Welkom op de website van www.kaatsen.nlFrythermoYour DJ
Home    Nieuwsarchief  

   Menu
Home
Nieuwsarchief
Web Links
Spelregels
Parturen 2017
Gastenboek

   Websponsors
Middelsee schilders
Your-DJ
Laanstra en Roersma
Opel Deinum Franeker
Copy service
Van Smeden IJzerwaren en Gereedschappen
Bouwbedrijf Bruinsma
Nijholt

   Agenda
  Ma Di Wo Do Vr Za Zo
>           01 02
> 03 04 05 06 07 08 09
> 10 11 12 13 14 15 16
> 17 18 19 20 21 22 23
> 24 25 26 27 28 29 30



Agenda deze week:

Donderdag, april 27
Evenement start om 11:00 Heren 50+ d.e.l. + verliezers ronde
Evenement start om 10:00 Heren eerste klasse d.e.l.
Zondag, april 30
Evenement start om 09:00 Heren hoofdklasse afdelingswedstrijd



Zoek agenda door op...



Agenda van vandaag:

10:00
Evenement start om 10:00 Heren eerste klasse d.e.l.
11:00
Evenement start om 11:00 Heren 50+ d.e.l. + verliezers ronde

Webalizer web stats

Wedstriidaginda bliuwt swiere befalling
Gepost op Zaterdag 03 december @ 08:35:19
Afdrukbare Versie 
Bijdragen Jan Braaksma


Lang om let foel frne tiisdei de wedstriidaginda 2017 op de matte. Wie it eartiids al net sa maklik om de aginda rn te krijen anno 2017 liket it der op dat it hieltyd slimmer wurdt om alle wedstriden in plakje te jaan. (Foto: Henk Bootsma).


Healwei it jier falt earst de aginda al op de matte by de ferienings mar yn dy aginda kin dan noch it nedige wizige wurde. Wie it eartiids sa dat nei july Tetman noch wol efkes oan de bak moast, mar dit jier hat it swier kealle. In dikke fyftich wedstriden binne fan feriening of datum feroare. Der wienen noch mear fragen om it oars te dwaan mar it wikseljild fan Tetman is net neinich. Wr komt soks troch? Wa jout de froulju in kontsje?

Dat is net mei in pear wurden te sizzen. Der binne ferskate redenen foar. Sa krijt it keatsbn geandewei mear lst fan de fuotballerij. Guon kompetysjes duorje hast oan mids juny ta. Neikompetisje, promoasje en degradaasje wedstriden, je reitsje bytiden de tel kwyt mar it rekket hieltyd mear it keatsen. Fjilden dyt net beskikber binne is der ek ien fan. Boppedat binne der in skepnetfol fuotballers dyt ek hiel aardich mei de lytse bal oerwei kinne. Dat begjint hieltyd mear te knipen. De kar dyt dan makke wurdt falt ferkeard foar it keatsen t.

Drnjonken hat de man dyt de toutsjes op it buro oan elkoar knoopje moat ek te krijen met gemeentes dyt de keatsfjilden tidens it seizoen oer de kop helje. Nim keatsferiening Ie dyt yn 2017 hielendal gjin wedstriden organisearje kin omdat hja ien fan dy plakken binne wrt it fjild oer de kop giet. Mar Littens en Warkum ha der ek mei te krijen.

Is it dan allegearre kommer en kwel? Fansels net, mar eltse wedstriid dyt net trochgean kin is der ien te folle. De aginda fan 2017 telt rom 320 wedstriden. It seizoen begjint op 27 april yn Harns en Holwert en it hldt op mei de Aldehoupartij op sneon 16 septimber 2017.

Nij op de aginda is Anjum dat foar it earst in haadklassepartij foar de manlju organisearje mei. Anjum nimt it plak yn fan Niawier-Mitselwier-Easternijtsjerk dat de partij werom jaan moast omdat der yn de feriening gjin draagflak mear foar wie. Keatsen is net nij foar Anjum, want op 7 augustus 1873 wienen hja der al drok mei.

Binne de wedstriden fan de manlju allegearre nder dak dat kin net sein wurde fan de partijen foar sawol de froulju haadklasse en de froulju earste klasse. Tetman hat noch sn, ja sn, partijen noch net in plak jaan kinnen. Dat jout te tinken as de ferieningen gjin plak mear ynromje wolle foar de top fan it frouljuskeatsen en hja dyt graach nei de top wolle.

Wat fierder opfalt is dat de federaasje Snits yn 2017 ntbrekt op de wedstriidaginda. Hommerts-Jutryp soe yn 2017 foarbst opslaan mar hja koenen harren net fine yn de foarstelde data. Koart sein: sa en net oars! As btensteander tinke je dan: hie dat net oars kinnen? Hie der net efkes praat wurde moattenwy sille it net witte!

Oars is it steld mei de wedstriden foar de 50+. Der wie romte foar 20 partijen en Tetman hie der wol tritich kwyt kinnen. De 50+ is hot om samar te sizzen. Soe it ek net sa wze dat de neisit fan de lde krigers swier telt? Hja ha faaks wat mear bssinten t te jaan as de froulju. Wy witte it net, mar it soe samar kinne.

Moai, sis mar ferstannich is it beslt de wedstriden fan de twadde klasse froulju fan de aginda f te heljen. Te faak moast der yn de jierren dat hja op de aginda stienen nee ferkocht wurde.

Moai is ek dat de bond foar senioaren wer werom helle is nei it Sjkeln. Werom nei it plak wrt san wedstriid de ein krije moat.
 

Copyright Acquisitie- en advertentiebureau Boppeslach 2002-2017
Alle rechten, waaronder het auteursrecht, zijn aan Acquisitie- en advertentiebureau Boppeslach voorbehouden.
Gehele of gedeeltelijke overname, plaatsing op andere sites, verveelvoudiging op welke andere wijze dan ook en/of commercieel gebruik van deze informatie is niet toegestaan, tenzij hiervoor uitdrukkelijk schriftelijke toestemming is verleend door Boppeslach of tenzij aan de onderstaande voorwaarden wordt voldaan. Het is, behoudens de terzake wettelijk verankerde rechten, niet toegestaan teksten of beeldmateriaal over te nemen
c.q. te publiceren zonder toestemming van Acquisitie- en advertentiebureau Boppeslach.

Nieuwsberichten, vragen en opmerkingen kunt u richten aan jbraaksma@planet.nl of telefoon 0517 - 39 68 20