Welkom op de website van www.kaatsen.nlFrythermoYour DJ
Home    Nieuwsarchief  

   Menu
Home
Nieuwsarchief
Web Links
Spelregels
Parturen 2017
Gastenboek

   Websponsors
Middelsee schilders
Your-DJ
Laanstra en Roersma
Opel Deinum Franeker
Copy service
Van Smeden IJzerwaren en Gereedschappen
Bouwbedrijf Bruinsma
Nijholt

   Agenda
  Ma Di Wo Do Vr Za Zo
>     01 02 03 04 05
> 06 07 08 09 10 11 12
> 13 14 15 16 17 18 19
> 20 21 22 23 24 25 26
> 27 28 29 30      



Agenda deze week:

Zaterdag, oktober 21
10:00 - 14:00 Zaalkaatsen FBA



Zoek agenda door op...



Agenda van vandaag:

10:00
10:00 - 14:00 Zaalkaatsen FBA

Webalizer web stats

Kweapraat (151)
Gepost op Zaterdag 16 september @ 19:07:03
Afdrukbare Versie 
Kweapraat


Goeie mannen,

No, dat wie it dan. Bliid dat it keatsseizoen der wer op sit?

No nee Sake, Fokke en ik meie ferrekte graach nei it keatsen ta en it is foar s folle mear as in spultsje. Sjoch, it keatsen en it praat der oer hldt net op as de lste bal op de Aldehoupartij slein is. Dat hldt noait op en giet troch oant it begjin fan it nije keatsseizoen. Wy, de mannen fan it frije wurd, krije nochal wat besite oan de doar en dan giet it trije fan de fjouwer kear oer it keatsen. Dat binne freonen dyt it goed mei it keatsen foar ha en gjin eigen belang ha en net beheind wurde troch eachkleppen dyt in grut part fan hja dyt it foar it sizzen ha noch altyd op ha. Dat is altyd sa west en sil ek wol sa bliuwe. Der is ek neat mis mei. Bytiden is net terjochte mar faak hat de echte leafhawwer it wol by it rjochte ein. Je hoeche dochs net trochleard te hawwen om te merkbiten dat it hjoeddeiske keatsen nder druk stiet. (Cartoon: Peter Vassilev).


It ledental nimt hieltyd mear of en it kader wat der noch is wurdt hieltyd tinner. Der is mear as keatsen wurdt der dan sein. Ja wis, de wrld feroaret en dat hat ek syn ynfloed op it keatsen. De fjilden rinne net mear fol mei leafhawwers. Boppedat moatte wy ek net blyn wze foar it feit dat de glns fan it hjoeddeiske keatsen hieltyd tinner wurdt. Dat betink ik net mar it is de werklikheid. Kinne wy dat noch keare of is it oar pakwei in jier as tsien fyftjin heielndal dien mei it spultsje dat keatsen hjit.

Yn de rin fan de tiid hat it keatsen wol faker nder druk stien mar it is no wol ddlik dat de fette jierren al in moai skoft efter s lizze. In moai foarbyld is de Aldehoupartij dyt sneon yn Ljouwert wer ferkeatst waard. Sjoch, it is noch net sa lang lyn dat de fsluter fan it seizoen rom troch de leafhawwers besocht waard. Net mear rijen dik sa yn de begjinjierren fan dizze partij mar in tsien jier tebek stie en siet der moai wat folk om de krite op Sonnenborgh. Mar dat liket no al skiednis. Je meie de fraach dan ek stelle hat dat ek te krijen mei it feit dat de partij feiltlik net mear de glns hat fan de partij dyt it altyd hie.

PC, Rengers,Van Aisma en Aldehou dr woenen je by wze. Ien fan dy partijen winne makke it hiele seizoen noch goedmar dan sil der wat feroarje moatte. Want as it format fan septimber 2017 de takomst wurdt dan tink ik dat der takom jier op 15 septimber 2018 noch mar in handsjefol leafhawwers de wei nimt nei Sonneborgh.
In wedstriid dyt om alve oere begjint, dyt mear stil leit as der keatst wurdt en wrt de frijwilligers oeren yn it spier binnen om fjilden en linen te lizzen en wer op te romjen snapt blykber net dat de leafhawwer hjirby de grize oer de grauwe giet. Sjoch, de foarman fan LKC kin wol optekenje litten dat hja it sa yn e holle hienen mar hy wit ek donders goed dat hy dyt betaald ek bepaald.

Sa is it en net oars. FB Oranjewld hat de leie yn e han en net ien oars. Oars krije je it net yn e plasse om de manjlu fan kertier foar twaan oant tweintig oer trijen wachtsje te litten omdat earst de froulju har partij t keatse moasten. As je dit net snappe dan ha je der gjin biet ferstoan fan of je ha skeit oan al dy leafhaweers dyt de reis nei Ljouwert dochs noch makke ha mar der takom jier seker net wer by wze sille.

Sjoch, wy komme noch wol bten en stean wol iepen foar de swoargen fan al dy leafhawwers. Fansels is it jild net nbelangryk yn dizze tiden mar der binne grinzen fansels. Wat betinkt no dat de ferliezer yn de heale finale ek noch mei 170 euro de man/frou nei hs giet. Moai foar de keatsers mar te gek foar wurden. Werom moat der safolle jild ynpompt wurde foar in partij dyt troch syn hjoeddeiske format neat mear wei hat fan it grutte partij.Lit stean in klassieker!

Omlizze gean foar in partij wrt it keatsen ddlik op it twadde plan stiet derom is de partij fan de snein nei de sneon gongen. It is te gek foar wurden. By it 50-jierrig bestean ha al de grutte mannen fan LKC it oer in foarneame en grutte partij dyt gelyk stiet mei PC en Van Aismapartij.Werom net de froulju op sneon en de manlju op snein. Werom san baas fan in tribune noch op it fjild sette hoewol je witte kinne dat der heecht in plukje taskgers yn komt te sitten. Ik hear it ien fan de frijwillegrs noch sizzen: Wy ha oanjn dat s eigen LKC tribune mear as gench wze soe mar dat wie praten tsjin dve earen. De sponsor woe dat en dan bart it want hja betelje alles.

Sjoch, Minnertsgea is der ea mei begn dat froulju en manlju tagelyk in wedstriid hienen en dat ek noch op it selfde fjild. Yn Minnertsgea kin dat prachtich. Eltse groep hat syn eigen oanhang en dat moat ek moai sa bliuwe. Seisbierrum hat dat ek moai foarelkoar en yn Arum en Makken rint it ek as in spoar. Mar hjir flokt it. Hja hienen dochs better witte moaten. Sjoch nei de buorlju yn Huzum. Mei dit ferskil dat Ljouwert de froulju earder harren finale keatse liet oars hie der oan de ein hielendal gjin kop mear west.

Ik stean hjir net allinne yn. De snein wie der efkes om de saak noch ris rstich oer te eidzjen. Safolle mailtsjes ha ik noch net earder han allegearre mei de selfde teneur. Dit net wer want dan bliuwe wy de oare kear wol ths. Dan binne der folle mear Gerrit Okkingas dyt dit oan harren foarby gean litte. Mar ek hja dyt op it fjild foar it sizzen ha, al dy frijwillegers dyt har it skomsum sjouwe mei alles en noch wat en boppeal de keatser en keatssters net in partij werby je oan foarby gean moatte.

Sjoch, jild is moai mar it kin net sa wze dat it jild straks hielendal de tsjint tmakket. Dan kin it gros fan alle ferienings de doar wol slute!

Oer de gong fan saken by de partij yn Marsum, oer de wedstriidaginda, de kontrle op de mof en oer it krewearjen fan s keatsers kom ik in oare kear werom.

Sake, oant in oare kear!
 

Copyright Acquisitie- en advertentiebureau Boppeslach 2002-2017
Alle rechten, waaronder het auteursrecht, zijn aan Acquisitie- en advertentiebureau Boppeslach voorbehouden.
Gehele of gedeeltelijke overname, plaatsing op andere sites, verveelvoudiging op welke andere wijze dan ook en/of commercieel gebruik van deze informatie is niet toegestaan, tenzij hiervoor uitdrukkelijk schriftelijke toestemming is verleend door Boppeslach of tenzij aan de onderstaande voorwaarden wordt voldaan. Het is, behoudens de terzake wettelijk verankerde rechten, niet toegestaan teksten of beeldmateriaal over te nemen
c.q. te publiceren zonder toestemming van Acquisitie- en advertentiebureau Boppeslach.

Nieuwsberichten, vragen en opmerkingen kunt u richten aan jbraaksma@planet.nl of telefoon 0517 - 39 68 20