Welkom op de website van www.kaatsen.nlFrythermoYour DJ
Home    Nieuwsarchief  

   Menu
Home
Nieuwsarchief
Web Links
Spelregels
Parturen 2017
Gastenboek

   Websponsors
Middelsee schilders
Your-DJ
Laanstra en Roersma
Opel Deinum Franeker
Copy service
Van Smeden IJzerwaren en Gereedschappen
Bouwbedrijf Bruinsma
Nijholt

   Agenda
  Ma Di Wo Do Vr Za Zo
>       01 02 03 04
> 05 06 07 08 09 10 11
> 12 13 14 15 16 17 18
> 19 20 21 22 23 24 25
> 26 27 28 29 30 31  



Agenda deze week:

Geen events deze week


Zoek agenda door op...



Agenda van vandaag:

Geen events vandaag

Webalizer web stats

Jan Dijkstra: 70 jier lid fan De Twa Doarpen
Gepost op Dinsdag 23 januari @ 05:46:46
Afdrukbare Versie 
Bijdragen Jan Braaksma


As de wyn om e hs glt en raast skik ik oan by Jan Dijkstra fan Seisbierrum. Jan waard berne op 3 desimber 1933 op it Heechhiem yn Seisbierrum en is ien fan Pieter en Nellie. Ja, sa wie dat doe. It earste wat de minske ommers altyd freget: Fan wa bisto ien?

No, Jan is ien fan Pieter en Nellie Dijkstra en hy kaam t in grut gesin. Wy wienen mei s fjirtjinnen, bern wol te ferstean, dr kamen heit en mem noch by. Mar dat wie doe net sa gek. Jan Nauta hie der achttjin en by Rinze Leistra (it kanon) sieten der ek fyftjin om de tafel. Gerrit wie de ldste en ik siet yn it midden. (Foto's: Boppeslach).

De priis foar de moaiste tn by 200 jierich bestean goed foar krapoan 4500 dollar!


As bern stean je der net sa by stil. Ik wit noch wol dat wy yn twa ploegen ieten en dat it net foar it opskeppen wie. Boppedat wie ik wat oars yn myn dwaan en litten. Dat kaam al rillegau nei boppen ta. Ik kom t in kristlik gesin mar hoe jong ik ek wie, ik hie der neat mei. Dat waard der net better op doet ik Minke tsjin it liif rn.

Minke wie ien fan Willem van Zon. No, dan witsto it wol. Reade Willem van Zon wie in oertsjge sosjalist en dat botste fansels mei myn grifformearde eftergrn. Net by my want ik wie der samar klear mei. Ik hie der neat mei en ha oant de dei fan hjoed der ek nea spyt fan hn dat ik dizze stap eartiids makke haw. Dat wie fansels doe in hiele stap. In grifformearde jonge dyt it oanlei mei in read famke. Moast ien fan dyn eigen kleur sykje waard der dan sein. Net ien kear mar dr hie ik gjin boadskip oan. It hat in goeie kar west want wy binne noch altyd byelkoar!

As jonge haw ik in bulte keatst. Ope finne hie Seisbierrum in prachtich keatsfjild. Smk tusken de huzen yn. Der wie oars ek net safolle dus gongen je te keatsen. Us heit hie der neat mei en ik kin my ek net herinnerje dat hy ea efkes om e hoeke sjoen hat as der keatsen wie. Sjoch, ik bin berne yn 1933 en doe wie der noch net in CFK. Je keatsten meielkoar en fan kristlik keatsen hie noch nea ien heard. Dat waard oars doet de kristlike bn oprjochte waard.

Doe waard it oars hjoeddedei soenen je sizze: der kamen kampen! Ik hearde dan wol by de kritsliken mar dr wie ik gau klear mei. Kaam by dat ik net op snein keatse mocht. Dat botste. Ik woe keatse wannear t ik dat woe. By Minke ths lei dat gns oars. Drom wie ik der, hoe jong ik ek wie, samar t. Ik woe keatse en drom waard ik lid fan de Twa Doarpen wrt Klaas en Jappie Klazinga, Willem van Zon, soan Wimpie, broer fan Minke ek keatsten. Mar dan moast ik wol lid wurde en dat wie net samar klear. Ik kaam fan de oare kant om samar te sizzen. Wie ien fan de fjirtjin fan Pieter en Nellie!

Ik wit noch as de dei fan juster dat ik nei de Harmonie moast wrt Bantema it foar it sizzen hie. Op in gearkomst fan de Twa Doarpen moast ik foar de hege hearen ferskine. Alde Doekle Banning wie foarsitter. Fierder sieten om e tafel Teatse Fennema, broer fan Piet Fennema de hynstekeapman, Brouwer de man fan de Molkfabryk, grut boer Jan Landstra en ik leauw dat Jan de Jong fan Pitersbierrum ek oan de tafel siet. No, dat wie wat!

Sjoch, omdat it noch net sechstjin wie koe ik net lid wurde fan de CFK. Dus dat koe net in beletsel wze. Mar goed der waard my wol sein dat ik nea wer foar de kristliken keatse mocht as ik lid waard fan de Twa Doarpen. No, dr koe ik my wol yn fine. Ik ha fan dy tiid f ek nea wer foar de kristliken keatst. It wie de tiid dat ik keatste en fuort gong te keatsen.

Ik koe aardich meikomme snder t te blinken. Jappie en Klaas Klazinga en Wimpie van Zon stiene wat heger op e keatsljedder. Ik ha in pear kear op e list stien foar de Twa Doarpen. Haw op e Jong Nederln keatst mei nder oaren Jappie Klazinga en as ik it noch goed ha gongen wy der yn de tredde omloop f tsjin Harns mei Heero Bultje. Dy koe der wat fan sawol op as njonken it fjild. Piet Schuil siet ek yn dat partoer en syn ballen rnen hurd mar as ik se heal rekke dan fleagen se al boppe. Mar meastentiids wie hy my de baas.

Ach, jonge wat is dat lang lyn! Foar dat ik nei Amerika gong haw ik yn 1955 by it 50 jierig bestean noch in sulveren medaille wn by it doarpskeatsen. Skoanheit Willem van Zon wn ek de priis yn syn klasse en Minke hat de beide medailles beware. By Minke ths hienen hja folle mear mei keatsen as by s ths. Heit wie hjerring fisker en hat my nea keatsen sjoen. Dat ik oerstapt bin nei de grauwen hat it ek net goed dien fansels.



Minke: wie ien fan reade Willem van Zon

Sjoch, Minke har pake wie ek in Pieter Dijkstra en dy hat hiel knap keatse kinnen. Hat sels op e PC in preemje wn. Minke wit der ek net folle fan. Der waard troch harren mem net folle oer sein. Wrom witte wy net. As je no werom sjogge is dat spitich. Minke wit wol dat harren beppe betiid ferstoarn is. Pieter stie der doe allinnich foar en it gesin is doe t elkoar fallen. Sa gong dat yn dy tiid. Minke: mem woe der faaks net oer prate.

Asto fjirtjin jier bist moast al oan it wurk. Ja , dat wie doe sa! Net te folle eamelje en seure mar oan de slach. Ik kaam t in grut gesin en der moast wol wat fertsjinne wurde. No, dat waard de boer fansels. Oars wie der ek net safolle. Ploegje, wjudzje, blokje slaan, bite fertinje fan moarns ier oan jns let. Yn e simmer yn it flaaks en yn it hea. Moaie tiid mar ik woe doe al wat oars.

It hlde hjir doe ek net oer en de tiid feroare ek. Boeren dyt eartiids in man of tolve of noch mear oan it wurk hienen, hienen minder arbeiders nedich omdat de trekker harren plak oer naam. Der kaam hjir gns minder wurk en de minsken gongen nei de Hoogovens, Noard-East Polder of de minen yn Limburg. Der wie hjir gjin takomst foar my.

Ik hie kunde oan Piet Fennema, dyt noch foar Winaam keatst hat, en ik woe wol nei de oare kant fan de tobbe. Dy kns wie der omdat der rom 25.000 minsken yn it jier talitten waarden yn Amearika. Ik leauw dat ik trije jier op e list stien haw en doe koe ik der hinne. Ik haw nea twivels hn. Yn 1956 bin ik fstutsen en ik kaam der de moandeis oan en de woansdeis wie ik al oan it wurk. Dat wie wol efkes wenne want ik kaam by in grut boer mei wol hndert kij en dr waard doe al masinaal molken.



Prizen by 50 jierich bestean fan de Twa Doarpen

Dat koenen wy hjir net. Hjir molk ik noait mear as in kij of stien en allegearre mei it hantsje. It wie foar my wol efkes skrikke mar lang neitinke wie der net by. Der waard ek net nei frege. Ier en betiid op en jns let klear. It wie de tiid dat ik der noch allinnich omstapte. Minke hie der perfoarst earst gjin betrouwen yn en hie de papieren net klear doet ik nei de oare kant gong. Mar seis moanne letter kaam hja ek nei Connecticut. Sjoch, myn broer Gerrit hie as earste de stap setten en letter soe ik ek noch mei him gearwurkje. Letter binne myn bruorren Bennie en Piet dizze kant ek noch t kommen. De lste twa wenje der no noch en binne mar ien as twa kear werom west. Gerrit is dr koartlyn ferstoarn. Dy is hjir nea wer west. Sa giet dat.

Sjoch, foardat wy nei Amerika kamen wienen twa omkes fan my der al. Mar hja ha nea ld jn doet ik der graach nei ta woe. Sa giet dat faak. Blykber wie de stap dyt ik setten hie om mei Minke te trouwen foar harren in brge te fier. Blykber die ik der net mear ta

Mar goed neidat ik in jier as acht yn de kij omslein hie koe ik wurk krije op in Estate sis mar in hs mei krapoan 124 keamers. Myn wurk waard de tunen en alles wat der by hearde te nderhlden. Boppedat begn ik om acht oere en nei fjouweren wie ik klear. Ik kaam fan de hel yn de himel op sa mar te sizzen. Ik wist net wat my oerkaam. It wie it begjin fan in prachtige tiid. Minke krige wurk yn de waskerij en wie harren eigen baas. Boppedat wienen de sinten goed! Dit libben wie ik net wend.

Middeis om fjouwer oere kleardus begn ik mei oaren saken. Tntsjes, sis mar tunen by de tiid hlde fan de bewenners rnom it landgoed. Dat rn as in trein en ik pikte der moai wat by. De fertsjinsten waarden hieltyd grutter en myn fst wurk hong my feitlik as in bongel om e poat. Nei in skoft bin ik foar mysels begn en dat wie it aai fan Columbus om samar te sizzen. Ik krige sa folle wurk en koe ek minsken oannimme.

It hiele jier wie in drokte fan belang. Simmers de tunen, winters de krytsbeammen en as de winter hjir wiidweidich om him hinne sloech dan wie ik op n paad mei fjouwer trucks om de diken snie frij te hlden. De grutste klapper makke ik yn 1976 doet ik by it 200 jier bestean fan Amearika de earste priis wn foar it oanlizzen fan in grutte tn.

Ik hie der in jier oan wurke mar de priis goed 4500 dollar wie ek foar my. Dat wie yn dy tiid in slompe jild. Dat foar in jonge fan it Heechhiem! Doet ik yn 1983 50 waard fn ik it wol moai west. Ik woe net mear altyd oan it wurk wze. Wy hienen it goed dien yn Amearika en doe kaam it beslt om hjir wer hinne te gean. Wy wienen doe noch op in leaftiid dat je noch feroarje koenen. Of je bliuwe wrt je sitte of je gean wer werom nei Frysln. Dat lste ha wy doe dien.

Mar tuskentroch binne jimme dochs hjir ek wol west is it net?

Ja seker. Rnom de PC ha wy 23 kear de oerstek makke. Sjoch, ik wie dan wol oan de oare kant mar de leafde foar it spultsje is der altyd bleaun. Dat jildt ek foar Minke. Wy makken der dan in moaie faknsje fan, fan san trije of fjouwer wike. Ien kear binne wy hjir wol sn wike bleaun omdat it hjir doe sok prachtich waar wie. Wy koenen dat dwaan omdat it wurk yn Amerika yn fertroude hannen wie en alles syn gong gong.

Dat binne tiden dyt je nea wer ferjitte. Foar Minke har heit wie de PC ek in hichtepunt fan it jier. Hy, de man dyt yn de krisisjierren gjin jild hie foar in kaartsje en efter it stek moast om wat te sjen wie betiden t de skroeven as hy op it Sjkeln stie. Yn e pauze moasten se by wize fan sprekken omrpe litte oft Van Zon syn plak wol wer ynnimme woe. Dat wie nochris in leafhawwer!

Nei it werom kommen t Amerika ha ik in jier neat dien. Mar nei in jier begn ik my te ferfelen en doe ha ik noch in mannich jierren by Westra en Hettema wurke. Ik ha in soad oplutsen mei Pieter Goodijk. Ik gong wat by de boeren lns en hie in soad stipe oan Pieter. Mar ik tink nei in jier as 5 fn ik it wol gench en ha wat dien wat wy leuk fnen.

Komst noch wolris by it keatsen? Ja wis, mar it binne net safolle wedstriden mear wr t ik kom. Minke kin troch har snens net mear mei en ik behein it no ta Seisbierrum, Frjentsjer en de PC. Doanjum hearde der ek by mar dat is no ek dien wurk. Spitich! Yn 2003 ha de winners fan de PC fan my noch in presentsje krigen nei oanlieding fan harren winst. 100 dollar de man en in medaille. Dat fn ik moai om te dwaan. Sa haw ik De Twa Doarpen ek noch twa kear fan nije linen foarsjoen.

Ik seach dat Arum sokke moaie linen hie en doe tocht ik dat is ek wol wat foar de Twa Doarpen. Sa giet it faak. Sjoch, it koe miskien net oars mar ik wie tsjin de fzje. Dat bin ik noch altyd. Ik hie dat oare efter my litten en fn dat dat moai sa bliuwe moast. It wienen myn minsken net mearsnapst!

Mar ik bin wol lid bleaun ek yn de tiid dat ik oan de oare kant siet. It sille der fst noch wol mear wze dyt 70 jier of langer lid binne mar ik fyn 70 jier in hiel skoft!
 

Copyright Acquisitie- en advertentiebureau Boppeslach 2002-2018
Alle rechten, waaronder het auteursrecht, zijn aan Acquisitie- en advertentiebureau Boppeslach voorbehouden.
Gehele of gedeeltelijke overname, plaatsing op andere sites, verveelvoudiging op welke andere wijze dan ook en/of commercieel gebruik van deze informatie is niet toegestaan, tenzij hiervoor uitdrukkelijk schriftelijke toestemming is verleend door Boppeslach of tenzij aan de onderstaande voorwaarden wordt voldaan. Het is, behoudens de terzake wettelijk verankerde rechten, niet toegestaan teksten of beeldmateriaal over te nemen
c.q. te publiceren zonder toestemming van Acquisitie- en advertentiebureau Boppeslach.

Nieuwsberichten, vragen en opmerkingen kunt u richten aan jbraaksma@planet.nl of telefoon 0517 - 39 68 20