Welkom op de website van www.kaatsen.nlFrythermoYour DJ
Home    Nieuwsarchief  

   Menu
Home
Nieuwsarchief
Web Links
Spelregels
Parturen 2018
Gastenboek

   Websponsors
Middelsee schilders
Your-DJ
Laanstra en Roersma
Opel Deinum Franeker
Copy service
Van Smeden IJzerwaren en Gereedschappen
Bouwbedrijf Bruinsma
Nijholt

   Agenda
  Ma Di Wo Do Vr Za Zo
>           01 02
> 03 04 05 06 07 08 09
> 10 11 12 13 14 15 16
> 17 18 19 20 21 22 23
> 24 25 26 27 28 29 30
> 31            



Agenda deze week:

Woensdag, december 19
Evenement start om 10:00 Zaalkaatsen heren 55+



Zoek agenda door op...



Agenda van vandaag:

Geen events vandaag

Webalizer web stats

Michiel Scheepvaart: Wy begjinne moai op nul
Gepost op Vrijdag 08 december @ 04:55:57
Afdrukbare Versie 
Bijdragen Jan Braaksma


De wedstriid oan de ein fan 2016 yn Mantgum hat my it hiele jier dwerssitten. Myn maten foar 2017 Michel van der Veen en Klaas Pier Folkertsma wnen de priis en ik pakte ek noch de preemje. It bestjutte wol dat wy troch dizze winst yn Mantgum in sek fol punten krigen foar de ranking foar 2017. Dat besef kaam pas oan it begjin fan it nije seizoen doet wy s partoer werom fnen op it tsiende plak fan de ranking. (Foto: Boppeslach).

Michiel: leaver by s heit oan it wurk...


Dr wienen jim fansels tige bliid mei of net?

No, gean mar fan it twadde t. Dat hie noait wze moatten. Dr wienen wy as partoer lang net goed gench foar. Dat wisten wy sels ek wol mar de ranking is no ien kear liedend en as wy no wol of net woenen, wy hawwe de earste fiif wedstriden foar spek en beane op it fjild stien. Ien omloopke en dan wie it wer dien. Dat jilde sawol foar de frije formaasje as ek de trochinoarlotterspartijen.

Troch it goeie keatsen yn Mantgum hienen wy s sels yn de fingers snijd. It hat bepalend west foar it fierdere ferrin fan it seizoen. Sjoch, foar my is it minder slim as bygelyks foar Klaas Pier Folkertsma. Dy hat safolle mentale klappen hn dat hy fier nder syn kinnen keatst hat. Ik keatste yn Dronryp en Sint Anne ek as in krante mar ik hy hie as eksks dat ik in soad lst fan de lea hie. Dr haw ik al jierren lst fan mar op beide wedstriden koe ik eins gjin poat fersette. Meist wol witte: Ik baalde as in stekker. In bytsje opgoaie en dat wie it dan. Leve de ranking: in soad geseik en ellinde.

Ik hear it wol do hast it hielendal hn mei de ranking.

Jan, ik fyn it trije kear neat. Ik wol keatse yn de klasse wrt ik mei myn partoer ths hear en net omdat ik tafallich ien of twa goeie wedstriden yn in wykein win wrtroch ik it folgende wykein yn de haadklasse keatse moat. Dr bin ik net goed gench mear foar. Dat wit ik sels goed gench mar je kinne mar wer opdrave. Stean je wer foar Jan mei de koarte achternamme twa wedstriden op e list.

Snapst no wol wrom der san soad keatsers der mei ophlde. Dy gean folle leaver nei de wylde partijen en dat snap ik mar al te goed. Ik bin foarstanner om wer werom te gean nei de lde formule wryn t de TC in tsiental partoeren oanwiist foar de haadklasse. De earste acht binne wis en foar de nmers njoggen en tsien komme dan de partoeren yn oanmerking dyt yn de earste klas dat wykein foar bst opslein ha. Kinst der ek noch by betinke dat dy kar op frijwillige basis bart. Wat leaver yn de earste klasse keatst, bliuwt dr dan. Ik bin ek in grut foarstanner om de twadde klasse f te skaffen. Hat totaal gjin sin en smyt neat op.

Ophlde mei earsteklas wedstriden mei beperkte dielname. Lit de earste en de twaddeklassers mar moai mei elkoar balje. Der komme mear minskens op f en de keatsers wurde der allinnich mar better fan. No wurde de listen hieltyd mar lytser yn it oantal keatsers. Je snije je sels yn de fingers troch op in earsteklas partij goed te keatsen want foar datst it wist hast dy wer pleatst foar de haadklasse en dan begjint it gedonder wer fan foaren oan f. Ik wurd der skijtsiik fan en mei my in hiel leger keatsers.

De ranking makket it keatsen kapot. As it sa troch giet binne der straks allinnich noch mar wylde partijen. Datselfde is ek fan tapassing op it prizejild. It rekket kant noch wal. Ea keart de wal it skip. De ferplichtings fan de ferienings nei de keatsers ta wurde straks en miskien is dat no al in grut probleem. De bond kin wol sizze sa en sa mar it jild moat wol earne weikomme en kin mar ien kear tjn wurde.

Mar ek it trainen slaat by tiden nearne mear op. Hoepeltsje en stekje springe wa betinkt soks. Hjir yn Makkum binne wy mei in eigen trainingsgroep begn. It is beare gesellich en der wurdt noch lderwetsk en fleindich traint. Wy dogge in soad searjewurk want dr wurde je allinnich mar better fan. In pear hndert ballen opslaan. Witte wrt je de bal bringe en net allinnich mar gang, gang en nochris gang. Goed opslaan begjint mei de opgoai. Hast dy goed nder de knibbel dan bist al in hiel ein op wei. In goeie opgoai jout betrouwen. As it net wol dan is der noch altyd Gerrit Okkinga dyt faak mei goeie oplossings komt. As ien it goed sjocht dan is it Gerrit wol.

Nei frin is der ek in priis foar him dyt it earst yn de kantine is foar de fersnaperingen. Want dat heart der ek by! In pilske, stikje tsiis en in stikje woarst. De lste kear hawwe wy de training oer slein en binne wy dalik mar oan de fersnaperingen begn. Keatsen is ek in sosjaal barren. As der wille is komst de oare wike ek wer del. As de doar ticht falt ha wy wer in prachtige jn hn.

Do bist noch al stellich yn dyn ferhaal. Hast dit wol ris nei foarren brocht op KNKB nivo?

Bst wol mar wat hellet it t. Wy nimme it mei en dat is it dan. Sjoch, dan bin ik leaver by s heit oan it wurk. Takom jier wurdt de ranking wer tein set mei de stn fan saken fan de lste acht wedstriden fan 2017. Dat fyn ik neat. Drom haw ik ek bewust de lste syklus fan wedstriden fan 2017 rinne litten. Ik begjin op nul en dat is moai.

Wurdt 2018 dyn lste jier op KNKB-nivo?

Soe samer kinne. Alles hinget of fan de lea. As dy my net te folle pleaget dan soe ik der noch wol in jier oan fst knoopje wolle. Ik ha foar 2018 steld mei Jan Sipke Tuinman fan de Ryp en Hendrik Bouwhuis fan Easterein. Beide mannen kinne geweldich keatse en oan my om dat der yn 2018 t te heljen. Ik haw der alle betrouwen yn. Fansels is it doel om s te pleatsen foar de PC en ik tink dat dat ek wol kin.

Sjoch ik ha de lste twa PCs net meidien. Dat moat foar 2018 feitlik al efkes oars. 2017 gong noch wol omdat ik myn maat Jelle Attema de preemje winnen seach. Ik wie in bytsje syn coach. Jelle is myn grutte maat. Wy kinne as de blommen en de snein hlde wy altyd frij foar in besite oan de Belboei yn Makkum. As it heal kin treffe wy elkoar om goed fiif oere. Dan begjinne de draverijen yn Sweden, Sd-Afrika en Dtsln. Wy meie der graach wat jild op ynsette. It is dbeltjeswurk mar ast mar gench dbeltsjes ynsetst dan falt der dochs wol ris wat te winnen.

Jelle keatste dit jier hiel goed, dus wie hy sneins wol ris wat letter yn de Belboei mar dat moat dan mar. Om op de PC werom te kommen: 2017 wie wer de earste finale dyt ik sjoen ha. Op de PCs dy ik sels net keatste wie ik tsjin trijen faak al as in skip dat op drift wiedus takom jier mar sjen oft ik my wer pleatse kin. As de neisit meitelle soe oangeande it winnen fan it klassemeint dan hie ik it klassemint seker wn.
 

Copyright Acquisitie- en advertentiebureau Boppeslach 2002-2018
Alle rechten, waaronder het auteursrecht, zijn aan Acquisitie- en advertentiebureau Boppeslach voorbehouden.
Gehele of gedeeltelijke overname, plaatsing op andere sites, verveelvoudiging op welke andere wijze dan ook en/of commercieel gebruik van deze informatie is niet toegestaan, tenzij hiervoor uitdrukkelijk schriftelijke toestemming is verleend door Boppeslach of tenzij aan de onderstaande voorwaarden wordt voldaan. Het is, behoudens de terzake wettelijk verankerde rechten, niet toegestaan teksten of beeldmateriaal over te nemen
c.q. te publiceren zonder toestemming van Acquisitie- en advertentiebureau Boppeslach.

Nieuwsberichten, vragen en opmerkingen kunt u richten aan jbraaksma@planet.nl of telefoon 0517 - 39 68 20