Welkom op de website van www.kaatsen.nlFrythermoYour DJ
Home    Nieuwsarchief  

   Menu
Home
Nieuwsarchief
Web Links
Spelregels
Parturen 2017
Gastenboek

   Websponsors
Middelsee schilders
Your-DJ
Laanstra en Roersma
Opel Deinum Franeker
Copy service
Van Smeden IJzerwaren en Gereedschappen
Bouwbedrijf Bruinsma
Nijholt

   Agenda
< juni >
  Ma Di Wo Do Vr Za Zo
>       01 02 03 04
> 05 06 07 08 09 10 11
> 12 13 14 15 16 17 18
> 19 20 21 22 23 24 25
> 26 27 28 29 30    



Agenda deze week:

Zaterdag, oktober 21
10:00 - 14:00 Zaalkaatsen FBA



Zoek agenda door op...



Agenda van vandaag:

Geen events vandaag

Webalizer web stats

Leo Vogels: Nei de oarloch wie it samar dien.
Gepost op Woensdag 08 februari @ 08:33:15
Afdrukbare Versie 
Bijdragen Jan Braaksma


Op 22 jannewaris 2017 krige Leo Vogels fan Tsjommearum der wer in streekje by. Dat oantal streekjes is al oprn nei 94 stiks. Ik bin jusjes wat jonger as Doekle (Yntema) dyt 4 jannewaris 95 jier waard. Wy ha noch altyd kontakt mei elkoar. Ik kaam Doekle foar it earst tsjin op 21 july 1934 op de skoalwedstriid dyt doetiids organiseare waard troch de Permanente Commissie. (Foto: Henk Bootsma).

Noch altyd fol fjoer...


Ik keatste foar de Iepenbiere Legere Skoalle fan Tsjommearum en Doekle stie foar de ULO fan Wytmarsum op e list. Us partoer sneuvelde op e fjirde list en Doekle syn partoer moast op e trije belies jaan. Ele van der Meij, de heit fan Jehannes fan Menaam, wn doe de priis. Dik tachtich jier letter ha Doekle en ik noch altyd kontakt. Ik fyn dat wol bysnder.

Yn Tjsommearum praat ik mei Leo Vogels dyt mar koart yn it grutte spul sitten hat mar mei nocht werom sjocht op in tiid dyt hy net graach misse wollen hie. Leo Vogels is noch mar krekt seis jier as hy mei syn heit foar de earste kear nei de PC giet.

Heit kaam hjir net wei. Emile Pierre Louis Vogels waard berne yn it Limburgse Blerik en kaam letter as jong feint dizze kant t wrt de leafde him binne soe. Heit koe net keatse mar waard wol foarsitter fan de VVV hjir yn Tsjommearum. Dat waard hy ek fan de iisferiening en hy koe net in streek ride. Heit wie in gesellichheids minske. Hy mocht graach oanstekke. Wie ek gjin prater dat liet hy oer oan s mem. Heit siet yn it fruit. Der waard levere oan de feiling mar ek wie it sneons in drokte fan belang as de keaplju delkamen om fruit yn te slaan. It wienen muoilike tiden. Oer in healtsje mear as minder koe lang stint wurde.

It binne swiere tiden foar de famylje as Emile Pierre Louis yn 1938 komt te ferstjerren. Leo Vogels wit it noch of wie it de dei fan juster. Heit wie al in tiid siik. Hy hie TB en lei yn in tintsje. It wie in besmetlike sykte en wy as bern kamen net folle by him. Mem rde him der wol mei. It is ek de tiid dat de jonge Leo al hielendal ferslingere is oan it keatsen.

Ik tink dat ik in jier as tsien bin as ik my al dwaande hldt mei it opsetten fan potsjekeatsen. Ik gong der as jonkje by lns en ik swoarge ek foar de prizen. Om oan jild te kommen gong ik dan mei in list by de leafhawwers del. Ik wit wol dat de dikste boer myn earste klant wie. Sa gong dat doe en miskien soe dat no ek noch wol sa gean. Sjoch, dat waard je wol fertelt fansels. Ik koe aardich meikomme. Ik stie sawol yn e krite mar opslaan gong my ek ridlik goed of. Ik ha fjouwer kear meidien oan de Freule. Yn it jier dat Berltsum mei Ele van der Meij, Jan Veenstra en Sybren Spanjer hast alles wnen pakten wy harren op de dei fan de Freulepartij. Hja hienen der hielendal op rekkene dat de priis nei Berltsum gean soe.

In bus fol supporters wie ofset nei Wommels. Hja wienen doe net sa noflik doet hja fan s ferlearen. Ik kin my dat noch wol foar de geast helje. Dat ferjitte je blykber noait!

It is ek dy kear dat wy werom fytse nei hs ta as der by Doanjum s in lykwein foarby ried. Ik wit it daliks. Dy giet nei s ta. Heit is ferstoarn. As ik ths kom wurdt ik al opfongen en krij berjocht dat oan it libben fan s heit in ein kommen is. Je wisten it mar it komt altyd dochs noch nferwachts. Ths stiet de saak dan op e kop. It dak is fan it hs en it bedriuw hat gjin lieder mear. Eintsje beslut lit ik de HBS yn Harns foar wat it is en besykje hjir s mem te helpen. It koe net oars. Al hoe jong je dan ek binne it regelt him dat ek dan wer.

Nochmar sechtjin jier ld makket de jonge Leo op de PC fan 1940 syn dbut. Mei Jehannes van Sinderen fan Ternaard en de jonge Jan Ferwerda fan Boalsert moatte se daliks tsjin in baas partoer. Marten van der Hem, Lou Seerden en Feite de Jager, dyt de PC winne sille, ha klauwen om de jeugd foar te bliuwen. Se komme mei 4 om 2 achter en letter mei 5 om 4 en 4-2. Van Sinderen hat it yn e hannen mar de trije missers docht harren de das om. Nei 5-5 en 4-4 slaat earst Feite de Jager boppe en op 5-5 en 6-4 lit Lou Seerden sjen dat hy dat ek kin. Mar ddlik is wol dat de jonge Leo aardich yn it slt bebiten is.

In jier letter stiet Leo wer op e list. Yn it plak fan Jan Ferwerda stiet no opslager Sytse Kooistra fan Dokkum op e list. Lytse preemjewinners Elias Zijlstra, Janus Paassen en Gerrit Groen ha it swier mar oerlibje de earste omloop troch te folle missers oan de stuit fan Kooistra. Krekt as yn 1940 falt de beslissing op 5-5 en 6-4.

Yn 1942 hat Leo Vogels steld mei Lammert Heeringa fan Holwert en Klaas Falkena fan Boalsert. Se hearre net ta de favoryten mar oan de ein fan de dei stean hja wol yn e finale. Nei de winst yn de earste omloop tsjin it partoer fan Jehannes van Sinderen-en-dy like it yn de twadde omloop freeslisk mis te gean tsjin it sterke partoer fan Taede Zijlstra, Janus Paassen en Frans van der Vliet. Taede is Taede net mear mar it bliuwt fansels in baas keatser. Je seachen nei dy man op Braaksma. Je keatsten wol tsjin d Taede Zijlstra. Letter hat dyselde Taede Zijlstra nochwol tabaksbonnen fan my krigen. Ik rookte net en hy wie der tige wiis mei. Ik woe der sawiesa neat foar ha want ik fn it in eare dat de grutte Taede myn bonnen ha woe

Mar goed wy komme yn de finale mei 5 om 1 achter. Wy ferlearen trije kear op seis gelyk it boardsje. It like in ferlerne saak mar doe krigen wy de geast te pakken. Klaas Falkena joech smoarge ballen en yn it perk rekken wy se no wol. It waard gelyk en op 5-5 en 6-0 pleatste Falkena in sitbal. Moai no!

De heale finale tsjin Jehannes Brandsma, heit fan keatskening Jehannes, mei de twilling Jelle en Piet Hoekstra, wie feitlik noait partij. Op en t binne hja harren fier de baas. Falkena slaat poerbst op en Heeringa en Vogels litte hast neat sitte. Op 51 en 6-2 stiet de jonge Leo yn de finale fan de PC.

Dy finale dyt de skiednis yn gean sil as de finale fan de Oranjeshirtsjes is noait in finale west. Falkena wie de grip kwyt en Jan Rodenhuis-en-dy wienen gewoan in maatsje te grut. It bliuwt by ien boardsje.

Leo Vogels tinkt der mei wille oan werom. Achtjin jier ld, foar de tredde kear meidwaan oan de PC, en dan stean je al yn de finale. Nei de oarloch is it feitlik dien mei it keatsen fan de noch mar 21-jierrige keatser. Yn de oarlochsjierren ha ik my fersetten mei it tillen fan kistjes fruit. 25 kilo en dat altyd acht heech tille. Dat is nei alle gedachten te bot west. Op de ledepartijen koe ik altyd noch goed meikomme mar dat bytsje ektra dat der foar wol hie wie fuort.

It keatsen hat Vogels noait wer los litten. Ik ha in sit han yn de TC mei Hans Knol fan Harns. Ik ha jierren foarsitter west fan VVV Tsjommearum en ha yn ferskate bestjoeren in sit han. Te folle om op te neamen. Soan Emile seit noch wol ris: Heit wie der noait. Ja, sa rinne bepaalde saken. No, oan de Kamp 3 oersjocht Vogels syn libben. Hy hat fansels in fear litte moatten mar de geast is noch sa helder as kristal.

By it fuortgean ha wy it noch efkes oer it hjoeddeiske keatsen. Wy binne it net yn alles iens mar dat evich en altyd oan elkoar sitte nei eltse slach der kin Vogels wol fan fgrize. Allinne der al om soenen je noait wer by it keatsen komme.
 

Copyright Acquisitie- en advertentiebureau Boppeslach 2002-2017
Alle rechten, waaronder het auteursrecht, zijn aan Acquisitie- en advertentiebureau Boppeslach voorbehouden.
Gehele of gedeeltelijke overname, plaatsing op andere sites, verveelvoudiging op welke andere wijze dan ook en/of commercieel gebruik van deze informatie is niet toegestaan, tenzij hiervoor uitdrukkelijk schriftelijke toestemming is verleend door Boppeslach of tenzij aan de onderstaande voorwaarden wordt voldaan. Het is, behoudens de terzake wettelijk verankerde rechten, niet toegestaan teksten of beeldmateriaal over te nemen
c.q. te publiceren zonder toestemming van Acquisitie- en advertentiebureau Boppeslach.

Nieuwsberichten, vragen en opmerkingen kunt u richten aan jbraaksma@planet.nl of telefoon 0517 - 39 68 20