Welkom op de website van www.kaatsen.nlFrythermoYour DJ
Home    Nieuwsarchief  

   Menu
Home
Nieuwsarchief
Web Links
Spelregels
Parturen 2017
Gastenboek

   Websponsors
Middelsee schilders
Your-DJ
Laanstra en Roersma
Opel Deinum Franeker
Copy service
Van Smeden IJzerwaren en Gereedschappen
Bouwbedrijf Bruinsma
Nijholt

   Agenda
  Ma Di Wo Do Vr Za Zo
> 02 03 04 05 06 07 08
> 09 10 11 12 13 14 15
> 16 17 18 19 20 21 22
> 23 24 25 26 27 28 29
> 30 31          



Agenda deze week:

Zaterdag, november 18
10:00 - 14:00 Zaalkaatsen FBA
Maandag, november 20
Evenement start om 09:00 WK-kaatsen
Dinsdag, november 21
Evenement start om 09:00 WK-kaatsen
Woensdag, november 22
Evenement start om 09:00 WK-kaatsen



Zoek agenda door op...



Agenda van vandaag:

Geen events vandaag

Webalizer web stats

Leendert van Wieren: it wurdt my allegearre wat te folle!
Gepost op Maandag 30 oktober @ 03:10:22
Afdrukbare Versie 
Bijdragen Jan Braaksma


Ofrne freed krige ik fan Leendert van Wieren berjocht dat hy stopt mei it skiedsrjochter wzen by de KNKB. De PC fan 2017 is ien fan syn lste putsjes west. Hy wol it in jier besjen mar der moat bot wat feroarje as hy op syn beslut werom komt. (Foto: Henk Bootsma).

Leendert van Wieren: spitich mar it is net oars!


Yn juny fan dit jier hie ik in petear foar De Keats mei Leendert. De PC stie doe sintraal mar doe spile hy al mei de gedachte: fan hoe lang noch! Hoe lang kin ik myn deistich wurk noch kombineare mei it skiedsrjochter wzen. De dagen binne lang en it wykein soe feitlik troch oare saken ynfuld wurde moatte mar je dogge it omdat it in diel fan je libben wie mar leaftiid liegt noait ek net by Leendert fan Rie.

Leendert van Wieren is no 54 jier. Selsstannich ndernimmer. Leendert is de man fan Tsiis on Wheels. Wie de langst sittende skiedsrjochter fan hjoeddedei. Makke syn dbut op 21 juny 1997 yn Surich by in trochinoarlotterspartij foar pupillefamkes.
Leendert van Wieren: Ik hoech net yn de belangstelling te stean.

Yn Rie skik ik oan by Leendert van Wieren. Leendert hie snein de 27ste maaie yn Doanjum stean sillen mar de rch woe net meiwurkje. Dronryp gong noch wol mar ik fielde dat Doanjum in brge te fier wie. Je moatte wol fit wze oars rinne der foar spek en beane by. Dat wol ik perfoarst net. Dat kin ek net want dat ha de keatsers hiel gau troch. Se moatte witte dat ik alles sjoch, no alles, mar ik besykje wol alles sa goed mooglik te folgen. Kinst net alles sjen. Moast ek net wolle. Je krije de stipe fan de karmasters en dy dogge ek harren best mar misse ek wol ris in slach. Skiedsrjochter wze betsjut dat je balnsearje op in tin balkje. Foar dasto it wist lizze je der of. Nim no De Ryp wrt ik ek skiedsrjochter wie. De man nder de peal by de boppe hat hast gjin ien bal sjoen. Dat koe ek net omdat hy de sinne fol op e kop hie. Dan moat ik san man wol byspringe.

De toan fan it petear is setten. Leendert rint al mear as tweintich jier mei en wit wrt hy it oer hat. Yn 1997 waard hy op oantrunen fan Auke Spijkstra skiedsrjochter by de KNKB.

Bist ek op kursus west frege ik him?
Tink it wol mar dat stelde doe neat foar. Miskien in jn of in pear oerkes en dat wie it dan. Je moasten je sels rde. It wie de tiid fan Rienk de Groot, Rinse Bruining en Tamme van der Berg. Fan de lste ha ik wol wat opstutsen. Hy wie ek de man dy tsjin my sei: Nei de wedstriid daliks nei hs en net yn e tinte komme
Dat lste wie fansels goed bedoelt mar der ha ik my net altyd oan hlden Sjoch, doet ik begn wie ik in stik jonger en stie ek tichter by de keatser.

Meist wol witte ik bin ek wolris in nacht nder wetter west mei in keatser. Nei frin bleaunen je wat te lang sitten en my dy selfde keatser koe ik it geweldich fine. As it gesellich is ferjitte je faaks de tiidIs net faak bart mar dat soe ik no ek net mear dwaan. De fstn nei de keatser is no grutter. Komt ek dat ik troch it leaftiids ferskil. Ik merkbit ek dat it minder gesellich is. Myn motifaasje is ek minder as eartiids. It is hurder wurden.

Wat der bytiden yn it fjild sein wurdt dat soe feitlik net kinne. Eartiids wie der ek wol ris wat mar no giet it folle fierder. Hja sizze nder it rinnen ek wol gench tsjin my mar ik besykje der boppe te stean oars kinst better ophlde.

Tweintich jier skiedsrjochter. Hast alle grutte partijen en bnspartijen al ris hn mar der is noch ien brek: de PC.
Dat fynsto mar ik ha dat al in plakje jn.

Hoe bedoelst: in plakje jn?
Yn 2014 soe ik de PC dwaan. Mar yn datselfde jier krige ik ntslach by de gemeente Harns wrt ik rom tsien as konsjerzje op in skoalle wurke hie. Ik wie boppetalichen moats der t. Dat klapte der by my yn. Ik koe dat net fan my fsette en ha my werom lutsen fan de PC. Astrid Kooistra hat doe de PC dien. Ik bin dy dei wol op e PC west en dat ha ik ek witten. Efkes pisje duorre rom in oere want ik moast wol 25 kear it ferhaal dwaan fan werom do net.

Dat wie doe mar do bist noch net oan de ein fan dyn karrire dochs?

Jan, ik bin skiedsrjochter wurden om haadklasse en earste klas wedstriden te lieden. De PC is der mar in nderdiel fan.

Wolsto der mei sizze: It hoecht foar my net mear? Sjochsto der tsjin op?
Miskien wol en miskien ek net. Sjoch, ik fyn it moai om op san dei karmaster te wezen. In oerke op en in oerke yn e rest. Ik ha meastentiids in sittende funksje omdat my better tkomt.

Do seist sapas dat de dei dy de lang duorret. Mar Leendert dat slaat dochs nearne op. As karmaster moast ek al om seis oere fan hs. Jimme moatte dochs om sn oere yn de Koornbeurs wze?
Is sa..
Ik kom der mei dy sa net t. As ik no sis dat de PC mei alles der om hinne. De drokte, it yn de belangstelling stean, de media dyt om dy hinne hinget en dan dochs de druk fan ik mei net fale. Is dat it soms?
Miskien
Mar wat makket de PC no oars as de finale fan in bnspartij of de finale op de Aldehou en de Van Aismapartij. Do hast alles dienEn noait wienen der babbels nei frin.
Der moat mear wze. Fertel. Sis it my! Bist der foar altyd der klear mei..

It antwurd komt t de oare hoek fan de keamer. Dochter Reny wit it wol: heit wol net yn de belangstelling stean. Dat wol heit net. Op de PC ntkomt hy der net oan
 

Copyright Acquisitie- en advertentiebureau Boppeslach 2002-2017
Alle rechten, waaronder het auteursrecht, zijn aan Acquisitie- en advertentiebureau Boppeslach voorbehouden.
Gehele of gedeeltelijke overname, plaatsing op andere sites, verveelvoudiging op welke andere wijze dan ook en/of commercieel gebruik van deze informatie is niet toegestaan, tenzij hiervoor uitdrukkelijk schriftelijke toestemming is verleend door Boppeslach of tenzij aan de onderstaande voorwaarden wordt voldaan. Het is, behoudens de terzake wettelijk verankerde rechten, niet toegestaan teksten of beeldmateriaal over te nemen
c.q. te publiceren zonder toestemming van Acquisitie- en advertentiebureau Boppeslach.

Nieuwsberichten, vragen en opmerkingen kunt u richten aan jbraaksma@planet.nl of telefoon 0517 - 39 68 20