Welkom op de website van www.kaatsen.nlFrythermoYour DJ
Home  ·  Nieuwsarchief  

   Menu
Home
Nieuwsarchief
Web Links
Spelregels
Parturen 2017
Gastenboek

   Websponsors
Middelsee schilders
Your-DJ
Laanstra en Roersma
Opel Deinum Franeker
Copy service
Van Smeden IJzerwaren en Gereedschappen
Bouwbedrijf Bruinsma
Nijholt

   Agenda
  Ma Di Wo Do Vr Za Zo
>         01 02 03
> 04 05 06 07 08 09 10
> 11 12 13 14 15 16 17
> 18 19 20 21 22 23 24
> 25 26 27 28 29 30 31



Agenda deze week:

Zaterdag, november 18
10:00 - 14:00 Zaalkaatsen FBA
Maandag, november 20
Evenement start om 09:00 WK-kaatsen
Dinsdag, november 21
Evenement start om 09:00 WK-kaatsen
Woensdag, november 22
Evenement start om 09:00 WK-kaatsen



Zoek agenda door op...



Agenda van vandaag:

Geen events vandaag

Webalizer web stats

Leendert van Wieren: it wurdt my allegearre wat te folle!
Gepost op Maandag 30 oktober @ 03:10:22
Afdrukbare Versie 
Bijdragen Jan Braaksma


Ofrűne freed krige ik fan Leendert van Wieren berjocht dat hy stopt mei it skiedsrjochter węzen by de KNKB. De PC fan 2017 is ien fan syn lęste putsjes west. Hy wol it in jier besjen mar der moat bot wat feroarje as hy op syn beslut werom komt. (Foto: Henk Bootsma).

Leendert van Wieren: spitich mar it is net oars!


Yn juny fan dit jier hie ik in petear foar De Keats mei Leendert. De PC stie doe sintraal mar doe spile hy al mei de gedachte: fan hoe lang noch! Hoe lang kin ik myn deistich wurk noch kombineare mei it skiedsrjochter węzen. De dagen binne lang en it wykein soe feitlik troch oare saken ynfuld wurde moatte mar je dogge it omdat it in diel fan je libben wie… mar leaftiid liegt noait ek net by Leendert fan Rie.

Leendert van Wieren is no 54 jier. Selsstannich űndernimmer. Leendert is de man fan Tsiis on Wheels. Wie de langst sittende skiedsrjochter fan hjoeddedei. Makke syn début op 21 juny 1997 yn Surich by in trochinoarlotterspartij foar pupillefamkes.
Leendert van Wieren: “Ik hoech net yn de belangstelling te stean.’

Yn Rie skik ik oan by Leendert van Wieren. Leendert hie snein de 27ste maaie yn Doanjum stean sillen mar de ręch woe net meiwurkje. ‘Dronryp gong noch wol mar ik fielde dat Doanjum in bręge te fier wie. Je moatte wol fit węze oars rinne der foar spek en beane by. Dat wol ik perfoarst net. Dat kin ek net want dat ha de keatsers hiel gau troch. Se moatte witte dat ik alles sjoch, no alles, mar ik besykje wol alles sa goed mooglik te folgen. Kinst net alles sjen. Moast ek net wolle. Je krije de stipe fan de karmasters en dy dogge ek harren best mar misse ek wol ris in slach. Skiedsrjochter węze betsjut dat je balânsearje op in tin balkje. Foar dasto it wist lizze je der of. Nim no De Ryp węr’t ik ek skiedsrjochter wie. De man űnder de peal by de boppe hat hast gjin ien bal sjoen. Dat koe ek net omdat hy de sinne fol op ‘e kop hie. Dan moat ik sa’n man wol byspringe.”

De toan fan it petear is setten. Leendert rint al mear as tweintich jier mei en wit węr’t hy it oer hat. Yn 1997 waard hy op oantrunen fan Auke Spijkstra skiedsrjochter by de KNKB.

Bist ek op kursus west frege ik him?
‘Tink it wol mar dat stelde doe neat foar. Miskien in jűn of in pear oerkes en dat wie it dan. Je moasten je sels ręde. It wie de tiid fan Rienk de Groot, Rinse Bruining en Tamme van der Berg. Fan de lęste ha ik wol wat opstutsen. Hy wie ek de man dy tsjin my sei: Nei de wedstriid daliks nei hűs en net yn ‘e tinte komme…
Dat lęste wie fansels goed bedoelt mar der ha ik my net altyd oan hâlden… Sjoch, doe’t ik begűn wie ik in stik jonger en stie ek tichter by de keatser.

Meist wol witte ik bin ek wolris in nacht űnder wetter west mei in keatser. Nei ôfrin bleaunen je wat te lang sitten en my dy selfde keatser koe ik it geweldich fine. As it gesellich is ferjitte je faaks de tiid…Is net faak bart mar dat soe ik no ek net mear dwaan. De ôfstân nei de keatser is no grutter. Komt ek dat ik troch it leaftiids ferskil. Ik merkbit ek dat it minder gesellich is. Myn motifaasje is ek minder as eartiids. It is hurder wurden.

Wat der bytiden yn it fjild sein wurdt dat soe feitlik net kinne. Eartiids wie der ek wol ris wat mar no giet it folle fierder. Hja sizze űnder it rinnen ek wol genôch tsjin my mar ik besykje der boppe te stean oars kinst better ophâlde.

Tweintich jier skiedsrjochter. Hast alle grutte partijen en bűnspartijen al ris hân mar der is noch ien brek: de PC.
‘Dat fynsto mar ik ha dat al in plakje jűn.

Hoe bedoelst: in plakje jűn?
‘Yn 2014 soe ik de PC dwaan. Mar yn datselfde jier krige ik űntslach by de gemeente Harns węr’t ik rom tsien as konsjerzje op in skoalle wurke hie. Ik wie ‘boppetalich”en moats der út. Dat klapte der by my yn. Ik koe dat net fan my ôfsette en ha my werom lutsen fan de PC. Astrid Kooistra hat doe de PC dien. Ik bin dy dei wol op ‘e PC west en dat ha ik ek witten. Efkes pisje duorre rom in oere want ik moast wol 25 kear it ferhaal dwaan fan werom do net.’

Dat wie doe mar do bist noch net oan de ein fan dyn karričre dochs?

‘Jan, ik bin skiedsrjochter wurden om haadklasse en earste klas wedstriden te lieden. De PC is der mar in űnderdiel fan.

Wolsto der mei sizze: ‘It hoecht foar my net mear? Sjochsto der tsjin op?
Miskien wol en miskien ek net. Sjoch, ik fyn it moai om op sa’n dei karmaster te wezen. In oerke op en in oerke yn ‘e rest. Ik ha meastentiids in sittende funksje omdat my better útkomt.’

Do seist sapas dat de dei dy de lang duorret. Mar Leendert dat slaat dochs nearne op. As karmaster moast ek al om seis oere fan hűs. Jimme moatte dochs om sân oere yn de Koornbeurs węze?
Is sa..
Ik kom der mei dy sa net út. As ik no sis dat de PC mei alles der om hinne. De drokte, it yn de belangstelling stean, de media dy’t om dy hinne hinget en dan dochs de druk fan ik mei net fale. Is dat it soms?
Miskien…
Mar wat makket de PC no oars as de finale fan in bűnspartij of de finale op de Aldehou en de Van Aismapartij. Do hast alles dien…En noait wienen der babbels nei ôfrin.
Der moat mear węze. Fertel. Sis it my! Bist der foar altyd der klear mei..

It antwurd komt út de oare hoek fan de keamer. Dochter Reny wit it wol: heit wol net yn de belangstelling stean. Dat wol heit net. Op de PC űntkomt hy der net oan…
 

Copyright © Acquisitie- en advertentiebureau Boppeslach 2002-2017
Alle rechten, waaronder het auteursrecht, zijn aan Acquisitie- en advertentiebureau Boppeslach voorbehouden.
Gehele of gedeeltelijke overname, plaatsing op andere sites, verveelvoudiging op welke andere wijze dan ook en/of commercieel gebruik van deze informatie is niet toegestaan, tenzij hiervoor uitdrukkelijk schriftelijke toestemming is verleend door Boppeslach of tenzij aan de onderstaande voorwaarden wordt voldaan. Het is, behoudens de terzake wettelijk verankerde rechten, niet toegestaan teksten of beeldmateriaal over te nemen
c.q. te publiceren zonder toestemming van Acquisitie- en advertentiebureau Boppeslach.

Nieuwsberichten, vragen en opmerkingen kunt u richten aan jbraaksma@planet.nl of telefoon 0517 - 39 68 20