Welkom op de website van www.kaatsen.nlFrythermoYour DJ
Home  ·  Nieuwsarchief  

   Menu
Home
Nieuwsarchief
Web Links
Spelregels
Parturen 2017
Gastenboek

   Websponsors
Middelsee schilders
Your-DJ
Laanstra en Roersma
Opel Deinum Franeker
Copy service
Van Smeden IJzerwaren en Gereedschappen
Bouwbedrijf Bruinsma
Nijholt

   Agenda
  Ma Di Wo Do Vr Za Zo
>         01 02 03
> 04 05 06 07 08 09 10
> 11 12 13 14 15 16 17
> 18 19 20 21 22 23 24
> 25 26 27 28 29 30  



Agenda deze week:

Zaterdag, september 23
Evenement start om 11:00 Alle categorieën d.e.l. + verl. ronde



Zoek agenda door op...



Agenda van vandaag:

Geen events vandaag

Webalizer web stats

PC-lid Joop van der Veen wie noch net klear mei de PC
Gepost op Vrijdag 11 november @ 18:21:07
Afdrukbare Versie 
Bijdragen Jan Braaksma


Joop van der Veen fan Frjentsjer is sneon 12 novimber 2016 hommels ferstoarn. Joop wie op fakânsje yn Ingelân en die mei in oantal freonen mei oan in autorally ien fan de grutste passies fan him. (Foto: Henk Bootsma).


Joop van der Veen wie in flamboyante man en makke sűnt 1 april 2008 diel út fan de Permanente Kommisje. Van der Veen kaam dan wol net út de keatswrâld mar hy wie wol in man dy’t fol siet mei ideeën en ek net bang wie om hjirmei nei bűten te kommen.

It wie yn it foarjier 2008 dat Van der Veen foar in sit yn de PC frege waard. Jan van der Meij hie de kommisje ferlitten en de oare fjouwer leden moasten wer op syk nei in nij kommisje lid. Yn in petear mei Kaatsen.nl seit hy: “Swier űngeloof, ik wie ferbjustere. Ik tocht: węrom komme sy by my. Ik hie noch noait ien sekonde oer de PC neitocht.”

Doe’t Minne Dijkstra him belle hie hy nea tinke kinnen dat it oer it lidmaatskip fan de PC gean soe. “Ik tocht dat it oer it wurk gean soe. Mar Dijkstra woe oer de tillefoan net sizze węr’t it oer gie. Doe tocht ik noch dat hy miskien in spesjale taart foar immen bestelle woe. It komt wol faker foar dat minsken dat efkes persoanlik bestelle wolle.” Neat fan dat alles. “Ik ha betinktiid frege en bin doe op wintersportfakânsje gien nei Eastenryk. Dęr haw ik swier neitocht oer it fersyk. Sa swier dat ik by it skieën sels myn knibbel ferdraaid ha. Dat hie ik noch noait hân. It sil der wol mei te meitsjen hawwe.” Hy hifke syn gesin en in oantal goeie freonen. “Sy wienen allegear razend entűsjast.” “De ferbjustering makke plak foar beręsting en doe kaam de eufory”, sa seit hy yn it petear nei syn oanstelling by de PC. Nei it earste petear koe hy it noch net leauwe dat hja him fregen hienen foar in sit yn de PC. “By it twadde petear,mei Minne Dijkstra en Johan Dijkstra, ha ik dochs noch mar efkes frege oft it net in grapke wie. Mar nee, it wie wol deeglik serieus.”

Joop van der Veen wie der tige grutsk op dat hy op 1 april 2008 ta kommisje lid beneamd waard. Hy fűn dat in hiele eare.

Van der Veen hie neat mei it keatsen oant hy yn de kommisje kaam. Yn 2008 sei hy der oer: '. “As lyts jonkje ha ik twa jier les hân by keatsferiening Jan Bogtstra, mar dęrnei hie ik totaal gjin ynteresse mear yn it keatsen.” Troch it keatsen fan syn dochter kaam dy ynteresse wer werom. “Doe’t Iris begűn te keatsen gie myn frou altyd mei. Sy fűn dat ik ek ris mei moast. It wie in ôfdielingspartij. En Frjentsjer 1 moast tsjin Frjentsjer 2. Dęr keatste Iris yn. Sy wűnen en ik waard pakt troch it keatsen. Fan dat stuit ôf gean ik alle wiken mei. Ik fyn it geweldich.”

Van der Veen wie de húsmaster fan de PC en hy wie ek de man dy’t de kaertferkeap sa makke hat sa’t dy no hjoeddedei is. Hy wie noch lang net klear mei de PC. Siet noch fol mei ideeën mar de PC sil no sűnder him fierder moatte. Joop van der Veen yn it deistich libben eigner fan in oantal bakkerssaken, mocht mar fyftich jier âld wurde.
 

Copyright © Acquisitie- en advertentiebureau Boppeslach 2002-2017
Alle rechten, waaronder het auteursrecht, zijn aan Acquisitie- en advertentiebureau Boppeslach voorbehouden.
Gehele of gedeeltelijke overname, plaatsing op andere sites, verveelvoudiging op welke andere wijze dan ook en/of commercieel gebruik van deze informatie is niet toegestaan, tenzij hiervoor uitdrukkelijk schriftelijke toestemming is verleend door Boppeslach of tenzij aan de onderstaande voorwaarden wordt voldaan. Het is, behoudens de terzake wettelijk verankerde rechten, niet toegestaan teksten of beeldmateriaal over te nemen
c.q. te publiceren zonder toestemming van Acquisitie- en advertentiebureau Boppeslach.

Nieuwsberichten, vragen en opmerkingen kunt u richten aan jbraaksma@planet.nl of telefoon 0517 - 39 68 20