Welkom op de website van www.kaatsen.nlFrythermoYour DJ
Home  Ě  Nieuwsarchief  

   Menu
Home
Nieuwsarchief
Web Links
Spelregels
Parturen 2018
Gastenboek

   Websponsors
Middelsee schilders
Your-DJ
Laanstra en Roersma
Opel Deinum Franeker
Copy service
Van Smeden IJzerwaren en Gereedschappen
Bouwbedrijf Bruinsma
Nijholt

   Agenda
< mei >
  Ma Di Wo Do Vr Za Zo
>   01 02 03 04 05 06
> 07 08 09 10 11 12 13
> 14 15 16 17 18 19 20
> 21 22 23 24 25 26 27
> 28 29 30 31      



Agenda deze week:

Woensdag, oktober 24
Evenement start om 10:00 Zaalkaatsen heren 55+



Zoek agenda door op...



Agenda van vandaag:

Geen events vandaag

Webalizer web stats

Wedstriidaginda 2018 telt rom 440 wedstriden
Gepost op Zondag 28 januari @ 23:56:22
Afdrukbare Versie 
Bijdragen Jan Braaksma


Oer pak Ĺem beet 13 wike dan giet it wer los op de keatsfjilden. De wedstriidaginda 2018 is altyd in hiele befalling mar no ein jannewaris is dizze op in pypfol saken no ticht. De aginda telt rom 440 wedstriden ferdielt oer 16 kategoriŰen.

VvV Concordia mei it seizoen yn gong sette!


It begjint op 27 april yn Holwert mei de manlju earste klas en op snein 16 septimber slute de 30+ it seizoen of yn Weidum.

De FBA slut it seizoen of op 22 septimber mei de Snertpartij yn Beverwyk.

Wat stiet der op it programma: No, de manlju haadklasse kinnen 33 kear oan de bak. 24 kear giet om in frije formaasje partij, 5 kear moatte hja yn it spier foar in trochinoarlotterspartij en 4 kear kinne hja nei in ˘fdielingswedstriid.

Fan de 33 wedstriden is de partij op 12 augustus noch űngewis. De partij fan Menaam om samar te sizzen is noch net űnderbrocht. Littens stie op Ĺe rol mar sjocht der gjin ljocht yn omdat it yn de fakÔnsje tiid falt en hja nei alle gedachten net gen˘ch frijwilligers op it kleed bringe kinne. Dat selfde is fan tapassing op de wedstriid fan de manlju earste klasse op 5 augustus. Easterein stie hjir op ĺe rol mar hat om deselfde reden de partij werom jűn.

De manlju earste klasse kinne 29 der op ˙t. (22 frije formaasje, 5 trochinoarlotterspartijen en 2 ˘fdielingwedstriden). De twadde klasse telt 9 wedstriden. Foar de junioaren is de bond ek wer yn it spier west. Njonken de Jong NederlÔn en de Jong Feintepartij kinne hja noch twa kear harren opjaan foar in partij.

Foar de 30+ en 50 + is it oanbod rom te neamen. De 30+ kin 15 kear oan de bak en de 50+ mar leafst 23 kear. Leafhawwerij gen˘ch!

Foar de froulju haadklasse stean der 31 wedstriden op it programma. (17 frije formaasje, 9 trochinoarlotterspartijen en 3 ˘fdielingswedstriden) werűnder in partij foar Ie op 16 juny.

De froulju earste klasse kinne 23 op paad. (15 frije formaasje en 8 trochinoarlotterspartijen).

Foar de jonges stean der 30 wedstriden op de aginda. (11 ˘fd., 7 d.e.l., 8 A+B en 4 frije formaasje).

De famkes moate it dwaan mei 21 wedstriden. (7 ˘fd., 6 d.e.l.ĺ6 A +B en ek 4 frije formaasje).

Skoaljonges: 21 wedstriden. (4 ˘fd., 7 d.e.l., 7 A+B en 3 frije formaasje).

De sifers foar de skoalfamkes binne: 20 wedstriden ferdielt oer 5 ˘fd, 5 d.e.l., 7 A+B en 3 frije formaasje.

Pupillejonges: 21 wedstriden: (5 ˘fd., 7 d.e.l., 8 A+B en 1 frije formaasje).

Pupillefamkes: 19 wedstriden. (5 ˘fd., 6 d.e.l., 7 A+B en 1 frije formaasje).

Welpenjonges: 16 wedstriden. (2 ˘fd., 6 d.e.l., 8 A+B).

Welpenfamkes: 16 wedstriden. (2 ˘fd., 6 d.e.l., 8 A+B).

Om de saak kompleet te meitsjen stean der foar de FBA ek noch 9 wedstriden op de folle aginda.
 

Copyright ę Acquisitie- en advertentiebureau Boppeslach 2002-2018
Alle rechten, waaronder het auteursrecht, zijn aan Acquisitie- en advertentiebureau Boppeslach voorbehouden.
Gehele of gedeeltelijke overname, plaatsing op andere sites, verveelvoudiging op welke andere wijze dan ook en/of commercieel gebruik van deze informatie is niet toegestaan, tenzij hiervoor uitdrukkelijk schriftelijke toestemming is verleend door Boppeslach of tenzij aan de onderstaande voorwaarden wordt voldaan. Het is, behoudens de terzake wettelijk verankerde rechten, niet toegestaan teksten of beeldmateriaal over te nemen
c.q. te publiceren zonder toestemming van Acquisitie- en advertentiebureau Boppeslach.

Nieuwsberichten, vragen en opmerkingen kunt u richten aan jbraaksma@planet.nl of telefoon 0517 - 39 68 20