Welkom op de website van www.kaatsen.nlFrythermoYour DJ
Home    Nieuwsarchief  

   Menu
Home
Nieuwsarchief
Web Links
Spelregels
Parturen 2017
Gastenboek

   Websponsors
Middelsee schilders
Your-DJ
Laanstra en Roersma
Opel Deinum Franeker
Copy service
Van Smeden IJzerwaren en Gereedschappen
Bouwbedrijf Bruinsma
Nijholt

   Agenda
< mei >
  Ma Di Wo Do Vr Za Zo
> 01 02 03 04 05 06 07
> 08 09 10 11 12 13 14
> 15 16 17 18 19 20 21
> 22 23 24 25 26 27 28
> 29 30 31        



Agenda deze week:

Zaterdag, juli 22
Evenement start om 10:00 Dames eerste klasse vrije formatie
Evenement start om 11:00 Heren 50+ d.e.l. + verliezers ronde
Evenement start om 11:00 Heren eerste klasse vrije formatie
Zondag, juli 23
Evenement start om 10:00 Dames eerste klasse vrije formatie
Evenement start om 11:00 Dames hoofdklasse vrije formatie
Evenement start om 11:00 Heren hoofdklasse vrije formatie
Evenement start om 10:00 Jongens d.e.l. A-klasse
Evenement start om 10:00 Jongens d.e.l. B-klasse + verl. ronde
Evenement start om 10:00 Meisjes d.e.l. A-klasse
Evenement start om 10:00 Meisjes d.e.l. B-klasse + verl. ronde
Evenement start om 10:00 Pupillenjongens d.e.l. A-klasse
Evenement start om 10:00 Pupillenjongens d.e.l. B-klasse + verl.
Evenement start om 10:00 Pupillenmeisjes d.e.l. A-klasse
Evenement start om 10:00 Pupillenmeisjes d.e.l. B-klasse + verl.
Evenement start om 10:00 Schooljongens d.e.l. A-klasse
Evenement start om 10:00 Schooljongens d.e.l. B-klasse + verl.
Evenement start om 10:00 Schoolmeisjes d.e.l. A-klasse
Evenement start om 10:00 Schoolmeisjes d.e.l. B-klasse + verl.
Evenement start om 10:00 Welpen jongens d.e.l. A-klasse
Evenement start om 10:00 Welpen jongens d.e.l. B-klasse + verl.
Evenement start om 10:00 Welpen-meisjes d.e.l.
Maandag, juli 24
Evenement start om 11:00 Heren tweede klasse vrije formatie
Woensdag, juli 26
Evenement start om 10:00 Junioren afdelingswedstrijd



Zoek agenda door op...



Agenda van vandaag:

Geen events vandaag

Webalizer web stats

Frans Postmus: Ik ha te min ynfloed op it spul
Gepost op Zaterdag 26 november @ 09:12:15
Afdrukbare Versie 
Bijdragen Jan Braaksma


Yn Ljouwert wie ik him tsjin it liif rn doet hy krekt as ik oan it sneupen wie op de Hobby Beurs dyt mids novimber yn it WTC gebou hlden waard. It keatsen leit dan alwer in moai skoft efter s mar praat oer it spultsje hldt noait op. Je binne leafhawwer of je binne it net. Omdat wy allebeide yn selskip binne fan de twadde helte, prate wy f dat ik him meikoarten efkes skilje sil foar in stikje. (Foto: Boppeslach).

Frans: Mei de Eendracht it skip fan Kuifje. Sels makke yn twa jier tiid!


Tiisdei de 22ste novimber wie it dan safier. Ik reizge f nei Hitsum wrt Frans mei syn Fenny no al wer 12 jier mei alle wille del strutsen is. Frans Postmus waard 66 jier lyn berne yn Dokkum, mar syn jeugd brocht hy troch yn Surhsterfean wrt syn heit in baan as gasfitter hie. Frans is sechtjin jier as hy te wenjen komt yn Harns. Heit hie dr in baan krigen en dan moatte je ferkasse is it net. Fan Wldpyk waard hy in Ouwe Seun.

It wurd keatsen leit dan noch hiel fier fuort. Frans syn leafde leit oant syn 54ste jier op it fuotbalfjild. Hoe rint soks?

,,Ik hie as jonkje neat mei fuotbal. Wy hienen ths in Lassie hn en dr wie ik altyd mei dwaande. Ik wie gek fan dy hn. Dat kaam fansels ek troch dy seary op de televyzje. Oan s heit waard faak de fraach steld: Wrom fuotballet dyn soantsje net? No, ik hie der doe neat mei. Ik bin dan pak em beet in jier as tolve. Mar hawar, ik gean dochs lang om let op fuotbaljen en ik waard lid fan fuotbalferiening Surhsterfean. Dy spile doe yn de FVB. Mar doe seinen de omstanners al dat ik aardich wat mei de bal koe.

Yn 1965 komme jimme dan te wenjen yn Harns en do wurdst lid fan fuotbalferiening Harns. Harns wie net samar wat. Hja spilen yn de heechtste klasse fan it sneinsfuotbal. Haadklasse wie der doe noch net.

,,Ik kaam by Harns doet mannen as Wally Steinvoorde, Simon van Dijk, Jetse Pascal, Johny Ligthart, Willem van Keulen en Proppie Mulder mear as foarbst opsloegen. Proppie wie syn bynamme want hy hjitte gewoan Henk. Ik wit wol dat hy sa gemien wie as putswetter. Mar dy moasten je der yn dy tiid ek by hawwe.

Ik kaam riilegau yn de A-1 en drnei siet ik ek al by it earste fan Harns. Ik stean op in sneintemoarn op it Balkln en dr komt Barry Hughes op my f. Do wist wol, dyt trout wie mei Elles Berger fan de televyzje. Jij komt trainen bij het eerste van Harlingen. Ik ferstie him net sa goed omdat syn Ingels noch net je fan dat wie. Mar klear, foar dat ik it wist siet ik al by de grutte jonges. Myn earste wedstriid wie tsjin Achilles 31. Ik hear it de jonges noch sizzen: wa is dit jonkje? Frjemd wie dat net want ik wie noch mar in blauwe moandei by Harns.

Mar it soe it begjin wze fan in karrire dyt 30 jier duorje soe wrfan tweintich jier yn it earste fan Harns. Frans syn posysje wie linkermiddenfjilder.

Dat moatte moaie jierren west hawwe. It Balkln stie ommers altyd swart fan de minsken foaral as Jobbegea mei bygelyks Grietus en Oebele de Vries op besite kamen en de konfrontaasjes mei de Readsjes t de Westerein mochten der ek wze.

,,Jan, dat wienen geweldige wedstriden. Net allinne ths mar ek de twedstriden mochten der wze. Wy hienen altyd in bus fol mei supporters. Dy gongen oeral mei hinne. Wy ha prachtige dingen belibbe. It moat it seizoen 1970-1971 west hawwe. Ik spile yn in geweldige ploech mei nder mear Jetze Nagel, Menno Huizinga, Willem van Keulen en Nico Beuker om mar in pear te neamen. Wy spylje yn Jobbegea tsjin de pleatslike favoryt en Age is s grinsrjochter. Age is Age Tichelaar, do wol bekend. Sa lang ik fuotballe ha wit ik net better as Age wie mei as grinsrjochter. Yn Jobbegea wie dat net oars.

Jobbegea is yn de oanfal en der komt in bal op e goal en de bal fljocht fia de nderkant fan de latte it fjild wer yn. Mar de bal siet folgens my wol. Mar Age jout oan dat de bal net sitten hat. Komt der san echte Jobbegeaster op Age f en dy freget: Sit dy bal net jonkje? Nee, seit Age. De bal sit net. Ik hear it de man noch ien kear sizzen: Sit dy bal net jonkje? Age die krekt as hy it net hearde en wie al wer dwaande mei it folgjen fan it spul. Pakt dy man syn klomp en slacht Age mei dy klomp op e harses. No, doe wienen de rapen gear fansels. Publyk op it fjild en fjochtsje fansels. It hat wol oardel oere duorre foardat wy yn de bus sieten. Us oanfierder Henk van Koningsveld seach it swurk driuwen en naaide t nei de klaaiboks en hat dr krekt salang op it hske sitten oant de stoarm wer lizzen gongen wie. Wy wnen trouwens wol mei 3-1 en waarden dat jier ek wer kampioen. Sjoch, Age wie in geweldich minske mar syn leafde foar Harns wie justjes wat grutter dan de hurde werklikheid. Dat wie no ien kear sa.

Mar it binne wol de tiden wrt je as sportman mei wille oan werom tinke. Ik bin mei it earste fan Harns fjouwer kear kampioen wurden. It wiene net allinne de wedstriden tsjin Jobbegea en De Westerein wrt it Balkln foar fol rn. De minsken fan Zeerobben dyt sneins net nei it Balkln mochten, stienen dan altyd op de brge by it Balkln nei s te sjen. Ek de wedstriden letter tsjin Drachten, Frjentsjer en net te ferjitten Lemmer met nder oaren Gauke Bootsma. Gauke skopte dy blyn om it samar te sizzen. Dat wienen rge potsjes. It wit noch dat it in wedstriid wie yn de twadde klasse en dat it gong om it kampioenskip. Nei goed tsien minuten stienen wy al mei 3-0 foar en teinliks waard it 5-1.

Mar ek de wedstriden tsjin WKE yn Emmen stean Frans noch glshurd foar de geast.

,,Ik ha fiif kear yn Emmen tsjin harren fuotballe mar wy koenen wol mar wy woenen dr net winne. Wy moasten ek wer nei hs no. WKE wie net samar in klub. Je wienen feitlik bang om te fuotbaljen. De sfear makke dy bang. Wy stean in kear fiif minuten foar de ein mei 2-1 foar mar gelokkich skopte ien fan s eigen maten de bal yn eigen goal. Wy ha him nei frin fan de wedstriid folrinne litten mei bier. Sa bliid wienen wy dat wy net wn hienen. Je wienen bliid dat je wer hiel yn de bus sieten.

De weromreizen nei Harns wienen trouwens legendarysk. Ien dyt altyd fan de partij wie, wie Pierke Wierda. Mar Pierke hie ien probleem: hy koe de kroegen net foarby kommeBoppedat wie hy as de dea foar syn frou. Hja besocht fan alles om Pierke yn de stokken te hlden. Sjoch, Pierke hie wol jild nedich foar al syn fersnaperingen. Hja ferstoppe dan de sinten mar dat die Pierke ek. Ik wit wol dat hy it jild yn de koplampe fan de fyts ferstoppe hie. Pierke seach ek hast noait wat fan de wedstriid want hy sloech meastentiids daliks f rjochting kantine. Nei frin frege hy dan faaks: Wie het it wonnen?

Do hast fansels de nedige trainers foarby kommen sjoen. Ik neam dan Jan Hoekema, Jelle Wassenaar, Klaas Stoffels, Johny Ligthart, Joop de Ruiter en Willem Spindelaar.

,,Jan Hoekema kaam doet ik noch yn it opkommen wie. Jan, heit fan Oekie, fertelde s heit dat it mar goed wie dat ik sels net wist hoe goed ik it fuotbalje koe. Hy seach dat ik fuotballe op gefoel en dat binne de bsten. Jan mocht graach neisittete lang faak. By it fuortgean nam hy it dan ek net sa krekt as hy om e bocht gong by it stasjon. De ferkearsboerden wienen foar Jan faak oan de te grutte kant...De plysjes seinen dan: Jan hat juster seker wer training jn

Jelle Wassenaar wie yn syn neidagen as trainer doet ik him meimakke ha. Jelle makke de opstelling fant it kafee Bambach. Do moast it mar beskgje as in soart fan fskie fan it fuotbal.

Fan Johny Ligthart ha ik it measte leard. As minske koe hy dy freeslik lyts man meitsje. Dr wie ik net wei fan. Mar as trainer ha ik net better hn. Hy liet de mindere better spylje. Hy wie it ek dyt tsjin my sei dat ik net hoechde te helpen mei ferdigenjen. Denkst dat it wat tmaakt asto der by komst te staan? Blief dou maar mooi voor. Dan bindst oek noch twee man..

Joop de Ruiter kaam fan Cambuur. Syn tarieding op de wedstriid wie koart, hiel koart: Wij spele vandaag tegen Zwaagwesteinde en ik verwacht twee punten. Dat wie de hiele tarieding! Mar wy waarden wol wer nder him kampioen!

It wie trouwens wol in moaie ploech dyt wy doe hienen. Werry Hofman, krekt ferstoarn, hie tasein dat as wy kampioen wurde soenen, hy fan it Balkln nei de Weinstube krpe soe. No, hy hat syn wurd hlden. Mei liende knibbellapen foar sawol de hannen as de knibbels hat hy it folbrocht. Flip Cornelisse en Wiebe van Dijk stienen by de doar him op te wachtsjen. Kees Leijen, better bekend as Kees op de Pot, wie portier en rekke fan it sintrum omdat hy net fan alle besikers in gne krige. Kees wie njonken materiaalman manusje fan alles. Koest it net sa gek betinke of Kees die it. Kees wie der altyd. As wy wn hiene glde Kees, mar dat die hy ek by in gelyk spul of de partij ferlern hienen. It makke Kees neat t. Dat jilde fansels ek foar it bestjoer fan Harns.

Ik ha hiel wat foarsitters mei makke. Jopie van der Ven, Piet Mier en Rustebiel de lettere skoanheit fan Nico Beuker dyt boppe it stasjon wenne, om der mar in pear te neamen. Mier, skoalmaster wie in binende faktor. Dat hienen je yn Harns wol nedich. Harns hie yn dy tiid skipswerf Welgelegen as sponsor en ik ha ek jierren op de werf myn brea fertsjinne. Dat wienen prachtige tiden. Alles wat de werf wie stie sneins op it Balkln. Kees van der Schoot, de grutte baas, kaam freeds wol ris efkes by my del. Hy stuts de fingers dan op: twee make en maandag vrij. No sa barde it dan. As ik der twa ynskeat dan hoechde ik moandeis net op it wurk te kommen. Dat koe doe noch!

It binne ek de tiden fan de klubikoanen Klaas Koster en Pier Glas. Ja, mei Pier ha wy aventoeren belibbe. Pier hat in freeslik soad foar de fuotbalklub dien yn de mande mei Klaas Koster. Pier wie altyd de lste dyt it ljocht t die en sei ek noait nee tsjin in oanbeane fersnapering. Pier spile ien kear yn it jier ek foar Sinteklaas. Dat begn dan op it Balkln en it einige meastentiids yn it Pypke. De mijter kaam rillegau f en it burd waard oan de kant smiten en Pier einige dan dnsjend op de tap fan it Pypke.

Mar nei dyn fuotbalkarrire komsto dan yn 2004 yn oanrekking mei it keatsen.

,,Ja, wy wienen ferhuze nei Hitsum en ik kaam wolris op it keatsfjild. Ik hie wol ris keatst mei de sfte bal mar noch noait mei de hurde bal. Sjoch, ik die wol ris mei oan de wedstriden yn de Oosterparkwijk dyt organisearre waarden troch Joppie Patat fan it Praaths. Joppie Patat hjitte feitlik Joppie de Vries en wie foardat hy yn de patat gong wurksum op Welgelegen as lasser. Joppie hie dokes dy moast wolris nei hs om te sjen as syn bistsjes al wer ths wienen. Ik wie dan syn ferfanger om samar te sizzen. Ik ha ek wolris meidien en Arie den Breejen hat der ek wol oan meidien mar dy hat it noait fan my wn. Sjoch, Arie sloech de ballen wol hndert meter fuort mar dat is net keatsen.

Om earlik te wzen hat Henny Seerden fan Frjentsjer my by it keatsen brocht. Ik wie mei him op de Katholike ULO yn Harns. Doet hy it oer de PC hie tocht ik oan it konkours yn Btenpost

Mar goed doe hast it gau oppakt want yn 2004 waardsto ek noch tredde yn de jierklassemint fan de 50+.

,,Ik ha in mof kocht by Riemersma yn Frjentsjer mar dat wie in waardeloas ding. Dr koe ik neat mei. Mar de omstanners hienen gau yn de gaten dat ik aardich balgefoel hie. Ek by it keatsen. Do hast in moai slachje waard my sein. No, dat die bliken want oan de ein fan 2004 einige ik yn it jierklassemint op de tredde plak. Ja, dat wie wol bysnder foar my en ek foar de doetiidse foarsitter Theunis Piersma. De priistrikking wie yn Bloemketerp en Simon de Groot wie nmer ien en Jan Tuinier fan Makkum wie twadde. Doe kaam ikIk ken jo net sei Piersma tsjin my. No sei ik: Ik jo ek net!

Do rinst no al in oantal jierren mei. Wat is it ferskil yn de beleving fan de sport?

,,Jan, fuotballers ha folle mear humor as keatsers. Jehannes van Dijk wie ien fan de lste keatsers dyt noch humor hie. Sjoch, ik keats sat ik fuotballe. Ik dk nei elke bal. Dat komt soms frjemd oer en ik sis fansels wol ris wat. Dat ha ik yn Harns wol leard

Ik keats in kear mei Oeds Broersma fan Wytmarsum. Ik sis: fynsto it wol leuk? Ik ha dy de hiele dei noch net heard. Sa keats ik in kear mei Minne Soepboer fan Surhsterfean. Earste bal bten oan de rjochter kant fan de krite, dan ien oan de linker kant. Dan ien foar en de fjirde tsjin it boerd efter de krite. Ik ha dat sa oansjoen en sis tsjin Minne: Asto der no twa efterelkoar yn bringst dan krijsto fan my in fytsmis fansels. Soks snap ik net!

In oare kear keats ik mei Johan van der Veen fan Oentsjerk. Johan hat twa kear wn en hat sn earsten tsjin. Ik ha ek twa kear wn mar ha seis earsten tsjin. De lste partij binne wy byelkoar. Johan tinkt fan as hy wint dat hy de priis hat. Hy hat my ek net frege hoefolle earsten ik tsjin hn ha. Ik sis dat ek netJohan giet der plat foar en wy winne mei 5-1 en in bytsje. Johan bliid want hy tinkt dat de earste priis foar him is. By de priistrikking heart hy dat hy twadde wurden is en dat ik de krnse hadr kin ik wol om laitsje.

,,Wrt it by it 55+ plus keatsen foaral om giet is de wille dyt in grut part fan de dielnimmers der oan belibje. Ik ha grut respekt foar mannen as Wieger Boonstra fan it Fean mei twa nije heupen en in nije knibbel. Hy komt noch altyd en kin feitlik net mear troch de bocht. Geweldich dat hy it noch opbringe kin om elke fjirtjin dagen nei Frjentsjer te kommen. Dat selde is fan tapassing op Albert Dijkstra fan Harns. Of Jan Veenstra fan Apeldoorn dyt noch altyd komt om hjir te keatsen. Dan ha wy it noch net iens oer Willem van der Meulen fan Drachten dyt rom op wei is nei de njoggentich mar noch altyd oanwzich is. Hy keatst net mear mei mar stiet eltse kear noch efter de tillegraaf. Freget wol oan hokker kant de blokjes ophongen wurde moatte. Wat my it measte docht is om te sjen as guon keatsers it feitlik net mear witte wrt hja mei dwaande binne. Dat hja nei ien momint net mear witte wrt hja harren mof del lein ha. Se draaie harren om en se binne it kwytfreeslik liket my dat. En dochs noch komme om te keatsen.

Keatsen op himsels is in prachtich spultsje mar ik ha te min ynfloed op wat der bart en it duorret my te lang. As man op e boppe moatte je mar fwachtsje wat je maat oan de stuit docht. Drom ha ik eartiids ek foar it fuotbaljen keazen. As middenfjilder hie ik folle mear ynfloed op it spul dan as ik hjoeddedei oan it keatsen bin. Ik slach hast gjin wedstriid fan de 55+ oer. Mei graach, hiel graach winne mar de measte foldwaning krij ik t it feit dat ik sjoch dat eltse fjirtjin dagen rom hndert leafhawwers de muoite nimme om nei De Trije te kommen. Dan sjochsto dat keatsen mear is as trije spul.
 

Copyright Acquisitie- en advertentiebureau Boppeslach 2002-2017
Alle rechten, waaronder het auteursrecht, zijn aan Acquisitie- en advertentiebureau Boppeslach voorbehouden.
Gehele of gedeeltelijke overname, plaatsing op andere sites, verveelvoudiging op welke andere wijze dan ook en/of commercieel gebruik van deze informatie is niet toegestaan, tenzij hiervoor uitdrukkelijk schriftelijke toestemming is verleend door Boppeslach of tenzij aan de onderstaande voorwaarden wordt voldaan. Het is, behoudens de terzake wettelijk verankerde rechten, niet toegestaan teksten of beeldmateriaal over te nemen
c.q. te publiceren zonder toestemming van Acquisitie- en advertentiebureau Boppeslach.

Nieuwsberichten, vragen en opmerkingen kunt u richten aan jbraaksma@planet.nl of telefoon 0517 - 39 68 20