Welkom op de website van www.kaatsen.nlFrythermoYour DJ
Home    Nieuwsarchief  

   Menu
Home
Nieuwsarchief
Web Links
Spelregels
Parturen 2017
Gastenboek

   Websponsors
Middelsee schilders
Your-DJ
Laanstra en Roersma
Opel Deinum Franeker
Copy service
Van Smeden IJzerwaren en Gereedschappen
Bouwbedrijf Bruinsma
Nijholt

   Agenda
  Ma Di Wo Do Vr Za Zo
>     01 02 03 04 05
> 06 07 08 09 10 11 12
> 13 14 15 16 17 18 19
> 20 21 22 23 24 25 26
> 27 28 29 30 31    



Agenda deze week:

Zaterdag, maart 25
10:00 - 14:00 Zaalkaatsen FBA
Woensdag, maart 29
Evenement start om 10:00 Zaalkaatsen heren 55+



Zoek agenda door op...



Agenda van vandaag:

10:00
10:00 - 14:00 Zaalkaatsen FBA

Webalizer web stats

Wieger Boonstra: hat noch altyd nocht oan it spultsje!
Gepost op Zaterdag 21 januari @ 01:42:21
Afdrukbare Versie 
Bijdragen Jan Braaksma


As ik op woansdeistomoarn om goed healwei tolven it Jan Rodenhuisplein opryd mei de auto dan merkbit ik dat der hast gjin frije parkearplakken mear oer binne. De keatsende jonge ldere binne wer manmachtich te gast yn sporthal De Trije yn Frjentsjer. Krekt as ik werom sil nei de binnenstd fan Frjentsjer om in plak foar myn auto te sykjen makket ld-keatser Gerrit de Jong rom plak foar my. Hy giet en ik kom. (Foto: Boppeslach).


Yn de hal is it al in drokte fan belang. Yn trije sealen fan de Trije wurdt omraak keatst. Tusken al dy keatsende leafhawwers sjoch ik Wieger Boonstra fan it Fean. Hy hat de earste wedstriid al efter de kiezzen en stiet my al op te wachtsjen. Nei it petear dat ik koartlyn hie mei Frans Postmus, ek san leafhawwer, woe ik sels wol wer ris prate mei de man fan twa nije heupen en in nije knibbel. No mei de nije knibbel foel it wat ta want it is oant no ta bleaun by twa nije heupen. Bot gench fansels.

Ik gean mei Wieger in trepke omheech sadat wy efkes t de drokte binne. Want litte wy earlik wze: it liket by tiden krekt in hinnehok. Mar wol in leuk hinnehok. It is dan wol in sosjaal barren mar it gros fan de keatsers is noch fol fjoer en der wurdt neat kado dien. Je kinne ek sizze: hoe lder hoe gemiener. Want der binne in oantal by die sjogge ballen t dyt in hanbreed tusken de linen binne. Miskien is dat ek wol de sjarme fan it spul. Wieger sjocht der nei en lit my witte dat hy ek meidocht om te winnen. Hy sit noch fol fjoer. Dat siet der eartiids yn en dat sil ek altyd wol sa bliuwe.

Mei syn 75 jier kin Wieger de ballen der noch aardich foarhlde. Alles ticht tsjin de linen. Yn de krite is syn plak foaryn en hoewol de twa nije heupen beheiningen jout lit hy mar in bytsje ballen sitte. Underhns makket hy syn plakje mear as skjin. Tuskentroch wurdt der om raak eamele. It falt noait stil. Trije keatsers: fjouwer mieningen!

De toan fan it petear is setten. Ik kom Wieger foar it earst tsjin as ik foar de krante in stikje skriuwe moat oer de Masters.

Wieger hie doe net mear in sit yn it bestjoer fan keatsferiening de Pompeblden mar wie wie der noch wol nauw by belutsen.

Ik ha de start meimakke fan de Masters en dy wie mear as geweldich. Wy kamen mei wat nijs. Dat foar in feriening fan bten it keatsgebied. Willem de Haan dyt doe in sit hie yn it HB fan de KNKB wie in man mei in soad ideen. De ien fn dat hy te fier foar de musyk t rn mar deselfde Willem krige wol in soad foar elkoar. Nim it prizejild dat koe der doe wol op troch. Willem woe sjen litte dat in lytse feriening om de bliksum wol saken foar elkoar krije koe. Wy betellen t yn euros wylst wy noch mei de gne te meitsjen hienen. Dat spruts de keatsers wol oan. De wedstriid waard faak op de freed hlden en dat hat de Masters gjin goed dien. De feriening woe graach nei de sneon of snein mar krige by de bond net in foet tusken wedstriidkalinder doar. Dat is ferrekte spitich west.

Foaral troch de stipe fan it bedriuwslibben koenen wy saken dwaan dyt in oar net foar mooglik hlden hie. Willem de Haan rn foarop en wist mannen as Bart van der Meer en Piet Nammensma waarm foar syn saak te krijen.

Wieger groeide op yn Driezum wrt yn 1946 de feriening Lyts Begjin oprjochte waard. Wieger waard lid en gong gauris fuort te keatsen. Meastentiids tichte yn de beurt fan syn wenplak.

Ik wie net in keatser dyt der boppe tstuts. Ik moast der in soad foar dwaan. It kaam my nei oanwaaien. Mar de wil om te winnen is der altyd west.

Hurd wurkje neat kado krije: it is de reade tried yn it libben fan Wieger Boonstra. As jonkje fan tolve jier woe ik mar ien ding: wurkje by de boer. Dat lake my wol ta. Heit hie noch wol oare plannen mei my mar hy woe yn dit gefal net dwers lizze. Nei de legere skoalle kaam ik yn tsjinst by de boer. No, dat ha ik witten. Moarns om fjouwer oere gong de wekker en om healwei fifen stie ik al op e deel fan de buorkerij. Bist tolve jier Ik fertsjinne doe fiif gne en derfan moast ik twa gne fstean oan mem. Sis mar kostjild.

Tuskentroch gong ik neidat ik myn wurk by de boer dien hie nei de lnbouskoalle. Mar nei goed twa jier wie de koeke op. It wie foar in jonkje fan tolve fierstente swier. Ik siet faak te sliepen yn e klasse.

Ik hie dernei noch wol bliuwe wollen mar dan woe ik in tientsje fertsjinje. No, dat woe de boer net. Dus wie it einde oefening. Bin net lang snder wurk west want rillegau dernei krige ik wurk by Banda yn Kollum. Ik kaam te wurkjen yn de ekspedysje en dat ha ik mei wille dien. Drnjonken wie ik faak foar s heit op paad mei griente t te suteljen. Hndert bosken woartes mei op e fyts en net earder wer ths komme as alles ferkocht wie. Nei de woartels kamen de sparrebeantsjes en gean sa mar troch. Wie wol in moaie tiid. Myn wurkgebied wie boppe Dokkum. Yn 1968 bin ik grienteboer wurden yn it Fean. Moaie tiid mar myn moaiste tiid wie doet ik yn 1990 in toko krige yn it Aldereinhs yn it Fean. Ik wie der op myn plak. It wurk paste my as in jas. Oan dy tiid tink ik mei wille werom.

Keatsen is foar Wieger mear as trije spul. Yn de jierren njoggentich hat hy sels efkes as coach fungeare doet der by it partoer fan keatsferiening De Pompeblden de nedige reboelje wie. De feriening hie yn de jierren 1994 twa hiele bste jongespartoeren en dy pakten ek de nedige prizen. Kaam fansels ek troch it feit dat Rinse Bleeker, doe trije kear winner fan de PC, mei Jan Gillebaard de saak der aardich op priemen setten hienen.

Beide mannen joechen training oan in moaie talintfolle groep keatsers. Hja leien de latte heech. Der waard yn it winterskoft fspraken makke mei de keatsers, bestjoer en ldelju. Dizze fspraken wienen foar Bleeker en Gillebaard it kompas wrt op stjoerd waard. Sa en net oars! Ien fan de mannen, lit dat no krekt de bste keatser wze, hie der bytiden wat muoite mei. Koartsein: foar him wie der mear as it keatsen. Hy kaam op in leaftiid dat je as jonge man wolris lst krije kinne fan opwaaiende rokken om samar te sizzen. Dan meitsje je wol ris in oare kar as in potsje traine is it net! Dat joech skeve gesichten. Eintsje beslut wie dat de mannen Bleeker en Gillebaard it flak foar de Freule fan 1994 foar sjoen holden. Hja woenen Van Tuinen der net mear by ha mar it bestjoer keas dochs foar Van Tuinen.

Sadwaande waard Wieger de nije begelieder fan it Freule partoer. Ja, je dogge wat. Spitich foar Rinse en Jan mar de kar wie no ienkear fallen op it meidwaan fan Peter van Tuinen. No, it hat in knikker op e kant west want it skeelde miskien ien of twa slagen of de Pompeblden hienen skiednis skreaun. Douwe Soeting, Siebrand Tjoelker en Peter van Tuinen koenen it yn de finale tsjin it Berlsumer partoer fan Robert Grovenstein, Jasper Boomsma en Auke van der Graaf krekt net risse. Dat fn ik ferrekte spitich. Mar in wike letter krigen wy dochs s revanche. Op de partij yn Jellum-Bears pakten wy no wol de hage troch yn de finale te winne fan De Ryp.

In wike te let sizze je dan mar it winnen fan in priis bliuwt fansels altyd moai. Ik sjoch dan ek werom op in moaie tiid mei wol de nedige kribbekeurigheden fansels. Ik hie Bleeker en Gillebaard der graach by hn. Mar soms rinne saken sat se rinne.
 

Copyright Acquisitie- en advertentiebureau Boppeslach 2002-2017
Alle rechten, waaronder het auteursrecht, zijn aan Acquisitie- en advertentiebureau Boppeslach voorbehouden.
Gehele of gedeeltelijke overname, plaatsing op andere sites, verveelvoudiging op welke andere wijze dan ook en/of commercieel gebruik van deze informatie is niet toegestaan, tenzij hiervoor uitdrukkelijk schriftelijke toestemming is verleend door Boppeslach of tenzij aan de onderstaande voorwaarden wordt voldaan. Het is, behoudens de terzake wettelijk verankerde rechten, niet toegestaan teksten of beeldmateriaal over te nemen
c.q. te publiceren zonder toestemming van Acquisitie- en advertentiebureau Boppeslach.

Nieuwsberichten, vragen en opmerkingen kunt u richten aan jbraaksma@planet.nl of telefoon 0517 - 39 68 20