Welkom op de website van www.kaatsen.nlFrythermoYour DJ
Home    Nieuwsarchief  

   Menu
Home
Nieuwsarchief
Web Links
Spelregels
Parturen 2017
Gastenboek

   Websponsors
Middelsee schilders
Your-DJ
Laanstra en Roersma
Opel Deinum Franeker
Copy service
Van Smeden IJzerwaren en Gereedschappen
Bouwbedrijf Bruinsma
Nijholt

   Agenda
  Ma Di Wo Do Vr Za Zo
>         01 02 03
> 04 05 06 07 08 09 10
> 11 12 13 14 15 16 17
> 18 19 20 21 22 23 24
> 25 26 27 28 29 30 31



Agenda deze week:

Zaterdag, december 16
10:00 - 14:00 Zaalkaatsen FBA
Woensdag, december 20
Evenement start om 10:00 Zaalkaatsen heren 55+



Zoek agenda door op...



Agenda van vandaag:

Geen events vandaag

Webalizer web stats

Kweapraat (132)
Gepost op Zondag 16 april @ 03:31:46
Afdrukbare Versie 
Kweapraat


Noch goed twa wike te gean en dan stiet it keatsseizoen 2017 al wer foar de doar. It is dit jier foar myn gefoel wer hurder gongen as oare jierren. Dat is net wier fansels mar by it lder wurden ha je bytiden fan die mominten dat it iene jier noch hurder oan je foarby giet as yn it foarline it gefal wie. Hawar dit jier bestiet de bond 120 jier en as je de skiednis fan de bond der in bytsje op neislaan dan is der net sa folle feroare. De nammen binne oars ynkleure mar it geeamel en it geseur slaat noch altyd foar master op.


Begjin 1900 hndert waard der al skreaun dat it keatsen it keatsen net mear wie. Opslaan koenen de mannen net mear en ek yn de krite wie it faak neat mei neat. Nee, dan de mannen sa as Jan Bonnema fan Arum en Frans Post fan Kimswert die koenen pas keatsen. It wie no mar behelpen. De krante stie der faak fol mei. Hoe aardich is it dan om te merkbiten dat yn dat opsjoch der net folle feroare is. Mar is dat wol sa. Tiden hawwe tiden en it keatsen fan hjoeddedei meie wy net mear ferlykje mei it keatsen fan jierren te bek. Dat dogge wy dan ek.

De tiid is bot feroare en de minske hat him hjir naadleas by oanpast. Dat kloften leafhawwers de keatsfjilden mear meie as eartiids is in logysk gefolch fan de tiid. Wy libje no folle mear yn it tydperk fan Frou Holle. In minske hat hjoeddedei blykber nearne tiid mear foar. Ik merkbit it yn myn eigen omjouwing. Tiid is in rekber begrip en as je net mei de tiid omgean kinne dogge je it yn myn eachen ferkeard. Ik sis altyd: wolle je it of wolle je it net! Kinne en net wolle leit op it tsjerkhf.

Dat net wolle of kinne rint ek as in reade tried troch it moaie spultsje dat keatsen hjit.
Ik wol dochs yn dizze earste kwaepraat in oantal saken by de kop pakke. Sjoch, de lste Algemiene Gearkomste hie net folle om e hakken. As Wigle wollen hie dan wie it foar njoggen oere dien west. Op himsels is der neat mis mei. De ynbring fan de oanwzige ferienings wie meager en hie skriftlik ek wol fdien wurde kinnen. It deistige HB hat syn saakjes aardich foar elkoar. Wol dat dan sizze dat der mar efteroer leunt wurde kin?

Ik bin sa frij om te sizzen dat dat net oan de oarder is. De binne mear as in hanfol saken dyt it keatsen in geweldige opdvel jaan kin as it bliuwt sat it no giet. Wer giet it dan om? No, yn it earste plak it werom rinnen fan it tal leden. Dat giet no fierstente mal. 250 leden binne der elts jier al snt 1997 troch de goatstien gongen en it hldt mar net op. Dat is in gefaarlike delgong en as je je ear goed te lusterjen lizze dan is dit noch pas it begjin. De lderein, wat in grut part fan de leden tmakket, hat net safolle mear mei de hjoeddeiske KNKB.

Kost s allinne noch mar jild en dat yn in tiid dat de ldere leafhawwer de sinten oars ek wol goed brke kin. Hja wolle wol lid fan de feriening bliuwe mar ha grutte muoite mei it feit dat in grut part fan harren kontribsje nei de bond giet. Wat keapje wy der foar? Oan de iene kant snap ik dat wol mar oan de oare kant ek wer net? Stel dat dit him trochsette sil dat komt de bond yn swier waar. Wy prate wol oer krapoan 8 oant 9 tzend leden. Want litte wy earlik wze: as je it fan harren kant bysjogge dan binne der feitlik mar in dikke 700 hndert man/frou dyt aktyf oan keatsen docht.

Dat is noch gjin tsien prosint fan it tal leden dat by de bond oansluten is. Foar al dy keatsers is der wol in apparaat oanklaaid dat in begrutting hat fan krapoan acht ton. Safolle kost it om hja harren hobby dwaan te litten. Dat jild kin net allinne komme fan de oerheid en sponsors. De bond hat de leden twingend nedich.

Wrt de bond him ek swoargen oer meitsje moat is it feit dat de oanwask fan skiedsrjochters mar net echt op gang komme wol. Der wurdt wol fan alles t de KNKB-kast helle mar de nije gesichten binne op de fingers fan ien han te tellen. Komt by dat hja dyt wisten hoet de hazzen yn keatsln rinne der hieltyd flugger mei stopje. Dat is hiel kwealik. Ik snap dy mannen wol. Je dogge it ommers noait goed. Grutte bek fan keatsers en folgers is faak je diel. Komt by dat de keatsers mei harren gedrach der faak mei weikomme.

Sjoch, in skiedsrjochter kin net alles sjen en dat hoecht ek net. In keatser dondert de bal der ek wolris (geregeld) bten de touwen. Der sil fan harren kant folle mear akseptaasje komme moatte. Je der by dellizze dat it sa is en net oars. Sjoch, it is dan wol je hobby mar je litte je dochs net foar krapoan sechstich euro foar in hiele frije sneon of snein fuortsette as de earste de bste omkoal om it mar sft t te drukken. Dat begjint te hingjen.

As op e PC en op e Aldehou foar krapoan tsientzend euro ferkeatst wurdt, de winners fan de PC 1500 euro de man belstingfrij yn e bse stekke meie dan kin it dochs net sa wze dat de man dyt der foar swoargje moat dat alles giet en ferrint sat it ea bedoeld is it mei in glimke, in goed bedoelde han fan de foarsitter, in bosk blommen en 58,50 euro dwaan moat. Hjir sit mear as in ien hier yn e sop. De Belgen soenen wol sizze: het vet is van de soep. As je as organisaasje fine dat dizze minsken sa wichtich binne lit dat dan ek blyke troch harren bygelyks in knappe fergoeding te jaan dyt rjocht docht oan dat wichtige wurk wat hja dogge. De beleaning dyt de man/frou no krijt raast oan de protters.

It soe ek in goeie saak wze dat de bond fjouwerkant foar harren skiedsrjochters stean giet as it knypt. Der ha hja rjocht op. Net bang wze as it moat in stevige straf t te sprekken. Ien kear ien oan de kant sette mei pakem beet fiif wedstriden dan is it samar dien mei de grutte bekken. Hat de skiedsrjochter ek it idee dat hy foar fol oansjoen wurdt. Wurdearing: der draait it faak om.

Ja, dan moatte wy it fansels ek noch efkles ha oer de martelgong fan it rn krijen fan de wedstriidagenda. De martelgong fan Kromme Lindert is der neat by. Jonge, jonge wat is dat in befalling. Tetman, krijt as hy it noch net hat, der griis hier fan. It oantal partijen foar sawol de froulju haadklasse as wol de froulju earsteklasse dat gjin trochgong fine kin is net mear op ien han te tellen. Dan ha wy it noch mar net oar de twa wedstriden fan de manlju haadklasse dyt noch blanco binne. Dan slaalt de skrik je dochs om it keatshert. Hoe kin dat no? Wat is der mis gongen en hoe moat en kin it oars.

Foaral yn de Dongeradielen giet it gierend mis. Ternaard, Hallum, Nijewier en Anjum keatsdoarpen by tstek stean net mear op de kalinder as it om in haadklasse partij giet. Ternaard, wrt de VVV, by de fuzy oer de holle sjoen is, kin it net mear behape. By It Moat kinne droegje de leden op en de VVV hat kwealik gench stuollen om eltsenien in plakje te jaan. Mar foar de bond stean hja al snt de fuzy btenspul. Nijewier soe graach in partij organisearje wolle mar wol wol de bste keatsers op harren partij ha. Kin ik hielendal yn meigean. Jouw dizze minsken dan in frijeformaasje partij. It selfde jildt foar Anjum. Wat ha hja minder as by gelyks de ferienings dyt altyd in frijeformaasje partij krije? It roer moat om. Net stinne mar der hinne. De Dongeradielen is hot wat it keatsen oanbelanget. Doch der wat mei KNKB!

Sake, oant in oare kear
 

Copyright Acquisitie- en advertentiebureau Boppeslach 2002-2017
Alle rechten, waaronder het auteursrecht, zijn aan Acquisitie- en advertentiebureau Boppeslach voorbehouden.
Gehele of gedeeltelijke overname, plaatsing op andere sites, verveelvoudiging op welke andere wijze dan ook en/of commercieel gebruik van deze informatie is niet toegestaan, tenzij hiervoor uitdrukkelijk schriftelijke toestemming is verleend door Boppeslach of tenzij aan de onderstaande voorwaarden wordt voldaan. Het is, behoudens de terzake wettelijk verankerde rechten, niet toegestaan teksten of beeldmateriaal over te nemen
c.q. te publiceren zonder toestemming van Acquisitie- en advertentiebureau Boppeslach.

Nieuwsberichten, vragen en opmerkingen kunt u richten aan jbraaksma@planet.nl of telefoon 0517 - 39 68 20