan binne jimme der noch net fansels. Je kinne drnei samar de bitebult op gean as je efkes net by de les binne.

Dat hienen wy ek wol yn e gaten. It partoer fan Jildou Sweering-en-dy wie dan wol as lste by de tolve partoeren kommen mar wy moasten noch altyd fan harren winne om in plakje yn de finale te krijen. Mar dat gong fleanend. Wy binne noait yn de problemen west en op 5 om 1 en in bytsje sieten wy al yn de finale. Moai toch!

Ja, dy finale tsjin it toppartoer fan Ilse Tuinenga, Sjoukje Visser en Manon Scheepstra. Hoe wie dat?

No dy finale wie feitlik nei de earste bal al foarby. Ik joech in lestige fuortdraaiende bal op Sjoukje Visser en twa tellen letter leit dy selde bal al efter it kleedsje. Ik skrok dr geweldich fan. Je tinke dan: hoe kin dat. Bal wie bst opslein. Hoe no fierder. By in earst efter en 6-6 moast ik wer opslaan. Wat dogge je dan. Drfoar hie ik Manon twa kear mei in hege bal te pakken dus Wiljo sei: Dizze moat dr ek wer hinne. No, je witte hoet it gie. Fier oer alles hinne. Miskien net te folle oandrukt, wa sil it sizze mar doe wie it al ddlik dat der gjin rden oan wie. Hja wienen gewoan op en t it bettere partoer. Ilse sloech geweldich op en Sjoukje en Manon sloegen te folle ballen fan my en Wiljo boppe. Op de ein bist der ek wol klear mei. De lste twa buordsje fleane je troch de fingers. Mar it besef is wol dat ik foar it earst yn de finale fan de Frouljus PC stien ha en dat ek noch wol op myn debt.

Dat is fansels prachtich mar hoe no fierder? Do keatst no in oantal jierren yn de haadklasse en ik freegje my dan f: is it mei of tsjinfallen. Ik neam it haadklasse keatsen altyd de grutte wrld fan it frouljuskeatsen. It giet no earne om. By de famkes wie dat ek sa mar dochs is it oars. Mear minsken bemuoie harren der mei of fynsto fan net?

Ja, it moast wol wenne. Dat is wier. Je moatte je plakje fertsjinje en dat giet de iene kear makliker as de oare kear. Komt ek by dat ik miskien wol te graach wol. Ik wol hiel graach winnebin faak te nrstich. Ik hie graach mei Leonie van der Graaf keatse wolle. Ien dyt tsjin je seit fan: efkes oankomme of in stapke nei foaren of neam mar wat. Dat mis ik. Ik tink trouwens dat in soad fan myn leeftiid dy stipe fan in ldere keatsster misse. Mar ja, de froulju hlde tsjintwurdich hieltiid betider op dus ik sil it sels wol dwaan moatte. Sjoch mar nei Ilse Tuinenga. Dy seit sels dat Leonie har by de hn nommen hat. Dat hie ik ek wol wollen. Sjoch, ik pak de priis yn Penjum mei Sjoukje. Dat jout betrouwen as san ien foar je stiet. As famke wolle je likegoed of noch better wurde as bygelyks Sjoukje. Tuurlik is dat sa. Ik kom t in generaasje dyt yn de A-klasse by de famkes hast alles wn. Ik tink dan oan Sjanet Wijnia, Anne Monfils en Sandra Hofstra. Marrit Zeinstra siet der ek by mar dy wie wer in jier lder en Martzen Deinum is in jier jonger. Mar al dizze fammen soenen tink ik wol baat ha by in keatsster dyt it spul goed sjocht. Dat is in proses en dat giet by de ien wat flugger as by de oar. Mar myn doel is de PC ea in kear te winnen en dat hld ik my foar.

Dat moat ek fansels. Do komst noch mar krekt sjen. Dyn goeie jierren moatte noch komme. It falt en stiet mei hoe graach je it sels wolle en hoefolle tiid je der ynstekken wolle. Mei wa keatst do yn 2017?

Foar 2017 ha ik steld mei Elly Hofman en Marte Altenburg. Dat sjoch ik wol sitten. Sjoch, efteryn is in muoilik plak mar dyn knsen op in better partoer geane dr ek troch omheech. Der binne net safolle goeie efterynsen. Der binne mear goeie opslaggers. Dus drom de kar om dochs efterynse te bliuwen.

Noch efkes dit. Nei frin fan de PC de tinte ek noch efkes yn west?

Nee, nee en noch ris nee. Ik wie kapot en bin nei frin fan de priistrikking daliks mei heit en mem fsetten nei Ie. It waarme waar, it keatsen yn de finale en foaral de spanning fan de dei hie my mear as gewoan sloopt. Yn Ie ha wy it yn lytse romte noch efkes fierd mei in gleske wyn foar de ien en in pilske foar de oar.

 

Copyright Acquisitie- en advertentiebureau Boppeslach 2002-2017
Alle rechten, waaronder het auteursrecht, zijn aan Acquisitie- en advertentiebureau Boppeslach voorbehouden.
Gehele of gedeeltelijke overname, plaatsing op andere sites, verveelvoudiging op welke andere wijze dan ook en/of commercieel gebruik van deze informatie is niet toegestaan, tenzij hiervoor uitdrukkelijk schriftelijke toestemming is verleend door Boppeslach of tenzij aan de onderstaande voorwaarden wordt voldaan. Het is, behoudens de terzake wettelijk verankerde rechten, niet toegestaan teksten of beeldmateriaal over te nemen
c.q. te publiceren zonder toestemming van Acquisitie- en advertentiebureau Boppeslach.

Nieuwsberichten, vragen en opmerkingen kunt u richten aan jbraaksma@planet.nl of telefoon 0517 - 39 68 20