Welkom op de website van www.kaatsen.nlFrythermoYour DJ
Home    Nieuwsarchief  

   Menu
Home
Nieuwsarchief
Web Links
Spelregels
Parturen 2018
Gastenboek

   Websponsors
Middelsee schilders
Your-DJ
Laanstra en Roersma
Opel Deinum Franeker
Copy service
Van Smeden IJzerwaren en Gereedschappen
Bouwbedrijf Bruinsma
Nijholt

   Agenda
  Ma Di Wo Do Vr Za Zo
>       01 02 03 04
> 05 06 07 08 09 10 11
> 12 13 14 15 16 17 18
> 19 20 21 22 23 24 25
> 26 27 28 29 30 31  



Agenda deze week:

Zondag, april 22
Evenement start om 11:00 Vereniging van kaatsers d.e.l.
Vrijdag, april 27
Evenement start om 11:00 Heren eerste klasse d.e.l.



Zoek agenda door op...



Agenda van vandaag:

Geen events vandaag

Webalizer web stats

Kweapraat 152
Gepost op Donderdag 15 maart @ 18:51:37
Afdrukbare Versie 
Kweapraat


As je it no wolle of net, oer krapoan seis wike set it keatsseizoen 2018 t ein. It is dit jier foar myn gefoel noch wer hurder gongen as oare jierren. Dat is net wier fansels mar by it lder wurden ha je bytiden fan dy mominten, mear as ien, dat je tinke dat it iene jier noch hurder oan je foarby gietas it oare. Dat komt ek omdat de ein fan de eker hieltyd tichterby komt. (Cartoon: Peter Vassilev).


121 jier lyn waard de bond oprjochte en as je de skiednis fan de bond der in bytsje op neislaan dan is der net sa folle feroare. De nammen binne oars ynkleure mar it geeamel en it geseur slaat noch altyd foar master op.

Sjoch, nei de lste Algemiene Gearkomste fan frne tongersdei. It hie net folle om e hakken. As Wigle wollen hie dan wie it foar healwei tsienen dien west. Op himsels is dr neat mis mei. De ynbring fan de oanwzige ferienings fn ik meager en hie ek skriftlik wol fdien wurde kinnen. It deistige HB mei stipe fan it bnsburo hat syn saakjes aardich foar elkoar. Mar ik fn wol dat de wyn te folle fan ien kant kaam. No wit ik wol dat de measte bestjoerders om de bliksem wol wat te melden ha mar it is krekt as doarre hja dat net te uterjen. Dat fyn ik tige spitich want de AV is no krekt it poadium wrt dat moat en wrt dat kin. Sjoch, nei frin wit eltsenien wol hoet it wol en net moat en dan komme ek faak de fragen nei foarren dyt yn in earder stadium steld wurde moatten hienen. Jo freechje je dan wol of: wrom bart dat net. Is miskien de drompel te heech?

Want litte wy earlik wze: der is in soad praat mar it kaam op in pear tsnderings nei wol fan ien kant. Wldman Warren van der Veen fan Makkum en Lammert Leeuwen fan Boalsert binne feitlik twa Witte Raven fan de gearkomste. Warren hat noch mear it hert op e tonge as Lammert mar je kinnen lulle wat je wolle,mar by Warren komt alles t it hert. Hy is noch altyd sljocht fan it spultsje en fynt en tinkt dat der saken binne dyt fuortdaliks oanpakt wurde kinne en hy hat it idee dat de bond dat net docht of dat te stadich docht. Sjoch, ik mien Warren in bytsje te kennen en ik fiel mei him mei.

Nim no it plan fan in groep leafhawwers dyt witte wrt hja it oer ha. Dizze betfte mannen kinne je wol om in boadskip stjoere. Boppedat ha hja gjin eigen belang. Hja hawwe noed foar it spultsje. Boppedat hawwe hja in fin mear as in bears. It binne de mannen fan de snelle oanpak. Net lulle mar poetse! Yn de gearkomst neamde Johan Okkinga in tsien punten wrfan de helte wol daliks ynfiert wurde koe. Dr hoege je as bestjoerder net mear wiidweidich oer te praten want dan is der al wer in jier foarby snder dat der wat mei dien is.

Dat fyn ik tige spitich! Ofskiednimmende HB-lid Tseard Dijkstra seit dan wol tsjin radioman Geert van Tuinen dat it HB yn in oantal plannen wol mei gean kin mar dat is it dan ek. Ik hie graach sjoen dat hja dizze plannen dyt it keatsen net ien mar miskien wol trije kontsjes jaan kin, daliks oanpakt wienen. Ja, wurdt der dan sein: bepaalde saken dogge wy ommers al. Ballen net yn in amer mar yn in pdsje op de boppe.

Tuurlik is dat sa mar de essensje fan dat ferhaal is dat der mear gong yn it spul brocht wurde moat. Dat is net nij want ik bin der alle jierren tsjge fan. Wy ha it dan oer it ynslaan. Bytiden kinne je hast nei hs foar in waarm miel foardat de partij los giet. Ik ha frne jier krapoan fjirtich partijen byhlden oangeande it ynslaan. No, it reglement is hjir yn ddlik. As der romte is om yn te slaan is it noch trije minuten neidat de earste fan it partoer in foet op it fjild setten hat. Neat mis mei. Mar de praktyk is hiel oars.

It duorret gemiddeld 8 oant 10 minuten foardat de earste bal opslein wurdt. Ik haw partijen yn it boekje stean wrt hast in kertier oan ynslaan dien is. Dat is te gek foar wurden. Wrom kin soks by tennis, darts of snooker wol en net by it keatsen. De darters meie twa kear ynsmite en dan is it los. Je hoege net te tinken dat ien fan dy mannen it ek mar yn syn holle helje sil noch in kear ekstra te goaien want dan hat hy de earste set al ferlern. De skiedsrjochter soe hjir mear mei dwaan moatte. Net mear eamelje dat noch ien op it hske sit of noch by de masseur op e tafel leit. Tiid is tiid!

Wat skeelt dat oan tiid? No, by tien partoer is dat njoggen kear pakem beet acht minuten is mear as in oere dat ferknoeid wurdt mei ynslaan. Doch der noch in kertier by fan de pauze dyt ek altyd oprekt wurdt en je ha oardel oere winst. Foar in skiedsrjochter mei in bytsje kont yn de broek moat dat toch in lyts putsje wze.

Ik hear it de bond al roppen: dat dogge wy dochs al lang. Ja, dank je de koekoek. Der is noait ien dyt der wat oan docht.

In oar punt wat de mannen fan Johan Okkinga in toarn yn de eagen is, is de ranking en it oantal trochinoarlotterspartijen dat yn gjin ferhlding mear stiet mei de frije formaasje partijen.

Sjoch, wurdt der dan sein. It spul sit ferankere oan de rankingmar oan dy ranking kleve in hiel soad saken dyt it keatsen net foart brocht hat. Salang der gjin punten mear fertsjinne wurde kinne op de trochinoarlotterspartijen binne dat partijen om neat! As je as keatser dr no wol of net komme makket ommers neat t. Hielendal op in sneon nei Anjum ta om in potsje te keatsen: Bist gek. Hielendal as hja net sa goed lotte ha. Sjoch, keatsers binne krekt minsken. As der gjin stk efter de doar stiet dan leauwe hja it wol. Mei as gefolch dat der yn it ferline partijen west hawwe dyt it predikaat haad-en earsteklasse net fertsjinje. Dat is foaral ferrekte spitich foar dy ferienings dyt it dwaan moatte mei in trochinoarlotterspartij.

Sjoch, nei de Aldehou wolle hja wol krpend hinne omdat der in skepnet fol jild te fertsjinjen is. Mar sjoen de aginda fan 2018 wurdt der perfoarst neat oan dien. Dat fyn ik in miste kns. It betsjut ek dat hast alle ferienings it leafst frije formaasje wedstriden organisearje wolle. Hja binne dan ommers wis dat hja wol de bste keatsers yn de arena krije.

Persoanlik fyn ik dit in gemiste kns. Sjoch, dat it petear yn goed oerlis gongen is dat sil wol mar de tkomst is minder briljant.

Yn dy rige heart ek it feit dat der net efkes praat is oer de wedstriden fan de keatsaginda dyt noch maachdelik wyt binne omdat der noch net in feriening is dyt dat efkes organisearje wol. De AV is dochs it plak om dit efkes nei foarren te heljen. Kin Tetman dat ek wer efkes ffinke. Spitich!

No hear ik al wer ien sizzen: jo moatte beneame wat wol goed giet. Dit is negatyf gelul. Dat meie minsken fine mar nijs is dat wat fwykt fan it gewoane! Dat is net altyd negatyf mar wol realistyks.

Sjoch, wat my ek opfoel wie it praat oer wat de bond fan syn leden ferwachtet oangeande fdracht. In tienstje fan de jeugd en 16,54 fan in senioarlid. Hja gongen altyd t fan 178.000 euro, dat soenen de leden bijdrage moatte, mar sjoen de delgong fan it oantal leden wie dat no efkes bysteld oant 172.000. Dat ferlies foar 2017 moast de bond dan mar nimme. Mar, waard der steld, dat soe wer gau oars wurde kinne bygelyks yn 2018. No, dat is net wier.

Ut de stikken fan de bond docht bliken dat der op 1 jannewaris 2018 2430 jeugdleden binne en de teller by de senioaren op 8145 stiet. Let wol dat is begjin 2018. Dat betsjut dat de jeugdleden 24.300 op it kleedsje bringe en de alderein krapoan 134.718. As je dat optelle komme je t op 159.018 dat is gns minder as de 172.000, lit stean de 178.000 euro. Oer 2018 soenen je dan al krapoan 20.000 yn de min gean en dan moatte je der mar fan t gean dat der yn 2018 noch hielwat leden der de brui oan jaan sille. Dat is net negatyf tinken, dat is realistysk tinke. Nei frin wurdt der dan sein dat hja hoopje dat it tij keare sil mar sjoen de algemiene ntwikkelingen yn keatsersln sil dat net barre. Dat de bond op termyn fierder gean kin of sil as stichting moat perfoarst net tflakt wurde.
 

Copyright Acquisitie- en advertentiebureau Boppeslach 2002-2018
Alle rechten, waaronder het auteursrecht, zijn aan Acquisitie- en advertentiebureau Boppeslach voorbehouden.
Gehele of gedeeltelijke overname, plaatsing op andere sites, verveelvoudiging op welke andere wijze dan ook en/of commercieel gebruik van deze informatie is niet toegestaan, tenzij hiervoor uitdrukkelijk schriftelijke toestemming is verleend door Boppeslach of tenzij aan de onderstaande voorwaarden wordt voldaan. Het is, behoudens de terzake wettelijk verankerde rechten, niet toegestaan teksten of beeldmateriaal over te nemen
c.q. te publiceren zonder toestemming van Acquisitie- en advertentiebureau Boppeslach.

Nieuwsberichten, vragen en opmerkingen kunt u richten aan jbraaksma@planet.nl of telefoon 0517 - 39 68 20