Welkom op de website van www.kaatsen.nlFrythermoYour DJ
Home    Nieuwsarchief  

   Menu
Home
Nieuwsarchief
Web Links
Spelregels
Parturen 2018
Gastenboek

   Websponsors
Middelsee schilders
Your-DJ
Laanstra en Roersma
Opel Deinum Franeker
Copy service
Van Smeden IJzerwaren en Gereedschappen
Bouwbedrijf Bruinsma
Nijholt

   Agenda
< mei >
  Ma Di Wo Do Vr Za Zo
>   01 02 03 04 05 06
> 07 08 09 10 11 12 13
> 14 15 16 17 18 19 20
> 21 22 23 24 25 26 27
> 28 29 30 31      



Agenda deze week:

Zaterdag, september 22
Evenement start om 11:00 Alle categorien d.e.l. + verl. ronde
Woensdag, september 26
Evenement start om 10:00 Heren 55+ d.e.l.



Zoek agenda door op...



Agenda van vandaag:

Geen events vandaag

Webalizer web stats

Kweapraat (155)
Gepost op Zaterdag 12 mei @ 16:49:22
Afdrukbare Versie 
Kweapraat


Goeie mannen, ek noch wat om hannen hn?

Tuerlik Sake, keatsen jout altyd praat foar twa. Dat wie eartiids sa en dat sil ek wol sa bliuwe. Keatsen is ommers ferhalen en lykas by it fuotbal witte wy allegearre wol hoet it moat. De minske mei graach seureit is net goed of it doocht net. Mar al dy goeie wurden omsette yn dieden, dr ntbrekt it faaks oan. Mar sa is it altyd west en sa sil it ek wol bliuwe. (Cartoon: Peter Vassilev).


Wr gong it praat dan dizze wike oer? No, bynammen oer it keatsen yn Sint Anne wrt keatsers foarbest opsloegen dyt wy eins al in bytsje t it each ferlern wienen en wrt de grutte tenoaren fan it spul noch net goed t de ferve komme. Fansels moatte wy it efkes ha oer de besite fan de wantenkommisje by de 30 en 50+ yn Berltsum. Dan hearden wy noch dat de bond of wol fan dy fracht oan kaderkaarten dyt elts jier oer de toanbank giet.

Litte wy no mar efkes begjinne by de besite fan de wantenkommisje by de manlju 30 en 50+ fan snein 6 maaie yn Berltsum. Doet wy der juster yn Sint Anne kundskip fan krigen koenen wy dat hast net leauwe. Moffen kontrle by de 30 en 50+? Wa makket wa noch belachlikdit kin dochs net wier wze. Kontrle by in groep keatsers dyt foar de ll noch alle wiken besykje in potsje te keatsen. Hoe fier binne je dan as bond fan hs. As wy goed nei s boadskipper lstere ha dan binne der snein yn Berltsum krapoan 90 moffen troch de hnnen fan de kommisje gongen. Hja lizze no noch op ape gapen om samar te sizzen. De hnnen dogge der sear fansa ha de mannen yn de moffen knipe moaten want fan de 90 moffen wienen der sizze en skriuwe sn dyt it keurmerk fan de Nederlanse hsfrou mei krigen ha. Wernder dy fan haadklasser Pier Piersma dyt dy kear op de list stie fan de 30+.

De oare 83 moffen wienen te swier, koenen net bcht wurde of wienen sa ferskuorrend hurd dat hja der wol in bolle mei dea hauwe koenen. Mar wat makket dat no tit is in rekreative klasse en de bond mei bliid wze dat dizze groep fan leafhawwers der noch alle wiken op t giet om dat hja gek binne fan it spultsje. Fansels bart der wol ris watder wurdt net om gewoane prizen keatst. Faaks stiet der in pleats op it spulder wurdt wol ris in haal tdieldheart der allegearre by. Mannen ha harren eigen regels en dat wurket poerbst!

Ik tink dat de bond harren kommisje better nei de oare kategorien hinne stjoere kinmiskien ris in kear nei de groep fan 14 oant 16 jier! Soe net ferkeard wze; of gewoan dwaan wrt hja foar ynhierd binne en dat is de moffen fan hja dyt der ta dogge efkes by it ear pakke. Want hoe faak wurdt der no in mof ynnommenno net roppe dat alles neffens giet it boekje giet,want dat is dikke lary koek. Sels by it frouljuskeatsen blykt datder froulju binne dyt in mof oan hawwe dyt stiif fan de doping stiet. Bge, bge watfan de kant is it te sjen mar hja dyt der wat oan dwaan kinne sjogge graach de oare kant t.

Dus mannen en famkes fan it bn doch dit nea wer want je ha je sels der mar meiDer binne guon oare saken wrt de bond him better drok om meitsje kin. No sa!

Op it kader oerlis gong it praat oer de dik 400 kader kaarten dyt alle jierren by de bond oer de toanbank gean. Soe dat net wat minder kinneFokke soe wol sizze: Kin de bek net noch fierder iepen. Bliuwt fansels in dreech ferhaal: wa wol en wa net! Sjoch as ik it ferhaal goed begryp dan giet it om 200 man/frou dyt sa no en dan foar de bond yn it spier binne. De oare 200 kaarten binne dan foar de oanhang of wat der foar troch giet. As je as bond it mes der ynsette wolle dan soenen je dochs earst ris mei in kosten plaatsje komme moatte. Wat kosset it de bond no as Piet fan Ouwe Syl mei syn nije freondinne noch efkes yn it pypskoft in oantal partijen sjen wol. Der wurdt faak praat dat it gros allinnich mar komt foar gratis kofje, broadsjes en sop. Ik leauw der gjin bliksum fande echte leafhawwer sil dat woarst wze. Dy komt dochs foar it keatsen of bin ik sa njonkenlytsen ek naf wurden?

Sjoch, as je as bond dit oanpakke wolle moat dit net jierren boppe de merke hingjen bliuwe. Je dogge it of je dogge it net. Trochpakke of der net oan begjinne. Want dit is net nij fansels. It praat oer de fergese sop en broadsjes is sa ld as it keatsen selsfeitlik giet it nearne oer. As je in feestje ha dan kosset it altyd sintenwolle je dat net dan hlde je gjin feestje mear mar dan ek net mear seure dat der neat mear bartit is it ien of it oare! Klear; binne wy hjir ek wer t. Noch in tip foar hja dyt de sinten yn de skelk of bse hlde wol: by de Action binne hiele brkseme termosflessen te keap. Foar in pear sinten nimme je je eigen kofje mei

Yn de kuiergongen hearre wy dat de hiele lotterij op de burelen fan de bond barre moast. Der binne noch altyd guon dyt tinke dat der yn de jeugd rommele wurdt. Sy snappe neat fan it tsetten fan As en de Bs. Dat soe samar kinne, mar Fokke en ik sei de gek kinne dy freonen hjirmei net fierder helpe. Wy binne foarstanner om alles op de burelen fan de bond te lotsjen mar dr gean wy no ien kear net oer!

Dan wie it lotsjen sat it eartiids barde wol in stik ienfldiger. Jo makken tsien of meardere lotsjes. In lde soppanne en in stikje papier en in pinne en klear wie it. Yn in ment as fiif wie de lotting klear en koe de list nei de drukker ta om der in knappe list fan te meitsjen. Ofwachtsjen wie fansels oft de lotte list ek sa op papier kaam. De measte bestjoeren fan keatsferienings woenen ommers graach in moaie finale. Der binne gench ferhalen oer bekind. Dat kin anno 2018 net mear, mar it bliuwt minskewurk en in ngemak sit yn it lyts hoekje. No, sa!

Snein wienen wy te gast by Teun de Jong, foarman fan keatsferiening Sint Anne/ Trije Spul is t. De Jong-en-dy troffen it mei it waar. It bleau de hiele dei droech mar it oantal besikers hlde net oer. Kaam ek by dat oan de oare kant fan it stek it earste fan fuotbalklub Sint Anne in wedstriid spile tsjin it Snitser LSC. Ik seach ld-keatsers dyt wol nei t fuotbal seagen mar it haadklasse keatsen oan harren foarby gean lieten. Dat die my sear mar it is sat it is en it komt sat it komt. It binne de wiere wurden fan ien dyt it keatsen yt en drinkt mar net blyn is om wat der om har hinne bart. It keatsen sit yn de lytse loege hoe jo der ek tsjin oan sjogge. Sjoch, it is noch net sa lang lyn dat Teun de Jong it gewoan fn dat der tusken de 400 en 600 hndert man om e linen sieten en stienen.

In pear saken foelen s op. Der wie gjin korps mear op de Waaie en omdat it Bildt net mear bestiet wurdt it Frysk Folksliet ek net mear spileit earste is wier mar wrom dan it Frysk Folksliet net mear spile wurde kin dat ntgiet my. Sjoch, persoanlik fyn ik dat it Frysk Folksliet te pas en te npas t de kast helle wurdt. It moat fansels gjin smartlap wurdemar dat is in oar ferhaal!

Moatte wy it fansels wol efkes noch oer it keatsen ha. Wat opfoel wie it goeie keatsen fan bygelyks Pieter Jan Plat, Jan Schurer, Hendrik Bouwhuis, Auke Boomsma, Laas Pieter van Straten en fansels de kening fan de dei Marten Bergsma.

Sjoch, dat fan Marten witte wy al in skoft mar dat fan dy oare keatsers dat fine wy persoanlik hiel moai. Sjoch, dat san Laas Pieter in bytsje balje koe dat wist ik al in oantal jierren mar yn ienen wie Laas Pieter fuort. De leafhawwer hie him t it each ferlern. No, yn Sint Anne stie hy der wer en hoe. It soe moai wze as Laas Pieter der no hielendal wer is. Dat jildt fansels ek foar de oare mannen dyt miskien net ta de grutte tenoaren hearre mar wol hiel goed keatsten.

Nim no Pieter Jan Plat. Hy hat folle mear fuotballe as dat hy training dien hat foar it keatsen mar hy hat folle mear foarm dan de measte grutte tenoaren dyt harren it skom op e bek traind ha. Ik wit wol it is noch mar it begjin fan it seizoen mar ik bin wol skrokken fan de foarm fan hja dyt dochs ta de top fan it keatsen hearre. Traine hja ek te folle. As ik somtiden oer it fjild sjoch dan sjoch ik keatsers dyt werklik foar gjin kwartsje tstriele dat hja graach winne wolle.

It liket mear in ferplicht nmer te wezen om op it fjild te stean. It hat mei de tiid te meitsjen hear ik de foarman fan it bn tsjin my sizzen. De tiden binne feroare: miskien tinkt hy wol oan moarn as hy wer by syn baas komme moat of oan it wurk dat noch dien makke wurde moat. Ik tink dan wat simpeler: haw ik noch iten foar jn of sil ik dochs mar wer in nije freondinne sykjeit keatsen liket foar my sa fier fuort. Beleving: nul!

Wat juster yn Sint Anne ek opfoel wie it keatsen fan Dylan Drent. As hy tsjin Van der Bos keatse moat dan fret hy by wize fan sprekken it grs t de grn en as hy dan yn syn plan slagge is dan kinne je sjen dat de fokus der yn de folgjende partij f is. Dan is Dylan wer in gewoane foarynse dyt net alle ballen oer it kleedsje slaatWat is dat dochs? Je wolle dochs net allinne fan Bos winne? Je wolle dochs mei de hage nei hs! Mar sa wie it juster hiel faak. Op en delmar goed it seizoen is noch lang en wy binne noch net tsjoen noch lang net!

Sake oant in oare kear!
 

Copyright Acquisitie- en advertentiebureau Boppeslach 2002-2018
Alle rechten, waaronder het auteursrecht, zijn aan Acquisitie- en advertentiebureau Boppeslach voorbehouden.
Gehele of gedeeltelijke overname, plaatsing op andere sites, verveelvoudiging op welke andere wijze dan ook en/of commercieel gebruik van deze informatie is niet toegestaan, tenzij hiervoor uitdrukkelijk schriftelijke toestemming is verleend door Boppeslach of tenzij aan de onderstaande voorwaarden wordt voldaan. Het is, behoudens de terzake wettelijk verankerde rechten, niet toegestaan teksten of beeldmateriaal over te nemen
c.q. te publiceren zonder toestemming van Acquisitie- en advertentiebureau Boppeslach.

Nieuwsberichten, vragen en opmerkingen kunt u richten aan jbraaksma@planet.nl of telefoon 0517 - 39 68 20