 |
Menu |
 |
|
|
|
 |
Websponsors |
 |
|
|
|
 |
Agenda |
 |
|
 |
|
Ma |
Di |
Wo |
Do |
Vr |
Za |
Zo |
> |
|
|
|
|
01
|
02
|
03
|
> |
04
|
05
|
06
|
07
|
08
|
09
|
10
|
> |
11
|
12
|
13
|
14
|
15
|
16
|
17
|
> |
18
|
19
|
20
|
21
|
22
|
23
|
24
|
> |
25
|
26
|
27
|
28
|
|
|
|
Agenda deze week:
Zoek agenda door op...
Agenda van vandaag:
|
|
 |
|
|
|
|
 |
Kweapraat 171 |
 |
 |
Gepost op: Zaterdag 15 september @ 12:02:57 (2144 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

'Goeie mannen. No, bliid dat it keatsseizoen der wer op sit?’
No nee Sake, Fokke en ik meie ferrekte graach nei it keatsen ta en it is foar ús mear as in spultsje. Sjoch it keatsen en it praat der oer hâldt net op as de lêste bal op de Aldehoupartij slein is. Dat giet troch oant it begjin fan it nije keatsseizoen. Dat is altyd sa west en dat sil ek wol trochgean sa lang wy der noch aardichheid oan hâlde. De passy foar it spultsje is noch altyd sa grut dat der hiel wat barre moat foardat wy it ôfwitte litte sille. Der is noch safolle dat wol de nedige kontsjes brûke kin. Wy tinke dat wy de bond dêr noch wol ta stipe wêze kinne. Mei gewoan boereferstân moatte bepaalde saken dochs oplost wurde kinne. Dat is eins foar de wintertiid, no sjogge wy noch efkes werom op it lêste keatswykein fan it ôfrûne keatsseizoen. (Cartoon; Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat 170 |
 |
 |
Gepost op: Zaterdag 08 september @ 12:58:21 (1978 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

'Goeie mannen, der ek wer op út west?
No, dat kinst wol sizze Sake. Hoewol ‘t it keatsen no nei de ein rint binne der noch altyd saken wêr’t wol efkes djipper nei sjoen wurde kin en faaks ek wol nedich is dat der noch efkes nei sjoen wurdt. Wy hawwe it dan oer bygelyks it lotsjen, de besetting fan de romten wêr’t it bestjoer yn heart te sitten en fansels komme wy noch efkes werom op it keatsen yn Marsum. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat 169 |
 |
 |
Gepost op: Zaterdag 01 september @ 13:36:28 (2155 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

'Goeie mannen, der ek wer op út west?
Fansels Sake, hiest net oars ferwachte dochs? We ha ús dizze kear beheine moatten ta ien wedstriid mar der binne noch genôch saken wêr’t wy it noch wol efkes oer hawwe wolle. Dat giet dan oer de wedstriid fan Wommels wêr’t de froulju ferline wike snein noch foar bêst opsloegen mar de útstrieling fan de partij hie mear wei fan in ledepartij. Fansels komme wy ek noch efkes werom op de 42ste frouljus-PC en dan benammen oer it feit dat de KNKB dwers lizze soe om de wedstriid wat nei foaren te heljen. Ik tink dat it wol efkes oars leit. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat 168 |
 |
 |
Gepost op: Zaterdag 25 augustus @ 12:49:05 (2205 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

Goeie mannen, bytsje bekommen fan alle drokte fan ôfrûne wike?
Och Sake, dat foel wol ta hear. Hoewol de eagen stean jo dan nei safolle partijen keatsen wolris rjocht yn ‘e nekke. Wat wolle je ek: woansdei wie de 42ste Frouljus-PC, freed stienen de froulju al wer klear yn Bitgum en sneon en snein woenen de haadklassers graach foarbêst opslaan mar dat hie der wol oan. It wie bytiden mear in kwestje fan hoe komme wy by de ein. Dat jildt ek foar in stikjesskriuwer dy’t de saken graach beneamt. Dat falt net altyd by eltsenien yn de goeie pûle. Mar dat heart der ek in bytsje by. Boppedat witte wy as gjin oar, dat as je de holle boppe it meanfjild útstekke, der op je sketten wurde kin. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat 167 |
 |
 |
Gepost op: Zaterdag 18 augustus @ 13:40:23 (1770 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

'Goeie mannen, der ek wer op út west?
Fansels Sake. Sa lang der keatsen is besykje wy der by te wêzen. Wy hawwe ien wike Kweapraat oerslein omdat wy der efkes hielendal mar dan ek hielendal klear mei wienen. Dat bart net sa faak mar ôfrûne wike wie it safier. Jo sjogge saken, hearre fan bepaalde saken en dan wolle je der efkes neat mar dan ek neat mear mei te meitsje hawwe omdat it dochs lûken is oan in dea hynder…Dat komt miskien hurd oer mar it is sa’t it is en it komt sa’t it komt! (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat 166 |
 |
 |
Gepost op: Zaterdag 04 augustus @ 13:36:29 (1986 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

'Goeie mannen, al wer wat bekommen fan al dy keatsdrokte fan de ôfrûne dagen?
Ja en nee Sake. De PC fan ôfrûne woansdei sit ús noch te folle yn ‘e holle. Mar der wie fansels mear as de 165ste PC. De lotting, oars in fêst ûnderdiel fan de moandeitejûn, waard no hâlden yn it ramt fan de theaterfoarstelling HEEDAAR. Wy wienen der by en komme der yn dizze Kweapraat ek op werom. Sneon wienen wy te gast yn Hitsum by de Ald-Meiers Partij en snein binne wy op it berteplak fan de ferneamde Taede Zijlstra west wêrt it partoer fan Van der Bos-en-dy wer ris foar bêst opsloech. Praat genôch om samar te sizzen. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat 165 |
 |
 |
Gepost op: Zaterdag 21 juli @ 15:38:42 (1778 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

'Goeie mannen, ek noch wat by de ein hân?
Tuerlik Sake, yn keatslân is altyd wol wat oan de hân en hjoeddedei is dat noch folle mear as eartiids. It keatsen hat wol wat fan it waar. As it ien kear reint dan hâldt it faaks ek nea wer op. Ik moast dêr oan tinke doe’t wy (Frans Poppes en ik sei de gek) snein út Ljouwert werom riden nei Frjentsjer ta. Eltse wike neidat ik wer in stikje op de site setten ha dan bekrûpt my in gefoel fan: Soe ik de oare wike ris frij kinne fan wer in kweapraat. Soe der noch wol genôch ‘stof’ ta neitinken wêze. It moat dochs in kear ophâlde is it net. It sil dochs wol ris moai sinneskyn waar wurde…No, it bliuwt faaks by de gedachte. Dizze wike is it wer raak om samar te sizzen. Moai en minder moai nijs. Je kinne it wol dea swije mar dêr sjitte wy ek neat mei op. As it ien kear oan it papier tabetroud is, miskien kin dat de oanset wêze dat bepaalde saken no wol goed oppakt wurde. Fokke is net ien fan de kop yn it sân stekke. Dêr is it spultsje him te leaf foar. De wierheid hat no ien kear in skel lûd as wy it no wol of net leuk fine. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
 |
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (164). |
 |
 |
Gepost op: Vrijdag 13 juli @ 09:13:42 (1892 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

Goeie mannen, al wer in bytsje bekommen fan it ôfrûne wykein?
No Sake, wy ha sa as gebrûklik wer hiel wat by de ein hân. Sneon gong de reis nei Makkum en snein stie de ferneamde Rengerspartij op it programma. Mar der wie mear fansels. It brek oan skiedsrjochters…is der ien fan. Yn Makkum hie foarman Warren van der Veen de bokkeprûk op en op Sonnenborgh gong it benammen oer de teloargong fan ien fan de klassiekers fan it hjoeddeiske keatsen. Ek de kommende keats-off sille wy efkes op it skild tille. Wy prate dan oer de sin en ûnsin fan dizze oer it hynder tilde wedstriid dy’t heaks stiet op wêr’t de ranking no ien kear foar yn it libben roppen is. Dúdlikheid jaan oan sporter en leafhawwer. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (163) |
 |
 |
Gepost op: Vrijdag 06 juli @ 09:39:41 (1568 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

Goeie mannen, al wer in bytsje bekommen fan it ôfrûne wykein?
Bekommen seisto? De holle docht ús sear fan alle telefoantsjes dy’t wy de ôfrûne dagen hân ha. Wêr giet dat dan oer? No oer fan alles en noch wat. Serieuze saken en minder serieuze saken. Wy smite tsjintwurdich alles op in souwe en wat op de souwe lizzen bliuwt pakke wy noch efkes by de kop. Oars bliuwt it dweiljen mei de kraan iepen. Wêr giet it yn dizze kweapraat dan oer: no bynammen oer it ferhaal dat ofrûne tongersdei yn de Ljouwerter Krante stie en wêryn’t it giet oer de mof fan Laas Pieter van Straten en hoe’t dat no krekt allegearre gongen is en wie…Dan komt ek noch de hurdheidsmeter om de hoeke, wat dat ek wêze mei en besiket de nije direkteur fan it keatsbûn de lêzer dúdlik te meitsjen dat it earliker moat yn keatslân…Fierder stean wy fansels stil by it hommels ferstjerren fan Klaas Kramer dy’t net allinnich in grut leafhawwer wie mar boppeal it keatsen en dan bynammen it frouljuskeatsen krapoan 25 jier stipe hat. En fansels sjogge wy noch efkes werom op de wedstriden yn Drylst en Boalsert. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
 |
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (162) |
 |
 |
Gepost op: Vrijdag 29 juni @ 22:14:51 (1479 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

Goeie mannen, ek wer wat by de ein hân?
Fansels Sake. Sa lang der keatst wurdt is der praat en as der net mear praat wurdt is it nei alle gedachten dien mei dat moaie spultsje dat keatsen hjit. Wy wienen freed te gast yn it Hearrenfean en snein gong de reis nei de Ouwe Seunen yn de havenstêd. Dan soenen je dochs sizze: no dat falt dan noch wol wat ta…dat soenen je sizze kinne mar dan gean wy dochs in bytsje te krap troch de bocht. Wy soenen it yn dizze kweapraat noch wol efkes ha wolle oer de kwaliteit fan it hjoeddeiske keatsen en hoe tin alles is. Fansels komt de reade kaart fan Laas Pieter van Straten ek noch foarby en moatte wy it dochs noch efkes hawwe oer de begjintiden fan it keatsen fan de haadklasse en as lêste wolle wy dochs efkes stil stean by it geweldich keatsen fan de Tjisse Steenstra fan Bitgum. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (161) |
 |
 |
Gepost op: Zaterdag 23 juni @ 06:25:55 (2317 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

'Goeie mannen noch wat by de ein hân?
Sjoch as je yn keatslân omstappe dan giet der feitlik gjin dei foarby of der wurdt wol earne oer praat. Hâldt dat no noait op seit myn twadde helte wolris. Is der no neat oars as ‘dat keatsen’. Krijsto der no noait in kear genôch fan. Ik wie al lang gek wurden fan al dat gedôch. Do leaver as ik. Hoe faak ha ik dat al heard en hoe faak sil ik dat noch hearre moatte. Ik tink sa lang ik yn it wrâldsje dat keatsen hjit omstap. Mar dat is net nij. As je in bytsje each foar de skiednis ha is it noait oars west. Miskien heard dat ek wol by it keatsen. Ien ferkeard wurd en de ien gunt de oar nea wer in blik. Der binne sels ferhalen dat it nei 50 jier noch net goed komen is. No sa! (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (160) |
 |
 |
Gepost op: Zaterdag 16 juni @ 14:47:25 (2002 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

Goeie mannen, de kop al wer in bytsje skjin nei alwer in drok keatswykein?
No Sake, wy ha sa as gebrûklik wer it nedige by de ein hân. Blykber kin dat net oars yn de wrâld dy’t keatsen hjit. ‘Verbaas u niet verwonder u slechts’ hoe faak hat mem dat net sein en it is noch altyd fan tapassing. Eltse wike binne wy fan doel om net mear oer de râneferskynselen te skriuwen, mar it echte keatsen op it earste plak te setten mar it bliuwt oant no ta by de gedachte want ek dizze wike hat it keatsen dochs wer de nedige klapkes oprûn. Ik hear it guon al sizzen: net oandacht oan skinke. Dat giet wol wer oer. No, wy stean der wat oars yn. As der earne reuring is dan moatte jo dat net dea swije mar der op ôf gean en sjen as je der wat oan dwaan kinne. Net de kop yn it sân stekke want dêr is noch noait ien better fan wurden. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (159) |
 |
 |
Gepost op: Zaterdag 09 juni @ 17:28:22 (1910 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

Goeie mannen, bytsje bekommen fan alle drokte fan ôfrûne wike?
Och Sake, dat foel wol ta hear. Hoewol de eagen stean jo dan nei safolle partijen keatsen wolris rjocht yn ‘e nekke. Wat wolle je ek: tongersdei bin ik efkes nei de Lanen west yn Harns, freed stienen de froulju al wer klear yn Stiens. Sneon gong de reis nei ien fan myn favorite keatsdoarpen Damwâld en snein woenen de haadklassers graach foarbêst opslaan mar dat hie der bytiden wol oan. It wie bytiden mear in kwestje fan hoe komme wy by de ein. Dat jildt ek foar in stikjeskriuwer dy’t de saken graach beneamt. Dat falt net altyd by eltsenien yn de goeie pûle. Mar dat heart der ek in bytsje by. Boppedat witte wy as gjin ien as je de holle boppe it maaifjild útstekke dat der op je sketten wurde kin. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (158). |
 |
 |
Gepost op: Zaterdag 02 juni @ 15:28:29 (1786 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

Goeie mannen, bytsje bekommen fan it ôfrûne wykein?’
Giet wol Sake, giet wol. Wy komme sa geandewei yn de heechsimmer fan it keatsen en dan komt der hiel wat op jo paad. Mar wy binne noch fan in generaasje dy’t de arbeidsetyk noch heech yn it findel ha. Wy reitsje ek net yn ‘e war as bepaalde stikjes by in oantal ‘freonen’ net goed falle. Wy soenen dizze ‘freonen’ freegje wolle dizze site net mear oan te klikken. Yn ’t fean sjogge wy net op in turfke mear as minder. Gean wy mar oer ta de oarder fan de dei. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (157) |
 |
 |
Gepost op: Zaterdag 26 mei @ 23:32:55 (1704 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

Goeie mannen, koenen jimme de sinne noch in bytsje de baas?
Och Sake, dat foel wol ta hear. Ik haw sok waar folle leaver as reinwetter. Moai lâns de kant fan it fjild mei it opteken boekje yn de han. Wat wolle je noch mear. Sjoch, yn de eagen fan bepaalde leafhawwers dogge je it ommers dochs noait goed. Mar nei safolle jierren wolle wy ús der net mear drok om meitsje. As je de holle boppe it meanfjild útstekke witte je yn it foar dat der op je sketten wurde kin. Eltsenien hat in miening en dat moat ek moai sa bliuwe oars is der ek net folle mear oan. Der wurdt my wolris de fraach steld: Is it net hiel ferfelend, om altyd mar wer oer dat keatsen te praten en te skriuwen. Der binne dochs wol wichtiger saken yn ús bestean. Fansels binne dy der en se binne faak net te tellen. Mar skriuwe oer keatsen makket de gekste dingen yn in minske los. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (156) |
 |
 |
Gepost op: Maandag 21 mei @ 03:23:33 (1708 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

Goeie mannen, der ek wer efkes op út west?
Ja wis Sake, wy ha ús dit wykein net ferfeeld. Sneon wie de Jong Nederlân partij, snein binne wy ôfstutsen nei Jorwert en moandei ha wy besite brocht oan de Bûnspartij en net sa’t dizze partij al jierren neamd wurdt it NK. No, der falt noch wol wat oer te sizzen. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (155) |
 |
 |
Gepost op: Zaterdag 12 mei @ 16:49:22 (1984 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

Goeie mannen, ek noch wat om hannen hân?
Tuerlik Sake, keatsen jout altyd praat foar twa. Dat wie eartiids sa en dat sil ek wol sa bliuwe. Keatsen is ommers ferhalen en lykas by it fuotbal witte wy allegearre wol hoe’t it moat. De minske mei graach seure…it is net goed of it doocht net. Mar al dy goeie wurden omsette yn dieden, dêr ûntbrekt it faaks oan. Mar sa is it altyd west en sa sil it ek wol bliuwe. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (154) |
 |
 |
Gepost op: Zondag 06 mei @ 00:18:41 (1448 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

Goeie mannen, ek noch wat by de ein hân?
Fansels Sake. Wy binne noch mar krekt útein set of der is al wer praat foar twa. It is mear as je in hânfol weet yn it hinnehok smite. De hinnen spatte dan efkes op mar nei in pear tellen is der dan ek wer de rêst. Sa giet dat al sa lang der keatst wurdt. As it net oer it keatsen sels giet dan giet it wol oer de omballingen. No, binne der tal fan leafhawwers dy’t efter it net fiske ha by de útjefte fan de sitplakken op ‘e kommende PC. It iene nei it oare mailtsje komt hjoed op myn buro. Ik tink dan altyd “waar rook is is vuur”, mar by sokke saken wol ik it dan ek mar litte. Net dat ik der net oer skriuwe wol mar ik wit te min fan de hoed en de rand. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (153) |
 |
 |
Gepost op: Zaterdag 28 april @ 23:41:23 (1667 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

'Goeie mannen, bliid dat de lytse bal wer oan it rôljen is?
Fansels Sake lit der gjin misbegryp oer wêze. 32 wiken hawwe wy it der sûnder dwaan moatten mar foar it gefoel wie dy tiid gâns koarter. Ik tink datsto dy miening ek wol hast Sake of net soms? Kin ik wol yn meigean mannen. Nei de lêste slach op de Aldehoupartij hâldt it keatsen net op…dat tinke je wol mar dat is net sa, alteast net by my. Der is yn it ferline safolle oer it keatsen optekene dat hiel nijsgirrich is om dat alles noch ris nei te lêzen mei de gedachte dat je der miskien letter noch wat mei dwaan kinne. Want hoewol ‘t der altyd mar krekt dien wurdt as bepaalde saken nij binne: ik wit wol oars. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat 152 |
 |
 |
Gepost op: Donderdag 15 maart @ 18:51:37 (3157 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

As je it no wolle of net, oer krapoan seis wike set it keatsseizoen 2018 út ein. It is dit jier foar myn gefoel noch wer hurder gongen as oare jierren. Dat is net wier fansels mar by it âlder wurden ha je bytiden fan dy mominten, mear as ien, dat je tinke dat it iene jier noch hurder oan je foarby gietas it oare. Dat komt ek omdat de ein fan de eker hieltyd tichterby komt. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (151) |
 |
 |
Gepost op: Zaterdag 16 september @ 19:07:03 (3441 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

Goeie mannen,
No, dat wie it dan. Bliid dat it keatsseizoen der wer op sit?
No nee Sake, Fokke en ik meie ferrekte graach nei it keatsen ta en it is foar ús folle mear as in spultsje. Sjoch, it keatsen en it praat der oer hâldt net op as de lêste bal op de Aldehoupartij slein is. Dat hâldt noait op en giet troch oant it begjin fan it nije keatsseizoen. Wy, de mannen fan it frije wurd, krije nochal wat besite oan de doar en dan giet it trije fan de fjouwer kear oer it keatsen. Dat binne freonen dy’t it goed mei it keatsen foar ha en gjin ‘eigen’ belang ha en net beheind wurde troch eachkleppen dy’t in grut part fan hja dy’t it foar it sizzen ha noch altyd op ha. Dat is altyd sa west en sil ek wol sa bliuwe. Der is ek neat mis mei. Bytiden is net terjochte mar faak hat de echte leafhawwer it wol by it rjochte ein. Je hoeche dochs net trochleard te hawwen om te merkbiten dat it hjoeddeiske keatsen ûnder druk stiet. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (150) |
 |
 |
Gepost op: Zondag 03 september @ 23:08:42 (2776 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

'Goeie mannen, der ek noch efkes op út west?’
Fansels Sake, Fokke en ik ha, hoewol der noch mar in bytsje keatst wurdt, noch genôch by de ein hân. Yn Penjum waard de lêste frije formaasje partij fan dit jier ferkeatst en wy sjogge nei de lêste klap yn it doarp fan Jan Reitsma senioar der noch efkes op werom. Wat gong goed en wat hie better kinnen. Ofrûne woansdei wie der dan samar it berjocht dat Wiljo Sijbrandij it toppartoer fan Ilse Tuinenga ferlitten giet. No, sok nijs jout altyd de nedige opskuor. Fierder sjogge wy efkes foarút nei de wedstriden fan Marsum en Mantgum. Dat hat al de nedige argawaasje jûn en dat sil noch wol efkes trochsette. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (149) |
 |
 |
Gepost op: Zondag 27 augustus @ 01:05:16 (3392 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

Goeie mannen, bytsje bekommen fan alle drokte fan ôfrûne wike?
Och Sake, dat foel wol ta hear. Hoewol de eagen stean jo dan nei safolle partijen keatsen wolris rjocht yn ‘e nekke. Wat wolle je ek: woansdei wie de 41ste Frouljus-PC, freed stienen de froulju al wer klear yn Bitgum en sneon en snein woenen de haadklassers graach foarbêst opslaan mar dat hie der wol oan. It wie bytiden mear in kwestje fan hoe komme wy by de ein. Dat jildt ek foar in stikjesskriuwer dy’t de saken graach beneamt. Dat falt net altyd by eltsenien yn de goeie pûle. Mar dat heart der ek in bytsje by. Boppedat witte wy as gjin oar, dat as je de holle boppe it maaifjild útstekke, der op je sketten wurde kin. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (148) |
 |
 |
Gepost op: Zaterdag 19 augustus @ 20:40:08 (1939 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

Noch wat by de ein han mannen? Genôch Sake, mar wy pakke der dizze kear twa of sis mar trije saken der út.
Wêr giet it yn dizze kweapraat oer: no benammen oer de mof en oer de lêste partij fan it jier, de ferneamde Aldehoupartij. Dan ha wy it fansels ek noch efkes oer de muzyk op de Jan Timmerpartij yn Kimswert. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (147) |
 |
 |
Gepost op: Zaterdag 12 augustus @ 19:40:27 (3107 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

'Goeie mannen, der ek wer op út west?
Tuerlik Sake. Sa lang der keatsen is besykje wy der by te wêzen. Woansdei binne wy ôfset nei de Freule en sneon en snein wienen de Gouden Willem Partijen yn Menaam. Dan moatte wy it fansels ek noch efkes ha oer de partij foar de famkes yn Skettens, oer it ynnimmen fan de mof op de PC en oft Menaam no wol of net de datum krijt dy’t jierren yn it besit wie en noch altyd is fan keatsferiening Moed en Volharding út Doanjum. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (146) |
 |
 |
Gepost op: Zaterdag 05 augustus @ 16:47:48 (2533 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

'Goeie mannen, al wer wat bekommen fan al dy keatsdrokte fan de ôfrûne dagen?
Ja en nee Sake. De PC fan ôfrûne woansdei sit ús noch te folle yn ‘e holle. Mar der wie fansels mear as de 164ste PC. Sneon wienen wy te gast yn Hitsum by de Ald-Meiers Partij en snein binne wy op it berteplak fan de ferneamde Taede Zijlstra west. Fierders komme wy noch graach werom op it net opjaan fan twa haadklasse partoeren foar de wedstriid fan Wytmarsum en wolle wy ek noch wol efkes wat kwyt oer de partij yn Doanjum. Praat genôch om samar te sizzen. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (145) |
 |
 |
Gepost op: Zaterdag 22 juli @ 17:50:44 (2659 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

Goeie mannen, al wer in bytsje bekommen fan it ôfrûne wykein?
Bekommen seisto? De holle docht ús sear fan alle telefoantsjes dy’t wy de ôfrûne trije dagen hân ha. Wêr giet dat dan oer? No oer fan alles en noch wat. Serieuze saken en minder serieuze saken. Wy smite tsjintwurdich alles op in souwe en wat op de souwe lizzen bliuwt pakke wy noch efkes by de kop. Oars bliuwt it dweilen mei de kraan iepen. Wêr giet it yn dizze kweapraat dan oer: no foaral oer it keatsen yn Huzum wêr’t de manlju en froulju elkoar in lytse acht oeren foar de fuotten rinne mochten en dat hat neat mear te krijen mei it haadklasse keatsen sa’t wy dat yn de holle ha en wêr’t noch altyd neat mis mei is. Wy pakke it daliks mar by de kop. Saken dea swije sit net yn ús bloed. Der is oer de keatserij yn Huzum al in hiele boel sein. Sin en únsin. Hoe’t dat kin? (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (144) |
 |
 |
Gepost op: Zondag 16 juli @ 03:29:02 (2514 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

Goeie mannen, al wer in bytsje bekommen fan it ôfrûne wykein?
No Sake, wy ha sa as gebrûklik wer hiel wat by de ein hân. Sneon gong de reis nei Makkum en snein stie de ferneamde Rengerspartij op it programma. Mar der wie folle mear fansels. Yn Makkum en op Sonnenborgh gong it foaral oer it praat fan ferline wike yn kweapraat oer de sinteraasje en dat der dochs noch wol folop keatst wurdt. Yn Makkum wienen hja net bliid mei hoe’t de boksen fan de klaaikeamer efterlitten wie troch de jeugd fan de sneins partij en yn Ljouwert seagen wy al efkes foarút nei de ôfsluting fan it keatsseizoen. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (143). |
 |
 |
Gepost op: Zondag 09 juli @ 03:52:36 (3586 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

Goeie mannen, noflik wykein hân?
Kinst wol sizze Sake, Fokke en ik hawwe it wer tige drok hân. It is fansels net allinnich it besykjen fan de keatspartijen wat ús dwaande hâldt. De rânebetingsten nimme hjoeddedei hast noch mear romte yn beslach as it ‘gewoane’ keatsen. Alle dagen krije wy wol mailtsjes op ús buro en dat nimt earder ta as ôf. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (142) |
 |
 |
Gepost op: Zaterdag 01 juli @ 22:44:12 (4027 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

Goeie mannen, noflik wykein hân?
Sake jonge wy ha it sa drok hân as in lyts baaske. Der bart op dit stuit sa folle dat wy ek dizze wike wer in kar meitsje moatte fan wat wol en net yn dizze rubryk komt. Wat komt foarby? No, fansels it keatsen op it Fean en Harns. De earste klas partij yn Itens. It Hoarekakeatsen yn Ljouwert en it plan om de Keats, it bûnsblêd fan de KNKB, in kopke lytser te meitsje. Dan ferjitte wy fêst noch wol wat yn de heechsimmer fan it keatsen. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (141) |
 |
 |
Gepost op: Zondag 25 juni @ 00:25:56 (2351 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

Goeie mannen, ek noch wat by de ein hân?
Tuurlik Sake, yn keatslân is altyd wol wat oan de hân en hjoeddedei is dat faak mear as eartiids. It keatsen hat wol wat fan it waar. As it ien kear reint dan hâldt it faaks ek nea wer op. Ik moast dêr oan tinke doe’t ik juster út Berltsum werom ried nei Frjentsjer ta. Eltse wike neidat ik wer in stikje op de site setten ha dan bekrûpt my in gefoel fan soe ik de oare wike ris frij kinne fan wer in kweapraat. Soe der noch wol genôch ‘stof’ ta neitinken wêze. It moat dochs in kear ophâlde is it net. It sil dochs wol ris moai sinneskyn waar wurde…No, it bliuwt faaks by de gedachte. Dizze wike is it wer raak om samar te sizzen. Moai en minder moai nijs. Je kinne it wol dea swije mar dêr sjitte wy ek neat mei op. As it ien kear oan it papier tabetroud is, miskien kin dat de oanset wêze dat bepaalde saken no wol goed oppakt wurde. Fokke is net ien fan de kop yn it sân stekke. Dêr is it spultsje him te leaf foar. De wierheid hat no ien kear in skel lûd as wy it no wol of net leuk fine. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
 |
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (140) |
 |
 |
Gepost op: Zaterdag 17 juni @ 23:58:03 (2596 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

‘Goeie mannen, ek noch wat by de ein hân?
Tuurlik Sake, yn keatslân is altyd wol wat oan de hân. De iene slút de eagen derfoar en de oare jout der lûd oer. Wy hearre by de lêste groep fan leafhawwers. Leafhawwer wurdt der dan sein? Ja, wy binne leafhawwer en sille dat ek bliuwe. Mar wy bedekke net alles mei de ‘mantel der liefde’. Dat giet ús fierstente fier. Tongersdei binne wy op besite west by it Lanenkaatsen yn Harns. Sneon en snein koenen de leafhawwers te set yn Huzum foar de jubileumpartij fan de KNKB en snein gong de reis nei Sint Jabik. En der wie ek wer nijs oer it útienfallen fan partoeren en fansels komme wy noch efkes werom op de kar fan de keningskommisje fan keatsferiening Het Noorden. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (139) |
 |
 |
Gepost op: Zondag 11 juni @ 00:33:21 (2531 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

'Goeie mannen noch wat by de ein hân?
Sjoch as je yn keatslân omstappe dan giet der feitlik gjin dei foarby of der wurdt wol earne oer praat. Hâldt dat no noait op seit myn twadde helte wolris. Is der no neat oars as ‘dat keatsen’. Krijsto der no noait in kear genôch fan. Ik wie al lang gek wurden fan al dat gedôch. Do leaver as ik. Hoe faak ha ik dat al heard en hoe faak sil ik dat noch hearre moatte. Ik tink sa lang ik yn it wrâldsje dat keatsen hjit omstap. Mar dat is net nij. As je in bytsje each foar de skiednis ha is it noait oars west. Miskien heard dat ek wol by it keatsen. Ien ferkeard wurd en de ien gunt de oar nea wer in blik. Der binne sels ferhalen dat it nei 50 jier noch net goed komen is. No sa! (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (138) |
 |
 |
Gepost op: Maandag 05 juni @ 03:09:57 (2196 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

Goeie mannen, der ek wer efkes op út west?
Fansels Sake, sneon hienen wy ús efkes in frije dei jûn. Dat wol sizze: Ik haw mei myn oare helte in besite brocht oan de keunstmerke yn Balk. Snein gong de reis nei Jorwert en moandei ha wy in besite brocht oan de bûnspartij foar senioaren. Seis jier lang moasten wy ús fermeitsje op de fuotbalfjilden oan de Hertog van Saxenleane mar no wienen wy wer werom op it plak wêr’t soks heard. Der wie moai wat folk om ‘e touwen en dan is it in aardichheid om by it keatsen te wêzen. It wie moai sinneskyn waar en dat wie krapoan hûndert jier lyn wol oars. Doe stie it folk by de jierlikse heechtiidsdei fan it keatsen hast mei de ankels yn it wetter. Mar hawar dat heart der allegear by. Opkomst en delgong it rint as in reade tried troch de skiednis fan it keatsen hinne. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (137) |
 |
 |
Gepost op: Zondag 28 mei @ 07:25:08 (2882 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

De dei nei it wykein dan kloppet der noch wol ris ien op ‘e doar en oars krije wy wol de nedige tillefoantsjes fan leafhawwers dy’t noed ha oer it spultsje en o sa benaud binne dat dat moaie spultsje geandewei nei de barrebysjes holpen wurdt. It is faak net wat it liket mar wy begripe dy gedachte wol. Ek wy meitsje ús soargen en besykje dy del te lizzen wêr’t der noch wat mei dien wurdt. Dat hoopje wy alteast, mar neat is wis yn dizze wrâld en wis is ek neat yn de hjoeddeiske keatswrâld. Verbaast U niet verwondert U slechts: ik hear it mem noch faak sizzen. De holle docht my der bytiden sear fan, mar myn dei bestiet ek mar út 24 oeren. Ja wier. Net mear! (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (136) |
 |
 |
Gepost op: Zondag 21 mei @ 10:09:02 (2220 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

Goeie mannen, ek noch wat om hannen hân?
Tuerlik Sake, wêr’t keatsen is, giet praat en as der mar in bytsje keatsen is dan noch is der altyd praat foar twa. Keatsen is ommers ferhalen en lykas by it fuotbal witte wy allegearre wol hoe’t it moat. Mar al dy goeie wurden omsette yn dieden, dêr ûntbrekt it faaks oan. Mar sa is it altyd west en sa sil it ek wol bliuwe.
Wêr gong it praat dan dizze wike oer? No, bynammen oer it hiel bêst keatsen fan Gert-Anne-en–dy en it lotsjen kaam ek noch efkes foarby. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (135). |
 |
 |
Gepost op: Zondag 14 mei @ 05:42:32 (3103 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

Goeie mannen, bytsje bekommen fan alle reuring fan ôfrûne wike?
Och Sake, dat foel wol ta hear. As je de holle boppe it meanfjild útstekke witte je yn it foar dat der op je sketten wurde kin.Eltsenien hat in miening en dat moat ek moai sa bliuwe oars is der ek net folle mear oan. Der wurdt my wolris de fraach steld:Is it net hiel ferfelend, om altyd mar wer oer dat keatsen te praten en te skriuwen. Der binne dochs wol wichtiger saken yn ús bestean. Fansels binne dy der en se binne faak net te tellen. Mar skriuwe oer keatsen makket de gekste dingen yn in minske los. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (134) |
 |
 |
Gepost op: Zondag 07 mei @ 05:13:37 (3240 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

Goeie mannen, ek noch wat by de ein hân?
No, dat kinsto wol sizze Sake. Wy binne noch mar krekt útein set of der is al wer praat foar twa. It is mear as je in hânfol weet yn it hinnehok smite. De hinnen spatte dan efkes op mar nei in pear tellen is der dan ek wer de rêst. Dat lêste wurd is bepaald net fan tapassing op it keatsen. Sy rôlje noch krekt net oer elkoar hinne mar nei it earste folsleine keatswykein is der al wer genôch stof om efkes langer by stil te stean as sljochtwei in tel. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (133) |
 |
 |
Gepost op: Dinsdag 02 mei @ 10:45:06 (2296 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

'Goeie mannen, bliid dat de lytse bal wer oan it rôljen is?
Fansels Sake lit der gjin misbegryp oer wêze. Krapoan sân moanne ha wy it der sûnder dwaan moatten mar foar it gefoel wie dy tiid gâns koarter. Ik tink datsto dy miening ek wol hast Sake of net soms? Kin ik wol yn mei gean mannen. Wy binne al in moai ein de eker op mar soenen dochs noch wol in pear moaie slaggen meitsjen wolle. Neat is ommers wis yn it libben. Wy ha it sels yn de neiste omjouwing meimakke dit jier. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (132) |
 |
 |
Gepost op: Zondag 16 april @ 03:31:46 (3586 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

Noch goed twa wike te gean en dan stiet it keatsseizoen 2017 al wer foar de doar. It is dit jier foar myn gefoel wer hurder gongen as oare jierren. Dat is net wier fansels mar by it âlder wurden ha je bytiden fan die mominten dat it iene jier noch hurder oan je foarby giet as yn it foarline it gefal wie. Hawar dit jier bestiet de bond 120 jier en as je de skiednis fan de bond der in bytsje op neislaan dan is der net sa folle feroare. De nammen binne oars ynkleure mar it geeamel en it geseur slaat noch altyd foar master op.
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (131) |
 |
 |
Gepost op: Maandag 19 september @ 02:38:52 (4881 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

'Goeie mannen, No, bliid dat it keatsseizoen der wer op sit?’
No nee Sake, Fokke en ik meie ferrekte graach nei it keatsen ta en it is foar ús mear as in spultsje. Sjoch it keatsen en it praat der oer hâldt net op as de lêste bal op de Aldehoupartij slein is. Dat giet troch oant it begjin fan it nije keatsseizoen. Dat is altyd sa west en dat sil ek wol sa lang trochgean sa lang wy der noch aardichheid oan hâlde. De passy foar it spultsje is noch altyd sa grut dat der moat hiel wat barre ea wy it ôfwitte litte sille. Der is noch safolle dat wol de nedige kontsjes brûke kin. Wy tinke dat wy de bond dêr noch wol ta stipe wêze kinne. Mei gewoan boereferstân moatte bepaalde saken dochs oplost wurde kinne. Dat is eins foar de wintertiid, no sjogge wy noch efkes werom op it lêste keatswykein fan it ôfrûne keatsseizoen. (Cartoon; Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (130) |
 |
 |
Gepost op: Maandag 12 september @ 08:48:19 (4425 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |
 ‘Goeie mannen, der ek noch efkes op út west?’ Fansels Sake, Fokke en ik ha, hoewol der noch mar in bytsje keatst wurdt, noch genôch by de ein hân. Yn Mantgum waard foar de 66ste kear en miskien wol foar de lêste kear de Lytse PC ferkeatst. Komme wy letter op werom. Yn Marsum keatsten de froulju harren ien nei lêste wedstriid fan it seizoen en snein mochten de manlju opdrave foar in wedstriid trochinoarlotsjen. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (129) |
 |
 |
Gepost op: Maandag 29 augustus @ 04:56:48 (4556 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |
 Goeie mannen, bytsje bekommen fan alle drokte fan ôfrûne wike?
Och Sake, dat foel wol ta hear. Hoewol de eagen stean jo dan nei safolle partijen keatsen wolris rjocht yn ‘e nekke. Wat wolle je ek: woansdei wie de 40ste Frouljus-PC, freed stienen de froulju al wer klear yn Bitgum en sneon en snein woenen de haadklassers graach foarbêst opslaan mar dat hie der wol oan. It wie bytiden mear in kwestje fan hoe komme wy by de ein. Dat jildt ek foar in stikjeskriuwer dy’t de saken graach beneamt. Dat falt net altyd by eltsenien yn de goeie pûle. Mar dat heart der ek in bytsje by. Boppedat witte wy as gjin ien as je de holle boppe it maaifjild útstekke dat der op je sketten wurde kin. Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (128) |
 |
 |
Gepost op: Maandag 22 augustus @ 09:32:01 (3885 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |
 Goeie mannen, der ek wer op út west?
Fansels Sake dat is in iepen doar yntraapje. Salang der keatst wurdt binne wy as it heal kin der by. Wy hoegden dizze wike net oan de achterste poat te lûken want it wie foar ús dwaan in rêstige wike. De keats-off foar froulju yn Akkrum ha wy oan ús foarby gean litten omdat wy dêr neat mei ha. Sneon ha wy in besite brocht oan keatsferiening Lytse Stuit yn Skearnegoutum wêr't de manlju en froulju foarbêst opsloegen en mear as dat. Snein binne wy ôfset nei Kimswert en bûten de winst fan partoer Gert-Anne van der Bos wie der der dizze wike mar in ferrekt lyts bytsje wêr’t wy echt bliid fan wurden binne. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (127) |
 |
 |
Gepost op: Maandag 15 augustus @ 02:59:49 (3720 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |
'Goeie mannen, der ek wer op út west?

Tuurlik Sake. Sa lang der keatsen is besykje wy der by te wêzen. Woansdei binne wy ôfset nei de Freule en snein wie de Gouden Willem partij yn Menaam. Dan waard dizze wike bekend dat njonken it ophâlden fan Jan-Dirk de Groot, Cornelis Terpstra en Daniël Iseger no ek Johan van der Meulen der nei dit seizoen in streek ûnder set. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (126) |
 |
 |
Gepost op: Maandag 08 augustus @ 09:07:19 (3282 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |
 Goeie mannen, al wer wat bekommen fan al dy keatsdrokte fan de ôfrûne dagen?
Ja en nee Sake. De PC fan ôfrûne woansdei sit ús noch te folle yn ‘e holle. Mar der wie fansels mear as de 163ste PC. Sneon wienen wy te gast yn Hitsum by de Ald-Meiers Partij en snein binne wy op it berteplak fan de ferneamde Taede Zijlstra west. Fierders komme wy noch graach werom op it net troch gean fan de wedstriid yn Kimswert. Sjogge wy noch efkes foarút op de nije partoeren dy’t yn 2017 foarbêst opslaan sille. Praat genôch om samar te sizzen. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (125) |
 |
 |
Gepost op: Maandag 25 juli @ 15:46:13 (4030 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

Goeie mannen, al wer in bytsje bekommen fan it ôfrûne wykein?
Bekommen seisto? De holle docht ús sear fan alle telefoantsjes dy’t wy de ôfrûne trije dagen hân ha. Wêr giet dat dan oer? No oer fan alles en noch wat. Serieuze saken en minder serieuze saken. Wy smite tsjintwurdich alles op in souwe en wat op de souwe lizzen bliuwt pakke wy noch efkes by de kop. Oars bliuwt it dweilen mei de kraan iepen. Wêr giet it yn dizze kweapraat dan oer: no foaral oer it keatsen yn Huzum wêr’t de manlju en froulju elkoar in lytse acht oeren foar de fuotten rinne mochten en dat hat neat mear te krijen mei it haadklasse keatsen sa’t wy dat yn de holle ha en wêr’t noch altyd neat mis mei is. Wy pakke it daliks mar by de kop. Saken dea swije sit net yn ús bloed. Der is oer de keatserij yn Huzum al in hiele boel sein. Sin en únsin. Hoe’t dat kin? (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (124) |
 |
 |
Gepost op: Maandag 18 juli @ 07:32:25 (3320 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

‘Goeie mannen, al wer in bytsje bekommen fan it ôfrûne wykein?
No Sake, wy ha sa as gebrûklik wer hiel wat by de ein hân. Sneon gong de reis nei Makkum en snein stie de ferneamde Rengerspartij op it programma. Mar der wie folle mear fansels. Yn Makkum en op Sonnenborgh gong it foaral oer de wedstriid fan kommende snein yn Huzum en oer de wedstriid yn Seisbierrum dy’t fjouwer dagen foar de PC ferkeatst wurdt. Ek de kommende keats-off sille wy efkes op it skild tille. Wy prate dan oer de sin en ûnsin fan dizze oer it hynder tilde wedstriid dy’t heaks stiet op wêr’t de ranking no ien kear foar yn it libben roppen is. Dúdlikheid jaan oan sporter en leafhawwer. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (123) |
 |
 |
Gepost op: Maandag 11 juli @ 14:19:39 (4450 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

"Goeie mannen, noflik wykein hân?
Kinst wol sizze Sake, Fokke en ik ha it wer tige drok hân. Tongersdeitejûn kaam Fokke al efkes del om te hearren wêr’t de reis sneon en snein hinne soe. No, dêr wienen wy gau út. Sneon stie de Jong Nederlân yn Berltsum op it programma en snein gong de reis nei Boalsert. Fierder is dúdlik dat it haadklasse keatsen sawol by de manlju as de froulju ûnder druk stiet en wy komme noch efkes werom op it lotsjen fan ôfrûne tiisdei wêr’t ien en oar net sa gong sa’t hearde te gean. Der is wer in lytse stoarm oer Tetman-en-dy hinne gong mar it moaie fan sa’n stoarm (wol yn in glês wetter) is dat it ek samar wer oerwaait. Mar wy lizze it graach út oan harren dy’t der foar iepen stean… (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (122) |
 |
 |
Gepost op: Maandag 04 juli @ 13:37:14 (3497 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

Goeie mannen, ek noch wat by de ein hân?
Tuurlik Sake, yn keatslân is altyd wol wat oan de hân en hjoeddedei is dat noch folle mear as eartiids. It keatsen hat wol wat fan it waar. As it ien kear reint dan hâldt it faaks ek nea wer op. Ik moast dêr oan tinke doe’t ik juster út Harns werom ried nei Frjentsjer ta. Eltse wike neidat ik wer in stikje op de site setten ha dan bekrûpt my in gefoel fan soe ik de oare wike ris frij kinne fan wer in kweapraat. Soe der noch wol genôch ‘stof’ ta neitinken wêze. It moat dochs in kear ophâlde is it net. It sil dochs wol ris moai sinneskyn waar wurde…No, it bliuwt faaks by de gedachte. Dizze wike is it wer raak om samar te sizzen. Moai en minder moai nijs. Je kinne it wol dea swije mar dêr sjitte wy ek neat mei op. As it ien kear oan it papier tabetroud is, miskien kin dat de oanset wêze dat bepaalde saken no wol goed oppakt wurde. Fokke is net ien fan de kop yn it sân stekke. Dêr is it spultsje him te leaf foar. De wierheid hat no ien kear in skel lûd as wy it no wol of net leuk fine. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
 |
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (121) |
 |
 |
Gepost op: Maandag 27 juni @ 13:22:02 (3379 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

Goeie mannen, ek wer wat by de ein hân?
Fansels Sake. Sa lang der keatst wurdt is der praat en as der net mear praat wurdt is it nei alle gedachten dien mei dat moaie spultsje dat keatsen hjit. Wy wienen dit wykein yn Holwert en Berltsum en der falt noch wol ien en oar oer te sizzen. Boppedat binne der fansels ek noch wol saken dy’t wy net oan ús foarby gean kinne. Dan moatte wy it dochs wer ha oer de line by de opslach want noch altyd binne der keatsers en keatssters dy’t bûten de pot pisje. Dat duorret no al fierstente lang en hoe langer as dat duorret hoe mear it begjint te stjonken. Dan ha wy fansels ek grutte soargen oer it koartpleit dat yn de loft hinget oer it ienlingenbelied en as der net gau praat wurdt soe dat samar in feit wêze kinne. Dat kin it keatsen net ha, mar om no de eagen der foar te sluten soe wol it domste wêze. Nee, je moatte as bond noait it petear, hoe ferfelend dat ek wêze kin, út de wei gean. Je moatte der foar stean. No, sa! (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (120) |
 |
 |
Gepost op: Maandag 20 juni @ 14:58:16 (3477 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

Goeie mannen, de kop al wer in bytsje skjin nei alwer in drok keatswykein?
No Sake, wy ha sa as gebrûklik wer it nedige by de ein hân. Blykber kin dat net oars yn de wrâld dy’t keatsen hjit. ‘Verbaas u niet verwonder u slechts’ hoe faak hat mem dat net sein en it is noch altyd fan tapassing. Eltse wike binne wy fan doel om net mear oer de râneferskynselen te skriuwen, mar it echte keatsen op it earste plak te setten mar it bliuwt oant no ta by de gedachte want ek dizze wike hat it keatsen dochs wer de nedige klapkes oprûn. Ik hear it guon al sizzen: net oandacht oan skinke. Dat giet wol wer oer. No, wy stean der wat oars yn. As der earne reuring is dan moatte jo dat net dea swije mar der op ôf gean en sjen as je der wat oan dwaan kinne. Net de kop yn it sân stekke want dêr is noch noait ien better fan wurden. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (119). |
 |
 |
Gepost op: Maandag 13 juni @ 10:44:30 (3942 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |
Goeie mannen, al wer in bytsje bekommen fan it ôfrûne wykein?

Bekommen seisto? De holle docht ús noch sear fan dat freeslike lawaai dat foaral freed ús om ‘e earen fleach. Hearren en sjen fergiet je op sa’n momint. We ha it dan oer de show fan fleantugen dy’t by it frouljuskeatsen fan Stiens te pas en te ûnpas in stoarende faktor wie. In oar mei der grif oars oer tinke mar Fokke en ik moatte der neat fan ha. Jild fergrieme dat yn de soarch better fan pas komme soe. Hat wol neat mei keatsen te krijen mar dit moasten wy al efkes kwyt. Dy show yn Ljouwert wie ek de reden dat wy yn Damwâld dik fiif kertier te let oankamen. Dat binne se fan ús net wend mar ek wy koenen net oer dy Tourmalet oan blik hinne springe. Dat hiene wy graach dien mar ien kear yn ‘e fûke en dan is it dien. Omdat de ‘motormuizen’ oeral opdûkten doarden wy it ek net oan om bûten de banen te gean. No sa! (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (118) |
 |
 |
Gepost op: Maandag 06 juni @ 11:55:28 (3520 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

‘Goeie mannen, noflik wykein hân?
Sake jonge wy ha it sa drok hân as in lyts baaske. Der bart op dit stuit sa folle dat wy ek dizze wike wer in kar meitsje moatte fan wat wol en net yn dizze rubryk komt. Wat komt foarby? Fansels it wol of net pleatsen fan in lyntsje by de opslach, it ferrekte lytse bytsje keatssters dy’t harren foar Ie opjûn hienen, de keatserij yn Niawier en fansels komme wy noch efkes werom op de partij yn De Ryp wêr’t de grutte tenoaren it foar in grut part ôfwitte lieten en wêr’t de hoanne fan Jouke Bosje kening kraaide. Mar ek Enno fan de Westhoek, Pieter-Jan fan eartiids Sint Anne, Marten fan Minnertsgea en Erwin fan Haije en Houkje sloegen dit wykein mear as foarbêst op.(Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (117) |
 |
 |
Gepost op: Maandag 30 mei @ 13:03:54 (3103 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |
'Goeie mannen, der ek wer op út west?

No, dat kinst wol sizze Sake. Fokke en ik komme hannen en fuotten tekoart om alles in bytsje by te hâlden. Gean mar nei, tiisdei binne wy yn ’t spier by it lotsjen, sneon binne wy ôfset nei Dokkum en snein ha wy wer in besite brocht oan ien fan de âldste keatsferienings fan Fryslân Moed en Volharding yn Doanjum. Op dy wedstriden barde genôch en der kaam ek noch genôch foarby wêr’t wy dizze wike wol efkes oer te set kinne. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (116) |
 |
 |
Gepost op: Maandag 23 mei @ 12:45:48 (3016 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

Goeie mannen, ek noch wat om hannen hân? Tuurlik Sake, wêr’t keatsen is, giet praat en as der mar in bytsje keatsen is dan noch is der altyd praat foar twa. Keatsen is ommers ferhalen en lykas by it fuotbal witte wy allegearre wol hoe’t it moat. Mar al dy goeie wurden omsette yn dieden, dêr ûntbrêkt it faaks oan. Mar sa is it altyd west en sa sil it ek wol bliuwe.
Wêr gong it praat dan dizze wike oer? No, foaral oer it hiel bêst keatsen fan Gert-Anne-en–dy en it lotsjen kaam ek noch efkes foarby. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (115) |
 |
 |
Gepost op: Dinsdag 17 mei @ 18:36:58 (2854 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

Goeie mannen, der ek wer efkes op út west?
Fansels Sake, wy ha sneon efkes om ’e hoeke sjoen yn Peins, snein gong de reis nei Jorwert en moandei ha wy in besite brocht oan de bûnspartij foar senioaren. Spitich wie it fansels dat it waar it hiele wykein net meiwurkje woe. Dat is net nij want krapoan hûndert jier lyn stie it folk by de jierlikse heechtijdei fan it keatsen ek hast mei de ankels yn it wetter. Mar hawar dat heart der allegearre by. Keatsen hat ferlet fan moai simmerskynwaar mar dat is spitich genôch net altyd it gefal. Jo moatte it der mei dwaan en dat is dan sneu foar hja dy’t oan it trochgean fan wedstriden faak in hûdfol wurk ha. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (114). |
 |
 |
Gepost op: Maandag 09 mei @ 07:49:56 (3479 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |
Goeie mannen, ek noch wat by de ein hân?

No, dat kinsto wol sizze Sake. Wy binne noch mar krekt útein set of der is al wer praat foar twa. Wy rôlje noch krekt net oer elkoar hinne mar nei it earste folsleine keatswykein is der al wer genôch stof om efkes langer by stil te stean as sljochtwei in tel. Wy hienen sneon noch mar ien foet op it Sjûkelân set doe’t de earste freon ús al wer by de jas pakte. Ha jo it al heard fan dit en fan dat. Soenen jo it der efkes yn jo stikje oer ha kinne. Der wurdt nei jo mear lústere as nei ús. Jo witte ommers de paden wol te finen wêr’t it lûd jaan grif mear opsmyt as wy it dwaan soenen. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (113) |
 |
 |
Gepost op: Maandag 02 mei @ 11:23:51 (4356 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |
'Goeie mannen, bliid dat de lytse bal wer oan it rôljen is?

Fansels Sake lit der gjin misbegryp oer wêze. 32 wike ha wy it der sûnder dwaan moatten mar foar it gefoel wie dy tiid gâns koarter. Ik tink datsto dy miening ek wol hast Sake of net soms? Kin ik wol yn meigean mannen. Nei de lêste slach op de Aldehoupartij is der sawol by my as by de bond in soad feroare en dan wol yn de goeie sin fan it wurd. Dat is moai en dat moatte wy eins sa mar hâlde mannen. Mar dat wol net sizze dat wy no efteroer leune. Nee, wy bliuwe kritysk. As wy miene of tinke dat wy lûd jaan moatte oer bepaalde saken sille wy dat seker wer dwaan. Efkes ien by it ear pakke heart der ek by. Boppedat moat der praat bliuwe want sa lang der keatsen is, is der praat en dat moat ek net ophâlde want dan leit it keatsen wier op ‘e kont. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (112) |
 |
 |
Gepost op: Woensdag 13 april @ 07:30:48 (3811 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

Ik hie de mannen al efkes earder ferwachte mar ôfrûne wike stienen hja dan dochs foar de doar. Geale fan Skuzum wie op ‘e fyts en Fokke en Sytse, al jierren mannen te paard, wienen rinnendewei kommen. By Geale en Sytse koe der noch wol in glimke ôf mar it gesicht fan Fokke stie op ûnwaar. Fan de lêste hie ik ek net oars ferwachte. By Fokke is it al jierren sa: sa en net oars! Dêr siet noait net folle romte tusken. It bleau wat langer stil as gewoanlik…te lang foar ús dwaan. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (111) |
 |
 |
Gepost op: Dinsdag 22 september @ 19:52:34 (5462 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

Goeie mannen,
No, dat wie it dan. Bliid dat it keatsseizoen der wer op sit? No nee Sake, Fokke en ik meie ferrekte graach nei it keatsen ta en it is foar ús folle mear as in spultsje. Sjoch, it keatsen en it praat der oer hâldt net op as de lêste bal op de Aldehoupartij slein is. Dat hâldt noait op en giet troch oant it begjin fan it nije keatsseizoen. Wy, de mannen fan it frije wurd, krije nochal wat besite oan de doar en dan giet it trije fan de fjouwer kear oer it keatsen. Dat binne freonen dy’t it goed mei it keatsen foar ha en gjin ‘eigen’ belang ha en net beheind wurde troch eachkleppen dy’t in grut part fan de freonen dy’t it foar it sizzen ha noch altyd op ha. Sa as sa faak ha hja dit jier ek wer oare wedstriden sjoen dan wy. Je soenen sizze dat kin net mar it is wol sa hear. It oantal bûtenslaggen foel best wol mei en it reinde wer boppeslaggen. Kaam allegearre troch dy duvelske nap fansels. De kontrole op de mof hat noch noait sa goed west. De mannen fan de wantenkontrole ha wer om raak kontrolearre en de wrâld oan moffen ynnommen. Dêrby waarden ek noch wat blauwe kaarten útdield… Gjin ‘wanklank’ oer de skiedsrjochters. Wy sitte wer rom yn it fel… Nee oan skiedsrjochters gjin brek. Dat wie wol ris oars…! Boppedat ropt de ranking gjin fragen mear op en de keatsers en de TC binne der wiis mei... (Cartoon Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
 |
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (110) |
 |
 |
Gepost op: Maandag 14 september @ 17:26:01 (5094 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

‘Goeie mannen, der ek noch efkes op út west? Fansels Sake, Fokke en ik ha, hoewol der noch mar in bytsje keatst wurdt, noch genôch by de ein hân. Yn Mantgum waard foar de 65ste kear de Lytse PC ferkeatst. Keatsferiening Jacob Klaver nimt dêr sa as gebrûklik ôfskie fan in oantal keatsfreonen dy’t it útkommen op wedstriden op in sacht pitsje sette. Miskien sjogge wy harren sa no en dan noch wol ris opdraven, mar yn prinsipe is it nei dit seizoen ‘einde oefening’. Yn Marsum keatsten de froulju harren ien nei lêste wedstriid fan it seizoen en snein mochten de manlju opdrave foar in wedstriid trochinoarlotsjen. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (109) |
 |
 |
Gepost op: Maandag 07 september @ 12:28:53 (4169 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

'Goeie mannen, der ek wer op út west?
Tuurlik Sake, hiest net oars ferwachte dochs? We ha ús dizze kear beheine moatten ta ien wedstriid mar dizze wike foel ek de nije wedstriidkalinder 2016 troch de mailbox. Gelokkich binne der altyd freonen dy’t om ús tinke en ús graach op ’e hichte hâlde fan it dwaan en litten fan de bond. Wy komme der graach efkes op werom. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (108) |
 |
 |
Gepost op: Maandag 31 augustus @ 16:23:12 (4350 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

Goeie mannen, bytsje bekomen fan alle reuring fan ôfrûne wike?
Och Sake, dat foel wol ta hear. As je de holle boppe it maaifjild útstekke witte je yn it foar dat der op sketten wurde kin. De keatswrâld is in aparte wrâld wêr’t eltsenien oer alles en noch wat in miening hat, mar dêr yn it iepenbier net graach foar útkomt. Dan komt it te tichteby. Wy komme elkoar moarn ek wer tsjin wurdt der dan faak sein. No, dat soe wat. Wy libje wol yn 2015 hear. Fan dat achterbakse gedrach moatte Fokke en ik neat ha. Wy sizze wat wy tinke en wy ûnderbouwe dat mei arguminten. Dat in oantal ‘leafhawwers’ dêr muoite mei hat is spitich mar dat wol net sizze dat wy ús no ynhâlde moatte om it eltsenien nei ‘t sin te meitsjen. Dat leit net yn ús aard en sille wy ek noait dwaan. Saken beneame sa’t se binne en net om de hite brij hinne draaie. Gewoan, as it moat, de finger op it seare plak lizze. Wy hâlde bepaalde minsken in spegel foar en dat kin konfrontearend wêze. No, sa! (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (107) |
 |
 |
Gepost op: Maandag 24 augustus @ 10:58:09 (4218 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

‘Goeie mannen, der ek wer op út west?
Fansels Sake dat is in iepen doar yntraapje. Salang der keatst wurdt binne wy as it heal kin der by. Boppedat barde der dizze wike noch genôch op en rûnom de fjilden wêr’t wy it noch wol efkes oer ha kinne. It bytsje hier dat wy noch op ‘e holle ha stie bytiden rjocht oerein. Ja, rjocht oerein want de sin en ûnsin dy’t wy dizze wike bytiden wer hearden, dêr wurdt in minske en foaral as je it goed mei it keatsen foar ha bepaald net bliid fan. Mar sa as freon Gerrit Lettinga yn ús sa ferneamde gastenboek optekenje liet: 36 ballen buiten het perk in de partij Witmarsum-Beetgum. Maar de twee parturen verlieten het veld onder applaus van het publiek. Toch mooi dat onkunde en ondeskundigheid elkaar op deze wijze omarmen. De toekomst van het kaatsen is hiermee verzekerd. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (106) |
 |
 |
Gepost op: Maandag 17 augustus @ 16:34:48 (3446 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

Goeie mannen, der ek wer op út west?
Fansels Sake dat is in iepen doar yntraapje. Salang der keatst wurdt binne wy as it heal kin der by. Wy hoegden dizze wike net oan de achterste poat te lûken want it wie foar ús dwaan in tige rêstige wike. De keats-off foar froulju yn Akkrum ha wy oan ús foarby gean litten omdat wy der neat mei ha. En sneon ha wy in frije dei nommen omdat wy der oan ta wienen. Snein binne wy ôfset nei Kimswert en bûten de winst fan partoer Jan Dirk de Groot wie der der mar in ferrekt lyts bytsje wêr’t wy bliid fan wurden binne. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (105) |
 |
 |
Gepost op: Maandag 10 augustus @ 18:43:35 (4510 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

'Goeie mannen, der ek wer op út west?
Tuurlik Sake. Sa lang der keatsen is besykje wy der by te wêzen. Woansdei binne wy ôfset nei de Freule en snein wie de Gouden Willem partij yn Menaam. Dan waard dizze wike bekend dat de susters Leonie en Fenna Zeinstra der nei dit seizoen in streep ûnder sette. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (104) |
 |
 |
Gepost op: Maandag 03 augustus @ 18:09:54 (3739 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

Goeie mannen, al wer wat bekommen fan al dy keatsdrokte fan de ôfrûne dagen?
Ja en nee Sake. De PC fan ôfrûne woansdei sit ús noch te folle yn ‘e holle. Mar der wie fansels mear as de 162ste PC. Sneon wienen wy te gast yn Hitsum by de Ald-Meiers Partij en snein binne wy op it berteplak fan de ferneamde Taede Zijlstra west. Fierders krigen wy nochal wat mailtsjes oer de keatserij yn Wergea. Praat genôch om samar te sizzen. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (103) |
 |
 |
Gepost op: Maandag 27 juli @ 10:47:53 (4241 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

Goeie mannen, binne jimme der klear foar? Do bedoelst de PC? Tuurlik Sake, binne wy der klear foar mar it is fansels net allinne de PC wêr’t wy de nedige drokte mei ha. Der is fansels folle mear. Sa komme wy noch efkes werom op de keats-off fan ôfrûne tongersdei, seagen wy tusken de buien troch noch hiel knap keatsen yn Seisbierrum en fierder wienen wy yn Arum by de generale foar de kommende PC. Earder seagen wy yn it sa ferneamde PC-kafee wer in rige âlde krigers foarby kommen dy’t altyd goed binne foar prachtige ferhalen. Wêr fine jo soks noch? Mar it meast wichtich nijs kaam snein dochs wer út de hoeke wêr’t de lêste tiid de hurde klappen falle. Wy ha it dan oer it keatsen yn Ingelum by keatsferiening Sla Raak. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (102). |
 |
 |
Gepost op: Maandag 20 juli @ 14:10:40 (3836 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

‘Goeie mannen, al wer in bytsje bekommen fan it ôfrûne wykein?
No Sake, wy ha sa as gebrûklik wer hiel wat by de ein hân. Woansdei gong de reis nei Minnertsgea, sneon nei Makkum en snein stie de ferneamde Rengerspartij op it programma. Mar der wie folle mear fansels. Wêr’t wy ek kamen, it wurd ranking wie net fan de loft. Kompetysje ferfalsing waard der sein. It fallyt fan it keatsen. It koart pleit dat foar moandeis op ‘e rol stiet mar dat troch it goeie keatsen fan de haadrolspilers no fan de baan is mar dat wol net sizze dat de KNKB no mei in glimke om ‘e mûle rinne kin. Der sil noch in soad wetter troch de see moatte foardat it skeel oplost is. Dêr straks mear oer. Ek de kommende keats-off sille wy efkes op it skild tille. Wy prate dan oer de sin en ûnsin fan dizze oer it hynder tilde wedstriid dy’t heaks stiet op wêr’t de ranking no ien kear foar yn it libben roppen is. Dúdlikheid jaan oan sporter en leafhawwer. Fierder meitsje wy in djippe boeging foar skiedsrjochter Murk de Jong fan Sint Anne dy’t ús efkes yn it sân bite liet. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
 |
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (101) |
 |
 |
Gepost op: Maandag 13 juli @ 11:08:47 (4419 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

Goeie mannen, ek noch wat by de ein hân? No, dat kinsto wol sizze Sake. It is hjoeddedei dweile mei de kraan iepen. Ha je krekt in ferhaal hâlden oer de skiedsrjochters dat by in ferkearde mof dadliks in blauwe kaart lutsen wurdt en de keatser op rapport giet en dus in skorsing oan de kont krijt wurdt der yn Rie op de ôfdielingspartij fan Klaas Mug wer net nei hannele. Straks mear der oer. Yn Ie op it feestje fan De Trochsetters waard ús ferteld dat de ûnrêst ûnder it nusje skiedsrjochters dy’t der noch binne hieltyd grutter wurdt. Hja witte feitlik net hokker kant se útsjen moatte. Wy prate dit ôf en je draaie je om en der wurdt wer net nei hannele. In oantal betûfte skiedsrjochters kin hjir net mear tsjin. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (100). |
 |
 |
Gepost op: Maandag 06 juli @ 10:49:04 (4426 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

‘Goeie mannen, ek noch wat by de ein hân?
Tuurlik Sake, yn keatslân is altyd wol wat oan de hân en hjoeddedei is dat noch folle mear as eartiids. It keatsen hat wol wat fan it waar. As it ien kear reint dan hâldt it faaks ek nea wer op. Ik moast dêr oan tinke doe’t ik juster oant de sek ta wiet wie neidat yn Harns de sluzen iepengongen wienen. Net ien droege tried mear oan de hûd, mar it slimste wie dat Taeke Triemstra wer fan it fjild moast. Dat die noch folle mear sear. Yn in tiid dat it keatsen wol fiif, miskien wol tsien kontsjes brûke kin falt de grutte roerganger ek noch út. Hooplik komt hy en wy mei de skrik frij. Wylst it wetter mei bakken nei ûnderen foel, kaam in leafhawwer ús efkes op ‘e lije side. Hy woe wat fertelle en hy hie belang by in droech plakje. Sa snijt it mes dan fan twa kanten. Ik tink dat net eltsenien bliid is mei jo stikjes. It wie der út foardat de man it einliks woe. Wurde jo der bytiden net wurdich fan om altyd mar wer mei it hakmes út te heljen? (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
 |
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (99). |
 |
 |
Gepost op: Maandag 29 juni @ 18:31:34 (4394 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

Goeie mannen, wurde jimme sa njonkenlytsen net raar fan wat der hjoeddedei allegearre op de keatsfjilden bart?
Praat my der net fan Sake, mar blykber kin it net oars. Wy soenen it hiel graach oars sjen mar it iene brandsje is noch net út of earne oars stiet de boel wer yn ‘e hens. Wy ha it al earder sein, it wetter is hast net mear oan te slepen. Is dit no mear as eartiids of is dit altyd sa west. Nee, eartiids barde der ek wol ris wat mar dat stiet yn gjin ferhâlding fan wat wy hjoeddedei allegearre meimeitsje en op ús ôfkomt. Ek dizze wike slaan de râneferskynselen wer foar master op. It oantal kommissjes falt hast oer elkoar hinne mar it helpt it keatsen gjin meter foarút. Ek dizze wike kinne wy net om in oantal saken hinne. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (98) |
 |
 |
Gepost op: Donderdag 25 juni @ 18:01:39 (4277 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

Goeie mannen, al wer in bytsje bekommen fan it ôfrûne wykein?
No Sake, wy ha wer hiel wat by de ein hân. Blykber kin dat net oars yn de wrâld dy’t keatsen hjit. ‘Verbaas u niet verwonder u slechts’ hoe faak hat mem dat net sein en it is noch altyd fan tapassing. Eltse wike binne wy fan doel om net mear oer de râneferskynselen te skriuwen, mar it echte keatsen op it earste plak te setten mar it bliuwt oant no ta by de gedachte want ek dizze wike krijt it keatsen wer de nedige klappen. Hjir sil de haadsponsor net bliid fan wurde. Wy hearre it de freonen en dejingen dy’t it goed mei it keatsen foar ha wer sizzen. Kin it ek wat minder mannen. Dit kin it keatsen net mear ha. Dat soe bêst kinne mar dêr sitte wy der net foar. (Cartoon: Peter Vassilev)
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (97) |
 |
 |
Gepost op: Dinsdag 16 juni @ 11:58:44 (4156 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

Goeie mannen, al wer in bytsje bekommen fan it ôfrûne wykein?
Bekommen seisto? De holle docht ús sear fan alle telefoantsjes dy’t wy de ôfrûne trije dagen hân ha. Dat binne gesprekken mei keatsers, bestjoerders en leafhawwers dy’t noed ha foar it spultsje en o sa bang binne dat moaie spultsje nei de barrebysjes holpen wurdt. Wy ha it dan oer it gesoademiter by de wedstriid yn Minnertsgea. Keatsers dy’t net mear prate wolle mei de parse, de PC wêr’t it noch optilt fan de sitplakken en wy pakke Jan Willem van Beem noch efkes by it ear nei oanlieding fan de wedstriid yn De Ryp. Fansels sjogge wy noch werom op de wedstriden yn Moarre en Stiens. Mar de start leit dit kear yn Minnertsgea wêr’t snein efkes foarbêst opslein waard mar wêr’t net eltsenien bliid fan wurden is en wêr’t noch altyd de weagen fan de see heech gean. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (96). |
 |
 |
Gepost op: Dinsdag 09 juni @ 16:53:13 (4408 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

‘Goeie mannen, noflik wykein hân? Sake jonge wy ha it sa drok hân as in lyts baaske. Der bart op dit stuit sa folle dat wy ek dizze wike wer in kar meitsje moatte fan wat wol en net yn dizze rubryk komt. Wat komt foarby? Fansels ‘de mof fan Knilles’ en wat is en wie de ‘echte’ rol fan Sipke S. en Tseard D. Wat ha dizze bobo’s dien en neilitten yn de saak Terpstra. ‘Foaral omdat nei alle gedachten jûn it beslút falt hoe no fierder mei de keatser Cornelis Terpstra. Kinne dizze mannen noch wol noflik op ien ear lizze? Sipke S. is al fuort mar hoe sit dat mei Tseard D. fan Easterein? It werom gean fan tsien nei tolve partoeren en de hakkeljende kommunikaasje mei de TC ropt hieltyd mear fragen op en soarget foar de nedige argewaasje op de keatsfjilden. It ynstellen fan in twadde klasse by de froulju en it feroarjen fan de oanfangstiden wêr’t net ien yn fan de ferienings by belutsen is. Fansels komme wy ek noch werom op de aksje fan Grutte Teun fan Sint Anne, de Grand Slam fan de Ryp en de keatserij yn Nijlân. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
 |
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (95). |
 |
 |
Gepost op: Dinsdag 02 juni @ 11:35:55 (4100 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

Goeie mannen, ha jimme it libben noch? Ha jimme it libben noch?
Hoe bedoelst Sake? No nei de kjeld fan ôfrûne snein moatte je as sporter mar seker ek as taskôger wol in bealch fan stiel ha. Dat jimme noch net siik wurden binne falt my ta. Ik sels hie der wol oan. Hast gelyk sei Fokke. It wol noch mar net maitiid wurde, lit stean simmer. Ferline jier ha wy in soad wetter op ‘e hûd hân en no ha je dit wer. It sit de keatserij ek net mei. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (94) |
 |
 |
Gepost op: Dinsdag 26 mei @ 11:07:21 (3985 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

‘Goeie mannen, der ek wer efkes op út west? No Sake, wy ha ús dit wykein beheind ta in besite oan de bûnspartij foar senioaren. Je soenen dan sizze de mannen ha in noflik en rêstich wykein hân. No Sake, wie dat mar sa. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (93) |
 |
 |
Gepost op: Dinsdag 19 mei @ 12:27:59 (4119 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

'Goeie mannen, noflik wykein hân?
Kinst wol sizze Sake, Fokke en ik ha it wer tige drok hân. It is fansels net allinne it besykjen fan de keatspartijen wat ús dwaande hâldt. De rânebetingsten nimme hjoeddedei hast noch mear romte yn beslach as it ‘gewoane’ keatsen. Der giet gjin dei foarby of der hinget wol ien oan de tillefoan oer dit en dat en boppedat falt der noch wol ris in mailtsje op it buro en faaks giet it dan oer saken wêr’t je as folgers en boppedat leafhawwer net bliid fan wurde kinne. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (92) |
 |
 |
Gepost op: Dinsdag 12 mei @ 10:50:56 (4406 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

Goeie mannen, ek noch wat by de ein hân?
No, dat kinsto wol sizze Sake. Wy binne noch mar krekt útein set of hja rolje hast al wer oer elkoar hinne en dat is dan net altyd fan blidens. Wie dat mar sa. Wy hienen sneon noch mar ien foet op it Sjûkelân set doe’t de earste freon ús al wer by de jas pakte. Ha jo it al heard fan dit en fan dat. Soenen jo it der efkes oer ha kinne. Wy komme net troch it ‘cordon’ fan de bond hinne of der wurdt dochs net nei ús lústere. Mar dat lêste is fan alle tiden en hat ek noait oars west. Dat wie al sa doe’t Taede Zijlstra yn de ‘spotlights’ stie en it sil nei alle gedachten ek noait feroarje. Yn de tiid fan Taede hienen de bestjoerders faak in ‘te’ grutte broek oan. Dat stiet heaks op de bestjoerder fan hjoeddedei. It gros hat gjin kont mear yn ‘e broek. Giet eltse diskúsje út de wei of keart him om as se ús kant útkomme. Wy snappe dat net. Ik hear it Fokke al sizzen: se binne bang fan harren eigen skaad. Wy binne der foar it keatsen. Wy fine it noch altyd in prachtich spultsje mar wy binne net blyn foar al dy saken dy’t feitlik neat mei it keatsen te meitsjen ha mar it keatsen gjin goed dogge. It ‘randgebeuren’ om samar te sizzen. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
 |
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (91) |
 |
 |
Gepost op: Maandag 04 mei @ 15:08:40 (4004 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

Goeie mannen. Bliid dat it winterskoft der wer op sit? Brek my de bek net iepen Sake. Nei sa’n lange, lange wintertiid binne wy bliid, sis mar binne wy optein dat it keatsen wer úteinset is. Fokke kaam gauris by my del en dan hienen wy it der wer efkes oer. It keatsen is in firus en dat rekkest nea wer kwyt. It is faak slimmer as de gryp, no dan witsto it wol. Komt by dat wy, hoewol wy sa kritysk binne as de neten, grutte soargen ha oer it keatsen en dan foaral oer it Fryske keatsen. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
In hazze fongen yn ‘e koplampen (90) |
 |
 |
Gepost op: Zaterdag 06 december @ 16:03:11 (4055 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

‘Ik fyn dit net netsjes, nee dit is net netsjes Teun.’ It binne de wurden fan foarsitter Sipke Saakstra op de ein fan de AV fan ôfrûne tongersdei. Dúdlik wie te sjen dat de foarman fan de KNKB oan de ein fan syn regear kommen is. It altyd en faak mispleatste glimke hie plakmakke foar in brimstich antlit. Hy wist donderse goed dat ús Biltse freon him yn ‘e hoeke setten hie. Dat wie nij foar ús ôfskienimmende maat dy’t it paad al jierren kwyt is mar dat sels spitich genôch net noch altyd net yn ‘e gaten hat. De opmerking fan De Jong wie goed foar sân tellen. It nusje fan de goed 31 ferienings dy ’t de gong nei Frjentsjer makke hienen seagen de Rypster yn ‘e touwen hingjen. Soe hy noch ien kear opstean of waard no al de handoek goaid. Hy moast mei it wetter foar de dokter mar hy gûlde allinne al by de gedachte. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Alde wyn yn nije sekken (89) |
 |
 |
Gepost op: Zaterdag 11 oktober @ 14:44:11 (4712 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

Ofrûne woansdeitejûn wie it ledeberie, sis mar wat ea it foarsittersoerlis wie. Dat wisten wy net mar kunde fan ús wie sa goed om ús efkes in mailtsje te stjoeren. Jimme sille it faaks wol witte, mailde hy ek noch, mar foar de wissichheid mail ik it jimme dochs mar. Want je kinne it nea witte en litte se jimme wer ‘links’ lizze. No, dat hie ús freon goed sjoen want de KNKB joech as sa faak gjin lûd. Hja dogge dan wol betiden dat se wiis binne mei in kritysk lûd mar yntusken kinne se ús bloed wol drinke. Altyd de finger op it seare plak lizze. Se wurde bytiden duvels fan. Wy snappe dat wol mar in bytsje bestjoerder mei kont yn ’e broek soe dêr net wekker fan lizze moatte.
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (87) |
 |
 |
Gepost op: Woensdag 24 september @ 12:40:38 (6233 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

'Goeie mannen.
No, bliid dat it keatsseizoen der wer op sit? No nee Sake, Fokke en ik meie ferrekte graach nei it keatsen ta en it is foar ús mear as in spultsje. Sjoch, it keatsen en it praat der oer hâldt net op as de lêste bal op de Aldehoupartij slein is. Dat giet troch oant it begjin fan it nije keatsseizoen. Wy krije nochal wat besite oan de doar en dan giet it trije fan de fjouwer kear oer it keatsen. Dat binne freonen dy’t it goed mei it keatsen foar ha en gjin ‘eigen’ belang ha en net beheind wurde troch eachkleppen dy’t in grut part fan de freonen noch altyd op ha. Hja ha dit jier ek wer oare wedstriden sjoen dan wy. It oantal bûtenslaggen foel best wol mei en it reinde wer boppeslaggen. Kaam allegearre troch dy duvelske nap fansels. De kontrole op de mof wie goed. De mannen fan de wantenkontrole ha wer om raak kontrolearre. Gjin ‘wanklank’ oer de skiedsrjochters. De ranking rôpt gjin fragen mear op en de keatsers binne der wiis mei. (Cartoon Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (86) |
 |
 |
Gepost op: Woensdag 17 september @ 19:02:23 (3557 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

‘Goeie mannen, der ek noch efkes op út west? Fansels Sake, Fokke en ik ha, hoewol der noch mar in bytsje keatst wurdt, noch genôch by de ein hân. Yn Mantgum waard foar de 64ste kear de Lytse PC ferkeatst. Keatsferiening Jacob Klaver nimt dêr sa as gebrûklik ôfskie fan in oantal keatsfreonen dy’t it útkommen op wedstriden op in sacht pitsje sette. Miskien sjogge wy harren sa no en dan noch wol ris opdraven, mar yn prinsipe is it nei dit seizoen ‘einde oefening’. Yn Marsum keatsten de froulju harren ien nei lêste wedstriid fan it seizoen en snein mochten de manlju opdrave foar in wedstriid trochinoarlotsjen. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (85) |
 |
 |
Gepost op: Woensdag 10 september @ 16:34:44 (3943 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

‘Goeie mannen, bytsje bekomen fan alle reuring fan ôfrûne wike?
Och Sake, dat foel wol ta hear. As je de holle boppe it maaifjild útstekke witte je yn it foar dat der op sketten wurde kin. Foaral as je saken nei bûten bringe dy’t by in grut part fan de leafhawwers en seker by de beliedsminsken bekend binne. Der wurdt dan krekt dien as soe dat allegearre nij wêze no wy witte wol better. Dat mei en dat hindert ek neat. It soe fansels wol aardich wêze dat de man of frou harren dan wol beheine oer wat der werklik optekene is en net reagearje op saken dy’t neat mei de neamde kwestje te meitsjen ha. Goed lêze is blykber net foar eltsenien wei lein. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (84) |
 |
 |
Gepost op: Dinsdag 26 augustus @ 15:31:16 (4315 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

‘Goeie mannen, der ek wer op út west?
Fansels Sake dat is in iepen doar yntraapje. Salang der keatst wurdt binne wy as it heal kin der by. Dat de oare parse it faak ôfwitte lit is tige spitich. It is faker wol dan net dat wy op sneon faak it ryk allinne ha. Op sneon yn Bitgum bygelyks koenen wy it plak mar útsykje, want it keatsen stiet by de parse al tiden net mear op nûmer ien. De oare sporten ha it keatsen yn ‘e hoeke setten en dêr komt it fuortendaliks net út werom. Foar leafhawwers fan sifers ensafuorthinne is dat in tryste saak. Mannen as Doeke Zylstra en Jan Rodenhuis siliger soenen as se dit allegeare wisten omdraaie yn harren grêf. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (83) |
 |
 |
Gepost op: Dinsdag 19 augustus @ 14:31:00 (4651 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

‘Goeie mannen, al wer wat droech wurden nei it wetter fan snein?
Kinst wol sizze Sake. Wy rinne al in tiidsje mei mar sa gek as it snein yn Kimswert gong ha wy noch net faak meimakke. As taskôger ha je dan betiden al genôch oan je sels lit stean hoe swier de keatsers it hân ha. Jildt fansels ek foar de frijwilligers en karmasters op sa’n dei. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (82) |
 |
 |
Gepost op: Dinsdag 12 augustus @ 17:35:41 (4653 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

'Goeie mannen, der ek wer op út west?
No, dat kinst wol sizze Sake. Fokke en ik komme hannen en fuotten tekoart om alles in bytsje by te hâlden. Gean mar nei, woansdei wie de Freule, sneon binne wy ôfset nei Dokkum en snein wie de Gouden Willem partij yn Menaam. Op dy wedstriden barde genôch mar it oare nijs wie dizze wike de boppelizzende partij. Dan ferjitte wy mar efkes al dy ‘freonen’ dy’t no oer ús hinne falle. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (81) |
 |
 |
Gepost op: Dinsdag 05 augustus @ 17:58:51 (3868 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

'Goeie mannen, al wer wat bekommen fan al dy keatsdrokte fan de ôfrûne dagen?
Ja en nee Sake. De PC fan ôfrûne woansdei sit ús noch te folle yn ‘e holle. Mar der wie fansels mear as de 161ste PC. Sneon wienen wy te gast yn Hitsum by de Ald-Meiers Partij en snein binne wy op it berteplak fan de ferneamde Taede Zijlstra west. Fierders wie der noch de rjochtsaak fan Rykhelt Smink, it kommende ôfskie fan Sipke Saakstra en stean wy ek noch efkes stil by de ranking mei al syn útwassen. Praat genôch om samar te sizzen. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (80) |
 |
 |
Gepost op: Maandag 21 juli @ 16:38:26 (5616 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

‘Goeie mannen, al wer in bytsje bekommen fan it ôfrûne wykein?
No Sake, wy ha sa as gebrûklik wer hiel wat by de ein hân. Woansdei gong de reis nei Minnertsgea, sneon nei Makkum en snein stie de ferneamde Rengerspartij op it programma. Mar der wie folle mear fansels. Wêr’t wy ek kamen it wurd ranking wie net fan de loft. Kompetysje ferfalsing waard der sein. It fallyt fan it keatsen. De kontrole op de moffen dy’t gjin kontrole is. It beskamsume gedoch oer it wol of net sels lotsjen fan de haadklasse partij yn Makkum. Dan ha wy it noch net iens oer it parseberjocht oer it ôfskie fan meiwurkster Ellen Seerden, it gerúzje yn de sosjale media tusken foarsitter Robert Roosjen fan LKC Sonnenborgh en direkteur Geert Faber oer it net dragen fan de net foarskreaune klean op ôfdielingswedstriden en de rjochtsaak dy’t der komt tusken jongeskeatser Rykhelt Smink fan Baaium en de KNKB. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (79). |
 |
 |
Gepost op: Dinsdag 15 juli @ 18:34:17 (3781 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

Goeie mannen, noflik wykein hân?
Kinst wol sizze Sake, Fokke en ik ha it wer tige drok hân. It is fansels net allinne it besykjen fan de keatspartijen wat ús dwaande hâldt. De rânebetingsten nimme hjoeddedei hast noch mear romte yn beslach as it ‘gewoane’ keatsen. Eltse dei krije wy tal fan mailtsjes op ús buro en dat nimt earder ta as ôf. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (78) |
 |
 |
Gepost op: Woensdag 09 juli @ 15:40:58 (4337 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

'Goeie mannen, der ek wer op út west?
Tuurlik Sake wy sitte op it stuit yn de heechsimmer fan it keatsen. Der wurdt omraak keatst. Sa binne wy sneon yn Tsjummearum west wêr’t de Jong Nederlân partij ferkeatst waard mar yn ’t foar ha wy noch in besite brocht oan it Oldehoofsterkerkhof yn Ljouwert wêr’t it Horekastrjitkeatsen foar de 25ste kear holden waard. De dei dêrnei ha wy noch efkes yn Huzum sjoen, wêr’t âld-PC-kening Jehannes Dijkstra no al wer moai tiidsje it foartou hat. Drokte genôch. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (77) |
 |
 |
Gepost op: Woensdag 02 juli @ 18:54:55 (3966 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

‘Goeie mannen, ek noch wat by de ein hân?
Tuurlik Sake, yn keatslân is altyd wol wat oan de hân. De iene slút de eagen derfoar en de oare jout der lûd oer. Wy hearre by de lêste groep fan leafhawwers. Leafhawwer wurdt der dan sein? Ja, wy binne leafhawwer en sille dat ek bliuwe. Mar wy bedekke net alles mei de ‘mantel der liefde’. Dat giet ús fierstente fier. Genôch hjir oer. Sneon wienen wy op besite yn Holwert en snein gong de reis nei Harns. En der wie ek wer nijs oer it keatsmuseum. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (76) |
 |
 |
Gepost op: Dinsdag 24 juni @ 15:59:46 (3813 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

‘Goeie mannen, noflik wykein hân?
Sake jonge wy ha it sa drok hân as in lyts baaske. Der bart op dit stuit sa folle dat wy ek dizze wike wer in kar meitsje moatte fan wat wol en net yn dizze rubryk komt. Wat komt foarby? No, fansels it ‘snoepje’ fan wike, it dwaan en litten fan ‘de baas’ fan keatsferiening Het Noorden Marty Slager. It ‘gedoch’ by de earsteklassers yn Wytmarsum. De froulju fan Berltsum dy’t feitlik gjin tsjinstanner ha en fansels de keatserij yn Moarre en Berltsum. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (75) |
 |
 |
Gepost op: Woensdag 18 juni @ 17:05:15 (2965 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

‘Goeie mannen, der ek wer op út west?
Tuurlik Sake, hiest net oars ferwachte dochs? We ha ús dizze kear beheine moatten ta ien wedstriid mar dêrnjonken spilen der dizze wike genôch oare saken dy’t it beneamen wol wurdich binne. Dan ha wy it oer it frouljuskeatsen yn Frjentsjer dat mear fan in ledepartij hie dan fan in echte wedstriid. Fierder krigen wy ek dizze wike wer in soad mailtsjes en fragen oer it keatsmuseum yn Frjentsjer en fansels ha wy snein it keatsen yn Sint Jabik besocht. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (74) |
 |
 |
Gepost op: Woensdag 11 juni @ 15:21:12 (3932 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

‘Goeie mannen, der ek wer efkes op út west?
No Sake, wy ha ús dit wykein beheind ta in besite oan de bûnspartij foar senioaren. Je soenen dan sizze de mannen ha in noflik en rêstich wykein hân. No Sake, wie dat mar sa. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (73) |
 |
 |
Gepost op: Dinsdag 03 juni @ 21:34:21 (4943 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

'Goeie mannen, ek noch wat by de ein hân?
Tuurlik Sake, it is altyd in drokte fan belang. Ofrûne tongersdei wienen wy op besite by ien fan de âldste keatsferienings fan Fryslân. Freed gong de reis nei Easterein en snein binne wy ôfset nei De Ryp. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (72) |
 |
 |
Gepost op: Woensdag 28 mei @ 18:33:40 (3938 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

‘Goeie mannen, bytsje bekommen fan it ôfrûne wykein?’
Giet wol Sake, giet wol. Wy komme sa geandewei yn de heechsimmer fan it keatsen en dan komt der hiel wat op jo paad. Mar wy binne noch fan in generaasje dy’t de arbeidsetyk noch heech yn it findel ha. Wy reitsje ek net yn ‘e war as bepaalde stikjes by in oantal ‘freonen’ net goed falle. Wy soenen dizze ‘freonen’ freegje wolle dizze site net mear oan te klikken. Yn ’t fean sjogge wy net op in turfke mear as minder. Gean wy mar oer ta de oarder fan de dei. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (71). |
 |
 |
Gepost op: Woensdag 21 mei @ 21:33:43 (3890 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

‘Goeie mannen, ek noch wat by de ein hân?
Tuurlik Sake, it is altyd in drokte fan belang. Sneon hienen wy in frije dei nommen mar snein gong de reis nei Sint Anne. Dêrnjonken sa as gebrûklik de nedige besites en in wrâld oan mailtjes en telefoantsjes. Foaral nei it wykein komme wy hast net oan in bakje kofje ta. Safolle freonen wolle harren ferhaal noch altiten graach by ús kwyt. Se binne it lang net altyd mei ús iens mar se witte dat se by ús yn elts gefal in willich ear ha. Alle leafhawwers dy’t ús maile krije altyd berjocht werom. In mailtsje nei it Fryske Haagje is blykber in brêge te fier. Dat bliuwe wy spitich finen mar begripe dogge wy dat wol. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (70) |
 |
 |
Gepost op: Woensdag 14 mei @ 20:59:22 (4274 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

‘Goeie mannen, ha jimme it libben noch?
Hoe bedoelst Sake? No, nei de kjeld en rein fan ôfrûne snein moatte je as sporter mar seker ek as taskôger wol in bealch fan stiel ha. Dat jimme noch net siik wurden binne falt my ta. Ik sels hie der wol oan. Mar ik wie der dizze kear better op klaaid. It ferline hat dat leard. As je pak’en beet dik seis oeren stilsitte yn dizze kjeld wurde de skonken der net waarmer op. Hast gelyk sei Fokke. It wol noch mar net maitiid wurde, lit stean simmer. Ferline jier ha wy in soad wetter op ‘e hûd hân en no ha je dit wer. It sit de keatserij ek net mei. Foar de feriening en syn frijwilligers in freeslik sneue bak. Je ha alle war dien om alles yn de puntsjes klear te krijen en dan smyt it waar alles wer yn ‘e war. Gelokkich kin net ien minske hjir wat oan dwaan. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (69) |
 |
 |
Gepost op: Woensdag 07 mei @ 20:45:44 (4895 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

‘Goeie mannen, ek noch wat by de ein hân? No, dat kinsto wol sizze Sake. Der binne noch mar in pear ballen slein mar oan reuring gjin brek. It keatsen tilt der by tiden fan op. Mar as je de boeken der op neislaan hat it ek noait oars west. Dat wie al sa doe’t Taede Zijlstra yn de ‘spotlights’ stie en it sil nei alle gedachten ek noait feroarje. Yn de tiid fan Taede hienen de bestjoerders faak in ‘te’ grutte broek oan. Dat stiet heaks op de bestjoerder fan hjoeddedei. It gros hat gjin kont mear yn ‘e broek. Giet eltse diskúsje út de wei of keart him om as se ús kant út komme. Wy snappe dat net. Ik hear it Fokke al sizzen: se binne bang fan harren eigen skaad. Wy binne der foar it keatsen. Wy fine it noch altyd in prachtich spultsje mar wy binne net blyn foar al dy saken dy’t feitlik neat mei it keatsen te meitsjen ha mar it keatsen gjin goed dogge. It ‘randgebeuren’ om samar te sizzen. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (68) |
 |
 |
Gepost op: Woensdag 30 april @ 21:39:32 (3077 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

'Goeie mannen, bliid dat de lytse bal wer oan it roljen is?
Fansels Sake lit der gjin misbegryp oer wêze. 32 wike ha wy it der sûnder dwaan moatten mar foar it gefoel wie dy tiid gâns koarter. Ik tink datsto die mening ek wol hast Sake of net soms? Kin ik wol yn meigean mannen. Nei de lêste slach op de Aldehoupartij is it feitlik nea rêstich west op de burelen fan de KNKB. Foaral it gedoch, sis mar gesoademiter, mei mof en sponsor hat foar in soad negative publisiteit soarge. By it lêste punt meie Sipke-en-dy harren hannen ticht knipe dat Fryslân Boppe Oranjewâld úteinliks dochs noch gelok jûn hat. Want litte wy earlik wêze, as Sipke dy bewuste freed net yn Bynt by Omrop Fryslân west wie, dan hie it noch wolris in hiel oar ferhaal wurde kinnen. Feitlik ha Sipke syn gesprekspartners Van Tuinen en Van der Woud him it paad wiisd hoe’t de KNKB der noch mei FB Oranjewâld útkomme koe. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Breaking news |
 |
 |
Gepost op: Zondag 06 april @ 14:20:35 (5327 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

De KNKB is wer ûnder de pannen. It bûn en harren keatsers binne troch de knibbels gongen en Fryslân Boppe Oranjewâld hat genede toand. Perfoarst foar in jier is de kjeld út de loft mar ek net mear. Foarsitter Sipke Saakstra koe it muoilik út de mûle krije mar it kontrakt dat der no leit is foar in jier mei in opsje om oan de ein fan 2014 te besjen as de besteande oerienkomst wer mei in jier ferlingd wurde kin. Sa is it en net oars. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Fan in lyts fonkje komme grutte fjoeren |
 |
 |
Gepost op: Zaterdag 08 maart @ 21:30:42 (3783 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

Der is noch net in bal slein en sûnt tongersdei stiet de lytse keatswrâld yn fjoer en flam. It misrinnen fan in fet sponsorkontrakt mei Fryslân Boppe Oranjewâld is de oarsaak fan alle reuring. Nei alle gedachten is der no in lytse fiif ton oan euro’s op ‘e loop. Dat yn tiden dat de sponsors fan dit formaat mei in ljochtsje fûn wurde moatte. Hoe it safier komme koe, dêr binne de mieningen oer ferdield. Keatsbûn en keatsers jouwe elkoar de skuld fan it mislearjen fan it kontrakt mar feitlik is dat gjin nijs. Want sa wurket dat no ien kear. In oar de skuld jaan sadat jo bûten skot bliuwe. Ek dat is fan alle tiden. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Wie wind zaait zal storm oogsten |
 |
 |
Gepost op: Zondag 26 januari @ 18:04:40 (4989 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

Freedtejûn krige ik fan kunde in brief ûnder eagen dy’t de KNKB rûnmaild hie nei syn pak’em beet 250 kaderleden. Yn dy bewuste brief wurdt útlis jûn oer de stân fan saken oangeande it nije sponsorkontrakt wat de bond graach ôfslute wol mei Fryslân Boppe Oranjewâld. By de Algemiene Byienkomst fan 21 novimber like it dat it kontrakt mei de nije jildsjitter Fryslân Boppe al yn kalk en semint getten wie mar dy gedachte hat net langer as fiif minuten boppe de merke hongen.
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Do hast it net fan my hear…! |
 |
 |
Gepost op: Maandag 20 januari @ 12:38:31 (6357 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

Yn de tiid fan iepenheid en transparânsje hear ik dit hieltyd faker. Do hast it net fan my hear!. As it no giet om in mailtsje, telefoantsje of ien dy't by de doar komt, it patroan is it selde. Wer giet it dan om? No, fansels oer it keatsen. As ik no by de grienteboer, de bakker as yn de supermerk kom it is altyd it selde. Njoggen fan de tsien kear wurde je oansketten en faak sis mar altyd giet it oer it keatsen.
|
|
|
|
 |
|
|
 |
KNKB: boege of barste? |
 |
 |
Gepost op: Zaterdag 04 januari @ 19:48:25 (6815 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

Ik hear it him noch sizzen: It tinken by de keatsers moat om. De mof moat op ‘e helling. Foar 1 febrewaris moat der in nije mof lizze. In mof dy’t oan de kriteria fan de regleminten foldocht. Dan mar in stap werom. It bestean en de takomst fan it keatsen stiet foarop. Taskôgers fine it net leuk mear mar wat foaral telt is it feit dat der guon sponsors binne dy’t ôfheakje omdat der tefolle praat wurdt oer de negative saken fan it keatsen. Dat wol in sponsor net. Dy wol posityf yn it nijs. Langer wachtsjen is gjin opsje. It liket sa koartlyn mar it binne de wurden dy’t op 21 novimber 2013 útsprutsen waarden troch ús nije direkteur fan de bond Geert Faber.
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Frege: mannen mei ballen |
 |
 |
Gepost op: Zaterdag 23 november @ 17:02:51 (7057 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

Ik hie freedtejûn noch mar krekt in foet yn ‘e hûs setten oft dêr stienen Fokke en Sytse foar de doar. Ik sei: ‘wat ha wy no oan de fyts hingjen. Binne de mannen yn ‘e war. It is winterskoft. Oer krapoan fiif moanne binne jimme wer wolkom. No, dat foel efkes ferkeard. Bisto leafhawwer of bisto dat net seinen de mannen yn koar. Do moast efkes tiid foar ús frij meitsje want der spilet op dit momint sa folle, dêr kinne wy net om hinne. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (67) |
 |
 |
Gepost op: Woensdag 18 september @ 18:07:22 (8687 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

'Goeie mannen. No, bliid dat it keatsseizoen der wer op sit?
No nee Sake, Fokke en ik meie ferrekte graach nei it keatsen ta en it is foar ús mear as in spultsje. Sjoch, it keatsen en it praat der oer hâldt net op as de lêste bal op de Aldehoupartij slein is. Eltse dei krije wy tal fan mailtsjes op ús buro en dat sil sa lang wy noch yn it keatsfermidden sitte ek noch wol in skoftke sa bliuwe. Wy beskikke oer in ‘breed’ netwurk fan minsken dy’t ús fan tal fan saken op ’e hichte hâlde. Wy binne tige bliid mei dy kontakten. Moai dat dit sa kin want it keatsen is fan ús allegearre. No, sa! (Cartoon Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (66) |
 |
 |
Gepost op: Woensdag 11 september @ 20:10:54 (8178 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

‘Goeie mannen, der ek noch efkes op út west?
Fansels Sake, Fokke en ik ha, hoewol der noch mar in bytsje keatst wurdt, noch genôch by de ein hân. Yn Mantgum waard foar de 63ste kear de Lytse PC ferkeatst. Keatsferiening Jacob Klaver nimt dêr sa as gebrûklik ôfskie fan in oantal keatsfreonen dy’t it útkommen op wedstriden op in sacht pitsje sette. Miskien sjogge wy harren sa no en dan noch wol ris opdraven, mar yn prinsipe is it nei dit seizoen ‘einde oefening’. Yn Marsum keatsten de froulju harren lêste wedstriid fan it seizoen en snein mochten de manlju foar de ien nei lêste kear opdrave foar in wedstriid trochinoarlotsjen. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (65) |
 |
 |
Gepost op: Woensdag 04 september @ 18:19:02 (8500 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

‘Goeie mannen, bytsje bekomen fan alle reuring fan ôfrûne wike?
Och Sake, dat foel wol ta hear. As je de holle boppe it maaifjild útstekke witte je yn it foar dat der op sketten wurde kin. Foaral as je saken nei bûten bringe dy’t by in grut part fan de leafhawwers en seker by de beliedsminsken bekend binne. Der wurdt dan krekt dien as soe dat allegearre nij wêze no wy witte wol better. Dat mei en dat hindert ek neat. It soe fansels wol aardich wêze dat de man of frou harren dan wol beheine oer wat der werklik optekene is en net reagearje op saken dy’t neat mei de beneamde kwestje te meitsjen ha. Goed lêze is blykber net foar eltsenien wei lein. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (64) |
 |
 |
Gepost op: Woensdag 28 augustus @ 20:01:12 (8021 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

‘Goeie mannen, der ek wer op út west?
Fansels Sake dat is in iepen doar yntraapje. Salang der keatst wurdt binne wy as it heal kin der by. Dat de oare parse it faak ôf witte lit is tige spitich. It is faker wol dan net dat wy op sneon faak it ryk allinne ha. Op freed yn Bitgum bygelyks koenen wy it plak mar útsykje, want it keatsen stiet by de parse al lang net mear op nûmer ien. De oare sporten ha it keatsen yn ‘e hoeke setten en dêr komt it fuortendaliks net út werom. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (63). |
 |
 |
Gepost op: Dinsdag 20 augustus @ 21:00:35 (8070 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

"Goeie mannen, noflik wykein hân?
Kinst wol sizze Sake, Fokke en ik ha it wer tige drok hân. Tongersdeitejûn kaam Fokke al efkes del om te hearren wêr’t de reis sneon en snein hinne soe. No, dêr wienen wy gau út. Sneon stie Broeksterwâld op it programma en snein gong de reis nei it doarp fan Grutte Pier. Fierder is dúdlik dat it haadklasse keatsen by de froulju ûnder druk stiet en der wie fansels it nijs dat der oan de ‘hearskippij’ fan Ymkje Broersma in ein kommen is. Dat binne saken dêr't jo net om hinne kinne. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (62) |
 |
 |
Gepost op: Donderdag 15 augustus @ 23:08:01 (7994 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

'Goeie mannen, der ek wer op út west?
No, dat kinst wol sizze Sake. Fokke en ik komme hannen en fuotten te koart om alles in bytsje by te hâlden. Gean mar nei, woansdei wie de Freule, sneon binne wy ôfset nei Dokkum en snein wie de Gouden Willem partij yn Menaam. Dan wie der noch it nedige gedoch oer de lotterij yn Goaiïngea. Sloech TC-lid Lute Pen yn Rie de planke finaal mis en ha wy it noch efkes oer de wantenkommisje dy’t ‘tandenloos’ liket. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (61) |
 |
 |
Gepost op: Donderdag 08 augustus @ 09:55:56 (8153 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

'Goeie mannen, al wer wat bekommen fan al dy keatsdrokte fan de ôfrûne dagen? Ja en nee Sake. De PC fan ôfrûne woansdei sit ús noch te folle yn ‘e holle. Mar der wie fansels mear as de 160ste PC. Sneon wienen wy te gast yn Hitsum by de Ald-Meiers Partij en snein binne wy op it berteplak fan de ferneamde Taede Zijlstra west. Fierders krigen wy nochal wat mailtsjes oer de keatserij yn Wergea. Praat genôch om samar te sizzen. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (60) |
 |
 |
Gepost op: Maandag 29 juli @ 21:08:56 (9488 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

Goeie mannen, binne jimme der klear foar?
Fansels Sake binne wy der klear foar. Foar ús is de PC it hichtepunt fan it jier. Dat is al sûnt wy beide op de keatsfjilden komme en dat sil ek altyd sa bliuwe. De PC is noch ien fan de weinige sekerheden yn it hjoeddeiske libben. Alle sekerheden dy’t in minske ea hie binne hast allegearre op ‘e loop gongen. Mar de PC is en bliuwt in beaken foar eltse keatsleafhawwer. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (59) |
 |
 |
Gepost op: Vrijdag 26 juli @ 07:35:37 (7860 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

‘Goeie mannen, al wer in bytsje bekommen fan it ôfrûne wykein?
No Sake, wy ha sa as gebrûklik wer hiel wat by de ein hân. Woansdei gong de reis nei Minnertsgea, sneon nei Makkum en snein stie de ferneamde Rengerspartij op it programma. Fierders komme wy noch efkes werom op it skriuwen fan Auke Spijkstra dy’t yn kleare taal útleit it hoe en wêrom fan de ranking. Wat der wol en net goed oan is. Ek stean wy noch efkes stil by de kommende keats-off dy’t kommende tongersdei op it Sjûkelân ferkeatst wurde sil. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (58) |
 |
 |
Gepost op: Donderdag 18 juli @ 06:43:23 (8853 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

'Goeie mannen, kinne jimme it noch in bytsje byfytse?
Fansels Sake, wy binne net fan de fjilden ôf te slaan. Wy ite en drinke it keatsen. Je binne leafhawwer of je binne it net. Sneon gong de reis nei Minnertsgea en snein stie de Familie Lunterpartij yn Boalsert op it programma. Fierder wie der dizze wike noch al wat gedoch oer de praatsjes dy’t wy al 57 wiken op dizze site sette. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (57) |
 |
 |
Gepost op: Vrijdag 12 juli @ 07:23:11 (8338 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

'Goeie mannen, der ek wer op út west? Tuurlik Sake wy sitte op it stuit yn de heechsimmer fan it keatsen. Der wurdt omraak keatst. Sa binne wy sneon yn Itens west wêr’t de earsteklassers te gast wienen, dêrnei ha wy in koarte besite brocht oan de Jorwert wêr’t de froulju harren bûnswedstriid hienen en nei Jorwert binne wy ôfsetten nei it Oldehoofsterkerkhof yn Ljouwert wêr’t it Horecastrjitkeatsen foar de 24ste kear holden waard. De dei dêrnei ha wy noch efkes yn Huzum sjoen, wêr’t âld-PC-kening Jehannes Dijkstra no it foartou hat. Drokte genôch. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (56) |
 |
 |
Gepost op: Donderdag 04 juli @ 19:06:02 (7551 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

‘Goeie mannen, noflik wykein hân?
Sake jonge wy ha it sa drok hân as in lyts baaske. Der bart op dit stuit sa folle dat wy ek dizze wike wer in kar meitsje moatte fan wat wol en net yn dizze rubryk komt. Wat komt foarby? No, fansels it ‘snoepje’ fan wike, de ranking. De aksje fan Grutte Teun fan Sint Anne, de Masters yn it Fryske Haagje. De keatserij yn Winaam en Harns en fansels it brekken fan it rekôr fan Sake Saakstra, Piet Jetze Faber en Jehannes Brandsma. Dat moast in kear barre en Harns hie de primeur. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (55) |
 |
 |
Gepost op: Donderdag 27 juni @ 07:36:05 (7331 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

‘Goeie mannen, al wer in bytsje bekommen fan it ôfrûne wykein?
No Sake, wy ha wer hiel wat by de ein hân. Sneon gong de reis nei Holwert en snein stie Berltsum op it programma. Fierders krigen wy ek dizze wike wer tal fan saken ûnder eagen wêr’t jo bytiden de grize fan oer de grouwe giet. Fansels giet it dan oer it fenomeen dat ranking hjit, de útlis dêrfan fan foarman Sipke Saakstra, it nije kontrakt fan de KNKB mei Fryslân Boppe dat der gewoan noch net is, it nije HB-lid dat gjin HB-lid is, omdat hy net troch de AV beneamd is en fansels it keatsen yn Holwert en Berltsum. Genôch om der noch efkes wiidweidich by stil te stean.(Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (54) |
 |
 |
Gepost op: Donderdag 20 juni @ 19:35:40 (7712 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

‘Goeie mannen, der ek wer op út west?
Tuurlik Sake, hiest net oars ferwachte dochs? We ha ús dizze kear beheine moatten ta ien wedstriid mar dêrnjonken spilen der dizze wike genôch oare saken dy’ it beneamen wol wurdich binne. Dan ha wy it oer de soap dy’t ranking hjit, de Fryske Olympiade, de trochbraak fan it wer yn it iepenbier lotsjen, it ôfskie fan Ymkje Broersma dat gjin ôfskie waard, en net te ferjitten it keatsen yn Sint Jabik. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (53) |
 |
 |
Gepost op: Donderdag 13 juni @ 19:24:09 (7817 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

‘Goeie mannen, der ek wer op út west? No dat kinst wol sizze Sake. Fokke en ik ha it mar tige drok mei it sjen fan wedstriden. Yn de heechsimmer fan it keatsen komt der nochal wat op ús paad, mar wy binne fan in generaasje dy’t de ‘arbeidsetyk’ noch heech yn it findel ha. Wy reitsje ek net yn ‘e war as bepaalde stikjes by in oantal minsken net goed falle. Sjoch, “wie aan de weg timmert heeft veel bekijks’ dat witte wy mar al te goed. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (52) |
 |
 |
Gepost op: Donderdag 06 juni @ 21:02:15 (6584 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

Goeie mannen, bytsje bekommen fan it ôfrûne wykein?
Giet wol Sake, giet wol. Der is yn ús lytse keatswrâld wer genôch bard wêr’t je wol efkes oer ha kinne. Der stie wer genôch op it programma fansels. Sneon binne wy op besite west yn Goaiïngea wêr’t sawol de froulju as de manlju keatsten en snein wie noch de partij op ‘e Ryp. Boppedat krigen wy ek wer de nedige mailtsjes oer alles ‘wat leeft en bloeit’ út it hert fan de KNKB. ‘Verwonder U niet verbaas U slechts, sei Fokke syn mem altyd en dy útspraak docht noch altyd opjild. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (51) |
 |
 |
Gepost op: Donderdag 30 mei @ 19:56:29 (6877 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

Goeie mannen, ek noch wat by de ein hân?
Tuurlik Sake, it is altyd in drokte fan belang. Sneon ha wy efkes om ‘e hoeke sjoen by it frouljuskeatsen yn Kimswert en snein gong de reis nei Doanjum. Dêrnjonken sa as gebrûklik de nedige besites en in wrâld oan mailtsjes en telefoantsje. Foaral nei it wykein dan komme wy hast net oan in bakje kofje ta. Safolle freonen wolle harren ferhaal graach kwyt. Se witte dat se by ús in ‘willich’ ear ha. De lijnen nei it Fryske Haagje binne blykber al jierren dea. Spitich! Litte wy oer gean nei de oarder fan de dei. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (50) |
 |
 |
Gepost op: Vrijdag 24 mei @ 07:00:44 (8387 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

‘Goeie mannen, der ek wer efkes op út west? No Sake, wy ha ús dit wykein beheind ta in besite oan de bûnspartij foar senioaren. Je soenen dan sizze de mannen ha in noflik en rêstich wykein hân. No Sake, wie dat mar sa. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (49) |
 |
 |
Gepost op: Woensdag 15 mei @ 18:14:44 (6422 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

Goeie mannen, ha jimme it libben noch?
Ha jimme it libben noch? Hoe bedoelst Sake? No nei de kjeld fan ôfrûne snein moatte je as sporter mar seker ek as taskôger wol in bealch fan stiel ha. Dat jimme noch net siik wurden binne falt my ta. Ik sels hie der wol oan. Hast gelyk sei Fokke. It wol noch mar net maitiid wurde, lit stean simmer. Ferline jier ha wy in soad wetter op ‘e hûd hân en no ha je dit wer. It sit de keatserij ek net mei. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (48) |
 |
 |
Gepost op: Woensdag 08 mei @ 18:27:50 (6906 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

Goeie mannen, noflik wykein hân?
Kinst wol sizze Sake, Fokke en ik ha it wer tige drok hân. It is fansels net allinne it besykjen fan de keatspartijen wat ús dwaande hâldt. De rânebetingsten nimme hjoeddedei hast noch mear romte yn beslach as it ‘gewoane’ keatsen. Eltse dei krije wy tal fan mailtsjes op ús buro en dat nimt earder ta as ôf. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (47) |
 |
 |
Gepost op: Woensdag 01 mei @ 18:35:52 (6359 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

'Goeie mannen, ek efkes nei Weidum west?
Fansels Sake, dat is freegjen nei de bekende wei. No, dat kinne jim wol sizze mar it wie snein bepaald noch gjin keatserswaar. Doe’t de earste slach foel wie it amper fjouwer graden. Gelokkich waard it op de middei noch noflik mar dan moest wol oan de goeie kant fan it fjild sitte. Yn of út de sinne skeelde hast in jas. Wat ús daliks opfoel wie dat it oantal leafhawwers oan de kant net meifoel. Der wie feitlik mar in hantsjefol publyk dat op de ferneamde Bangmapartij ôfkommen wie. Ik begryp dat net sei Fokke noch tsjin mei. Hjir ha wy dochs it hiele jier nei útsjoen? (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (46) |
 |
 |
Gepost op: Zondag 28 april @ 07:56:43 (6750 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

'Goeie mannen. Sneon ek efkes by it ‘spektakel’ west?
Do bedoelst de partoerenpresentaasje? Sake jonge, wy binne der west mar asto der net west bist hast ek neat mist. Persoanlik ha ik der neat mei mar Fokke woe der perfoarst hinne. Epke, do wist wol de man fan de Olympyske Spelen, komt ek nei Frjentsjer ta. Ik sei: ‘Epke, wat hat dy mei keatsen’. Neat, mar dat is net slim. Mar Epke is wol in ‘publykslûker’ dat is in slimme set fan de freonen út it Fryske Haagje. Troch de komst fan Epke tinke ús freonen dat it Sjûkelân no grôtfol komt te stean mei leafhawwers. Dat is moai foar de keatsers en harren sponsors, want dêr is sa’n middei foar bedoeld. O sa! (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (45) |
 |
 |
Gepost op: Zondag 21 april @ 07:41:57 (7234 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

‘Goeie mannen. Bliid dat it winterskoft der wer op sit?
Brek my de bek net iepen Sake. Nei sa’n lange, lange wintertiid binne wy bliid, sis mar binne wy optein dat it keatsen wer begjint. Fokke kaam gauris by my del en dan hienen wy it der wer efkes oer. It keatsen is in firus en dat reitsje je nea wer kwyt. It is faak slimmer as de gryp, no dan witsto it wol. Komt by dat wy, hoewol wy sa kritysk binne as de neten, grutte soargen ha oer it keatsen en dan foaral oer it Fryske keatsen. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (44) |
 |
 |
Gepost op: Woensdag 19 september @ 18:27:53 (8657 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

‘Goeie mannen. No, jimme binne seker wol bliid dat it keatsseizoen der wer op sit?
Lit ik it sa sizze Sake. Oan de iene kant wol en oan de oare kant spitich dat it wer foarby is. Fokke en ik meie stomme graach nei it keatsen ta en it is foar ús mear as in spultsje. Sjoch, it keatsen en alle praat der om hinne hâldt net op as de lêste bal op de Aldehoupartij slein is. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (43) |
 |
 |
Gepost op: Woensdag 12 september @ 18:47:53 (8004 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

‘Goeie mannen, der ek noch efkes op út west?
Fansels Sake, Fokke en ik ha, hoewol der noch mar in bytsje keatst wurdt, wer hiel wat by de ein hân. It doel wie om sneon efkes yn Mantgum te sjen by de Lytse PC, dy’t foar de 62ste kear holden waard. Yn Mantgum waard sa as gebrûklik ôfskie nommen fan in oantal keatsfreonen dy’t it útkommen op wedstriden op in sacht pitsje sette. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (42) |
 |
 |
Gepost op: Woensdag 05 september @ 18:39:08 (8473 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

‘Goeie mannen, bytsje bekomen fan alle reuring fan ôfrûne wike?
Och Sake, dat foel wol ta hear. As je de holle boppe it maaifjild útstekke witte je yn it foar dat der op sketten wurde kin. Dat mei en dat hindert ek neat. It soe fansels wol aardich wêze dat de man of frou harren dan wol beheine oer wat der werklik optekene is en net reagearje op saken dy’t neat mei de beneamde kwestje te meitsjen ha. Goed lêze is blykber net foar eltsenien wei lein. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (41) |
 |
 |
Gepost op: Woensdag 29 augustus @ 18:49:55 (8289 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

‘Goeie mannen, sneon ek noch in moai soad wetter op ‘e hûd hân? No, Sake dat foel wol ta. Fokke en ik hienen in gaadlik plakje op de parsetinte en it wetter gong moai om ús hinne. Nee, dêr wie neat mis mei. Wy koenen mar útsykje, want it keatsen stiet by de parse al lang net mear op nûmer ien. Fokke en ik ha faak it ryk allinne. De oare sporten ha it keatsen yn ‘e hoeke setten en dêr komt it fuortendaliks net út werom. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (40) |
 |
 |
Gepost op: Maandag 20 augustus @ 20:27:17 (8623 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

‘Goeie mannen, ek lêst fan de warmte hân?
Kinst wol sizze Sake. Wy rinne al in tiidsje mei mar sa waarm as it de lêste dagen wie ha wy noch nea meimakke. As taskôger ha je dan betiden al genôch oan je sels lit stean hoe swier de keatsers it hân ha. Jildt fansels ek foar de frijwilligers en karmasters op sa’n dei. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (39) |
 |
 |
Gepost op: Woensdag 15 augustus @ 19:32:41 (7973 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

‘Goeie mannen, der ek wer op út west? No, dat kinst wol sizze Sake. Fokke en ik komme hannen en fuotten te koart om alles in bytsje by te hâlden. Gean mar nei, woansdei wie de Freule, sneon binne wy ôfset nei Dokkum en snein wie de Gouden Willem partij yn Menaam. Fierders komme wy noch efkes werom op de wedstriid yn Skettens en litte wy ús ljocht noch efkes skine oer de nije stellerij. Praat genôch dus, ek no’t it keatsseizoen sa stadichoan wer nei de ein rint. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (38) |
 |
 |
Gepost op: Woensdag 08 augustus @ 20:12:48 (8991 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

'Goeie mannen, al wer wat bekommen fan al dy keatsdrokte fan de ôfrûne dagen? Ja en nee Sake. De PC fan ôfrûne woansdei sit ús noch te folle yn ‘e holle. Mar der wie fansels mear as de 159ste PC. Sneon wienen wy te gast yn Hitsum by de Ald-Meiers Partij en snein binne wy op it berteplak fan de ferneamde Taede Zijlstra west. Fierders krigen wy nochal wat mailtsjes oer de keatserij yn Sint Jabik. Praat genôch om samar te sizzen. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (37) |
 |
 |
Gepost op: Dinsdag 31 juli @ 19:49:33 (7425 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

Goeie mannen, binne jimme der klear foar?
Fansels Sake binne wy der klear foar. Foar ús is de PC it hichtepunt fan it jier. Dat is al sûnt wy beide op de keatsfjilden komme en dat sil ek altyd sa bliuwe. De PC is noch ien fan de weinige sekerheden yn it hjoeddeiske libben. Alle sekerheden dy’t in minske ea hie binne hast allegearre op ‘e loop gongen. Mar de PC is en bliuwt in beaken foar eltse keatsleafhawwer. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (36) |
 |
 |
Gepost op: Woensdag 25 juli @ 20:02:48 (8508 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |
 ' Goeie mannen, al wer in bytsje bekommen fan it ôfrûne wykein?
No Sake, wy ha sa as gebrûklik wer hiel wat by de ein hân. Woansdei en freed gong de reis nei Minnertsgea, sneon nei Wytmarsum en snein stie Huzum op it programma. Fieders komme wy noch efkes werom op de keats-off, dy’t sa njonkenlytsen de status fan soap berikt hat en syn doel fier foarby sketten is. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (35) |
 |
 |
Gepost op: Woensdag 18 juli @ 20:27:15 (8239 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

'Goeie mannen, kinne jimme it noch in bytsje byfytse?
Fansels Sake, wy binne net fan de fjilden ôf te slaan. Wy ite en drinke it keatsen. Je binne leafhawwer of je binne it net. Sneon gong de reis nei Makkum en snein stie De Rengerspartij yn Ljouwert op it programma. Fierder wie der dizze wike noch al wat gedoch oer de praatsjes dy’t wy al 34 wiken op dizze site sette. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (34) |
 |
 |
Gepost op: Woensdag 11 juli @ 21:36:08 (7920 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

Goeie mannen, al wer in bytsje bekommen fan it ôfrûne wykein?
No Sake, wy ha hiel wat by de ein hân. Sneon gong de reis nei Ljouwert en snein stie Boalsert op it programma. Fierders krigen wy ek dizze wike wer tal fan saken ûnder eagen wêr’t jo bytiden de grize fan oer de grouwe giet. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (33) |
 |
 |
Gepost op: Woensdag 04 juli @ 19:57:28 (7398 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

Goeie mannen, noflik wykein hân? Sake jonge wy ha it sa drok hân as in lyts baaske. Der bart op dit stuit sa folle dat wy ek dizze wike wer in kar meitsje moatte fan wat wol en net yn dizze rubryk komt. We sille ús dizze kear beheine moatte ta de haadklasse wedstriid fan Berltsum dy’t net mear op de wedstriidaginda komt. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (32) |
 |
 |
Gepost op: Woensdag 27 juni @ 20:06:09 (8209 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

‘Goeie mannen, der ek wer op út west?
Tuurlik Sake, hiest net oars ferwachte dochs? We ha ús dizze kear beheine moatten ta ien wedstriid, omdat Berltsum yn it wetter foel mar dêrnjonken spilen der dizze wike genôch oare saken dy’ it beneamen wol wurdich binne. Dan ha wy it oer de soap dy’t keats-off hjit, it belied fan de Technyske Kommisje, dat herkansing no wer gewoan ferliezersronde hjit, en net te ferjitten it lotsjen fan de ‘kommisje stikem’. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (31) |
 |
 |
Gepost op: Woensdag 20 juni @ 19:53:41 (8752 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

‘Goeie mannen, bytsje bekommen fan it ôfrûne wykein?
Giet wol Sake, giet wol. Yn de heechsimmer fan it keatsen komt der nochal wat op ús paad, mar wy binne fan in generaasje dy’t de ‘arbeidsetyk’ noch heech yn it findel ha. Wy reitsje ek net yn ‘e war as bepaalde stikjes by in oantal minsken net goed falle. Sjoch, “wie aan de weg timmert heeft veel bekijks’ dat witte wy mar al te goed. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (30) |
 |
 |
Gepost op: Woensdag 13 juni @ 19:57:09 (7887 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

‘Goeie mannen, der ek wer op út west?
No dat kinst wol sizze Sake. Fokke en ik ha it mar tige drok mei it sjen fan wedstriden. Fansels krigen wy ek wer de nedige mailtsje en telefoantsjes oer fan alles en noch wat. Koartsein: der wie dizze wike wer genôch om efkes by stil te stean. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (29) |
 |
 |
Gepost op: Woensdag 06 juni @ 20:00:17 (8481 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

Goeie mannen, bytsje bekommen fan it ôfrûne wykein?
Giet wol Sake, giet wol. Der is yn ús lytse keatswrâld wer genôch bard wêr’t je wol efkes oer ha kinne. Der stie wer genôch op it programma fansels. Sneon binne wy op besite west yn Easterein wêr’t sawol de froulju as de manlju keatsten en snein wie noch de partij op ‘e Ryp. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (28) |
 |
 |
Gepost op: Woensdag 30 mei @ 20:25:45 (7293 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

‘Goeie mannen, der ek wer efkes op út west?
No Sake, wy ha wer in soad by de ein hân en der binne saken by dêr wurde jo as leafhawwer net bliid fan, en dan druk ik my noch hiel foarsichtich út. Wy ha ús dit wykein beheind ta besites oan de Jong-Nederlân partij en moandei wienen wy as fanâlds by de bûnspartij foar senioaren. Je soenen dan sizze de mannen ha in noflik en rêstich wykein hân. No Sake, wie dat mar sa. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (27) |
 |
 |
Gepost op: Woensdag 23 mei @ 18:49:54 (8095 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

Goeie mannen, ek noch wat by de ein hân?
Tuurlik Sake, it is altyd in drokte fan belang. Ofrûne tongersdei wienen wy op besite by ien fan de âldste keatsferienings fan Fryslân en yn it foar hienen wy ek noch efkes yn de Ryp om ’e hoeke sjoen by de ôfdielingswedstriid foar froulju. Freedtejûn stie Fokke al wer op ‘e stoep om te hearren wêr’t de reis sneon en snein hinne soe. Do meist it sizze, sei Fokke, want ik bin al jierren ‘een man te paard’. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (26) |
 |
 |
Gepost op: Woensdag 16 mei @ 21:06:17 (7442 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

Goeie mannen, noflik wykein hân?
Kinst wol sizze Sake, Fokke en ik ha it wer tige drok hân. It is fansels net allinne it besykjen fan de keatspartijen wat ús dwaande hâldt. De rânebetingsten nimme hjoeddedei hast noch mear romte yn beslach as it ‘gewoane’ keatsen. Eltse dei krije wy tal fan mailtsjes op ús buro en dat nimt earder ta as ôf. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (25) |
 |
 |
Gepost op: Woensdag 09 mei @ 19:32:07 (7535 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

Goeie mannen, ha jimme it libben noch?
Ha jimme it libben noch? Hoe bedoelst Sake? No nei de kjeld fan ôfrûne sneon en snein moatte je as sporter mar seker ek as taskôger wol in bealch fan stiel ha. Dat jimme noch net siik wurden binne falt my ta. Ik sels hie der wol oan. Hast gelyk sei Fokke. It wol noch mar net maitiid wurde, lit stean simmer. Ferline jier ha wy in soad wetter op ‘e hûd hân en no ha je dit wer. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (24) |
 |
 |
Gepost op: Woensdag 02 mei @ 19:39:13 (7247 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

Goeie mannen, ek efkes nei Weidum west?
Tuurlik Sake, dat is freegjen nei de bekende wei. No, dat kinne jim wol sizze mar it wie snein bepaald noch gjin keatserswaar. Doe’t de earste slach foel wie it amper tsien graden. Ik hie der wol rekken mei holden en hie my der op klaaid. No, wy ek hear. Sytse hie de lange jaegerûnderbroek oan en ik sels wie ek net te bestekken. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (23) |
 |
 |
Gepost op: Woensdag 25 april @ 18:23:37 (7392 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

Goeie mannen. No, bliid dat it winterskoft der wer op sit?
No, dat kinst wol sizze Sake. Wy binne bliid dat it keatsen wer begjint. Komt by dat it jongste der by ús sa njonkenlytsen ek ôf giet. Je binne om it mei de wurden fan Johan van Seijst te sizzen ek yn ‘e hjerst fan it libben kommen. Dat wol net sizze dat wy ús no alles mar oanwaaie litte. Nee, dat perfoarst net. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (22) |
 |
 |
Gepost op: Woensdag 21 september @ 18:38:28 (9522 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

Goeie mannen. No, bliid dat it keatsseizoen der wer op sit?
No nee Sake, Fokke en ik sels meie ferrekte graach nei it keatsen ta en it is foar ús mear as in spultsje. Sjoch, it keatsen en it praat der oer hâldt ek net op as de lêste bal op de Aldehoupartij slein is. Eltse dei krije wy tal fan mailtsjes op ús buro en dat sil ek noch wol in skoftke sa bliuwe. Wy beskikke oer in ‘breed’ netwurk fan minsken dy’t ús fan tal fan saken op ’e hichte hâlde. Moai dat dit sa kin want it keatsen is fan ús allegearre. No, sa! (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (21) |
 |
 |
Gepost op: Woensdag 14 september @ 18:28:27 (10881 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

Goeie mannen, der ek noch efkes op út west?
Fansels Sake, Fokke en ik ha, hoewol der noch mar in bytsje keatst wurdt, wer hiel wat by de ein hân. It plan wie om sneon efkes yn Mantgum te sjen by de Lytse PC, dy’t foar de 62ste kear holden wurde soe. Yn Marsum keatsten de froulju harren lêste wedstriid fan it seizoen en snein mochten de haadklassers foar de 25ste kear opdrave foar harren frije formaasjewedstriid. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (20) |
 |
 |
Gepost op: Woensdag 07 september @ 18:44:51 (9683 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

Goeie mannen, ek noch wat by de ein hân?
Fansels Sake, sa lang as it noch kin binne wy net fan de fjilden ôf te slaan. Wy stean mei it keatsen op en gean der ek wer mei op bêd. Miskien is it wol ris in bytsje te folle fan ‘t goeie. Wa sil it sizze. Mar je binne leafhawwer of je binne it net. It ein fan de keatssimmer komt no aardich tichteby mar der wie noch genôch wêr’t wy it noch wol efkes oer ha kinne. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (19) |
 |
 |
Gepost op: Woensdag 31 augustus @ 18:44:17 (10018 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

Goeie mannen, wer in moai soad wetter op ‘e hûd hân?
Kinst wol sizze Sake, wêr't wy fan ‘e wike ek wienen, de paraplu wie in fêst ûnderdiel fan de ‘bagage’. Nee, ik ha it hjir al ris faker sein. It waar en it keatsen ha wol ris in bettere kombinaasje west. Freeslik spitich foar al dy minsken dy’t harren bêst dogge om alles goed ferrinne te litten. Der binne dit jier noch noait safolle wedstriden staakt of ôflast troch it minne waar. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (18) |
 |
 |
Gepost op: Woensdag 24 augustus @ 21:50:13 (9427 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

Goeie mannen, noflik wykein hân?
Kinst wol sizze Sake, Fokke en ik ha it wer tige drok hân. Tongersdeitejûn kaam Fokke al efkes del om te hearren wêr’t de reis sneon en snein hinne soe. No, dêr wienen wy gau út. Sneon stie Moarre op it programma en snein gong de reis nei it doarp fan Grutte Pier Kimswert. Dêrby wie Fokke fergetten dat der freed yn Froubuorren ek noch keatsen wie. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (17) |
 |
 |
Gepost op: Woensdag 17 augustus @ 23:25:27 (8648 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

Goeie mannen, der ek wer op út west?
No, dat kinst wol sizze Sake. Fokke en ik komme hannen en fuotten te koart om alles in bytsje by te hâlden. Gean mar nei, woansdei wie de Freule, sneon binne wy ôfset nei Dokkum en snein wie de Gouden Willem partij yn Menaam. En der wie fansels it nijs dat de kommersjele frou fan de KNKB it foar sjoen hâldt. Dat binne saken dêr't jo net om hinne kinne. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (16) |
 |
 |
Gepost op: Woensdag 10 augustus @ 20:03:07 (8373 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

Goeie mannen, al wer wat bekommen fan al dy tastannen fan ôfrûne dagen? Ja en nee Sake, wy rinne al in tydsje mei yn it keatswrâldsje mar dit wie ek nij foar ús. Wy komme noch efkes werom op de lotting fan de PC. Wy binne net gewoan om op saken werom te kommen dy’t al spile ha, mar hjir kinne wy net om hinne. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (15) |
 |
 |
Gepost op: Dinsdag 02 augustus @ 11:30:44 (8926 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

Goeie mannen, binne jimme der klear foar? Fansels Sake, binne wy der klear foar. Foar ús is de PC ek it hichtepunt fan it jier. Dat is al sûnt wy op de keatsfjilden komme en dat sil ek altyd sa bliuwe. It giet fansels net allinne om it keatsen. Dat sjogge wy eltse wike wol, mar it is ek alles der omhinne. De dei fan herkenning neamt Fokke dat altyd en ik fyn hy hat gelyk. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (14) |
 |
 |
Gepost op: Woensdag 27 juli @ 20:10:27 (8868 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

Goeie mannen, moai soad wetter op ‘e hûd hân? Kinst wol sizze Sake, nei de wedstriid fan snein yn Huzum hie Fokke gjin droege tried mear oan it liif. Nee, it waar sit ús de lêste tiid net mei. Foaral yn it wykein is it faak mis. Dat is spitich foar de keatsers, de taskôgers en al dy frijwilligers dy’t de fjilden en de omballingen fersoargje. Mar wy moatte it der mei dwaan. Der wiene fansels ek dizze wike wer genôch saken om efkes by stil te stean. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (13) |
 |
 |
Gepost op: Woensdag 20 juli @ 22:45:09 (10337 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

Goeie mannen, ek noch wat by de ein hân? Fansels Sake, wy binne net fan de fjilden ôf te slaan. Wy ite en drinke it keatsen. Je binne leafhawwer of je binne it net. Sneon gong de reis nei Makkum en snein stie De Rengerspartij yn Ljouwert op it programma. Fierders krigen wy noch mailtsjes oer it te hâlden krisisberie op it Hearrenfean, oer it hege oantal PC-kaarten dat troch Jan en Alleman mar yn de oanbieding dien wurdt. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (12) |
 |
 |
Gepost op: Woensdag 13 juli @ 19:41:31 (9201 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

Goeie mannen, al wer in bytsje bekommen fan it ôfrûne wykein? No Sake, wy ha hiel wat by de ein hân. Sneon gong de reis nei Broeksterwâld en snein stie Boalsert op it programma. Fierders krigen wy nochal wat mailtsjes ûnder eagen wêr’t jo bytiden de grize fan oer de grauwe giet. Je prate dan oer it keatsreglemint dat mar net publisearre wurdt, it krisisberie dat woansdei plakfynt, wêr’t de frijwilligers de ‘noodklok’ liede, Rie wêr’t de ôfdielingswedstriid foar senioaren op earsten gelyk begjinne moat en de flaters fan ús hjoeddeiske skiedsrjochterskorps. It is dweile mei de kraan iepen sei Fokke, doe’t wy út Boalsert wer nei hûs ta riden. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (11) |
 |
 |
Gepost op: Woensdag 06 juli @ 20:13:02 (9441 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

'Goeie mannen, noflik wykein hân?
Sake jonge wy ha it sa drok hân as in lyts baaske. Wy sitte op it stuit yn de heechsimmer fan it keatsen. Der wurdt omraak keatst. Sa binne wy woansdei by it skoalkeatsen yn Ljouwert west, freed gong de reis nei it Haagje, sneon binne wy ôfsetten nei it Oldehoofsterkerkhof yn Ljouwert wêr’t it Horecastrjitkeatsen foar de 22ste kear holden waard. De dei dêrnei ha wy noch efkes yn Harns sjoen, wêr’t ien fan de moaiste keatsfjilden fan Fryslân leit. Drokte genôch. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (10) |
 |
 |
Gepost op: Woensdag 29 juni @ 19:33:12 (9120 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

'Goeie mannen, der ek wer op út west? No dat kinst wol sizze Sake. Fokke en ik ha it mar tige drok hân mei it sjen fan wedstriden. Fansels krigen wy ek wer de nedige mailtsjes. Koartsein der wie ek dizze wike genôch om der efkes by stil te stean. It begûn tiisdei doe’t wy liezen dat de Technyske Kommisje fan de KNKB witte liet dat hja gjin oanlieding seach om in wikseling yn de haadklassepartoeren oan te bringen. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (9) |
 |
 |
Gepost op: Woensdag 22 juni @ 19:09:19 (9890 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

'Goeie mannen, bytsje bekommen fan it ôfrûne wykein?
Giet wol Sake, giet wol. Der is yn ús lytse keatswrâld wer genôch bard wêr’t je it wol efkes oer ha kinne. Sjoch, wy komme net allinne in soad op ferskate fjilden mar wy hâlde yn dizze moderne tiid ek de kranten en mailtsjes yn de gaten dy’t wy fan goeie kunde wol ris taskood krije. As je dat dan lêze giet de grize wol ris te faak oer de grouwe. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (8) |
 |
 |
Gepost op: Woensdag 15 juni @ 19:33:02 (10499 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

'Goeie mannen, der ek wer efkes op út west?
No Sake, wy ha wer in soad by de ein hân en der binne saken by dêr wurde jo as leafhawwer net bliid fan en dan druk ik my noch foarsichtich út. Fansels binne wy ôfrûne woansdei nei Wommels west wêr’t de wedstriden fan de froulju haad- en earste klasse útspile binne. Mar koe en mocht dat wol? No om earlik te wêzen, dat koe net en hie ek net plakfine mochten.
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (7) |
 |
 |
Gepost op: Woensdag 08 juni @ 18:37:01 (9508 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

'Goeie mannen, al wer in bytsje bekommen fan it ôfrûne wykein?
No Sake, om earlik te wezen hat it keatsen en alles der om hinne ús aardich yn de besnijing hân. Der stie ek nochal wat op it programma fansels. Der wie de ôfdielingswedstriid yn Tsjummearum, in partij dy’t je net misse wolle, dan de wedstriid yn Skearnegoutum en dan noch de partij op ‘e Ryp. Fokke en ik ha it sa drok hân as in lyts baaske moast mar tinke. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (6) |
 |
 |
Gepost op: Woensdag 01 juni @ 20:09:56 (8615 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

'Goeie mannen, der ek noch efkes op út west?
Fansels Sake, ik kin wol sizze Fokke en ik ha wer hielwat by de ein hân. Wy binne sneon mar ticht by hûs bleaun. Yn Frjentsjer keatsten de famkes en yn Wjelsryp wie in partij foar junioaren. Dat lêste is hast in bysûnderheid want de wedstriden foar dizze kategory binne op de fingers fan ien hân te tellen. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (5) |
 |
 |
Gepost op: Woensdag 25 mei @ 19:33:56 (11504 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

'Goeie mannen, noflik wykein hân?
Kinst wol sizze Sake. Fokke en ik ha it tige drok hân. Freedtejûn kaam Fokke al efkes del om te hearren wêr’t de reis sneon en snein hinne soe. Do meist it sizze sei Fokke want do hast in auto en ik bin ‘een man te paard’. No wy wienen der gau út. Der wie rûnom keatsen en yn plakken wêr’t wy net safolle komme. Sadwaande belânen wy yn Hartwert, Penjum en Berltsum. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (4) |
 |
 |
Gepost op: Woensdag 18 mei @ 20:20:14 (11654 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

'Goeie, mannen, ek noch wat by ’t ein hân? Tuurlik Sake, salang der keatst wurdt is der ek praat. Dat is ek it aardige oan it spultsje. As it spul dan net oerhâldt, kinne je it der altyd noch wol oer ha. Do wist, Fokke en ik ha yn prinsipe oeral in miening oer. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (3) |
 |
 |
Gepost op: Woensdag 11 mei @ 19:07:19 (10529 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

‘Goeie, mannen, ek efkes nei Blomketerp west?
Ja Sake, sjoch it wie moai ticht by hûs en Fokke en ik binne allebeide al ús hiele libben lid fan Jan Bogtstra dus dy wedstriid slaan wy noait oer. Kaam ek noch by dat de froulju tagelyk mei de mannen keatsten. No, wy sjogge de froulju hast noait keatsen, dus dat kaam moai út. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat (2) |
 |
 |
Gepost op: Woensdag 04 mei @ 19:35:08 (10289 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

‘Goeie, mannen, ek efkes nei Weidum west? Ja Sake, wy hawwe snein nei Weidum west. Myn frou woe nei har suster ta, dêrtroch hie ik de hannen frij. No, Sytse hie ek neat, dus wy binne moarns betiid ôfset nei Weidum. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
 |
Kweapraat |
 |
 |
Gepost op: Vrijdag 29 april @ 07:56:41 (10026 x gelezen) Lees meer... |
|
 |
|
 |

Door gewijzigde omstandigheden is het onzeker of de Keek op de Week van Geert van Tuinen op deze site een vervolg krijgt. Om de trouwe sitebezoekers toch iets anders te bieden is er vanaf vandaag een nieuwe rubriek, Kweapraat. Een luchtig bedoelde rubriek waarin vooral de wandelgangen van het ‘doarpse’ kaatswereldje ter sprake komt. Het is in dialoogvorm geschreven en de opzet heeft overeenkomsten met soortgelijke kaatsrubrieken in het verleden, zoals Bûten de touwen van wijlen ds. Hendrik Dijkstra of eerder in het Franeker Nieuwsblad van Cornelis Roersma. It Praatsje by it Sjûkelân. Het is een bedachte formule waarbij niet alle meningen aan de schrijver kunnen worden toegeschreven. (Cartoon: Peter Vassilev).
|
|
|
|
 |
|
|
|