Welkom op de website van www.kaatsen.nlFrythermoYour DJ
Home    Nieuwsarchief  

   Menu
Home
Nieuwsarchief
Web Links
Spelregels
Parturen 2017
Gastenboek

   Websponsors
Middelsee schilders
Your-DJ
Laanstra en Roersma
Opel Deinum Franeker
Copy service
Van Smeden IJzerwaren en Gereedschappen
Bouwbedrijf Bruinsma
Nijholt

   Agenda
  Ma Di Wo Do Vr Za Zo
>         01 02 03
> 04 05 06 07 08 09 10
> 11 12 13 14 15 16 17
> 18 19 20 21 22 23 24
> 25 26 27 28 29 30 31



Agenda deze week:

Zaterdag, december 16
10:00 - 14:00 Zaalkaatsen FBA
Woensdag, december 20
Evenement start om 10:00 Zaalkaatsen heren 55+



Zoek agenda door op...



Agenda van vandaag:

10:00
10:00 - 14:00 Zaalkaatsen FBA

Webalizer web stats

Freerk Haanstra woe syn wurd net brekke
Gepost op Dinsdag 07 november @ 04:26:30
Afdrukbare Versie 
Bijdragen Jan Braaksma


Freerk Haanstra, berne yn 1936, keatste fan 1956 oant en mei 1963. Hat altyd reserve-earsteklasser west op eigen oantrunen. Keatste sn kear op e PC. Wie sawol op de earste as twadde klasse aktyf en pakte 42 punten yn de hjoeddeiske haadklasse en 72 punten yn de twadde klasse. Wn yn 1959 de preemje op de PC mei Pier Koopmans fan Weidum en Dreeuwes Smedinga fan Harns. (Foto: Keatsmuseum).

Flnr: Steand Skiedsrjochter Evert Colmer, Dreeuwes Smedinga, Freerk Haanstra en Pier Koopmans. Troch de knibbels flnr: Albert Rinia, Rinnie Kuiper en Meindert van der Weerd.


Yn Boalsert op de Gleibakkerij 7-D skik ik oan by Freerk Haanstra. De keatskarrire fan Haanstra wie mar koart mar dat hie foaral te krijen mei syn stdzje foar toskedokter. Dat betsjutte ek dat Haanstra noait earsteklasser wurde woe, want dan moast hy elts wykein opdrave en dat woe hy net. Hy woe frij bliuwe yn syn dwaan en litten. Freerk Haanstra, dyt op de keatsfjilden troch it libben gong as Fr, wie in betfte efterynse dyt hiel aardich meikomme koe. Hy wie net de man fan it slaan op de boppe. Keatsen meitsje en it fmeitsje litte troch de opslager.

Sa ha ik altyd keatst en it hat my gench prizen brocht. Mei boppeslaan winne je net de partij en dat wie doe sa en dat is noch altyd sa. Ik bin dan ek poer tsjin de hjoeddeiske mof mei dy, yn myn eagen te grutte nap. Der is gjin tuskenspul mear. It is ek ien fan de redenen dat ik net mear op de fjilden kom.

De toan fan it petear is setten. Fansels, je meie de tiid fan no net fergelykje mei de tiid dat ik keatste mar ik bliuw derby dat der doe folle mear oerlis wie tusken de maten. Doe hiest ek aparte kwartsjes mar dochs. Nim bygelyks Anne Broersma fan Littens. Ik keatste leaver tsjin him as dat ik mei him keatste

Jo meitsje jo dbut op e PC fan 1956
Ja en nee. Miskien witte jo dat net mar ik stie al op Sjkeln yn 1953. Dat wie sa. By it hndertjierrich bestean mochten wy opdrave foar it begjin fan de finale. Twa partoer fan jonges mei nder oaren Henk Seerden fan Frjentsjer. Wy dienen twa spul t.

Op de PC fan 1956 keatsten jo mei Jolt Oostra en Brand Postma. Jimme hienen in swier lot en moasten daliks tsjin it partoer dat de PC winne soe. Sneue bak fansels.
Och, dat foel wol ta. Wy ha wol wat knskes hn mar Jolt wie te nwis en wy wienen noch mar broekjes fansels. Ik leau dat wy trije earsten hn ha. Mar dat ik sawiesa op e PC fan 1956 keatste wie al bysnder want salang keatste ik noch net.

Ik hie namme makke
It is op de sneinspartij fan Boalsert yn 1956 en ik stean net iens op e list. Ik rin tusken de leafhawwers as de foarsitter fan doe, Rinze van der Zee, my oansprekt of better sein: hy liet omroppe at ik wol efkes by de tinte komme woe. Ik reagearre der earst net op, mar doet it wer omroppen waard, bin ik der mar efkes hinne gien. Wat wie it gefal: Hiele de Haan, de maat fan Roel Hoekstra en Aebe Haima wie opnommen en hja sieten omheech foar in tredde maat. As ik wol ynfalle woe. Ik tocht: ik moat balkeare mar dat woenen de mannen net. Do mar efteryn en miskien ha ik ek noch wol foar minst opslein mar dat wie net myn favorite stek. Efteryn en op e boppe dat wie myn plakje. Mar goed, it gong sa goed dat wy pakke de lytse preemje. It wie it begjin fan myn krewearjen op de keatsfjilden. Ik hie namme makke.

Yn 1957 wurdt de PC wn troch Jan Sijtsma, Albert Rinia en Sake Faber, mar dr hienen jo ek stean kinnen.

Ik woe myn wurd net brekke
Ja, jo ha gelyk. It wie nammentlik sa dat Albert Rinia my frege hie om mei Jan en Albert de PC te keatsen. Ik ha dat doe fsein omdat ik steld wie mei Jolt Oostra en Brand Postma. Ik woe myn wurd net brekke. Letter doet hja mei Faber de PC wn hienen, ha ik der noch wolris wekker fan lein. Spyt is miskien in te grut wurd mardochs it hie ek myn PC wze kinnen. Mar sa siet ik no ien kear yn elkoar. Je jouwe je wurd en dan moatte je it net ferbrekke

Mar op de PC fan 1959 is it dan dochs raak. Jo keatse dat jier mei Pier Koopmans en Dreeuwes Smedinga. Gjin Jan Galema mear. Hoe siet dat?
Sjoch, Jan Galema wie earsteklasser wurden en sat ik al sei dat woe ik net. Dan moast ik altyd opdrave en dat woe ik net en dat koe ik ek net troch myn stdzje. Dus kamen wy t by Pier Koopmans fan Weidum.

Hotze wie de earste dyt my lokwinske: Gefelisiteerd seun! Mar goed, keatse yn de finale fan de PC fan 1959, ja, wa hie dat ferwachte? Wy hienen as ik it noch goed ha nmer njoggen en moasten de earste omloop tsjin Cees Wiersma, Herman Zijlstra en Sake Faber. Twa twaddeklas partoeren mar wy wienen gewoan te goed foar harren. (5-1 en 6-0). Yn de twadde omloop waard it gns dreger want doe kamen wy tsjinoer it knspartoer fan Jan Sijtsma, Hotze Schuil en Wijtse Vlietstra. Mannen tochten it wol op te rden mar wy kamen samar mei trije earsten foar. Dreeuwes mocht graach tsjin Hotze keatse, dat helle it bste yn him nei boppen.

Mannen kamen wol werom nei 4 om 3 mar Jan Sijtsma holp s in bytsje troch in pear bten te slaan. Op 5-4 en 6-6, as Hotze de opslach fan Jan oernommen hat, slacht Dreeuwes de bal oer de boppe. Hotze wie de earste dyt my lokwinske: Gefelisiteerd seun! Ja, soks ferjitte je nea wer. De heale finale tsjin de jonkies Gerrit Okkinga, Bennie van Dijk en Johan Halbesma waard pas beslikke op 5-4 en 6-6 mei in misser fan Okkinga.

Ja, doe de finale tsjin Meindert van der Weerd, Albert Rinia en Rinnie Kuiper. In twatal, omdat Van der Weerd net opslaan koe troch in trochsleine han. Dochs gongen jimme de bitebult op.

Jo ha gelyk, mar it net opslaan fan Meindert wie in grut neidiel foar s. Wy hienen folle leaver hn dat Meindert wol opslein hie want dan hienen wy folle mear kns hn om de partij te winnen. Sjoch, de ballen fan Rinnie gongen moai rjochtt en dr koe ik faak wol in knappe keats fan slaan, mar de opslach fan Proppie wie gns lestiger. Dat fleach faak alle kanten t. Boppedat as de mannen it mle fel oanhienen dan wie der net safolle tsjinyn te bringen. Wy ha gewoan in bste partij keatst mei mar in bytsje missers en hoewolt wy ek net folle ballen boppe sloegen koenen wy dochs aardich bybliuwe. Nei twa spullen gelyk sakke Pier wat f mei syn opslach. Ik tink dat hy wurch wie fan de foargeande partijen en de Makkumers sloegen goed t en dan wist it wol. Op 5-4 en 6-4 lei der in keats en dy koe Pier net hlde. Foar Dreeuwes wie de teloarstelling hiel grut. Gelokkich foar him hat hy de PC drnei noch twa kear wn.

It ferskil siet yn de opslach. Pier hie der seis bten en Dreeuwes fiif. Sa gek wie dat net. Rinnie hie der fiif en Proppie twa. Der waard doe ek net folle boppe slein. Proppie 2 en Rinnie mar ien. Dreeuwes en ik sloegen der beide twa oerhinne. Der waard mear keatst as bliken docht t jo sifers. Ik fyn dat wol moai. It gefoel fan doe jout in minske faak gelyk.
 

Copyright Acquisitie- en advertentiebureau Boppeslach 2002-2017
Alle rechten, waaronder het auteursrecht, zijn aan Acquisitie- en advertentiebureau Boppeslach voorbehouden.
Gehele of gedeeltelijke overname, plaatsing op andere sites, verveelvoudiging op welke andere wijze dan ook en/of commercieel gebruik van deze informatie is niet toegestaan, tenzij hiervoor uitdrukkelijk schriftelijke toestemming is verleend door Boppeslach of tenzij aan de onderstaande voorwaarden wordt voldaan. Het is, behoudens de terzake wettelijk verankerde rechten, niet toegestaan teksten of beeldmateriaal over te nemen
c.q. te publiceren zonder toestemming van Acquisitie- en advertentiebureau Boppeslach.

Nieuwsberichten, vragen en opmerkingen kunt u richten aan jbraaksma@planet.nl of telefoon 0517 - 39 68 20