Welkom op de website van www.kaatsen.nlFrythermoYour DJ
Home    Nieuwsarchief  

   Menu
Home
Nieuwsarchief
Web Links
Spelregels
Parturen 2017
Gastenboek

   Websponsors
Middelsee schilders
Your-DJ
Laanstra en Roersma
Opel Deinum Franeker
Copy service
Van Smeden IJzerwaren en Gereedschappen
Bouwbedrijf Bruinsma
Nijholt

   Agenda
< juni >
  Ma Di Wo Do Vr Za Zo
>       01 02 03 04
> 05 06 07 08 09 10 11
> 12 13 14 15 16 17 18
> 19 20 21 22 23 24 25
> 26 27 28 29 30    



Agenda deze week:

Maandag, juni 26
Evenement start om 18:30 Iepen Frysk kampioenschap Jeu de Pelote
Dinsdag, juni 27
Evenement start om 18:30 Iepen Frysk kampioenschap Jeu de Pelote
Woensdag, juni 28
Evenement start om 19:00 Iepen Frysk kampioenschap Jeu de Pelote
Donderdag, juni 29
Evenement start om 18:30 Iepen Frysk kampioenschap Jeu de Pelote
Vrijdag, juni 30
Evenement start om 15:30 Heren hoofdklasse vrije formatie
Evenement start om 18:30 Iepen Frysk kampioenschap Jeu de Pelote
Zaterdag, juli 01
Evenement start om 10:00 Bond schooljongens
Evenement start om 10:00 Bond schoolmeisjes
Evenement start om 10:00 Dames junioren afdelingswedstrijd
Evenement start om 10:00 Heren eerste klasse vrije formatie
Evenement start om 18:30 Iepen Frysk kampioenschap Jeu de Pelote
Evenement start om 10:00 Jongens vrije formatie
Evenement start om 10:00 Jongens vrije formatie
Evenement start om 09:00 Straatkaatstoernooi Zaailand
Evenement start om 10:00 Welpen jongens d.e.l. A-klasse
Evenement start om 10:00 Welpen jongens d.e.l. B-klasse + verl.
Evenement start om 10:00 Welpen meisjes d.e.l.
Zondag, juli 02
Evenement start om 10:00 Dames eerste klasse vrije formatie
Evenement start om 11:00 Dames hoofdklasse vrije formatie
Evenement start om 11:00 Heren 30+ d.e.l. + verliezers ronde
Evenement start om 11:00 Heren 50+ d.e.l. + verliezers ronde
Evenement start om 11:00 Heren eerste klasse vrije formatie
Evenement start om 12:00 Heren hoofdklasse vrije formatie
Evenement start om 10:00 Jongens afdelingswedstrijd
Evenement start om 10:00 Meisjes d.e.l. A-klasse
Evenement start om 10:00 Meisjes d.e.l. B-klasse + verl. ronde
Evenement start om 10:00 Pupillenjongens d.e.l. A-klasse
Evenement start om 10:00 Pupillenjongens d.e.l. B-klasse + verl.
Evenement start om 10:00 Pupillenmeisjes d.e.l. A-klasse
Evenement start om 10:00 Pupillenmeisjes d.e.l. B-klasse + verl.



Zoek agenda door op...



Agenda van vandaag:

18:30
Evenement start om 18:30 Iepen Frysk kampioenschap Jeu de Pelote

Webalizer web stats

Durk de Vries: yn Harns woe it altyd wol keatse
Gepost op Zaterdag 17 december @ 09:30:13
Afdrukbare Versie 
Bijdragen Jan Braaksma


Yn Frjentsjer, op de Froonackerflat 77, skik ik oan by Durk de Vries. Durk de Vries is berne yn Seisbierrum mar hat it grutste part fan syn libben wenne yn Frjentsjer wrt hy mear as fjirtich jier as boekhlder yn tsjinst wie by de FLC ek wol de Franeker Landbouw Coperatie neamd. Durk de Vries, op 24 maart 2017 hopet hy 95 jier te wurden, is noch ien fan die lde krigers dyt noch mei Taede Zijlstra, Klaas Kuiken en Dooitzen de Bildt keatst hat. As je dan noch yn de gelegenheid binne om dr mei De Vries oer te praten dan moatte je san kns dyt net sa faak mear foarby komt mei beide hannen gripe. (Foto: LC).

De finale partoeren op de tnoegingspartij dd 5 augustus 1945 yn Frjentsjer. Steand flnr: Pieter de Haan, Dirk de Vries en Frans Helfrich. Derfoar flnr: Hiele de Haan, Adrianus Paassen en Jan Rodenhuis. De lsten pakten de priis.


It rinnende wurk wol by De Vries net mear, mar it nthld hat der net nder te lijen hn. De Vries hat net sa lang yn it grutte spul sitten mar hy wie der op jonge leaftiid al betiid by.

Wy wennen hast njonken it keatsfjild dus it koe net oars of wy wienen dr gauris te finen. Sis mar, wy wienen der hast altyd. Der wie fierder ek net folle oars. Gymmestyk en fuotbal mar dat wie it dan ek. Kaam by dat der yn dy tiid folop yn Seisbierrum keatst waard. Sawol by de jonges as by de senioaren sieten hiele bste keatsers. Ik neam Jan, Jasper en Tsjerk Zijlstra, Klaas Goodijk, Jan Uildriks de sweager fan PC-winner Anne Braam, Wijtse Leistra en net te ferjitten Rinze Leistra. Hy waard it kanon fan Seisbierrum neamt en dat wie ek wol terjochte. Hy koe ferwoestend opslaan allinne wist hy faak net wrt hy de ballen brocht. Ik ha wol mei him keatst en dan duorre it betiden noch al wat foardat hy syn oanrin nam. Hokker kant? sei hy dan. No dat koe hy wol sizze mar dat joech net sa folle want by Rinze koe it ommers alle kanten t. As hy in goeie rite hie dan hienen je in geweldige maat oan him mar dat barde net sa faak. Se fleagen meastentiids alle kanten t behalve rjochtt en dat lste wie wol de bedoeling.

Ja Rinze wie in guodlik man en hy wie sa sterk as in bear. Guon keatsers wienen ek bang fan him. Op ien nei: Barend van der Veen fan Wergea. Dy hat him wol ris goed by it jak hn. Ja, sa giet dat. Je komme altyd je master tsjin. Dat is no sa en dat wie doe ek sa. Neidat ik oan it wurk kaam by de FLC seach ik him noch faak foarby kommen. Ik siet op kantoar en Rinze brocht mei syn grutte GMC de keunstdong nei de boeren ta.

Durk de Vries koe fan beide: opslaan en yn it perk. De measte prizen hat hy wn as opslagger. Ik kom De Vries yn 1936 foar it earst tsjin op in KNKB-partij wrt hy mei de priis nei hs giet. Wy skriuwe 3 septimber 1936. Op de fdielingspartij fan keatsferiening Eendracht yn Harns wint hy foar De Twa Doarpen de priis. Mei Jan Zijlstra en Jelle Hoekstra binne se it Harnzer partoer de baas. Dat sil de Ouwe Seunen net leuk fn ha want hja tochten mei Folly Bouma, Gerrit Braaksma en Frans Helfrich dochs wol it winnende partoer te hawwen. It wie ek net samar in partoer. It wie ommers it partoer dat in moanne earder yn Wommels de Freule wn hie. Mar yn Harns koe De Vries altyd wat mear as earne oars.

Boppedat waard hy ek noch kening fan de partij. Alve jier letter soe hy dat as earsteklasser nochris dwaan. It wie myn earste keningskip en sokke dingen ferjitte je fan je libben net.

Moai toch dat je sokke saken ek al binne je dan hast 95 jier noch presys witte.

Op de Jong Nederln fan 1940 en 1941 pakt De Vries in lytse preemje. Twa kear is Piet van der Meer syn maat en oare twa binne Sijbren Kikstra en Durk van Zon, soan fan de bekende Willem van Zon. Yn de jonges fan Van Zon siet wol wat muzyk

Op de bond keatste De Vries him trije kear yn e prizen. Twa kear wie Jehannes Brandsma, de heit fan de lettere keatskening, syn maat. Dat wie yn 1949 perfoarst net de bedoeling.

It partoer dat op e bond tkomme soe bestie t Tsjerk Zijlstra en Jelle Hoekstra. Mar op e sneon foar pinkstermoandei bruts Jelle syn foet by boer Jentje de Jong. Jelle soe sneon noch gau efkes in putsje foar de boer dwaan. Doet hy mei hynder en wein wer op hs ta gong draaide hy te koart om de homeiepeal hinne mei as gefolch dat syn foet tusken de wein en homeiepeal kaam mei as gefolch in brutsen foet. Ja, dr sieten wy dan. Wat no? Ik bin nei Jelle ta west en wy hawwe it der as partoer efkes oer hn. Wa no? No de kar foel op Jehannes Brandsma en sa ha wy dat dien. It wit noch wol dat it op pinkstermoandei freeslik waar wie en dat de wedstriid nei twa omlopen stillein is. De oare sneon is doe de wedstriid tkeatst.

Op 31 july 1940 makket de 18-jierrige De Vries syn debt op de PC. Hy hat steld mei Rinse Yetsenga, dyt yn 1922 al kening fan de PC wie, en Frans van der Vliet fan Wytmarsum. Hja ha nmer 13 en moatte it daliks opnimme tsjin de lde krigers Klaas Kuiken en Jan van Dijk mei de jonge Frans Helfrich. De Vries wit it noch of wie it juster bard.

Klaas Kuiken wie in helen fansels. Dy hoechden je neat te learen en Jan van Dijk wie ek in baas fan in keatser. Tsjin Frans Helfrich hie ik al faak gench keatst. Wy kamen mei 3 om 1 foar mar doe heakke it wat yn it perk.

Kuiken-en-dy komme werom nei 3 om 2 en dan folgje der twa earsten dyt beide op seis gelyk ferlern gean. Earst kin Frans van der Vliet de keats net foarby slaan en op 3-3 en 6-6 hat de Kuik De Vries te pakken yn it foarperk. It sil it begjin fan de ein wze want op 5-3 en 6-4 mist Rinse Yetsenga de krite. Mar as ik der mei De Vries oer praat bliuwt it foar him dochs in hichtepunt, Sjoch, je winne dan wol net mar keatse op e PC dat wol dochs eltse keatser dyt ea oan it spultsje begn is. As ik de list mei De Vries oereidzje dan binne der fan de list noch trije lde krigers oer. Leo Vogels fan Tsjummearum en Riemer Reinalda eartiids fan Winsum mar no al jierren te wenjen set yn Frederiksoord. Ja de tiid is onverbiddelijk.

De Vries hat de wrld oan lde keatskeningen foarby kommen sjoen. Mei Taede, Klaas, Dooitzen, Piet en Hiele de Haan, Arp Hiemstra en Theun de Bruin hat hy keatst en mei guon fan harren hat hy as winner foar de tinte stien. It liket sa lang lyn mar yn syn tinzen is it as wie it juster.

Taede hat De Vries meimakke doet hy al yn it fgean wie. Dat selde jildt foar dy oare grutte tenoaren. Boppedat seit De Vries: Doet ik in jong feint wie dan gongen je net sa faak nei oare partijen ta. Je woenen sels keatse. Allinne de PC en de bond dat wienen wedstriden wrt je wol hinne gongen. Sjoch, ik moast it ha fan de partijen wrt ik sels oan meidien ha en wrt ik doe sels de mannen keatsen sjoen ha.

Tiden hawwe tiden mar hjoeddedei binne guon noch sljocht op in slokje en dat wie doe ek sa. Dy bylden stean my noch wol foar eagen. It wienen oare tiden en de ien hie no ien kear mear bssinten as de oar. Taede wn net faak fan Klaas mar Taede krige wol de sinten en dat snapte ik wol. Der moasten hiel wat mlen ths fuld wurde. Mar Taede stie dr net allinne yn. Dat witte jo ek wol. Der is altyd praat fan west. Mar je moatte it wol hurd meitsje kinne en de bste wint net altyd al ha je yn jo eagen it beste partoer.

Ik keats in kear yn Rie en myn maten binne Hotze Schuil en Wijtse Vlietstra. Je koenen wol minder maten ha is it net. It is in partij dyt wy feitlik net ferlieze meie mar it bart wol. Op 5-5 en 6-6 slacht Klaas Wassenaar fan Wier op en Hotze slacht der as foarynse fier by troch. It wie de Hotze dyt doe mear as foar master opsloech mar ek hy koe misse.

Mar in jier letter yn Achlum falt it wol de kant op fan De Vries. Wer is Hotze Schuil syn maat en de tredde maat is Heero Bultje ek fan Harns. Dy lste koenen je der ek wol by ha, seit De Vries.

De Vries keatse fan 1945 oantemei 1949 yn it grutte spul. Keatste him tolve kear yn in finale en wn der trije fan. Boppedat pakte hy noch alve lytse preemjes. Yn Harns waard hy yn 1947 ek noch kening fan de partij. Op de frije formaasje wedstriden koe hy goed t de fuotten mei Theun de Bruin en Gerrit Groen. Mei syn trijen wienen hja der gauris by.

Net allinne yn Harns koe De Vries goed t de fuotten. Ouwe Syl lei him ek wol. Myn earste preemje yn it grutte spul ha ik wn yn Ouwe Syl. Mei Aebe Haima en Cees Langerak. Ik kin der net folle tsjin ynbringe want De Vries hat de sifers noch altyd goed foar de geast. Sa lang lyn en dochsik wurd der stil fan. It keatsen wie foar De Vries in stik fan syn libben.

De moaie herinneringen oan in tiid dyt al lang foarby is mar yn tinzen noch sa tichteby binne. De Vries fertelt fan in kear dat de mannen fan Seisbierrum op de tandem nei Tsjalbert gongen te keatsen. Seis man en trije tandems. Werom t Tsjalbert krijt ien fan de tandems by Mantgum in lekke bn. Yn Mantgum wurdt de bn plakt mar dat is blykber net goed bard want yn Baard steane hja wer stil. Se bedarren yn it kafee en de mannen fan de lekke bn leauwe it wol en bringe de nacht troch yn it kafee. As ik de oare moarns yn Seisbierrum op myn wurk troch it rt nei bten sjoch hear ik s maten al oankommen. Ja, Riemer en Piet van Zon koenen der wat mei

No komt De Vries allinne noch op e PC. Soan Durk hellet syn heit dan middeis op en tegearre sette hja f nei it Sjkeln. Dat fynt De Vries moai. De sfear wie der dit jier werja mear as yn it ferline. Ik kin him gjin ngelyk jaan.
 

Copyright Acquisitie- en advertentiebureau Boppeslach 2002-2017
Alle rechten, waaronder het auteursrecht, zijn aan Acquisitie- en advertentiebureau Boppeslach voorbehouden.
Gehele of gedeeltelijke overname, plaatsing op andere sites, verveelvoudiging op welke andere wijze dan ook en/of commercieel gebruik van deze informatie is niet toegestaan, tenzij hiervoor uitdrukkelijk schriftelijke toestemming is verleend door Boppeslach of tenzij aan de onderstaande voorwaarden wordt voldaan. Het is, behoudens de terzake wettelijk verankerde rechten, niet toegestaan teksten of beeldmateriaal over te nemen
c.q. te publiceren zonder toestemming van Acquisitie- en advertentiebureau Boppeslach.

Nieuwsberichten, vragen en opmerkingen kunt u richten aan jbraaksma@planet.nl of telefoon 0517 - 39 68 20