Welkom op de website van www.kaatsen.nlFrythermoYour DJ
Home    Nieuwsarchief  

   Menu
Home
Nieuwsarchief
Web Links
Spelregels
Parturen 2017
Gastenboek

   Websponsors
Middelsee schilders
Your-DJ
Laanstra en Roersma
Opel Deinum Franeker
Copy service
Van Smeden IJzerwaren en Gereedschappen
Bouwbedrijf Bruinsma
Nijholt

   Agenda
< mei >
  Ma Di Wo Do Vr Za Zo
> 01 02 03 04 05 06 07
> 08 09 10 11 12 13 14
> 15 16 17 18 19 20 21
> 22 23 24 25 26 27 28
> 29 30 31        



Agenda deze week:

Donderdag, mei 25
Evenement start om 10:00 Dames hoofdklasse afdelingswedstrijd
Evenement start om 11:00 Heren 50+ d.e.l. + verliezers ronde
Evenement start om 09:30 Heren hoofdklasse afdelingswedstrijd
Evenement start om 10:00 Jongens d.e.l.
Zaterdag, mei 27
Evenement start om 10:00 Dames eerste klasse vrije formatie
Evenement start om 12:00 Dames hoofdklasse vrije formatie
Evenement start om 11:00 Heren eerste klasse vrije formatie
Evenement start om 12:00 Heren hoofdklasse vrije formatie
Evenement start om 11:00 Heren tweede klasse vrije formatie
Evenement start om 10:00 Jongens d.e.l. A-klasse
Evenement start om 10:00 Jongens d.e.l. B-klasse + verl. ronde
Zondag, mei 28
Evenement start om 10:00 Dames eerste klasse d.e.l.
Evenement start om 11:00 Dames hoofdklasse d.e.l.
Evenement start om 11:00 Heren 50+ d.e.l. + verliezers ronde
Evenement start om 10:00 Heren eerste klasse vrije formatie
Evenement start om 12:00 Heren hoofdklasse vrije formatie
Evenement start om 10:00 Meisjes d.e.l. A-klasse
Evenement start om 10:00 Meisjes d.e.l. B-klasse + verl. ronde
Evenement start om 10:00 Pupillenjongens d.e.l. A-klasse
Evenement start om 10:00 Pupillenjongens d.e.l. B-klasse + verl.
Evenement start om 10:00 Pupillenmeisjes d.e.l. A-klasse
Evenement start om 10:00 Pupillenmeisjes d.e.l. B-klasse + verl.
Evenement start om 10:00 Schooljongens afdelingswedstrijd
Evenement start om 11:00 Schooljongens d.e.l. + verliezers afd.
Evenement start om 10:00 Schoolmeisjes afdelingswedstrijd
Evenement start om 11:00 Schoolmeisjes d.e.l. + verl. afdeling
Evenement start om 10:00 Welpen jongens d.e.l. A-klasse
Evenement start om 10:00 Welpen jongens d.e.l. B-klasse + verl.
Evenement start om 10:00 Welpen-meisjes d.e.l.



Zoek agenda door op...



Agenda van vandaag:

Geen events vandaag

Webalizer web stats

Nicole Hempenius: Ik moat konstanter wurde
Gepost op Zaterdag 24 december @ 09:56:58
Afdrukbare Versie 
Bijdragen Jan Braaksma


Op Kiestersyl gean ik op besite by Nicole Hempenius. Nicole keatst snt 2013 op it heechste nivo en hat snt dy tiid in knappe 70 punten by elkoar slein. Hielendal net gek foar ien dyt noch in lange karrire foar har hat. (Foto: Henk Hempenius).

Nei frin kin Nicole dochs noch laitsje...


Nicole koe by de famkes al hiel aardich meikomme en dat hat se trochsetten doet se yn 2013 yn it grutte spul kaam. Dat se wol wat mear koe as de gemiddelde liet se sjen op 26 maaie 2013. Yn Berltsum op de frije formaasje partij pakte se mei Marte Altenburg en Renske Terwisscha van Scheltinga de priis. De finale tsjin it favorite partoer fan Iris van der Veen, Sjoukje Visser en Manon Scheepstra waard met trije earsten tsjin wn.

Dat wie fansels in moaie opstekker. Yn de jierren drnei pakte Nicole goed troch. Sn finales yn 2014 en yn 2015 stie se mar leafst njoggen kear yn in finale en dr waarden fiif fan wn. Goed foar 27 punten en in fiifde plak yn it jierklassemint. Nicole hie har plakje wol fn. It kin allinne noch mar better gean de kommende jierren. Sa tinkt in minske dan en wrom ek net? Mar it jier 2016 soe dochs gns oars wurde. It wie faak krekt net. Te goed foar de earste klasse wrt sawol op sneon as op snein wn wurdt en op e haadklasse rn it faak foar gjin meter. Je kinne der alles by betinke mar it wie gewoan sa.

Kaam fansels ek by dat de opslagger fan Kiestersyl muoite hie mei it fskaffen fan it skeef oanrinnen.

By de iepening fan it keatsseizoen yn Penjum hie ik dat mei eigen eagen sjoen. Der wienen wol mear froulju dyt harren net oan de nije regels holden mar Nicole spande wol de kroan.

Ja Durk Houtsma wie doe skiedsrjochter en dy hat nochal ris tsjin my sein fan Lste kear Hempenius! Ja Durk, sei ik dan. Ik woe it wol graach goed dwaan mar ik die it net. Ja wat is dat. De oanrin sat ik dy altyd die siet der sa fstbakken yn, dat koe ik yn e holle net samar omsette. Tuurlik wist ik wol dat ien stap nei binnen gench wie mar ik die it net. Op it lst hldt dat je sa dwaande en dan is de opslach de opslach net mear. De twivel slacht ta en dat is feitlik it begjin fan de ein. Ik sloech gewoan te folle bten.

Wrom de opslach net efkes ferlizze as it net wol? Do kinst mei dyn opslach wol trije kear oer de krite hinne.

Ja dat is wier. Myn heit dyt krekt as mem altyd mei is nei de wedstriden hat dat ek faak gench sein. Doch no ris in sleauwe bal djip efterynbesykje dat no ris. Se slaan net alles fan dy boppe. Der binne mar in pear fammen dyt dat kinne. Ja, wrom dogge je dat dan net

Op de frije formaasje partij yn Skearnegoutum giet it dan ek noch goed mis. Nicole keatst dy dei mei Sandra Hofstra en Louise Krol en de froulju dogge it goed. De heale finale tsjin Marije Hiemstra-en-dy is in knikker op e kant mar de partij wurdt wol wn en dr giet it dochs om. Mar yn de finale tsjin Anne Monfils-en-dy giet it nei ien earst mis. By de oanrin rekket Nicole t balns en as it lichum nei rjochts falt draait de knibbel fan de rjochterfoet de oare kant t. It gefolch is dat de knibbelbonken t de kom sjitte. It stiet Nicole noch helder foar eagen.

Stom ngelok! Dat my dat no krekt wer oerkomme moast. It jokke net fansels dat kin ik jo wol sizze. It die ferrekte sear. Ik wie o sa bliid dat Pieter en Ria de knibbelbonke rillegau wer op syn plak hienen. Betsjutte wol fansels dat it keatsseizoen der foar my op siet. Dit jier gjin Frouljus PC. Dat spyt my wol fansels. Want it is foar my krekt as de oare froulju wol it hichtepunt fan it jier.

Fansels bin ik wol nei de wedstriid ta west mar je dogge sels leaver mei. Ik siet hiel gaadlik lns de kant fan it fjild mar dat wie it dan ek. Ik wie fansels wol stjonkende bliid dat myn maten mei de stipe fan Wiljo Sijbrandij de preemje pakten. Dat hie net ien ferwachte en wy feitlik ek net. Mar wy wisten wol dat it partoer fan Anne Monfils it net echt leuk fnen dat Wiljo no tsjin harren keatse moast. Dat hat it selsbetrouwen fan harren dy dei net goeddien. Se wienen der net gerst op en dat wie wol te begripen fansels. Je dogge dan sels wol net mei mar ik fn it wol moai dat it sa rn is.

Hoe no fierder?

De blessuere is aardich nder de knibbel om it samar te sizzen. Ik ha in oantal dagen op krukken rn mar al rillegau ha ik dy oan de kant setten. It hiele proses hat san seis wike yn beslach nommen. Wol net sizze dat it no hielendal goed is mar wy binne op de goeie wei. Der sit noch wol wat focht yn e knibbel mar dat moat syn tiid noch ha. Ik kin feitlik alles wer mei de foet. Ik kin der wer op lizze en ik skwas ek al wer. Boppedat bin ik gewoan oan it wurk.

Mei ik freegje watst dochst yn it deistich libben?

Ik wurkje by De Vries yn Makkum. Ik isolear de wanden fan de skippen. Prachtich moai wurk. It is my op it liif skreaun. Bin net de frou mei de moaie lakte nageltsjes. Ik doch ek sels saken oan myn auto!

Foar 2017 hast steld mei Anke Winkel en Sandra Hofstra. Ik nim oan dat dit foar de earste syklus is.

Ja dat dogge wy altyd. Je moatte mar net te fier foart sjen. Je witte ommers noait hoet alles tpakke sil. Ik bin noch mar 21 jier dus der leit noch in hiele tiid foar my.

Do hast trije kear de Jong Famme Partij wn en do wiest in fste wearde yn it fdielingspartoer fan Frjentsjer. Mar hoe sit dat foar 2017. Frjentsjer sit rom yn de haadklasse froulju. Hast dr al by stilstien of kinst dy der net drok om meitsje?

No dat sjogge wy wol oan it begjin fan it seizoen. Sjoch, Iris van der Veen is no efterynse en dat is Manon ek. Feitlik binne der fjouwer froulju foar trije plakken. Saak is wol om de earste treningen fan keatsferiening Jan Bogtstra te besykjen want nei oanlieding drfan wurdt de kar makke wat wol en wat net yn it earste partoer fan Jan Bogtstra komt.

Jimme ha de bond foar froulju winne kinnen is it net?

Ja dat hie yn 2015 kinnen mar doe makken wy der yn de finale tsjin Boazum neat fan. Net te leauwen mar wy ha net in earst oan de tillegraaf hn. Alles lukte by Boazum en by s rn it foar gjin meter. Dy balkearder Nellie (Rijpma) hie alles. Do koest it net sa gek betinke mar alle mooglike ballen kearde se of se stie krekt op it goeie plak. Sjoch, ik fn it foar mysels al geweldich want ik hie noch noait in priis op in bnspartij wn mar foar Manon en Maaike lei dat oars. Ik tink dat de druk by harren folle grutter wie

Do hast yn 2008 it Lanen keatsen wn. Ik seach dast frne jier ek wer op e list stietst. Is dat net linke soep dat keatsen op dy stiennen?

Nee, dat falt best ta. Ik krij fan mem de ldste klean oan want as ik op strjitte keats dan ha ik allinne mar each foar de bal. It makket my net t hoe mar ik moat de bal ha. Iepen hannen of fuotten seit my neat. Alles ten koste fan de bal. Dat ha ik fan myn heit want dy hat ek allinne mar each foar de bal. Ja, wy wolle graach hiel graach winne. Dat sit der ien kear yn en dat nimme je altyd mei.

Wat my ek opfalt is dat ik dy noait ynslaan sjoch. Ik tink heecht trije kear in meter hinne en dan wer gau werom. Do bist der wol in tsndering yn.

Ik ha neat mei dat ynslaan gedoch of warming-up sat guon dogge. Der binne guon dy binne wol in kertier oant in healoere oan it ynslaan. Ik hoech net waarm te wurden want dat bin ik altyd al. Ik ha noait lst fan klde hannen. Heit soe wol sizze: opwaarmje dogge je wol yne auto. San blessuere dyt ik no hn ha, hie ik ek oars wol krije kinnen. De iene kear sit it mei en de oare kear hast it tsjin.

It liket it keatsen wol.
 

Copyright Acquisitie- en advertentiebureau Boppeslach 2002-2017
Alle rechten, waaronder het auteursrecht, zijn aan Acquisitie- en advertentiebureau Boppeslach voorbehouden.
Gehele of gedeeltelijke overname, plaatsing op andere sites, verveelvoudiging op welke andere wijze dan ook en/of commercieel gebruik van deze informatie is niet toegestaan, tenzij hiervoor uitdrukkelijk schriftelijke toestemming is verleend door Boppeslach of tenzij aan de onderstaande voorwaarden wordt voldaan. Het is, behoudens de terzake wettelijk verankerde rechten, niet toegestaan teksten of beeldmateriaal over te nemen
c.q. te publiceren zonder toestemming van Acquisitie- en advertentiebureau Boppeslach.

Nieuwsberichten, vragen en opmerkingen kunt u richten aan jbraaksma@planet.nl of telefoon 0517 - 39 68 20